Steven de Jong /
Sa moat it net
Us fierders tige wurdearre redakteur Reinder van der Leest hat in aerdich krantestikje skreaun oer ‘it freeslik feest’ fan Barthle J. Laverman mei tekeningen fan Anne de Vries.
Fan dy tekeningen wol ik ôfbliuwe. Hwat de fersen oanbilanget, dêrfan sjocht Van der Leest de oasten wol, mar hy is nei myn bitinken fiersen to lankmoedich. Oan it ein weaget er it sels dy bondel noch oan to priizjen ek. Dit moat nei myn bitinken net, oars liket trotwaer wol in reklamefolder fan Miedema Pers, of (hwat noch slimmer is) Tjitte Piebenga kin de flagge útstekke, hwant.... trotwaer = De Tsjerne.
Bihalven de tekeningen lit ik ek de mooglikheden, dy't dizze fersen biede foar b.g. ekstatyske beat acts bûten biskôging (der binne ek hiele goeije opera's mei strieminne teksten). Ik ha hjir to meitsjen mei in bondel ôfprinte poëzij.
Myn earste yndruk fan ‘it freeslik feest’ wie ‘freeslik’, de twadde ‘slim’, de tredde ‘der sit ek wol ris hwat goeds tusken’. De measte fersen wurde lykwols forknoeid troch ‘freeslik’ bombastyske rigels en wurden:
earste rigel: oan 'e hillige bloedsé
lêste rigels:... troch / de poarte fan it ivige fjûr / yn it lân gean / dat ik yn myn holle / makke
Totaelyndruk: In ûnripe, kritykleaze kar fersen, dy't net útjown wurde moatten hie. Fansels, ik wol de publikaesjefrijheit net bistride, mar dizze bondel hie net útjown wurde moatten yn it bilang fan 'e Fryske literatuer, binammen ek yn it bilang fan Laverman sels, in jonge dy't wier wol hwat kin, mar troch dizze publikaesje (dêrta miskien oantrune troch freontsjes of mispleatste idelheit) syn kostbere namme weismyt.
Soks hie Reinder nei myn bitinken skriuwe moatten. (Men kin troch lankmoedigens ek ynhumaen wurde, is der wolris sein). Fierders hat Van der Leest it him nei myn bitinken hwat to maklik makke. In krityk, en binammen in krityk op in debút, heart in goed trochtocht gehiel to wêzen. De lêzer moat mei de kritikus meilêze kinne en dêrtroch in bipaelde, leafst originele visy op it wurk krije. Soks is by Van der Leest mar ienkear it gefal (ntl. as er it hat oer tekening en fers op de siden 30 en 31), foar de rest hâldt er it by oantsjuttingen en algemienheden.
Ik bigryp bg. net hwerom't er ‘dream / berntsje dream...’ (28) it hichtepunt fan 'e bondel neamt. Fansels, dreamende berntsjes dogge it goed, binammen as se gûle en griemt men der dan noch hwat bloed en geramten trochhinne, dan leit Jan Publyk yn katswym. Nei in telefoanpetear mei Reinder bigryp ik hwat er bidoelt. It aparte fan dit fers sit yn it sjen fan 'e bloedbaen en it geramt troch in embryo. Dêrtroch wurdt dit in hiel suver fers. Ofsjoen fan it gûlen kin ik dit nou wol neikomme, mar ik hie it út Reinder syn krityk lêze moatten. Dizze ynterpretaesje hie ik oer de kop sjoen, forbjustere as ik wie troch de forkrêfting fan alle muzen op side 27...; boppedat bin ik hwat allergysk foar dit dreamerige romantyske genre (der binne antennes dy't ik mei opsetsin ynlutsen haw), mar dêrom krekt hie Reinder dúdliker wêze moatten. Likemin bigryp ik hwerom it fers ‘iis’ (10) it minste fan 'e bondel wêze moat. Einliks ris in fers sûnder ‘bloed’, ‘fjûr’ en oare tetteretet, dêr't (dei)dream en realiteit, langstme nei de dea en it stean (dounsjen) yn it libben krekt troch de ‘tegels’ fan 'e slotstrofe spontaen in libjende ienheit foarmje.
De argumintaesje fan Van der Leest is to deiblêdeftich. Ienfâldige en biskieden fersen mei selsspot ensfh. binne goed, mystike en kosmyske fersen binne min. It ôfprintsjen fan wurden yn haedletters is folslein oerstallich. Hy liket Noordmans wol.
Né, dizze krityk docht trotwaer noch Van der Leest in deugd. It spyt my dat dit stik yn trotwaer publisearre is, mar ja, de mearderheit fan 'e redaksje bislist. In redakteur hat mar ien stim. Dit wie dan minent.