De Allingawiersters sille ek har biswieren ha, oars hienen se net in soarte fan anti-wykein op tou set. Hokker biswieren? Ik haw hwat grútsjen heard oer de leiding: Poortinga soe it net goed dwaen. Of faeks is it mear sa: Poortinga is in ‘âld kearel’ en mei dêrom de lieding net ha. Of is it dit: Poortinga is ‘literair adviseur’ foar de paperbackrige, Poortinga forpartet de sinten fan it Fúf, dat dêrom moat Poortinga de lieding fan Koartehimmen kwyt? Ik wit it net krekt, mar de Allingawiersters sille it al witte moatte as se takom jier Poortinga fan 'e foarsitters-stoel stjitte wolle. En se sille ek mei in bettere kandidaet komme moatte, dy't dan wól foar âld en jong akseptabel is. Of is it it doel âlderein ôf to stegerjen? O, nou, dan gean ik mar mei Poortinga en Smit oan 'e brandewyn.
Ja, ik bin tsjin Allingawier. Foarst it programma: jazz and poetry. Jazz is fijn, Hampton of Goodman. Mar it sil wol op ‘cool’ útdraeije tink, en dan dy dichters der ek noch trochhinne to jengeljen. In lêzing oer de dea fan 'e roman. Fordomd ynspirearjend moat ik sizze.
Mar it slimste: in demonstraesje tsjin Koartehimmen. As de Allingawierster dan safolle better witte hoe't it moat, gean mammachtich nei Koartehimmen en stel oarder op saken. Mar gean net to Allingawier yn in hoekje sitten to snotterjen fan: Ype hat my oantreaun en Jo lûkt my oan 't hier.
Ja, Koartehimmen is deablet troch in gebrek oan goeije lês- en dus petearstof, en troch in tofolle oan frijbliuwend geëamel. Mar jo blieze Koartehimmen gjin nij libben yn troch in oar soarte geëamel, to witten oer ynspraek of demokratsy.
To Koartehimmen telt alline de ynspraek fan it manuskript. En, sorry Allingawiersters, dat sjoch ik by jimme noch net. In bulte drokte en gerop, ja, en in protte ferskes der't jimme sels miskien noch wol hwat ynsjogge.
Sil Koartehimmen op 'e nij hwat wurde, dan sil der yn alle gefallen net wer tiid biskikber steld wurde moatte foar it âldehoeren oer Trotwaer, Sonde, KU, Skriuwersboun of oare organisaesje, hwant dat hat allinne mar forwidering jown.
Jo sille bisykje moatte produktive skriuwers fan in biskaet nivo byelkoar to krijen. Slagget dat, dan kinne der ek minsken útnoege wurde dy't net sa produktyf (maer) binne, mar dy't wol in tige oerdiel oer literatuer hawwe.
My tinkt, wy sille stik foar stik earst marris in pear jier bealigje moatte op in manuskript foar't wy wer in gearsit to Koartehimmen hâlde kinne.