| |
| |
| |
De mishipte griffioen
1. Yn it begjin fan de simmerfakânsje tusken it twade en tredde jier wie ik ta it beslút kommen, dat ik ljeaver skriuwer wurde woe as skoalmaster. Yn it arkeniel fan myn keamer spikere ik in brede planke onder it smelle finsterbankje en sette der in âld stoel foar. As ik dêr oan it wurk wie, siet ik as in mûnts yn syn sel. Goed dus, want skriuwen, sa't my foarstie, wie mûntsewurk.
Dy planke siet ús mem slim yn 'e wei. Wat de romte oangie, hie se der gjin lêst fan, mar it hie gjin doel, sei se, en spikerje yn in keamer, dêr't al in kreaze, grutte tafel stie, noch in planke dy't der net hearde. Der wie ommers al in finsterbank.
Ik hoegde fansels net iens te besykjen har foar it ferstân te bringen, dat it fêstspikerjen fan dy planke de ynset fan in grutte karrière betsjutte. Dêrom hie ik der altyt in pear boeken op te lizzen, en kundige mei ferhef oan, dat ik dêr takomme jier ekserpten fan meitsjen moast.
Sa wie de skriuwerij wol sabeare-stúdzje, en dêrmei gjin idel pielen mear, mar belet bleau der genôch. Ik koe der min foar wei om, as it frege waard, in boadskip yn it doarp te dwaan. Troch sokke onderbrekkings op ongadelike mominten rekke de fuortgong út de skriuwerij. Noch lestiger wiene tiidferslinende wurksumheden as mei de túnklauwer yn it grint om skermenseare, wjudde, gersmeane en haachknippe. Omdat it hûs op in hoeke stie, wie de tún hast twa kear sa grut as by oare huzen.
Ik hie in dûbeld blok skriuwpapier oanret, twahondert fel en op 'e merk foar in kwartsje in fulpinne fan bamboe kocht. It wie de bedoeling, dat ik dêr myn libben lang myn literaire produksje mei op papier sette soe, dat oer sa'n hondert jier soe it in nijsgjirrich museumstik wêze.
Ik hie stof genôch foar in grouwe roman. Mar it earste stik soe in novelle wurde, oer trije frije jonge minsken, dy't yn in nearzige doarpsmienskip deiles rekken mei fiif snotapen fan boargermansbern, dy't elk bûten har eigen earmhertich rûntsje ferachten en ferspijden.
Ik hie fan de majoar twa boeken lêzen, ‘Der Kampf der Tertia’ en ‘Die goldene Horde’ fan Wilhelm Speyer, en dêr rûn ik heech mei
| |
| |
wei. Ik hie myn figuren nuvere nammen jûn: Lapsûger, in lange skraits fan sântsjin mei artistike aspiraasjes, de anarchist Kjitaas, dêr't Lút model foar stien hie en dy syn maat Pippa, in joadsk fanke út Dútsklân wei. De boargermansbern wiene de fascisten Hampscheck en Blubleppel, mei har steksjogge maat Wytaapke, de gymnasiast, en twa sleauwe gniisbekken fan froulju, Wela en Titi.
Op in snein, doe't ik mei in blau each foar myn skriuwplanke siet, notearde ik yn myn deiboek: De oanrin fan myn novelle begjint der op te lykjen.
Doe makke ik de doek wer goed wiet yn it waskblikje mei kâld wetter. ‘Kâlde, wiete doeken derop’ hie ús mem sein.
Nei in pear minuten lei ik de doek wer yn it waskblik. Ik krige de bamboe fulpinne op, stjitte dy in pear kear fiks op en del om 'e inket wer oan 't floeien te krijen en skreau deronder: Mar ik wit net goed, hoe't ik fierder sil.
Ik sette it deiboek, in skrift yn in hurde bân mei op de rêch it wurd ‘Zielkunde’, wer op 'e planke en helle it manuskript fan de novelle út de map, om it nochris troch te lêzen. Onderwiles behannele ik it blauwe each.
2. IT GEHEIM FAN DE GRIFFIOEN
Kjitaas, de anarchist, hie in iepen each foar rottichheid yn de maatskippij. Hy murk it kwea al op, as dat noch mar krekt begûn wie te kjimjen en net ien oars noch wat yn 'e smize hie. Op de jûn fan in waarme dei, begjin augustus, sei er ynienen tsjin syn freon Lapsûger: - Ek yn dit ferflokte gat sille der swiere tiden komme foar de frije minsken.
It begûn al tsjuster te wurden. Dêr kaam by dat se mei har beiden onder de beammen sieten, yn it apelhôf fan Kjitaas syn heit. Dat wie in slim rjochtse hufter dy't de keunst ferstie om gûnen ta ryksdaalders útdije te litten. Dat spesialisme oefene er út yn in tal lytse ondernimminkjes, dy't er meiinoar beflapte onder de wurden ‘myn affearen’.
Se sieten hielendal achter yn 'e tún. Oer de hage stie in kafee, sa tichteby, dat Kritaas hoegde mar plat op 't liif troch de liguster en in stikken rútsje te rikken, om de healfleskes bier, aldernoflikst
| |
| |
op temperatuer, út de kelder te krijen.
Nei't Kjitaas wer in djippe swolch út sa'n fleske nommen hie, sei er, wyls er it bûgeltsje fêstmakke: - Wist wol dat yn dit rotlân de lêste grutte demonstraasje fan it folk in begraffenis wie? It is no hast tweintich jier lyn. Mei tsientûzenen kamen de arbeiders nei Amsterdam, nei de begraffenis fan Domela. Us pake wie derby. Dat moat in benaude dei west ha foar it kaptaal, doe't dy kloften opsetten kamen en troch de strjitten rûnen. Mar de titaan hie gjin opfolger. De demonstraasje waard in útsetter. Dêrnei wie it út en oer mei de révolúsje!
Hy naam it lêste út syn fleske bier en ferfette: - Yn de rie fan dizze gemeente sitte ek guon, dy't harsels soasialist doare te neamen. Se binne it net, Lapsûger, it mei net lykje. Mar dat ha de arbeiders net yn 'e gaten. Dy sjogge net dat dy saneamde linkse soasialist dy't se keazen ha, in rjochtse liberaal is! Se litte har samar ferrifelje. Ik wurd der deabenaud fan, jonge. Yn Dútsklân drave se mei kloften achter in libbensgefaarlike pias oan. Polityk besjoen is it in kneukelhouwer, mar it keunstje om it folk mei wyld gebalt te ferneuken, dat kin er út 'e pin. En sa'nien komt hjir ek, yn dit lân, yn dit doarp. Foar't wy it witte, sitte wy as rotten yn 'e falle. Lapsûger, ik wit dat hjir no al wat broeit. Do silst der noch fersteld fan stean. Ik wit dat it grutte kaptaal gearspant mei hast de hiele saneamde elite fan dit ferrotte doarp. Ik bedoel, mei dy notabelen, dy't lân te lizzen ha, hjirby om!
- Do hast tefolle bier op, Kjitaas. Hoe soe, yn in útbuorrentsje as dit in keppeltsje sûgen dat foarinoar krije kinne. Akkoard, se wolle graach fertsjinje, mar omdat oaren, dy't helte tûker binne, dat ek wolle, krije se de kâns net.
- Soa. En as de domme en de tûke knapen it dan mei inoar fine. Dat wurdt in kongsi, dêr't men neat tsjin ondernimme kin. Dêrom moat der wat dien wurde, foardat it safier is. En wy moatte dat dwaan!
- En wat soene wy dan dwaan moatte. Wat kinne wy begjinne tsjin sokken?
- Dat sil dy net ôffalle! Ik wit al dat se in grapmakker op 't each ha, ien of oare gekke útfiner, dy't de saak foar harren op 'e gleed bringe sil. Pippa hat der tafallich oer praten heard, mar se koe it spitigernôch net hielendal neikomme.
| |
| |
Kjitaas gong plat op 't liif lizzen en helle noch in fleske bier onder de hage troch. Hy sette de tommen tsjin it bûgeltsje, dat mei in plof opsprong. Hy brocht it fleske nei de mûle, mar foardat er in slok naam, sei er: - Dy lange Nanne Siegersma, dy't altyt ropt, dat er dy wol fine sil, moat der mei anneks wêze. En Pippa hie ek begrepen dat Hampscheck derfan wist.
Hy sei it lêste stadich en driigjend. En it wie rekke.
Op skerpe toan frege Lapsûger: - Hoe soe dy ferdomde fascist derfan witte? En wêrfan?
- Dat, bêste Lapsûger, sille wy útsykje moatte, mei ús trijen, Pippa, do en ik. Tenei mei ús neat ontkomme fan wat dy oaren sizze of dogge! Sil ik besykje foar dy ek noch in fleske te berikken?
Oan de djipblauwe loft stie de sinne op it heechst. Foar de smelle reidkraach, dêr't it rivierke trochhinne skittere, lei Lapsûger langút te bekommen fan in kréative set.
Yn it sketsboek dat skean nêst him yn it gers hong, hie er besocht in gefoel fan romte, waarmte en fûleindige waachsdom út te byldzjen yn in tierelierderij fan oranje streekjes op in blau en griene ondergrûn. ‘God dûnset fjurkjend tusken loft en ierde’, hie er derby skreaun. It wie net hielendal wat it wêze moast en hy tocht deroer it blêd te ferskuorren en de snippels oan de streamnimf Lenna te offerjen.
Foardat er út de rie kaam, hearde er it kocheljend ploffen fan in auto. Dy ried op de polderdyk nei it reservaat, dy't efter breedútgroeide wylgestrûken foarby syn leger rûn.
Lapsûger wist dat it âlde Adam Opel wie, it buortersark fan de MTS'er en fascist Hampscheck, dy't wol mei adjudanten en konkubines nei in swimplak onderweis wêze soe. Sa te hearren wiene se it boerd al foarby, dat elk dy't gjin skreaune permisje hie, de tagong ferbiede moast.
Lapsûger hie Hampscheck en syn binde ferwachte, omdat Pippa him de moarns warskôge hie. Hy wie der wis fan, dat se him hjir net ferwachtsje soene. Mar it wie al de baas en dûk meiiens yn de strûken, sa djip dat er fan de dyk ôf net te sjen wie. As se him seagen soe it gekoanstekken, húnjen en narjen gjin ein nimme. En as Hampscheck of syn grouwe maat Blubleppel, of beide, in ferkeard sin hie, koe er sels in wan op 'e hûd krije. En as se dan
| |
| |
dochs al oer him gear wiene, soene se grif net mijen wêze en him de poarsje fan Kjitaas en Pippa der oerhinne jaan.
Doe't er goed djip yn syn beskûl siet, wie de kocheljende old timer al flakby. Mar sawat op healwei de strûken foarby, bleau er neiprotteljend stean.
Hampscheck sprong derút om nei de motor te sjen. Ien tel stie er rjocht foar Lapsûger oer. Dy seach it wyt yn 'e eagen, mei bloed berûn, it slûk swart hier, de platte foarholle, de gnoarrige kop mei de wrede mûle. Doe wie er efter de opsteande helt fan de moterkap net mear te sjen.
Wytaapke en Blubleppel sieten nêst elkoar op de delsleine linnense kape. De froulju, Wela en Titi, wiene útstapt. Dy leine wol tsjin de dyk oan.
- Wat is der mei dyn âld rykrak, rôp Blubleppel, en hy skuorde syn grutte, gemiene hynstebek sa wiid iepen, dat er syn grutte, gemiene hynsteëagen derby tichtdwaan moast. Mar dat koe ek fan de sinne komme.
- Fetslein, de smearlap, grommele Hampscheck.
- Net op Adam skelle. Wa wit wat dyn eigen fet docht, asto like âld bist! rôp Wytaapke.
No't dat bleke steksjogge wiispraterke nêst Blubleppel siet, doarst er it wol oan en stikelje de bodzjende baviaan.
- Foardat it safier is, slaan ik dy de lampe út, gnoarre dy, mar foar in drigemint hear de it nochal gemoedelik oan. Hy kaam efkes efter de moterkap wei, om tsjin it ljocht nei de bûgy te sjen, dy't er mei in lape oan it himmeljen wie.
- Wat in gemak dat der aanst auto's komme sonder benzine en oalyboel, ornearre Blubleppel.
- En dat Hampscheck dan as direkteur gjin smoarge hannen mear krijt!
Al wylst er it sei, dûkte Wytaapke onderút en sa miste de bûgysleutel, dy't Hampscheck him nei de gnizende kop smiet, op in hier nei.
- Hâld dy de bek. Asto dat rûnom omropst fan dy fabryk, giet de hiele boel noch oer! raasde Hampscheck.
Titi brocht de sleutel wer. - Do moast wat suniger mei dyn ark omgean, sei se, - En as jimme mekoar de harsens ynsmite, komme wy hjir net wer wei.
| |
| |
- Mar it oalykaptaal hat rûnom earen, prottele Hampscheck.
- Hjir op 'e romte ek? frege Titi. - No moast net oerdriuwe, bear.
- Miskien bin ik wol in spion, rôp Wela út de fierte.
- It soe dyn dea wurde, drige Hampscheck. - Ik wol net dat der oer praat wurdt. Mei ferrieders meitsje ik koarte metten. Tsjin sokken moat der ynhuft wurde. De bonken kreakje! Dat helpt! En gjin gedonder!
Hy joech syn miening staccato, dat hy soe wol dwaande wêze de bûgy's oan te draaien. En ja, hy sloech de kap del en begûn mei in grimmitige kop oan de slinger te wrotten. Hymjend sloech âld Adam oan.
Triomfantelik hâlde Hampscheck de slinger omheech.
- Hulde oan de technyk! rôp er.
Wat der doe barde ontkaam Lapsûger, mar it like derop, dat se mei har fiven om de auto steande in preuvelemint diene. Ynienen rôp Wytaapke: - O, sancte Hampscheck, labora pro nobis, in saecula saeculorum. Amen!
Der wie it mei dien.
Op it momint dat se yn de auto stapte, like it of Titi Lapsûger oanseach en justjes knypeage. Hampscheck skuorde oan de fersnelling bûteboard en stadich hampele de auto fierder de polderdyk del.
Hoeden kipe Lapsûger troch de wylgeblêden, oant er de binde fan Hampscheck yn har hompeljend en kocheljend rykrak efter de strûken út it each ferlear. Hy burch syn sketsboek yn de linnense tas, dy't er oer it skouder droech en kaam oerein.
Djip snúfde er de krûdige rook fan it wetterlân op. Hy glimke, ferromme en woltemoed. Hy wie dêr yn dy strûken it ien en oar gewaar wurden!
It wie syn wurk om de fijân sonder ophâlden op hakken en teannen nei te gean. Dus seach er noch ien kear goed om him hinne. Yn it fjild, dat him tusken de hege spoardyk links en in smel polderdykje mei wylgestrûken rjochts útstrekte en yn 'e fierte oan in sânpaad mei wazichblauwe ikebeammen tarûn, wie net ien te sjen. In ing gesicht, wie it, dat ferlitten lân foar him yn 'e gleone sinne. Oft er allinne oerbleaun wie.
Gjin panyk! Sonder berie draafde er it griene dykje del nei it feangat dêr't yn it tichte reid syn kano lei.
| |
| |
3. Foardat ik de beide oantekeningen oer myn novelle yn myn deiboek makke, wie my de sneintemiddeis yn it reservaat it ien en oar wearfearn. Doe't ik om healwei trijen hinne onderweis wie nei it petgat, dêr't ik yn it reid in kano te lizzen hie, hearde ik tusken de strûken in frouljuslûd.
Hoeden as in ferkenner glûp ik in ein yn in brede wylgestrûk op, de kant út fan it lûd. It lije wetter peazget my al gau tusken de teannen. Op healwei, as ik al oer de ankels yn 'e blabber weisakje, sjoch ik, troch blêden en tûken hinne, twa froulju yn swimpak. Ik koe se beide. De lytse siet op in bykantoar fan de Twentsche Bank en de langste wie húshâldlearares. Ferry hie wylde ferhalen dien oer dy twa. Se frijden mei elkoar en lieten har ek gerive troch in Dútske dog, dy't de lytse spesiaal mei it each dêrop dresseard ha soe.
As se dy hûn by har hiene, soe er my al lang opspeurd ha. Ik krij dus de kâns wat neiers oer harren oare relaasje gewaar te wurden. It liket der foarearst net op. Dy fan de bank, in dûbeld frommis mei te reafallige wangen en in sinnebriltje op 'e pripnoas, leit loailiddich yn 't gers in sigaret te roken, wylst de oare op 'e hoksen sit en yn in tas omsneupt. Dy siket om sigaretten, want de bank ropt: - Dêr sitte gjin mear yn. Ik ha noch in pakje yn myn fytstas.
Alle goaden! Wêr ha se dy fytsen. As dat frommis der hinne rint, sjocht se my miskien. Om minder eachwyt te bieden dûk ik hielendal yn elkoar. As deun by de strûk lâns lange, brune skonken foarbystrike, slacht it hert my yn 'e hals.
Ik bin benaud, mar tagelyk ha ik dat lichte, bliere strúndersgefoel. Ik krûp noch in eintsje tebek, mar ear't ik mysels hielendal nei 't sin sit, komt dat frommis al wer foarby, smokend en wol. En se jout har net rêstich del nêst de bank, mar begjint mei klean te tôgjen en dy flak by myn beskûl yn twa kreaze steapeltsjes op in handoek op te loegjen. It duorret lang en se sit noch gjin meter fan my ôf.
Se mei dan wol mear as tsjien jier âlder wêze as ik, it is in moai frommis. En hoe't se, mei de klean dwaande, de sigaret skean omheech yn 'e mûle hâldt en de reek by de noas lâns omheech blaast, dat is raffineard, út de keunst. Sa't se foar my sit yn dat krappe swimpak, dat har as in tin flueske om de tinende lea spant, makket dat it hert my begjint te jeien. Om 't sykheljen te bedim- | |
| |
jen, moat ik de hân foar de mûle hâlde. Mar ik kin 't net foar, dat er my yn 't ein komt.
It frommis is klear en rint by de strûk wei. Mei de foet stjit se de oare yn 'e rêch: - Si'wy mar?
Tegearre rinne se nei it wetter. Nêst dat grouwe, sjotteljende frommis liket de ljochtblauwe, mei de pronk fan rêch en billen yn linige gong, in nimf. Dat dy ferlet ha soe fan dy onsjogge bank en in Dútske dog wol der by my net mear yn.
Doe't ik se yn 't wetter hearde, wie der fan it lichte, bliere strúndersgefoel neat oer. Ik fielde my beroerd. Mei in stive pyst en de hân foar de mûle, yn 'e strûken tsjin in frommis oer te sitten, dy't net iens wist, dat ik der siet, wie kloaterich.
Ik reage mei de foet de kreaze steapeltsjes klean om.
- Hoe kin dat no? soe aanst dy stomme bank wol freegje.
Dêrnei glûpte ik troch de strûken nei de kano, sette de peddel yn elkoar en pagaaide troch in slûske, dat sonder doel lei te rotsjen, nei it rivierke.
Yn de fierte hearde ik de froulju, dy't efter in flauwe bocht net te sjen wiene. Ik peddele de oare kant út, nei de sydsleat, dêr't ik yn it ferlitten onderkommen fan in fiskerman, in âld skûte dy't op 'e wâl lei, sigaretten en lúsjefers weistoppe hie.
Se leine der noch, dat mei in Chief Whip út it griene doaske oan, gong ik mei de rêch tjsin de âld skûte sitten, yn it skaad fan de wylgebeammen.
Foar my strekte, yn de fan libben gûnzjende romte, it mozayk fan de fjilden him út, sa oerdiedich fan ferskaat, dat der allinne oerdreaun en fergrutsjenderwize oer praat wurde koe, mei wurden as ‘in see fan dit’ en ‘optille fan dat’. Yn it hyperboalyske fjild foar my rûn alles daadlik yn it onfoarstelbere mei de tûzenen, miljoenen, miriaden fan eleminten.
Om der ôf te wêzen koe men it gers wol ‘grien’ neame, mar ik seach dat it soms wyt like, of giel, pearsk, blau, brún en soms ek wol grien, fan it ljochtste nei it donkerste en op gjin twa plakken gelyk. It brún en blau fan de pettens en it giel fan de reidkragen wie oeral en hieltyt oars. Fan de rigen pealtsjes by de sleatten lâns, dy't de djipte yn it fjild brochten, wiene der gjin twa gelyk. Dêr boppe út blonken sânplakken yn de beamwâlen, mei rom ferskaat fan grien yn iken en bjirken. Tsjin de sândyk yn de fierte wie in
| |
| |
hege kop ljochtgrien fan de rogge en by in kampke brune heide lâns rûn in giele franje brimmerheide.
Ik seach nei de wielde dy't ik yn de heldere sinneskyn foar my te lizzen hie, en dy't my einliks te machtich wie. Dat besef makke my eefkes benaud. Mar in momint letter krige ik in plesierich gefoel. Om dat net daliks wer kwyt te wurden, sei ik hastich tsjin mysels: - Dit is moai, dit is ferdomde moai!
Mei't ik de sigaret útdrukte tusken de gêrskes, krinkele de blauwe reek omheech en ferflechtige stadich tusken de stânen. As in oppermachtige liet ik miskien wol in kosmos fergean, dy't brûzjend fan libben yn de slierkjende reek bestien hie.
- Dit is ferdomde moai, sei ik wer, om in ongemaklik gefoel kwyt te wurden.
Doe lei ik by mysels oer, dat ik in rychje klanken útspuid hie, dat hielendal net sloech op wat dêr foar my lei. Want as ik in kampke rogge op in hege kop, in ein fan my ôf, ‘moai’ neamde, sei dat de rogge neat. Sels as ik derhinne rinne soe en roppe: - Leaf roggefjild, wat bisto moai! soe myn gebalt oan de rogge foarby gean. Dy soe stomwei stean bliuwe te groeien, hinne en wer te weven op 'e wyn, him del te jaan onder rein en wyn, te bloeien en ieren te setten.
Allinne as de boer sizze soe ‘dit is in moai kampke rogge’, hie it wurd betsjutting. Foar de boer dan, net foar de rogge sels.
Ik siet op myn manier nei it wide fjild te sjen. Mar it wie hiel oars as ik it seach. Alles wat ik seach, libbe yn syn eigen wrâld, dêr't ik net ynkomme koe.
As ik oare eagen hie, grutter of lytser wie, soe ik dy beam foar my oars sjen. As it in oar jier wie, of in oare tiid fan it jier, soe ik oars tsjin him oansjen, mar him deselde namme jaan: wylch. Dêr bedoelde ik dan syn soarte mei. Sels koe er, naam ik oan, gjin nammen. Foar syn soarte net, en net foar himsels.
Ik hie in namme foar alles, dêr't ik daliks mei klear stie. Want sa koe ik my fan de dingen losmeitsje, my der as in baaske foar opstelle. As minske naam ik oan, dat alles wat der fóar my wie, der foar mý wie. Dêrtroch kaam ik tusken dat oare op mysels te stean, allinne. Ik koe der net mei yn kontakt komme, omdat alles him foar my yn himsels opsleat, wegere om my syn eigen namme te neamen, dy ‘geheime’ namme, dy't it hoe en wêrom fan syn
| |
| |
wêzen frij joech.
Dit lân komt my sa wezenleas foar, makket my benaud, omdat it my bûten syn eigenlike bestean hâldt. As it in synjaal jout, hat dat foar my net mear te betsjutten as it ‘blob’ yn it boarreljend slyk fan de pettens. Dit makket my benaud, dit grutte, machtige, onminskelike flakby my, oeral om my hinne.
Dy wylch helle wetter en iten út de grûn, die onbegryplik slimme dingen yn syn bast, twigen en blêden. Hy hie gjin besleur oer wat er die, likemin as ik dat sels oer myn eigen yngewikkeldheden hie. As ik klompmakker wie, en op hout út, soe ik him mei oare eagen sjen. Ik soe him miskien omhakje en mei de bile al dy yngewikkeldheden ferniele. Dan soe ik him in doel jaan, dat mei de wiere bedoeling fan de wylch neat te krijen hie. En ik soe miskien sizze, dat it in moaie beam wie.
Wêrom betocht ik dit allegear. Oertinken mocht men it ommers net neame. It hie wizer west, om der net iens oan te begjinnen, mar wat te sizzen as: - dit is in kedootsje fan Us Heit, dit is de skepping yn syn onfoarstelbere rykdom. Dy is der om ús en foar ús en wy meie dermei dwaan wat wy wolle, sa't ús mar it bêste útkomt.
Ik stuts noch mar ris de brân yn in Chief Whip. Grutte pedagogen en filosofen rookten meast in piip. Mar ik hie ek alris in foto sjoen fan in obskure Frânske filosoof mei in sigaret yn syn snaffel.
Ik siet hjir stomme dingen te betinken, yn 'e waarme sinne, mei de rêch tsjin de âld skûte. Miskien hie noch noait ien op dit plak itselde tocht. De fiskers en houthakkers dy't hjir foar my west hiene, wiene wol wizer. En wat sei soks! Miskien hie ik ek wol de earste west, dy't hjir in Chief Whip opstutsen hie.
En as ik gjin oar resultaat krige as dat alles om my hinne him yn himsels opsleat, wie myn hiele tinkerij de muoite net wurdich. Ik soe it wol wer ferkeard oanpakt ha. De lju dy't seine dat ik in tizekop wie, dy't net tinke koe, soene wol werris gelyk ha.
Foardat men oan sawat begûn, moast men earst ommers in rige keunsjes leare, systematyske rigels, en net samar yn 't wylde wei wat, onder en oer de wylgen, by mekoar prakkeseare. Fan wylgen koe men, dat wist ommers elk, allinne mar wat begripe as men se as wittenskiplik stúdzjeobjekt naam en drok oan it mjitten, wea- | |
| |
gen en analysearjen sloech.
Mar dy wei lâns, soe men de eigen namme fan de wylch, de steern, de sinne of himsels likemin gewaar wurde. Dat wie magiërs allinne gund.
4. As sabeare filosoaf wie ik sa yn myn domme tinzen fertiisd rekke, dat ik, doe't it al te let wie, earst seach dat trije pommeranten my fan trije kanten ynsletten hiene. Ik murk it pas, doe't Kris de Pûde my frege: - Wat dochsto hjir? Doe kamen ek Lange Nanne en Sybren Smurry fan links en rjochts oanstappen.
De trije hearen hiene har sneinkske pronk oan: it pak fan Nanne hie Tsjeard fan Ate'Ruth makke: de krappe kant neist, mar dochs rom genôch, dat de smearlap koe him der maklik yn bewege. En de stive grize hoed, dy't er hast op it rjochtereach droech, wie in originele Stetson.
- Soest net ris oerein komme, as wy mei dy prate wolle? frege er. - En ús fertelle hoesto hjir komst en watsto hjir útheefst.
- Dat giet jimme gjin bliksem oan, sei ik, wylst ik oereinkaam.
- Jonge, jonge, sei de Pûde, en hy skodde syn grouwe, reade kop stadich hinne en wer, - wat brûksto rare wurden.
- Learst dat thús? frege Sybren Smurry. Hy sette de hoed ôf en seach yn de platte dûk, in soarte fan teepantsje. Hy fiske der tusken rjochtertomme en wiisfinger in smaragdgrien michje út, dat er fyn wreau. Hy sette de hoed wer op en helle út it boppebûske fan syn blauwe jas in siden doekje. Hy fage tomme en wiisfinger skjin. Hy tearde it doekje kreas op en stuts it wer yn it bûske. Onferwachts onderhelle er de fûst en joech my in slach op it each.
Ik seach stjerren en raasde fan de pine. Doe't ik efterút wankele, krige de Pûde my beet. Hy joech my in foarse dúst mei de knibbel onder de rêch. Ik skeat de kant fan lange Nanne út, dy't my kreas opheinde en handich de earm op de rêch draaide. Ik stie mei de holle wat efteroer tsjin de kraach fan syn kreaze pak. Nanne siske my oer it hier hinne: - Ik warskôgje dy, mantsje. Okkerdeis hast my fan 't fytspaad yn de berm treaun, en my in grutte bek jûn, doe't ik der wat fan sei. Ik lit my net te kakken sette troch in eigenwize snotaap!
Hy draaide oan de earm, mar net sa bot dat ik wer hoechde te razen.
| |
| |
- En no rinst hjir wer om te strunen, wylst hjir tichteby twa dames, dy't wy goed kenne, oan it swimmen binne. Gjin strúnderij, mantsje, want dan slaan wy dy dat eigenwize poanem fan dy plat. Hast dat begrepen?
Hy liet my los en joech my sa'n dúst yn 'e rêch, dat ik op knibbels foar de Pûde telâne kaam. Dy krige my yn 'e nekke beet en skodde my hinne en wer. Hy begûn smaaklik te laitsjen.
- Dy fint is sa slop as in dweil! Ik ha menear trillebil by de lurven, jonges! Ba, wat fiis! Wat rint dy fint derby, moast dy smoarge kros ris sjen. De raffels hingje derby! Pak him, Sybren!
Sybren heinde my beret op, skopte my foar de skinen en ik truzele foaroer del, razend fan pine. Mei ien knibbel hâlde er my in betwang. - Do hast no wol begrepen, datst gjin grutte bek tsjin ús opskuorre moast en datst dyn eigenwize postsegel net fertoane moast, dêr't wy binne. Hast dat begrepen, sloppe kloai?
- Jou dy fint in skop onder de kont en fuort dermei, rôp Nanne.
- Ik wol ris by de dames sjen.
Hy draaide him om en rûn nei in boatsje dat in eintsje fierder oan'e wâl lei. Kris de Pûde stapte efter him oan. Eefkes foardat Sybren Smurry de foet onderhelle, wie ik oerein. Hy foel op 'e rêch en as de blits draafde ik de hage del. Oer in sleat sprong ik op in oare hage. Foardat Sybren de fuotten wer onder it onhure liif hie, wie ik sa fier fuort, dat er my net mear ynhelje koe. Hy raasde my noch wat efternei, mar wat wie net te ferstean.
Doe't ik thús de keamer ynkaam, siet myn suster by de tafel te puzzeljen, Heit yn syn grutte stoel te lêzen en Mem yn har lege stuoltsje te haken. Sonder fan har hantwurkje op te sjen frege se: - Wêr komsto wer wei?
En nei ien eachopslach myn kant út: - Hast dochs op snein it doarp net yn west mei dy âlde kros oan?
Myn suster, dy't wat langer fan har puzzel opseach, rôp ferheard: - Mar do hast in blau each!
Se seagen my alle trije oan.
- Myn god, ja! rôp Mem, - Dêr moat daliks in kâlde, wiete doek tsjin oan! Se kaam hastich oerein en draafde nei de keuken.
- Hoe komst deroan? Hast yn de slach west? frege Heit.
Miskien dat er dêr wat ferhoop op hie, mar it wie te hearren dat it
| |
| |
gjin hege ferwachting wie.
- Doe't ik troch in boskje rûn, ha'k der in tûke yn krigen.
Doe sei Heit op in toan, dêr't oan te fernimmen wie, dat it him al wer ôffoel: - Ja, in panlat op 'e punt is no ienkear gjin ‘woudloper’.
Myn suster ornearre: - Do hiest better gewoan mei ús teedrinke kinnen, dan hiest dit net hân!
- Och, sei Heit, - dêr is mei sokken gjin sizzen fan. Hy hie hjir ek tsjin de doar oprinne kind. En wy ha ek beammen yn 'e tún te stean!
Mem kaam der yn mei in waskblikje.
- Hâld dizze kâlde, wiete doek der mar goed tsjin oan. En gean derby sitten. De holle goed efteroer.
Mei dat lêste wie myn suster it net iens: - Dat hoecht allinne by noasblieden, mem.
Mem tocht dat it altyt wol ergens goed foar wêze soe.
Doe't ik tsien minuten, mei hieltyt in nije kâlde doek op myn blauwe each sitten hie, woe'k nei myn keamer.
- Moatst al trochgean mei kâlde, wiete doeken derop te lizzen, sei ús mem, - ik kin no al sjen dat it minder wurdt.
Dat ik sette mei it waskblikje en de doeken ôf nei boppen.
5. Doe't ik it manuskript fan de ‘Griffioen’ oan 'e kant lein hie, en, mei de earmtakken op de skriuwplanke, de wiete doek mei beide hannen stiif tsjin it each hâlde, kaam my ynienen in sigeunerwein yn 't sin, dy ik mear as in jier lyn, yn it túndoarp sjoen hie. Der wennen in man en in frou yn, dy't in dûnsjende bear fertoanden.
Sa'n bear koe ommers losreitsje en nei in eilantsje yn it reservaat útpike. Wat in mooglikheden ynienen, tocht ik bliid. ‘It Beareëilân’! Mar de striid tusken de fascisten en de frije minsken dan? Fansels, ik koe Hampscheck de bear op Pippa oanhise litte. Mar wie dat net te gek? Oan fierder neitinken kaam ik net ta, want ik waard roppen foar it jûnsiten.
Foardat ik in oerke letter op 'e fyts nei it âld swimbad ôfstuts, hie ús mem in swarte lape foar op myn each malkke. Ik like wol in úttarde piraat.
Tweintich minuten letter wie ik by it bad. It wie der net drok. De
| |
| |
swimmaster, Reade Knillis, siet, mei de piip oan en in lyts fleske yn in amerke kâld wetter onder syn stuoltsje, ree foar in praatsje. Ik gong yn 'e swimbroek by him yn 't gers sitten.
- Hast eigenlik wolris wer wat fan dy Claire heard, Knillis?
- Nee, dy is fan 't winter troch sa'n Belze poaier yn in grutte Amerikaan ophelle. Dy sit no wer foar 't rút yn Antwerpen, moast mar tinke. Spitich want 't wie in leaf fanke. Der siet gjin kwea yn.
Knillis fiske it fleske út it wetter, fage it wat droech, skroefde it iepen en geat in kejakje yn de dop. Stadich naam er 't út.
- Ja dy fint fan har sit noch yn Veenhúzen. En dy âld kearel is dea. Fan it hûs is net folle oer. Dat ha jonges út it doarp hielendal fernield. Skandalich!
Ik siet oan Knillis syn fuotten oan Claire te tinken, in kreas jong frommis út België. Se wenne mei in chauffeur en dy syn heit yn in hûs efter de bosk, flak by it swimbad. Dy chauffeur hie wat útheefd en siet yn Veenhúzen en de heit wie hast noait yn 'e hûs en as er der al wie, soe er tsjin Claire gjin bek iependwaan. Se kaam de foarige simmer faak yn 't swimbad en ik prate skoftenlang mei har. Dat stie har wol oan, want se kaam faak út harsels by my sitten.
- Doe't dy Claire hjir swimmen learde, hie ik har in autobân jûn, sei Knillis. - Dy krige se om 'e fuotten, ik wit net hoe, mar se stie op 'e kop yn 't wetter. Doe ha'k har sa'n bytsje it libben rêden en wer rjochtop set. Mar dan hiest wat goeds yn 'e hannen! Dêr siet model yn, hear! Wat is der mei dat each fan dy?
Ik fertelde it leugentsje fan de tûke. En Knillis ornearre dat ik gelok hân hie. In maat fan him, dy't wolris in haske fûn, wie op de flecht foar de pelysje sa it ljocht út it rjochtereach kwytrekke. Hy hie him mar better pakke litte kinnen.
Ik sworn in minút of tsien, klaaide my wer oan en fytste fuort. Al gau kaam ik by it leantsje nei it hûs fan Claire. Dêr wie se my in kear efterop kommen en hie my frege, oft ik har helpe woe in waskmasjine te fersetten, sa'n swier houten kring.
Ik fytste it sânpaadsje del. Dêr't it ophâlde, stie it hûs noch, mar ferlitten en ferrinnewearre. Foardat ik der yngean doarst, seach ik om my hinne, mar yn 'e romte tusken it wetter en de bosk wie net ien te fernimmen.
| |
| |
Onder de lege boppedrompel fan it syddoarke troch, skoffele ik op 'e hoksen de deel op, dy't fol lei mei stikken ark en húsrie. De grutte houten waskmasine stie der ek; der wie in hoep ôf en der misten dûgen út 'e kûpe.
Ik rûn wer nei it sydkeammerke. De doar wie der út en it planken beskot tsjin de skeane kant oan, sakke hielendal troch. Yn it sydfinsterke siet gjin rútsje mear, mar yn de tún seach ik de apelbeam wer like donker ôfstekken tsjin it njirrekrûd en de bjirken yn de beamwâl.
Op de keale planken fan de flier leine ferskuorde kranten op it plak dër't doe it blanke, fjurrenhouten ledikant stie. Hjir sawat lei ik op de teek mei de fine, blauwe streekjes, wylst myn hannen frij oer har glide mochten, kostlike mominten lang, foardat se myn meagere skrutene lea tsjin har oandrukte en my yn har helle. Ik fytste wer fuort en doe't ik noch ienkear efterom seach, siet der in do op de trochsakke naal fan de skuorre.
Soe ik Claire net brûke kinne foar de Griffioen? As de fascisten Kjitaas heal dea slaan soene, koe sy him it libben rêde en him leafderyk fersoargje.
Koart foardat ik de oare moarns wekker wurd, rin ik oer in polderdyk mei sleatten oan beide kanten. Op 'e ein is in wylgebosk. Dêr stiet ien op my te wachtsjen. As ik har yn 'e earmen nim, is it Claire. Se is neaken. De klean dy't ik oanha, binne út ien stik en sitte my slim benypt. Ut de strûken dûke twa mânlju op. Ien hâldt in bloedhûn oan 'e line, mei tosken as krûme dolken, dy't blinke fan de flibe. It beest skuort fûleindich oan de line, dat de man kin it mar amper op fuotten hâlde. Claire is tusken de beammen weiwurden. De mânlju sette har lûd bearend nei mei de hûn. Ik pyk út, de sompen yn. De hûn komt my efternei, hy groeit út ta in monster en begjint yn 'e blabber wei te sakjen. Hy bilet ferskuorrend, ont syn blinkende sabeltosken tusken moas en rusken fersinke. Slingerjend fan wurgens, draaf ik troch wiet fierder. Myn klean binne sa krompen, dat se my noch mar krekt oer de knibbels en de earmtakken komme. Ik klatterje by in dyk op, dy't in eintsje fierderop oer in wite betonbrêge rint. Yn it asfalt sitte gaten en skoerren. Flak foar de brêge is in paviljoen. Troch de strûken slûp ik derhinne. It is der drok.
| |
| |
Lytse swarte jonges betsjinje froulju mei linten yn it hier, dy't by de tafels sitte te iten en te drinken. Tusken de boarstskylden drage se in dolk en se ha swipen by de learzens yn. As de grutste, in reuzin, oerein giet, folgje de oaren har nei de brêge. Laitsjend en gekjeiend beslaan se de folle breedte fan de dyk. Bern dy't om in gave freegje, reaget de grutste laitsjend oan de kant mei de stâle fan har swipe. Op elk fan de skippen, dat eigenlik karren binne op hege tsjillen en dêr't in lange mêst op stiet, hise lytse, tanige mantsjes op kommando fan de froulju alderhâne soarten fan seilen. As lêste wurdt op elk fan de skippen in reade flage mei in wite stjer hyst en dan fljocht de float de dyk del onder in dracht fan wite seilen en ferdwynt al gau út it gesicht. Oan in frommes mei in brún gesicht en grutte, wite tosken freegje ik wa't dy froulju wiene. - Do hearst hjir net, seit se, - ast de machtige, grutte froulju net kenst, dy't nei de lêste oarloch oer de wegen fan de foarigen fan de jûnskant nei de moarnskant sile mei de seewyn. Ik begryp wat se seit, al kin ik har taal net ferstean. Ik rin tusken de huzen troch. Der stiet in doar iepen. It húsrie liket wol fan glês en der hinget in soarte fan kalinder mei in plaat fan in machtich, grut frommes, dy't in bern op 'e earm draacht. Sa moai as it frommes is, sa mishipt is it bern. It hat in swiere, wilige wetterholle en sjocht skilich. De letters op de kalinder binne net te lêzen en fan it jiertal bin ik net wis. It kin 3519 wêze, mar ek 5391. Ik krij drok pratende froulju om my hinne, dy't tsjin my begjinne op te spyljen, omdat ik gjin skuon oanha en healneaken omrin, yn ferskuorde klean. Benaud reagje ik se oan 'e kant en draaf nei in hege sânkop. Yn in sucht bin ik boppe. Der leit somplân foar my en as ik der troch peazgje komt in skerm fan smelle stikelige blêden op my tasetten.
De middeis liet ik Lút it manuskript lêze. Hy wie der gau mei klear en koe der net fan beare.
- Wat moat ik dermei, sei er. - In jongesboek is it net, want der komt polityk en bierdrinken yn foar. En dat bier is noch stellen ek. In roman is it likemin. In erfaren lêzer hat der gjin belang by. It is ommers gjin ferhaal oer echte ellinde, oer de rubberslaven yn de Kongo of sa. Der steane ek gjin petearen yn, dêr't yn kreaze sinnen oer belangrike dingen praat wurdt. En do giest by Aken en
| |
| |
Keulen om. Safolle siden oer in fint dy't yn in wylgestrûk sit te sjen nei in oare fint dy't in bûgy skjinmakket. Dat ferfeelt de minsken. Nee, dit is in mishipte boel. It muoit my om dy, mar it stelt hielendal neat foar... Koest my better mar ris earlik fertelle, hoe'st oan dat blauwe each komst! En doch dy healwize lape der ris foarwei. Ik wol wolris sjen hoe't liket.
Ik die beide.
In hoartsje letter, allinne foar myn skriuwplanke, skreau ik onder de leste rigel fan it manuskript ‘net ôf’. Dy wurden setten wy op skoalle onder in proefwurk as it wat meager útfallen wie, om de learaer te betsjutten, dat wy net de kâns krigen hiene om te jaan wat wy wol koene.
Ik burch it yn in map. De skriuwplanke liet ik sitte.
|
|