Stavering
Dat gebliksem en gekloatsek en geklier en gedonder oer dy stavering moat nou mar ris út wêze. It wurdt tiid dat de Steaten in publikaesjeforbod foar it libben oplizze oan elk dy't de earste hûndert jier mei opsetsin ôfwykt fan 'e bisteande stavering. Fierders bin ik der flak foar de deastraf yn to stellen foar elke Frysksinnige dwersbongelder, dy't op diletantistyske wize yngripe wol yn in didaktysk eksperiment op ús twatalige skoallen.
Yn it foarste plak moat fêststeld wurde (en dat hat noch net ien dien) dat twatalich ûnderwiis yn wêzen gjin soademiter to meitsjen hat mei:
1e it fuortbistean fan it Frysk |
2e de Frysk Nasionale Partij |
3e de Fryske Biweging |
4e de Fryske Literatuer |
5e de Fryske Akademy |
6e de Fryske wit it hwat allegear |
Mar twatalich ûnderwiis hat alles to meitsjen mei:
1e it better oanlearen fan it Nederlânsk troch Fryske bern
2e in natuerlike en spontanere geastlike ûntjowing by de bern
3e in bettere oanpassing fan it ûnderwiis oan it milieu fan 'e bern ensfh.
It is dêrom de greatste kranksinnichheit, to mienen dat in skoallestavering ek mar in skynsprút to meitsjen hawwe soe mei in offisiële stavering. Dy't dat mient hat stront yn 'e eagen (Frysk nasionale stront, in substânsje dy't der min út to krijen is). De bern moatte yn 't foarste plak har goed leare to uterjen en dan binammen yn 't Nederlânsk. It Frysk komme se net sa fier mei (en ‘hoe heech’ en ‘hoe djip’ ha 'k op in pypfol).
Dêrom:
De stavering fan it Frysk, sa't dy nou is, moat bliuwe. Dêrneist moat de twatalige skoalle eksperimintearje kinne mei in skoallestavering, dy't it meast gaedlik is foar har didaktysk doel (bg. it better oanlearen fan it Nederlânsk).
Dizze beide staveringen moatte nou en yn de takomst en yn alle ivichheden prinsipieel útinoar hâlden wurde.
P.S.
Neffens Bauke de Jong is de stavering in religieuze saek.