Bolle seach him gemeen oan.
‘In Simca is ek neat,’ sei David.
‘Nou, neat? Hy is op 't lêst ek in slach goedkeaper, de twadoarse tominsten,’ sei Bolle.
‘De remmen fan 'e Simca 1000 binne net bêst,’ sei David.
‘Oars skeelt it net alles.’
‘Né, oars net. Mar de remmen, dat is it foarnaemste.’
‘Dou wolst alline mar botse en remje! God, dou moast ride! Dat ding moat rinne wolle, der moat in goeije moter yn sitte. En dat hast foar by in folkswein. Foar in net to gekke priis kinst der in nije moter yn sette litte, en dan riidst krekt like fijn as yn in nije wein.’
‘Tjé, mar dan kocht ik leaver daliks in nije wein!’
‘Hwerom? Dy earste pear tûzen mei in oar der foar myn part ôfride. En dêr wurdt dy wein neat minder fan.’
‘In folswein is neat foar my. Dat ding leit sa min op 'e dyk as hwat ommers. As 't in bytsje waeit dan hast hâlden en kearen om op 'e dyk to bliuwen.’
‘Na ja! Ast dan in auto ha wolst dy't goed leit, nim dan in 2CV, dan leist sels ek omtrint op 'e dyk!’
‘Hwa hat it nou oer in 2CV?’
‘It sil dan dochs wêze!’ sei Bolle.
‘Hwatte?’ frege David. ‘O, dy! Lit dy jonge gewurde, ju.’
‘In Ford Cortina is ek neat,’ gie er fierder tsjin Koos. ‘Dêr hast ek altyd mankemint mei.’
‘Ja, sei Koos. ‘Ja, dat koe wol.’
‘Is 't net sa, Bolle?’
‘Ja-a, in Taunus 12 is oer alle boegen redelik. Better as de Ford Cortina, ja. Allinne, it is myn wein net, mar de Renault R8, dy is ek net sa min. Ik tocht datst dêr ek net safolle kosten oan hieste. mar, it is myn wein net.’
‘Mines ek net,’ sei David. ‘Ik bin net oer ien nacht iis gien. Dat Taunuske dat ik op 'e kop tikke ha dat sjocht der fan binnen en fan bûten prima út. Jim moatte him ris sjen.’
‘Wel fordeald!’ rôp Bolle. ‘Hwat sille wy nou ha!’
De fjouwer jonges stiene om Jopy hinne en hompten fan alle kanten op him yn. Se raesden en skolden en Jopy skreaude der boppe-út.
‘Dikky!’ raesde Bolle.
‘Lit se gewurde, ju. Hy knapt der miskien fan op.’
Mar Bolle hie de stap der al yn set en Koos en David rounen him nei. De jonges sloegen en skopten de âldkearel oant dy ûnder fuotten