Tr. Riemersma /
De Fryske bibleteek
Der lei moai wyt papier oer de tafel en der hongen slingers oan 'e solder en wy krigen diskear twa konsumpsjes dat it hat grif it doel west om der in moaije, gesellige ledegearkomst fan to meitsjen.
Mar Van der Zwaag kaem mei krityk op de itige foarm fan 'e rely-rally-finale; soe dat net ris hwat oars opset wurde kinne? De foarsitter hat, dat moat ta syn ear sein wurde, syn bêst dien om Van der Zwaag forkeard to bigripen. Mar twadde foarsitter K.C. Scholten hie likernôch yn 'e rekken hwer't it om gyng, al joech hy der daliks in draei oan as soe Van der Zwaag tsjin 'e establishment opponearje.
Bauke de Jong hie krityk op nr. 3 fan it útjefteplan 1968, to witten de roman In man en in minske fan Durk van der Ploeg. Dêrmei wie er neffens immen bûten de oarder, hwant it útjefteplan 1968 wie net yn diskusje. Al yn bisprek waerden jown, neffens kêst 12 fan 'e wurklist, it útjefteplan 1969 en 1970, mar dêr foel in fordeald bytsje oer to sizzen. Foar 1970 stie op it program: ‘In roman of novelle, sa't ús samlers advisearje sille.’ Dat seit net folle. Mar al blykt der út dat it bistjûr fan De Fryske Bibleteek de forantwurdlikheit foar de kar fan 'e útjeften leit by de samlers. It wie dan ek folslein mis dat gjinien fan 'e samlers oanwêzich wie om har kar foar 1969. ‘In wurk fan Rink v.d. Velde, hwerfan de titel noch net úttocht is’, ta to ljochtsjen en to fordigenjen. Moat dat dan? Dat tocht ik, ja. My tinkt dat it bistjûr forantwurdingsplicht hat tsjinoer de leden, en as it dy plicht ôfskouwe wol nei de samlers, goed, dan de samlers. Dy't der dus hearre to wêze.
Bauke de Jong wie dan ek perfoarst net bûten de oarder; dit wie de earste gearkomst nei it forskinen fan In man en in minske en dêrom de earste en de bêste gelegenheit om it bistjûr en de samlers - mar dy wienen der net - fanwegen dat boek ûnder hannen to nimmen.
It wie yn it foarjier fan 1968 as 't my net mist dat der troch De Fryske Bibleteek in bûtengewoane ledegearkomst holden waerd yn 't Oranjehotel om oer de útjeften to praten. Ik haw doe krityk levere op it boek Twadde fan Brahms fan Teije Brattinga. Nou ja, mar der wie oars net ynkommen by de samlers. Dat kaem wer mei't de Kikkertrige it wurk opslokte dat eartiids by de Bibleteek oanbean waerd. Ik haw ek frege oft it bistjûr ek in idé hie hwerom't biskaet wurk by de Bibleteek presintearre waerd ynsté fan gewoan by in útjower. Dat wie in rotfraechje, sei foarsitter L.H. Mulder. Hy wist it dus wol: by de Bibleteek wurdt wurk ynstjûrd dat ôfkard is troch in útjower of dat de skriuwer net oan in útjower foarlizze doar. Dat hoecht net to bitsjutten dat sok wurk gjin genôch kwaliteiten hat, mar de kâns derop is wol heel great. De Bibleteek moat gjin twadderangs wurk útjaen, mar goed wurk, it bêste dat to krijen is, sa likernôch moat myn krityk west ha.
Mar sjoen de útjefte fan In man en in minske, nei myn miening net in striemin boek, mar noch folle minder in boek dat it fortsjinnet troch De Fryske Bibleteek poussearre to wurden, is der neat foroare. De samlers sjogge dat de stream fan manuskripten har noas foarby giet en yn 'e paperbackrige bidarret en se wachtsje stil ôf oft der dochs noch net in minder goed manuskriptsje by harren troch de brievebus skoud wurdt, en dat jowe se dan út. Stjûre jo der in skuondoas fol stront hinne, dan jowe se dat út, HWANT OARS WIE DER NEAT YNKOMMEN.
It is foar de samlers to hoopjen dat it noch titelleaze boek fan Rink van der Velde it alderbêste boek fan dit jier is en dat der takom jier gjin fragen oer steld hoege to wurden, hwant se kinne har kar net fordigenje. De samlers hawwe nammentlik net