Tr. Riemersma /
De papierkoer fan Freark Dam
‘Ik hie it eigentlik forjitte wollen, mar as it dochs oarloch wêze moat, dan fuort mar goed.’
Yn 'e hjerst fan 1967 stjûrde ik in sonnet oan Dam mei it forsyk dat op to nimmen yn it novimbernûmer fan De Strikel. Yn De Tsjerne koe it net pleatst wurde, om't dy yn novimber mei in bysûnder nûmer útkomme soe, en yn it desimbernûmer, dat wie my to let. Mei't it sonnet in réaksje wie op Ype Poortinga syn Duveldei op Grienlân, koe it net to lang lizzen bliuwe. Sokssahwat moat ik Dam ek skreaun hawwe. It sonnet is noait opnommen yn De Strikel. It folget hjirre:
Kritysk Klinkdicht
Oer Duveldei in inkeld koart wurd.
Jim kenne dat lêste boek fan Ype?
Syn talint is de jierren lâns ripe;
Praet men fan fakmanskip - hy hàt it.
Mar op in stuit tocht ik: hwat moat dut?
Op side 135 siet ik yn 'e knipe.
Dy bikearing koe 'k net bigripe
Fan dy Loadewyk, foarhinne Koartsturt.
Mar 'k leau, net út langst nei de Heare,
Mar om syn minderweardichheitskompleks,
Dêrom woe Koartsturt him bikeare:
Der gie in nije namme mei anneks!
Poortinga woe ús hjirmei leare:
Eltse redaksje hat it rjocht bydragen ôf to wizen. Fansels. As it fers weromkommen wie mei de bikende formule: ‘Der wie yn 'e redaksje gjin mearderheit to finen dy't foar opnimmen wie’ - akkoart!
Mar de redakteuren hawwe dit fers net ûnder eagen hawn. Dam hat it op eigen manneboet oan kant lein. It is ek net weromstjûrd. Der is ek noait in briefke kommen hweryn't de reden foar it ôfwizen neamd waerd.
Op de jierlikse ynspeksjegearkomst to Snits, dêr't Dam altiten in stand hie, haw ik him ris frege oer dat sonnet (oft it yn '68 of yn '69 wie, wit ik net mear: ‘O ja, dat ha 'k net opnommen. Wy hienen doe krekt in hiele soad poëzy yn De Strikel hawn.’
Dêr kin jo it dan mei dwaen.
Foar it oktobernûmer 1968 fan De Strikel wie ik al yntiids mounling frege om in artikeltsje oer De Tsjerne. Ik sei dat ta. Mar doe't it bislút fallen wie om út 'e redaksje to gean, koe ik myn ûnthyt net neikomme. Ik woe dat bislút net yn De Strikel bikend meitsje of taljochtsje, en om yn 't wylde wei hwat oer De Tsjerne to sizzen, dêr wie ik op dat stuit de man net foar. Doe't dan ek it skriftlike forsyk foar dat artikeltsje kaem, haw ik dat ôfwiisd, mar as forgoeding in puzzel bysletten. Hy folget hjirre:
1. | Tiny Goarpoep |
2. | Jan Magerkont |
3. | Sam R. Urinesmiter |
4. | P.N. Dôvekuldrager |
5. | Klas A.A. Neukprûm |
6. | Udo Twamanmige |
7. | H.U.U.V. Bleatenon |
8. | Tetra Stripper |
9. | Amke Skiterman |
10. | Tava Zwangerdragé |
11. | Arnst V.T. Ereksje |
12. | Oate Lânlul |
13. | Nanda Pissjonger |
14. | Jant G.I. Bearetit |
15. | Fyn Fakpearder |
16. | Tymen R.M. Siedbal |
17. | Nolt Searepoes |
18. | Y. Balman S.J. |
Dizze nammen binne gearstald út 'e letters fan de earste foarnamme en de efternamme (mei eventueel van, van der of fan der folút) fan noch yn libben wêzende Fryske auteurs, of fan har pseudonimen. De trije earstynkommen, folsleine oplossingen soene honorearre wurde mei in eksimplaer fan De Hite Simmer. (Ik foun dat in aerdich E.S. de Jong-grapke.) Yn in bygeand briefke haw ik Dam skreaun dat ik wol foar dy trije Hite Simmers soargje soe.
Letter fan Jan Bylsma heard dat Dam mei him oer myn ynstjûring praet hie: ‘Ik nim it net op hwant it soe Riemersma syn namme skeadwaen.’
Dêr kin jo it dan mei dwaen.
Sjoch, as dy puzzel nou weromkommen wie mei in bigeliedend skriuwen: ‘Jou ynstjûring hat by de redaksjeleden sirkulearre, mar der wie gjin mearderheit to finen dy't foar opnimmen wie. Unanym wie de redaksje fan bitinken dat jou ynstjûring mear smoarch as grappich is, en dat opnimmen noch jou namme, noch dy fan De