Warns
De redaksje fan trotwaer hat fan doel west de slach by Warns mei to bitinken, fansels op in bytsje in oare wize as wenst is. Us doel wie radikael in ein to meitsjen oan dizze flauwe kul op Frysk nasionale grounslach. Wy soene in boat hiere yn Amsterdam en dy bimanne mei sa'n 300 man ‘langharig tuig’ fan 'e ‘Dam’. Dizze minsken soene wy biwapenje mei reekbommen, rottige tomaten, aeijen en sa. Mei de read-wyt-blauwe flagge heech yn top soene wy de Iselmar (Sudersé) oerstekke en op 27 septimber by it Reaklif oan lân gean en it hiele saodtsje dat dêr oan it bitinken wie oan 'e kant reagje.
Dêrnei soene wy de Fryske flagge nei ûnderen helje en yn 'e brân stekke en ûnder it sjongen fan ‘Wij willen Holland houwen’ de ‘Hollânske’ trijekleur yn 'e peal hysje. Dit plan ha wy net útfierd. It easket noch al hwat organisaesje en boppedat seagen wy der hwat tsjinoan om al dy liken by de tinkstien wei to slepen. Fansels, der soene deaden falle, hwant der bin yn sa'n gefal nou ienris stânfriezen, dy't leaver dea geane as... (ja, hwat winliken, dat is noch noait dúdlik waern. Sûnt de skepping der ierde ha de Friezen it geastlik en materieel noch noait sa bêst hawn as op 't heden).
Nou soe dat fansels ús skuld net wêze. Op syn heechst krigen se in rottige tomaet tsjin 'e holle of in stikken aei ta de hals yn. Dizze minsken hiene lykwols al jierren in to hege bloeddruk en in hertkwael fan de grimmitigens en argewaesje oer de Fryslân, it Frysk en de Frijdom forneatigjende moderne tiid. Op in bipaeld stuit geane se leaver dea om yn it Walhalla to kommen.
Nou hawar, se libje noch. Mar takomm' jier kinne se oppasse, hwant dan komme de boaze mannen fan 't trotwaer... Hantsje Pik
Hantsje Pik