| |
| |
| |
De brodzige leechte fan de doarpen
1. W., it ‘haadplak’ fan in gemeente mei tweintich doarpen, hie sa'n twatûzen ynwenners. Dat wie minder as N., dat ien fan de njoggentsjin oare wie. Mar W. skynde frijwat op oare plakken foar te hawwen.
It mocht dan wier wêze, dat der yn N. mear minsken wennen, W. hie mear alluere, dat mocht net lykje. En men koe der sa maklik weikomme, alle kanten út.
Twa ferkearsdiken, fan súd nei noard en fan east nei west, krústen elkoar midden yn it doarp. Foar it gemeentehûs noch wol, foar de noas fan B. en W. Dy fername wegen wiene tagelyk de fernaamste strjitten fan it doarp.
Fierders lei W. oan it spoar van Vlissingen nei Ljouwert en wol sadanich, dat de spoardyk it doarp presiis mids-twa snied. Gunstiger koe it net.
Dan wie der noch in kanaal, dat sleat neamd waard, en yn ferbining stie mei Fryslâns wide wetters.
Mei de bussen fan twa warbere ondernimmers koe men alle kanten út. En sân frachtriders reizgen it hiele keninkryk ôf, oan Nijmegen ta en soms noch fierder.
Sa'n fan libben en bedriuw brûzjend sintrom mocht ik sont de tolfde maaie myn wenplak neame.
In echte W-ster wie ik net, en dat soe ik ek nea wurde, omdat ik net op ien fan de skoallen yn it doarp lêzen en skriuwen leard hie. Ik net, en ús heit en mem net, en pake en beppe net, en gean mar troch, oan de dagen fan olim ta.
Rasechte W-sters bestiene ek, al wiene se minmachtich. Fiif of seis âlde clans, mei by inoar in tweintich of tritich leden.
Sa iensidich as N. wie, sa follesidich wie W. Der wiene mear as tsien aparte tsjerken, en wol fiif soarten skoallen. Der wennen plenty trochdriuwers, dy't allinne gedoente mei minsken fan oare rjochtingen ha woene, as der wat oan te fertsjinjen wie.
Fan de widze ôf waarden de W-ster bern opbrocht foar ien fan dy tsjerken en skoallen, dat der rûnen roomske, fine, griffermearde, otterdokse, liberale, soasialistyske en kommunistyske beukers om. In pear jier letter levere dat likefolle soarten skoalbern op.
| |
| |
2. Mar as dy dan fierder leare woene, kamen se wer mei inoar op de ‘School voor Uitgebreid Lager Onderwijs’ oan de Singel, de ulo, in wiidferneamde skoalle. Sont de betûfte Tunnis G., der baas wie, hiene alle kandidaten foar A. of B. it diploma helle. Want stumpers dy't wolris stroffelje koene, joech Tunnis G. net foar it eksamen op.
Oan de fuotten fan dizze bewittenskippe Fries, in saneamde ‘fjouwerakter’, dy't les joech yn Frânsk, Dútsk, Ingelsk en handelsrekkenjen, mocht ik tenei sitte. Net te faak fansels, want de man hie mear as genôch yn 'e eksamenklas te dwaan, mei it selektearen fan mooglike stroffelders en sa. Mar no en dan stie er ek in oerke foar de earste klas, om de nije bern oan syn wize fan lesjaan wenne te litten.
In tragyske kant fan de grutte lesboer wie, dat er dat ferrekte Frysk út syn Boazumer jongesjierren net kwytreitsje koe. As er, om mar wat te neamen, op syn Frânsk sizze woe: - Papa fume une pipe, kaam der út: - pàpà fùm ùn piip. En ek by oare talen joech er, wat it aksint oanbelange, âld-boazemer-mjitte.
De trije oare hearen koene oan Tunnis net tippe. As se mei har fjouweren oer it grint fan it skoalplein kuieren, wie dat goed te sjen. Oan de rjochterkant stapte Tunnis mei in slach yn 'e rêch. Hy stuts fier boppe de oaren út, dy't mei de holle wat foardel nêst him sjokten.
Ik murk, dat der bern wiene, dy't oan it ploechje fan fjouwer, oan ‘de hearen’, magyske krêft takenden, doe't op in moarn in jonge, dy't in ein fytse moast en, in wike lang, alle dagen trochwiet reind wie, bliid sei: - it wurdt no better mei it waar: de hearen ha de simmerpakken oan!
En wier, in wike lang bleau it droech.
De earste dagen al hie ik ontdutsen dat der, nêst de fjouwer hearen, noch in gesach bestie, dat syn onderkommen hie efter it fytshok. Trije terroristen, Sierd, Sake en Pyt, lieten dêr har macht jilde, mei help fan in stikmennich adjudanten, dy't de slachtoffers fan it plein fandelen en se boartsjenderwize by har bazen brachten.
Tunnis like der net mei op 'e hichte te wêzen. Faaks koe er it him, as oprjuchte Boazumer Fries, ek net yntinke, dat der yn syn sa faak trochselektearde eksamenklas noch oerkommelingen sieten,
| |
| |
dy't efter syn steile rêch om, benammen bern út de earste klasse it libben soer makken.
Op in reinige moarn, yn it frijkertier, waard ik opbrocht. It wie al begûn, foar't ik it yn 'e gaten hie. In roomske jonge út de twade, Lút, frege my oft ik meidwaan woe: goaie mei in tennisbal. Dat mocht net op 't plein, mar omdat it reinde, siet Tunnis mei syn ploech yn 'e direksjekeamer.
Der wie noch in tredde jonge by en wyls we mekoar it baltsje tagoaiden, draafden we it plein oer, rjocht op it fytshok oan. Doe't we der flakby wiene, krigen de oare beide my onferhoeds beet, en foar't ik der goed erch yn hie, stie ik al foar Sierd, dy't tusken syn beide maten yn, mei it linkerskouder tsjin it hok oanhong en in sygretsje smookte.
- Do bist hjir nij, sei er. - Do komst út N.
Mei in grutte swarte pet op en in reade sjaal om 'e hals, seach Sierd der slim woest út en hy snjitte syn spije út in hoekje fan 'e mûle, sa like it teminsten.
- Ast út N. komst, bist net folle wend, fansels. Mar do hiest wol witte kind, datsto dy by ús melde moast, ast hjir op skoalle komst. Dan hiene wy dy miskien wol permisje jûn, om hjir yn sa'n healwize reinjas om te rinnen. It is dus dyn eigen skuld, dat wy no maatregels nimme moatte.
- It mês moat der mar ris goed troch. Do rinst foar spot mei dat gekke ding. Oer de rêch, rjocht by de naad del, sei Pyt, wylst er in grutte knyft út de bûse helle.
De opbringers krigen my beet, mar doe't ik Pyt dat grutte mês iepenknippen seach, joech ik fan pûre bangens Lút sa'n traap foar de skinen, dat er it útpipe fan pine en my losliet.
Gûlend en snokjend, mar frij, koe ik it plein opdrave. Foar it rút fan Tunnis syn keamer bleau ik stean, omdat it my dêr it feilichste talike.
In fanke út de heechste klasse kaam by my. Ik koe har, want de earste deis al wie se my oanwiisd as de moaiste fan de skoalle. Se hie prachtich swart hier en blau we eagen. Menta wie har namme. Troch myn triennen hinne, seach ik dat se my oanlake, wylst se har tosken yn in apel sette.
‘- Wêrom gûlst? frege se kôgjend. - Ha se dy wat dien?
Ik knikte.
| |
| |
- Hoechst net benaud te wêzen. Ik sil dy smoarge Sierd wolris fertelle hoe't ik oer him tink. Wost in apel ha?
De reade wynapel, dy't se út in bûse yn har wide, rútsjese rok opdjippe, fielde waarm oan.
- Danke, Menta.
- Man, do wist ommers al hoe't ik hjit, sei se, en it hearde my oan, oft se der bliid mei wie. Wylst se by my weirûn, tikke se my op it wang.
Foar't ik de tosken yn de glêde hûd fan de apel sette, roerde ik der it plak mei oan, dêr't Menta my oanrekke hie.
3. Men koe yn W. wol sizze, dat Tunnis en syn mannen de bern in soad learden, mar dy bern moasten dan dochs mar it measte sels dwaan. Dat op myn keamer yn it nije hûs siet ik alle jûnen protten húswurk te meitsjen.
It hûs stie yn in buorren, hast in doarpke op himsels, sa'n tsien jier lyn oan de oastkant fan W. oanboud, yn in gebied, dat ‘oer it spoar’ hjitte. It hie in túndoarp nei Ingelsk model wurde sild, mar it wie, wat it tal wenten oanbelange, net heal klearkommen.
De huzen stiene yn lange rigen by de dyk lâns, yn hofkefoarm om in pleintsje hinne, of yn blokken fan twa. Uzes wie ien fan sa'n blok. It wie de helt lytser as it hûs yn N. Wol nijer, mar omdat de muorren rûch bepleistere wiene mei skier semint, seach it der fan bûten nochal suterich út. Op it sûdwesten, foar de túndoarren fan de wenkeamer, wie foar it oansjen in soarte fan pergola oanboud, mar de latten fan de planterakken, wiene slim út 'e ferve en heal fergien.
It hûs stie op de hoeke fan in strjitte, dy't Roazeleane hjitte, nei wat heal ferwyldere, skriele boddelroazen oan wjerskanten.
Fan de tún út, dy't by twa strjitten lâns rûn, en dêrtroch folle grutter en bewurkeliker wie as dy by oare huzen, seach men nei it súden op greidlân út. It wie allegear gers, safier't men sjen koe, op wat rychjes beammen nei en in lyts spjirrebosk, dat hielendal apart yn it fjild lei. Yn de fierte kipen de tuorkes fan twa fan de oare njuggentsjin doarpen boppe de blau we beammen út. De tredde en grutste toer wie dy fan in stedsje, dat sa'n tolve kilometer súdliker lei.
Fan it ‘alluere’ fan W. wie yn it túndoarp hast neat werom te
| |
| |
finen, op de brede trotwaars nei. De strjitlantearnen wiene slim âlderwetsk, fan getten izer en grien yn 'e ferve. Yn N. wie al jierren lang elektryske strjitferljochting. Mar yn W. stie in gasfabryk en dat moast syn produkt kwyt.
Nei in pear wike al hie ik begrepen, dat de echte W-sters net botte wiis wiene mei de ynwenners fan dy nuvere útbou op it oasten en dat de rasechte der sels fan oerstjûge wiene, dat dêr neat gjin goeds weikomme koe.
Ik begriep dat Menta, dy't by in rasechte, rike clan hearde, en yn in grut hûs op de bêste stand wenne, bliid wêze mocht, dat net ien oars wist dat se my oer 't wang streake en, sa dwaande, in paria oanrekke hie.
4. De earste dei al hie ik Ferry en Baty kennen leard. Doe't de ferfarderij noch net iens ôfrûn wie, hiene se al foar ús heit in bakje mei healfleskes bier helle om de ferhuzers te traktearen en der tegearre ien fan opdronken, bar om bar in swolch.
Ferry wie in sleauwe, grouwe knaap mei wyt hier en in grof, read gesicht. Baty rikte him noch net oan de skouders ta en wie sa meager as in latte. Hy hie in smel, fûl rattekopke en de mûle stie him gjin momint stil. Hy wie bekend mei alles wat der yn it túndoarp of it doarp-sels foarfoel. No wie dat wol by te hâlden, mar hy moast it nijs dochs mar garje, alle dagen wer. Hy wie der wakkere grutsk op, dat der gjin kat strûpt wurde koe, of Ferry en hy hâlden twa poaten fêst.
Omdat er mar in earme arbeidersjonge wie, sei Baty, moast er hieltyt wer wat nijs útfine om wat bûsjild te besetten. In gelok mar, dat er foar de handel geboaren wie en kwânseljen syn lust en syn leven.
Dat blykte de earste simmer al, doe't it yn gjin tiden reind hie. Omdat der gjin wetterlieding wie, kamen der mei oanhâldende droechte problemen sa gau't de bakken leech rekken. Dan moast der wetter helle wurde út in petgat, in pear hondert meter it fjild yn. It wie in getôch sonder ein.
De illinde dy't de minsken onderfûnen, brocht Baty en Ferry op it idee mei in wetterkarre by de huzen lâns te gean. It wetter hellen se by in bûterfabryk en se tapen it út bussen mei in kraan deroan. Hoe't se oan de karre en de bussen kamen, woe Baty net fertelle.
| |
| |
Ik mocht helpe, al soe ik lang gjin tredde part krije fan wat de ondernimming oan stoeren en dûbeltsjes opbrocht. Doe't ik in oere by harren yn 't wurk wie, hie ik mear besonderheden oer 't túndoarp heard as yn al de wiken dêrfoar.
En doe't wy eefkes lins namen, kaam der noch mear los.
De lêste dagen foar de wetterhandel hiene se oeren lang yn 'e berm lein, yn it skaad fan in grutte beam. Wat se dêr net sjoen hiene, benammen onder opwaaide frouljusrokken.
- Se ha hast gjin broek mear oan, sei Baty, - mar fan dy flardsjes, te lyts om de skamte dermei te bedekken. En de faam fan de postdirekteur hat hielendal gjin broek mear oan. Dy is ús juster wer foarbyfytst en it wie ien stik bleate billen.
Se koene ek alle frijersplakken by it túndoarp om. Dat wie ek noadich om mei sukses strune te kinnen. En yn it ôfloeren fan frijend folk hiene se har gelikens net.
Sels Henne P. hiene se wol in kear of seis bestrúnd, sonder dat er der wat fan murken hie. Dy Henne hie elke kear mei in frisse west, de iene al kreazer as de oare. Foar Henne hiene se alle ontsach. Dy hie it yn in goed heal oere trije kear dien mei in ontsettend moai frommis, dy't útfanhûs wie by dy en dy. Útfanhûzers hie Henne ljeafst, want dy wiene hjitter as dy tutten út it doarp. Dat hie Baty him sels sizzen heard.
En Ferry mocht daliks deafalle, as it net wier wie, dat er de hoed dy't Henne der altyt by ôfsette, mei de hân opkrije kind hie.
- Ja, sei Baty tefreden, - sa ticht as wy doar net ien derby te kommen. En wy hearre ek alles, mar dêr prate wy net oer.
Om der wat tsjinoer te setten, helle ik in spul kaarten út 'e bûse en fertoande in trúk mei fjouwer boeren. It foel net ta, want de kaarten wiene net sa glêd mear, en se sieten der mei de noas boppe op. Mar it slagge. Doe't ik de kaarten ôftelde, leine de fjouwer boeren kreas by mekoar.
Ferry begriep der neat fan. Mar Baty sei: - It sil wol slimmer lykje as it is, want sa'n handigen ien likesto my net ta. Lit it Jabik Koaning mar ris sjen. Dy hat it daliks troch.
Ferry fertelde noch wat oer Hilversum. Dêr wenne in omke fan him, in postrinder. In hearlik eintsje libben hie dy man, dêr yn Hollân. De jeneverflesse stie gewoan op it oanrjocht en as er der sin yn krige, naam er ien. Alles gong dêr trouwens út de pot fan
| |
| |
Egypte. By de lju yn Hilversum fergelike, hiene de minsken hjir it slim earmoedich. Dat Ferry wist wol wêr't er hinne moast, as er de kâns krige. Syn omke, sei er noch, wie in grapmakker. Wat dy net úthelle, as er te bestellen gong! Want dy froulju yn Hilversum wie neat te mal. Mar doe't er sa'n fyt fertelle woe, koe er der net ûtkomme. Dat kaam Baty krekt gelegen, want der moast noch yn twa strjitten wetter útsutele wurde. Wy gongen dus wer oan 'e slach. Ferry en ik mei de swiere karre en Baty by de doarren lâns om te freegjen.
Doe't it wer begûn te reinen en der mei de wetterhandel neat mear te fertsjinjen wie, begûnen Baty en Ferry mei de ferkeap fan losse sigaretten, in sint it stik. De waar hellen se út grutte pakken, dy't, nei in brân yn in segarewinkeltsje, op in dwinger smiten wiene. Se koene der wol fiifentweintich gûne wizer fan wurde, hie Baty útrekkene. En dat komt in arbeider net alle dagen oer.
Ik mocht net meidwaan. Yn myn stommens koe ik der wolris net fertroude lju yn behelje, bern fan pelysjes of sa. Dan wie it yn ien klap út mei de handel.
De sigarettehandel hie in moai sukseske wurden, as dy kloaten net krekt de ferkearde sigaretten op 'e dwinger smiten hiene: Egyptyske. Fergees woene de minsken dy noch net ha. De fraach wie nei Amerikaanske. It sil in arbeider no noait ris meirinne.
5. Nei de tsjinstuit mei de Egyptyske sigaretten teagen Ferry en Baty, mei fiifentweintich gûne minder yn 'e bûse, op 'e fyts nei Gelderlân om dêr te kampearen yn in selsmakke tinte. Nei de fekânsje seach ik harren net sa faak mear. Ferry gong nei de ambachtsskoalle en Baty wie learling-banketbakker. En ik siet my de jûns hast blyn te stoarjen op de bewurkelike sommen, dêr't ik skriften fol fan meitsje moast om krekt siferjen te learen. Dat moast, om fierder leare te meien en omdat, neffens Tunnis, de minske syn ferstân krigen hie om it te brûken.
Mar op in sneintemiddei, doe't ik op 'e fyts in brede leane delriden kaam, sieten se beide yn 'e berm mei in man te praten. Doe't ik my by harren yn 't gers delfleid hie, fernaam ik dat it Jabik Koaning wie, de man dy't him net troch kaarttrúkjes ferrifelje liet.
Yn Gelderlân hiene Ferry en Baty wylde aventûren belibbe. Se
| |
| |
hiene sels in heale nacht op in polysjeburo sitten, as getugen fan in oanriding. Mooglik hiene se noch in reiske nei Arnhim yn útsicht, want har nammen wiene noteard en by dat ongelok, dêr't de mem fan sân bern dy dearekke wie, hie it sa'n betiisde boel west, dat de polysje der noch lang net mei klear wie.
Baty tekene mei in prikke de situaazje yn it sân fan it fytspaad. Wêr't de auto's stien, it deade frommes lein en hy en Ferry sitten hiene, sette er krúskes.
It wie samar te sjen wat in tizeboel it west hie, sei Jabik Koaning, en hy soe net graach útmeitsje wa't de skuldige wie yn sokke gefallen.
Hy wie in grouwe fint mei in swarte snoar. Syn wangen liken hast pearsk en der rûn in ticht net fan reade ierkes oerhinne. Hy droech in kibich panamahuodsje en, op syn swart festje mei lytse reade blomkes, in swier gouden keatling, dat links en rjochts yn in bûske ferdwynde. Troch ynformaazje dy't ik yn 'e rin fan 'e tiid fan ús mem krigen hie, seach ik daliks, dat er op sawat healwei stean moast tusken in fetsoenlik man en in swankebast.
Mar tichter by de swankebast. Hy hie koartlyn nei Amsterdam west, nei de huorrebuerten en die ferhalen oer froulju dy't de klanten fan bûten Mokum de portefeuille ta de bûse út tsjoenden en oer poaiers dy't mei in grut knyft yn 'e broeksbân yn Amerikaanske sliden troch de stêd rosten. Men moast der fersteld fan stean dat ien, dy't dat allegear meimakke hie, sûn en geef foar je sitte koe en der rêstich fan neifertelde, mei de rêch tsjin 'e beam. Fan syn reizen nei Amsterdam mei de Lemsterboat, dêr't er sa lekker op sliepe koe, brocht Jabik Koaning kondoams en ansichtkaarten mei.
Fan dy kaarten liet er in pear sjen, dy't er djip yn 'e portefeuille by him droech.
Jabik Koaning hie Belgyske en Frânske kaarten by him. Hy fersekere ús dat de Belgyske echte foto's wiene, chamois ôfdrukken op ansichtkaartformaat.
Dy Belgyske froulju hiene fan dy leave, glêde poppekopkes, en it hier kreas yn 'e permanent. Sels op de foto seagen se noch elk ferwitend oan, dy't nei har doarst te loeren, as se net mear oanhiene as in siden flardsje. Der wiene derby dy't in finger tusken de lippen hâlden, as sobben se derop.
| |
| |
De mûtele billen lieten se breed rêste op de sydkant fan in djoere learene klubfauteuil.
De foto's wiene slim skerp. Op in jiskebakje dat, tusken in grut datumstimpel en in faas mei blommen, op in skriuwburo stie, koe men dúdlik de wurden ‘White Label’ lêze.
De Frânske foto's wiene lang sa skerp net. It wie onbegryplik dat in snoad man as Jabik Koaning, dy't dochs alle kaarttrúks samar troch hie, net sjoen hie dat it foto's fan foto's wiene, en se him yn Parys foar sa'n foarse priis oansmarre litten hie. Fan de ferskillen yn de ljochtere en donkerder tinten wie neat oer as de skerpe tjsinstelling tusken poerswart en kalkwyt.
Mei lijen koe men der in man en in frommes op onderskiede, dy't spierneaken mei inoar oan 'e slach wiene. Se seagen der slim benaud by, as lei it harren al op 'e wite lea, dat der wat misgean soe. Der wie trouwens al wat misgien. In swart útsteksel oan de man wie ôfknapt en wiisde, onbehelperich en in ein derboppe, nei in grut swart plakkaat op it spierwite liif fan it frommes. De grutte snoar fan de Frânskman hong him suterich foar de liderlike mûle.
Dy Frânske foto's wiene wol ondúdlik, moast Baty tajaan, mar dochs wie der goed op te sjen, dat dy lju hielendal neaken wiene. De pearkes dy't er bestrúnd hie, hiene de sneinske klean kompleet derby oan hâlden.
Jabik gong fuort, doe't der in man oankuierjen kaam en him frege oft er meiwoe, in slach de bosk om.
- Hy sil wolris tsjin dy sizze, dat er moaiere kaarten yn syn wurkpleats hat, mar kom dêr mar net, want hy kin net fan dy ôfbliuwe, sei Baty. En Ferry: - Se binne no mei har beiden by de strikken lâns, want dy âlde streupt om 't leven.
Mei de fyts oan 'e hân rûn ik mei harren mei, de leane út, op hûs oan. Yn 'e berm, hast yn 'e sleatswâl, seach ik yn 'e sinne in plaatsje blinken en krige it op.
It like wol in bidprintsje. Mei har neakene bern op 'e earm stie Maria tusken fjouwer ingels yn. Se hie in great aureoal hielendal om har hinne. Der sieten oan alle kanten fergulde útsteksels, as de punten fan in izeren hikke. Mûntsen yn swart habyt leine op 'e knibbels onder Maria.
- Dat hat neat te betsjutten, sei Baty. - Dat hat ien fan 'e rooms- | |
| |
ke skoalle fuortsmiten. Dy bern wurde deagoaid mei dy rommel. Mar ik stuts it yn 'e bûs, om Lút dernei te freegjen.
6. Foar Ferry en my wie der yn it túndoarp in plak fan oanhâld by kommen, doe't in grutte skuorre ta garaazje ferboud wie en de went dernêst ta kantoar en magazyn. Theo Meiers hie dêr syn bedriuw. Ferry en ik mochten der graach wat by omhingje, as er oan it wurk wie. It measte die er allinne, mar soms krige er help fan jonges fan de MTS.
Baty mocht Theo net lije. Dy hie him ôfset mei in pakjedrager. Dêr wie er hast twa kear sa djoer mei as de fytsmakkers yn it doarp. Baty soe gjin poat mear oer de drompel sette by dy eigenwize skytmajoar fan dy rotgaraazje.
Sa hie Theo in bynamme krigen. En dêrom rûn Baty lulk troch, doe't Ferry en ik eefkes nei de garaazje woene om te sjen, wêrom de doarren op snein iepen stiene.
Yn 'e garaazje wie de majoar mei syn eigen moter dwaande. Ferry wie gek fan moters en siet der daliks foaroan by. Omdat Theo wol sjen koe, dat Ferry mear belang by de reparaazje hie, joech er my de opdracht yn 'e keuken de ierpels op te setten en in karbonade te bakken.
It ferbjustere my wol wat. Mar it like my sa'n eare ta om de majoar syn iten klear te meitsjen, dat ik grutsk nei de doar tusken garaazje en hûs stapte.
It hûs wie ferboud, mar de keuken behâlden. Dêr hoechde ik onder de ierappels it gas mar oan te stekken. De karbonade lei, klear om te bakken, op it oanrjocht.
It slagge my boppe eigen ferwachting, en doe't de majoar in healoerke letter deryn kaam, stie syn iten klear. Ik mocht in fleske kûgeltsjebier út de kelder helje en wylst er mei smaak siet te iten, behannele de majoar de prinsipes fan de culinaire keunst.
Neffens him wie ‘itensieden’ in gewoane namme foar de gongbere techniken om onytbere waar om te setten yn ytbere waar. Der wiene fjouwer soarten waren dêr't dy omsetting op tapast waard: fleisk, fisk, ierappels en griente. De fernaamste omsettingstechniken wiene: briede, bakke, stove en siede.
Men soe no oannimme kinne dat der fjouwer kear fjouwer, dus sechtsjin fundamintele resepten bestiene. Yn 'e praktyk wiene it
| |
| |
lykwols mar tsien, omdat net alle techniken op alle waren tapast wurde. Om mar wat te neamen, it brieden fan griente komt net foar.
Fluch klâde de majoar der in skema fan op in stikje pepier. Doe't ik it beseach sei ik: - Dêr kom ik yn 'e praktyk net folle fierder mei.
- Ja, sei de majoar, - der hearre fansels ek noch in stikmannich resepten by. Dus moatsto noch in technyk behearskje: Lêze! Do moast in resept lêze kinne. En it is spitich dat dêr faak fan dy slim te begripen, âlderwetske stikjes proaza fan makke wurde. It soe better wêze om yn gewoane taal op in rychje te setten, wat men efter inoar dwaan moat om ta in resultaat te kommen.
Hy joech my in skrift, dat neffens syn skema opset wie en dêr't sa'n fyftich resepten yn stiene. As ik dy meitsje koe, en dat hoechde net langer as in pear moanne te duorjen, koe ik al in flinke kok útmeitsje.
- Mar, sei ik, - thús mei ik noch net nei it gasstel wize.
- Dan oefenst hjir mar, sei de majoar, - dat regelje wy wol.
Hy hie yntusken syn brúnlearen jek oandien, dat op 'e kraach en de earmtakken wyt fersliten wie. Dat droech er altyt, as er de oeral net oan hie. It wie wat oan de krappe kant en siet him tige strak oer de skouders. Mei de rydboks en koarte learzens oan, wie er sa altyt klear om op de moter te wippen.
De wyks dêroan learde ik tusken de sifersommen en Frânske tiidwurden troch in stikmennich resepten út de holle. De middeis tusken fiven en seizen brocht ik se mei wikseljend sukses yn praktyk. Dat ik soms, nei in hapke by de majoar, thús wer ite moast, hie'k gjin muoite mei.
7. Lút koe it plaatsje fan Maria ek net thúsbringe. Mar in broer fan him, dy ta pastoar leare mocht, wist daliks te fertellen, dat it in ‘madonna yn de gloria’ wie. Ik hong it op myn keamer, nêst in foto fan Marlene Dietrich yn ‘De blauwe ingel’.
Lút siet by my yn de twade klas. Hy wie sitten bleaun. Der wiene net folle dy't dat fan him ferwachte hiene. Op in middei, doe't wy út skoalle kamen, en in skoftsje onder de kastanjebeammen fan de Spoarstrjitte yn it gers sieten, fertelde er my hoe't kommen wie.
| |
| |
Hy wie sitten bleaun as slachtoffer fan ‘de geheime sonde’. De oansteande pastoar hie him ferklikt. Doe wie it de family eindeliks dúdlik wurden, wêrom Lút mei syn prestaazjes op skoalle safier by syn broers en susters yn 't efter bleau. Hy hie sa mei syn geheim diel omtipele, dat it brein oantaast wie en oergien yn in soarte fan weakke bôle.
Hy moast doe, sei Lút, as er thús wie, de hannen altyt sa hâlde, dat se foar elk te sjen wiene. Nachts waarden se mei strikken fêstbûn boppe it dek. Hy moast fuotbalje en oan atletyk dwaan. Nei syn wurk naam syn heit him mei te fytsen en liet him oeren efterien traapje, om him mar goed wurch te meitsjen. Mar dat pakte al oarsom út, sei Lút grimmitich. Nei in pear dagen moast syn heit dermei ophâlde.
Syn grutte susters gniisden harren hast dea, om wat er ondergean moast. En dy leine jûns mei har beiden yn ien bêd te koeren as dowen, skoftenlang. In oar koe der net fan sliepe.
Hy hie noch in suster, dy hie er ljeaver. Dat wie Trese.
Trese, fertelde Lút, wie as bern sa from, dat se non wurde woe. En se wie ek yn it kleaster gien, yn Frankryk noch wol. En wat men yn sa'n Frânsk kleaster net te ferduorjen krige as novice, dêr woe er it mar net oer ha. Yn elk gefal, flak foar't Trese de wiele, de sluier dus, oannimme soe, hie se onferwachts thús foar de doar stien.
Dat wie in ôffaller, benammen foar syn mem, dy't fyn roomsk wie, en yn 'e tsjerke net mear wist, wêr't se sjen moast. En 't waard noch slimmer, want in pear moanne letter wie Trese troud mei in chauffeur, dy't ek in kafee hie. Ja, as it derop oankaam, wie se net iens troud, want dy chauffeur wie in heale kommunist, dy't gjin stap oer in tsjerkedrompel sette soe.
Doe't se sa'n foech healjier mei elkoar libbe hiene, soe Trese har man, nei in bandige dei mei de frachtauto, op in jûn op bêd stappe. Hy hie noch tsjin Trese sein: - Sa'n gebealch. Men soe der dea by delfalle! Doe wie er ynienen nei foaren stroffele en Trese yn 'e earmen fallen. Kroandea!
Dat wie no de straf, hie de famylje sein, foar Trese har sondich libben. Mar, sei Lút, mei de straf foel it wol wat ta. It wie fansels slim begrutlik, dat dy wurksume man sa oan syn ein kommen wie. In swiere slach foar Trese. Mar allinne it kafee al, levere har in
| |
| |
rom bestean op, en de tûke chauffeur dy't foar har mei de frachtauto ried, fertsjinne der goud mei.
Dat as se thús net ophâlde soene fan him te narjen, soe er harren wol wer pakke. Benammen dat pastoarke yn oanbou, dy skynhillige ferklikker, dy't as men it goed beseach, it bychtgeheim al skeind hie, foardat er in seminarium sjoen hie.
Gjin poat soe Lút mear yn 'e tsjerke sette, al soene se besykje him der mei mannemacht hinne te slepen. En as it hielendal net oars koe, gong er wol nei Trese. Dy soe syn help bêst brûke kinne yn har kafee en frachtriderij.
- Ien ding, sei Lût, dêr yn dy berm oan de Spoarstrjitte, - soe ik dochs wolris witte wolle. Kin ien himsels ferniele mei de ‘Geheime sonde’? Kinst dy garaazjeman net ris freegje? Do komst dêr ommers hast alle dagen. En it liket my in arige fint ta. Of is dy ek al roomsk? Want dan hoecht it net.
- Dan moast it himsels mar freegje, sei ik. - Kom moarntejûn tsjin seizen mar by de garaazje.
Ik woe sels ek wol ris witte, hoe gefaarlik dy ‘geheime sonde’ einliks wie.
8. De oare jûns, doe't de majoar begjinne soe te iten, liet ik Lút deryn. Dy stammere earst nuver op syn frage om, mar op 't lêst begriep de majoar wat de bedoeling wie.
- Dêr soe ik my mar gjin soargen oer meitsje, Lút, sei er. - Gek kinst der net fan wurde. Dat is kletspraat út âlde tiden.
Mar foar dy sit der in oare kant oan. Do bist in roomske jonge. In moai skoft lyn ha dyn âlden dy dope litten, omdat har klub yn de statuten foarskriuwt, yn it earste en wichtichste artikel noch wol, dat leden har bern ek wer lid meitsje moatte. Dus ha dyn heit en mem dat dien, sa rap as mar koe.
Doe wiesto opnommen yn in internasjonale feriening, dêr't it haadbestjoer fan yn it bûtelân sit. Dat haadbestjoer hat yn jimme klub alles te sizzen, de leden neat. Wa't as foarsitter keazen wurdt, en hoe't dat yn syn wurk giet, ha se har net mei te bemoeien. Se meie allinne mar bliid wêze, as der út in aparte skoarstien aparte reek omheech krinkelet. Nei dat reeksignaal kin de foarsitter, as er út namme fan it bestjoer sprekt, him net mear fersinne. Praktysk sjoen is er net minskelik mear. Sa't de Apis gjin
| |
| |
gewoane bolle mear wie, is hy gjin gewoan bestjoerslid mear.
It bestjoer fan jimme klub giet derfan út, dat se it rjocht krigen ha, wit hoe lang lyn al, om foar alle leden út te meitsjen wat goed is en wat net, wat dy dwaan en litte moatte, hoe't dy ite, drinke, frije, libje en stjerre moatte. De leden wurdt hieltyt foarhâlden dat se ferlern binne, as se har net op in hier ôf oan de foarskriften hâlde.
De measte leden wolle trouwens net oars. Se soene der kompleet mei oan wêze, as se der sels oer kedize moasten. It muoit har dan ek net, dat se ôfstân dien ha fan har rjocht om sels te kiezen en dus net langer frij binne. Want frij wêze, is sels kieze wolle en kinne.
Se ha har rjocht op frijheid opjûn yn 'e hope dat it lean foar har slavernij op ierde har nei har dea rejaal útbetelle wurde sil. As ien him net oan de foarskriften hâldt, sonde bedriuwt sa't dat hjit, wurdt him in persentaazje fan syn lean ynhâlden.
It komt der yn dyn gefal, Lút, dus hielendal net op oan of masturbaasje medysk sjoen gefaarlik is of net, mar of it al of net stridich is mei de foarskriften fan dyn klub. As it dat àl is, dan is it sonde, en hast it mar te litten.
Dizze wurden, dy't de majoar útspruts onder it nuttigjen fan twa ûns trije-minuten-bief, dy't ik presiis neffens syn foarskriften klearmakke hie, rûnen Lút net as lij wetter yn 'e earen.
Ien dy't der hielendal bûte stie, hie maklik praten, sei er. Mar hy siet der midden yn, alle dagen wer. Gjin oare jonge yn W. waard sa neiriden as hy. En dan wie er de lêste tiid ek noch benaud om der samar dea hinne te fallen. Want hoe't him it hert soms jage, wie in griis.
De majoar hie it net langer oan tiid en Lút en ik moasten nei hûs om te iten. Lút holp my te skûtelwaskjen. Wylst er op in panne stie te wriuwen, sei er: - Hast it wolris yn dy omgean litten, dat elk oan it deagean is en dat ienkear... rûts...!
Hy die in haal mei de droegersdoek by de hals lâns.
- Dêr kin ik wol sa raar fan wurde, sei er, - dan fljocht alles my oan.
Doe't er foar de garaazje wat onhandich de fyts fan 't slot die - want as dy him ek noch ontstellen waard, wie syn illinde hielendal net mear oer te sjen - sei ik loftich, om him wat op te monter- | |
| |
jen: - Wêrom soest sa benaud wêze? Salang as to der bist, is de dea der net, en as de dea der is, bisto der ommers net mear.
Dat hie ik de foarige deis lêzen yn in boekje fan ús heit.
Mar Lút waard der hast lulk om: - Dat is te stom om fan te praten, rôp er, wylst er fuortfytste, - Guoi!
9. De oare middeis fytste ik by strielend waar nei N. om by Bernard Kupers in nij pak te heljen. Onder de bleekblauwe loft strekte it lân him tusken de kimen út, suver in park gelyk, mei oer de beammen in goudeftich waaske.
Oer it pak hie genôch te rêden west, benammen oer de broek. In soad trammelant mei ús mem, oft de pipen koart of lang wêze moasten. Op lange boksen wie ús mem fûl tsjin. It like wol oft ik, sa gau as ik der yn rûn, in proai wurde soe fan it slimste túch fan de richel. Dêrom hie se mei âlde Bernard telefoneard, en wol trije kear ‘koart’ sein, sa heech siet har de langte fan myn boksen.
It wie net in grut ein nei N., noch gjin trije kertier.
Ik fytste stadich de basaltdyk del. Dat wie in âld sânpaad, dat ús heit in jier of fiif lyn ferhurde hie. Hy hie foar dat kerwei hynders en ierdkarren oanskaft om sjen te litten dat it foar sok soarte fan wurk it bêste materieel wie. Hy hie der in bedroefd bytsje mei fertsjinne. Mar de oprjochte Fries woe net tajaan, dat er der better oan dien hie in âld frachtauto en in trekker te keapjen.
De direksjekeet hie op it hiem fan in âlde boerepleats stien. Ik hie der faak mei hinne west. It pleatske lei der noch like bryk hinne, as wie it sa op it hiem delsmiten. De heaberch, de bargehokken, de weinskuorre en de bijestâl wiene der yn 't wylde wei omhinne struid. De fleurige Popkje skuorre op 'e pompstrjitte sjongend de bussen. Krekt as Menta hie se swart hier en helderblauwe eagen, mar yn de gouden sinne like se my noch moaier ta. Hast bliid galme ik har namme en se swaaide mei de bjinder.
Yn N. wie hast gjin minske te bekennen. De skoalbern soene wol te swimmen wêze en de âlderen it út 'e hûs te near fine. It blaugleone ljocht like fan de strjitstiennen werom te keatsen, as wetter by in stjalperige rein.
Yn Bernard Kupers syn winkel wie it al sa benaud. De man koe my net wer. Dat wie mar goed ek, want ik hie ommers mei oanskôge dat juffer Bertha, de Lorelei, skande oer har family brocht
| |
| |
hie. Dêrom frege ik ek net nei Heine.
Alde Bernard beseach my ris op en del, skuorde in blau pak tusken tsientallen oare wei en grommele: - Dit is dines.
Mar de jas moast ik foar alle wissichheid oanpasse. Tefreden gniisde er: - Sjochst wol, as wie it apart foar dy makke! No de broek noch eefkes.
Midden yn 'e winkel, dêr't noch oar folk omstapte, meast froulju mei bern, moast ik de broek útdwaan om de nije, koarte, passe te kinnen.
- Toe no mar, sei Bernard, daliks ongeduldich, - dy froulju ha 't wol slimmer sjoen.
De broek paste goed. Mar om him dochs in bytsje sjen te litten watfoar miskeap er ús mem besoarge hie, skuorde ik it krús hast yn my op. Doe hongen de pipen der rare sloom by, as wiene se in ein boppe de knibbels rûchwei ôfknipt.
- In broek moat in bytsje romte yn sitte, sei Bernard, - oars knapt er dy fan 't gat ôf.
Hy flijde it nije pak, kreas op tin pepier yn in buordpepieren doaze del, dêr't mei grutte letters op stie: B. KUIPERS, HET VAN OUDS BEKENDE ADRES VOOR DAMES- EN HEEREN- & KINDERKLEEDING. Myn nijkeap hearde dan wol by it lêste. Ik krige der in houten hingerke by kedo, al wer mei it ferneamde adres derop.
Bernard skode de doaze, mei in kreas toutsje derom, oer de toanbank. - De segen dermei, sei er der achteloas by.
Mei de brune doaze op 'e pakjedrager fytste ik troch de buorren nei de âld skoalle. It plein wie leech. De grutte lineberm stie wat suterich yn 'e midden. Sels it skaad deronder wie net útnoegjend koel, nei't my talike.
Sittend op 'e fyts, mei ien foet tsjin it skoallestek, bleau ik stean en seach de buorren del, de kant út dêr't ik faak mei Appe rûn hie. It like mar in bedroefd lyts eintsje en de strjitte wie mar smel, seach ik. Ongenedich bleakere de sinne de onsljochte klinkerts. Allinne oan de rjochterkant wie in smelle, skerp ôftekene baan pearskblau skaad.
Yn it fûle ljocht stiene de huzen keal, earmoedich en ôfstjittend by de dyk lâns. De klok oan it hûs by de brêge stie noch altyt stil. Oan de rommelige ôfwikseling fan hurdstiennen stoepen, peal- | |
| |
tsjes mei stikelige keatlingen dertusken yn, spjochtige fytsrakken en mear fan dat spul, wie neat feroare. Lûken, gerdinen, sinneskermen, blinen, jalouzyën, alles wat ticht of del koe, wie ticht of del. In ferfallen spultsje en folslein onferskillich, as hie de dyk dy't der tusken troch rûn, net myn dageliks skoalpaad west. De onferskillige, brodzige leechte foar my, fleach my ynienen oan, en ik fytste werom nei de brêge, de herberge fan Piter Katte foarby. Fansiden seach ik yn in flits, dat de kape fan de muzyktinte derefter wat skeef stie.
Ik ried it doarp út, by de feart lâns. It wetter glimde yn 'e gleone sinne. Foar in buis dêr't in tin strieltsje út weisipere, leine deade fisken, de foaswite bealchjes nei boppen. Ferfal, illinde, dea, in gleone hân dy't je by de hals krige.
Bûten de buorren striek der in koel sigentsje oer de dyk. Efter mei heide begroeide koppen wei, krinkele reek omheech, effen donkerder as de bleekblauwe loft. Ik krige de skerpe lucht fan baarnend ierappellof yn 'e noas.
Yn in beamwâltsje wie it njirrekrûd mânsheech opsketten. Reade koetsebeien blonken yn de sepípenbeamkes.
Dêr ried ik dan mei myn doaze efter op 'e fyts, de noas fol fan de krûdige rook fan it ierappellof, de eagen fol fan it lân om my hinne. En ik tocht: - Krekt gelyk as it no is, sil it noait wer wêze. It is al feroare op de plakken dêr't ik niis oan foarbyriden bin. Op in dei sil der neat fan oer wêze. Fan it lân net en fan dat moaie hûs mei de ljochtgiele muorren net, dat in eintsje fan de dyk ôf leit, mei de skuorren, stâlen en bijestâl fersille oer it hege hiem. Fan Popkje net. Dy is al net mear op de pompstrjitte.
Nee, tocht ik string, ek dizze hjerstich glânzgjende úthoeke sil der net oan ontkomme kinne. Dy kin besykje troch stil en onbeweechlik lizzen te bliuwen de dûns te ontspringen, mar dat sil net slagje! Dwers troch beamwâlen en lytse boskjes hinne binne de kommende diken al útset. De auto's raze al oer dy hege koppen. Fan alle minsken dy't hjir dageliks foarby komme, hat mar ien it yn 'e gaten.
Sa makke ik my fytsendewei hieltyt ongelokkiger mei it tinken oan it foarbygean fan alles wat der bestie. Ik siet mysels te fuorjen mei illinde.
| |
| |
10. Dy jûns mocht ik in oerke nei it doarp. Mei Ferry en Baty rûn ik mei yn de pantoffelparade yn de Haadstrjitte. Elke sneontejûn, of it moast al slim onlijich waar wêze, draaide dat grutte karrûsel fan sawat healwei achten oan healwei tsienen ta. Elke W-ster rûn der tusken syn fyftsjinde en fiifentweintichste yn mei. It iene trotwaar del fan It East nei it West en dan op it oare werom fan It West nei It East. In folle rûnte wie sawat in kilometer.
Der diene sa'n twahondert man oan mei. Alle kanten fan it follesidige W. wiene deryn fertsjintwurdige. Machtige ploegen wiene derby.
- Moast dêr no ris sjen, sei Baty, - allegear finen. Dat kinst oan de koppen wol sjen. En dy dêr, dy twa eigenwize froulju! Soest der mislik fan wurde. Har mem is al sa'n kring! Dat wiif laket in arbeider allinne oan, as er by har yn 'e winkel jild op 'e toanbank leit.
Yn in healoerke hearde ik hiel wat oer benammen de lekken en brekken fan in oantal W-sters.
Mar ynienen sei Baty: - Do tinkst dochs net datsto hjir mei ús rinnen bliuwe kinst yn dy koarte broek.
Ik hie al lang sjoen dat Ferdy en hy beide in kreaze lange, flanellen broek droegen, in grizen, mei in skerpe ploai deryn.
- Wy komme knap foar 't ljocht, sei Baty, - en dan kinsto einliks net mei ús oprinne yn sa'n behindich broekje en mei koarte hoazzen oan. Wy ha dy oan no ta holpen, mar fierder moasto dy sels mar rêde.
Ferdy grommele ek, dat er der krekt gelyk oer tocht. Se seine: - Goeie! en ferdwynden rap tusken de oare karrûselgongers.
Dêr stie ik, op 'e hoeke foar it wite gemeentehûs. Oer de krusing flak foar my seach ik Menta rinnen mei in fanke dat tagelyk mei har fan skoalle gien wie. Se rûnen sa drok te praten, dat se my net seagen. Miskien diene se ek mar sa, omdat ik dêr stie yn in koarte broek, dêr't ik safier útgroeid wie, dat de onderkant fan de pypkes my heech yn de ljisken siet, fielde ik wol, en dêr't ik foar spot mei op 'e dyk stie.
Ik draaide my om, stuts de strjitte oer nei it oare trotwaar en sjottele de kant út fan It East. By in boekhandeltsje bleau ik foar it rút stean. Yn 'e etalaazje leine meast spullen foar skoal- en kantoargebrûk en kadootsjes.
| |
| |
Yn it glês spegele de pantoffelparade as in grut net al te helder skilderij. En doe't ik betocht, dat elk fan dy paradisten deagean soe, dat elk fan harren in begraffenis betsjutte, dat der foar elk in kiste komme moast, seach ik yn it rút in parade fan deakisten foarbygean. Fan links nei rjochts, fan foaren nei efteren, teach er foarby, tusken de kop- en pantsjes ‘Te Uwer Verjaring’ en ‘Voor oma’, oer de skriften en Koenens Zakwoordenboekjes en de etui's mei Waterman-fulpinnen op blau flewiel. Ik waard der sa mislik fan, dat ik in steich ynfleach, in pear huzen fierderop, en dêr yn in tsjuster hoekje begûn te koarjen, dat ik der sawat yn bleau en de triennen my oer de wangen rûnen.
Doe't ik thús yn 'e keamer kaam, wiene ús heit en mem slim tefreden mei har soan, dy't it net te let makke hie.
- Mar, sei Mem, - wat hast reade eagen. Koest wol skriemd ha. Moast mar betiid op bêd. Hast in grut, lang lichem, dan moast in soad sliep ha. Ast trochgiest mei sa omheech te sjitten, hie't miskien dochs mar better west, ast in lange broek krigen hiest.
- Dy moast Tsjeard fan Ate'Ruth dan mar meitsje, sei ús heit.
- Foar sa'n panlat op 'e punt is der yn 'e winkel gjin broek te krijen, dy't him past.
- Do komst trouwens mei dyn nije klean net yn dy smoarge garaazje, sei ús mem, - tink dêr goed om!
Us heit begûn nei it wurd garaazje in lofsang op Theo Meiers, dy't yn Dúsklân studearre hie en sa'n stik wiskunde efter 'e knopen hie, dat men er de grutste bewondering foar ha moast. Dat hie er wol murken, doe't er foar de gemeente it tasicht hân hie by it ferbouwen fan dy garaazje. Dy Theo koe al dy berekkeningen foar beton- en hout- en izerkonstruksjes neikomme. Dat hie er net ear der sa meimakke. In flinke fint!
Us mem sei, alhiel net entûsiast: - Tenei lis ik in krante op dyn stoel ast wer yn dy rotgaraazje west hast. Want it is gewoan in griis, hoe smoarch ast der weikomst. En no op bêd, do sjochst der wurch út.
Dat die ik doe mar.
Flak foardat ik de oare moarns wekker waard, wie ik mei in keppel jonges oan 't boartsjen mei in grutte, bonte bal. It wie moai sinneskyn waar. By de iene kant fan it fjild stie in rige âlder- | |
| |
wetske hûzen mei grutte balkons.
Ik koe dy bal mar net reitsje. Der wie altyt wol in oaren ien, dy't him, flak foar myn fuotten soms, weiskopte.
Oan 'e loft ferskynde ynienen in grut swart ding, in balke, mei fiif glêde kanten, dy't sa útdije, dat it op it fjild roettsjuster waard. En it begun te waaien, in tel letter wie it al in orkaan. Elk gong plat op 'e grûn lizzen. In jonkje op in fytske waard omheech sûgd en op in balkon delsmiten. In pop dwarrele heech boppe de huzen út. Flak foar my yn it gers sjoch ik de soallen fan in man yn in oeral, dy't foar my leit. Dy moat sa ynienen mank dy bern belâne wêze. De gummysoallen binnen oanfretten troch in sûr, dat wat derop te lêze stie, is net mear te onderskieden. En as it dúdliker begjint te wurden, lis ik wekker yn de ljochte sliepkeamer.
11. Dat yn myn keamer, by de eftermuorre lâns en fan de flier oan de souder ta, de sawat tachtich sintimeter brede boezem fan de keamerskoarstien rûn, wie hjerstmis en winterdeis in útkomst. Ik koe der behaachlik sitte myn skoalwurk te meitsjen of te lêzen. Ik begûn ferwoedend te lêzen. Boeken fan ús heit, fan de majoar en út in lêsbibleteek, dêr't men se foar in pear sinten wyks liene koe. Yn in boek fan de majoar hie ik in list ontdutsen fan ‘de belangrykste hondert boeken’. Achtennjoggentich nammen fan skriuwers tusken Aischylos en H.G. Wells. Us heit hie der ferskillende titels fan, de majoar wer oare, en sels yn de lêsbibleteek fan Ronner wie der ien fan opnommen. ‘Ecce Deus - Ecco Homo’, de roman fan Leonarda da Vinci, troch Dmitri Merejkowski.
Dêr stie net ien stimpeltsje yn en doe't ik it foar de fjirde kear noch in wike langer hâlde woe, sei Ronner, dat it gjin boek foar syn bibletheek wie en joech it my kado. Dat wie sa'n onferwachtse set fan de man, dat ús heit him opskille om te freejgen oft er der gjin fergoeding foar ha moast. Doe't er sei, dat dat net hoegde, omdat er der dochs neat mei koe, it wie yn in jier of fiif ommers net ien kear útliend, wie it dúdlik dat ik net liichde. Mar sei ús mem bitsich: - Dit mei dan no wol yn oarder wêze, mar hoe't it mei dat boek onder de baskulebarte sitten hat, is noch net dúdlik.
It boek fan Merejkowski wie langtriedderich en soms slim te begripen. De moaiste einen waard yn beskreaun, hoe't Leonardo te
| |
| |
wurk gong as er tekene, skildere of ondersiik die. Op myn eigen tekeningen begûn ik ek opmerkings yn spegelskrift te skriuwen. Dat wie moedsum wurk, benammen as de sin wat langer wie, sa as: - de majoar freegje, hoe't men de kamrêdsjes yn in camshaft kopklepper mei sa min mooglik leven draaie lit.
Begjin Novimber wie de majoar nei in oar hûs ferfearn. It stie in pear kilometer bûten it doarp. It wie it lêste fan wat in útbuorren fan fiif wenten west hie. De fûneminten fan de oare wiene noch hjir en dêr yn 'e grûn te finen. De grutte beamwâl, dy't om it buorrentsje hinne rûn, wie goed behâlden. Dêr binnen lei, behalven in tún en boskjes fan bjirken en elzen, in kampke heide. In hege sânkop, hast foar de helt fergroeven, riisde giel boppe de brune heidepôlen út. Mei inoar hie de majoar hast twa bunder wyldlân erfd fan de âld muoike, dy't it hûs de lêste tsientallen jierren sa útwenne hie, dat it better like om it mar te slopen.
Mar dat woe de majoar net. It koe miskien jierren duorje, mar it soe wer yn oarder. It earste dat er die wie it ynstallearen fan twa automotors: ien foar in ljochtaggregaat en ien foar in wetterpomp.
Foar't ik alle fyftich resepten makke hie, wie it itensieden ôfrûn. Dat kaam my wol goed út, want ik wie de tiid mear as noadich foar lêzen, tekenjen en skriuwen. Mei nocht en wille kaam ik de krystfakânsje troch.
Begjin jannewaris begûn it te friezen dat it ongele en in pear dagen letter tilden de kranten op fan adfertinsjes foar hurdriderijen.
Us heit wie meast in kalm en reedlik man. Mar sa gau't der winters riden wurde koe, taaste de furor frisicus him oan en hie er gjin oar praat as hurdriderijen, de âlvestêdetocht, syn eigen suksessen op 'e koarte baan, jierren lyn, en myn slopankelichheid, dy't er seach as it belangrykste aspekt fan in algehiele lammenadigens. Dy hie ik net fan syn kant, dêr wie er goed wis fan.
Tegearre mei in kollega organisearre er op in woansdeitemiddei, op ien fan de beide banen yn W., in hurdriderij foar jonges. Doe't er dy middeis thúskaam te iten, sei er: - De list wie de koarte kant neist. Der moasten noch in pear nammen by. Om in begjin te meitsjen ha ik dy der opsette litten. Om ien ûre moast op 'e baan wêze.
| |
| |
Doe't er dat sei, like de man sa kalm, as er yn de reedriderstiid mar wêze koe. In pear minuten letter wie dat oars.
Mar doe hie ik tsjin him sein, dat ik der net oer tocht, om my útgnize te litten troch syn publyk en dat er foar my mar in oaren sykje moast, mei stevige ankels.
Doe't ik út 'e hûs rinne woe, krige de razende Fries my op 'e drompel beet en sleepte my der wer yn. Hy hie ien fan syn prima Friese doorlopers fan it merk ‘A.K. Hoekstra, Warga’ yn 'e hân en it like der sa op, dat er my der de harsens mei ynslaan woe, dat ik him fan benaudens foar de skinen skopte, my losskuorde, de keamer en de gong troch, en de treppe op stode nei myn keamer.
De doar die ik op 'e knip.
Doe't ik troch it finster fan myn keamer him fuortfytsen seach, doarst ik wer nei onderen. Us mem skodde drôvich de holle. Hoe kinst dyn heit soks oandwaan? De man hat alles foar dy oer!
‘Ja, en foar it hurdriden noch in bytsje mear.’
Ik krige de fyts en ried in ein bûten it doarp in smel leantsje yn, dat nei in kampke rûn, dat hielendal yn 'e beamwâlen lei. By de hikke bleau ik stean.
Oer it fjild wie it sa hoar, dat ik miende it skrassen fan 'e redens op 'e iisbaan te hearren. Boppe de beammen wiene de tuorren te sjen fan de roomske en de grutte tsjerke, flak nêst elkoar en like heech, as de tuorren fan ien katedraal.
Wêrom woe de iene de oare de harsens ynslaan om in hurdriderij? Dat wie dochs mar in arichheidsje, dêr't oan meidwaan koe, dy't dat sels woe. Wêrom dat gebalt en dat driigjen mei geweld? Men wie der ommer wis fan, dat dy oar ek sonder aksje normaal út de tiid reitsje soe. Wêrom mekoar it koarte libben noch koarter te meitsjen? It kaam troch de klubs of it no iisklubs wiene of tsjerken of pertijen. Dy't dêryn behelle rekke wie, waard oanset om safolle mooglik nije leden te winnen, as it net mei goedens koe, dan mar mei twang en geweld.
‘Mar ik ferdom it. Ik net by in klub! My sille se net stean sjen, poerrazend, hakkeljend fan lulkens, ree om in oar út 'e tiid te helpen!’
De oare moarns al teide it. En der kaam gjin iis wer, dat jier.
Ik krige it tige bandich mei de tarieding foar it talittingseksamen
| |
| |
foar de Kweekskoalle. Onder Tunnis syn persoanlike lieding waarden de fiif kandidaten yn in aparte ploech oan it wurk set. Alle fiif by de earste tsien! Dat wie boazemer mjitte!
Wy wrotten boekjes mei opjeften fan admissyeksamens sont de dagen fan olim troch. In wonder wat men der yn in foech heal jier net ynstampe kin, as men altyt weroan stipelearre wurdt troch in grut en beleard pedagooch.
Fjouwer mochten eksamen dwaan. Fjouwer slaggen. Ik wie nûmer fiif fan de totaallist en krige in plomke fan Tunnis persoanlik.
Thús wie ik in pear dagen lang de hear-soan. Us heit rekkene my út de holle foar, dat ik no fierders net folle mear te dwaan hie as sa'n fjirtich kear it lân op en del te fytsen. Gean mar nei: 25 km deis, is 150 km yn 'e wike, is, sis mar, 6000 km yn in jier, dat wurdt yn fjouwer jier 24000 km, dat diele troch 600 is 40. Fierder, sei er, stelde sa'n kweekskoalle net folle foar, it wiskundeprogramma sels hielendal neat. En it rekkenjen wie ek gâns minder wurden. Fan dy arige sommen oer grutte wetterbakken mei alderhanne soarten fan kranen deroan, om se yn ferskillende tiden leechrinne te litten, koe gjin skoalmaster mear meitsje. Hy hie se al makke yn de heechste klas fan de legere skoalle, en dan sieten de kranen ek noch op ferskillende hichte oan de bak.
Ik mocht my nei dit sukses ek in lange broek meitsje litte troch Tsjeard fan Ate'Ruth. De masterskroar sels naam my de mjitte. Syn âldste soan, Ate, stie der by, mei in opskriuwboekje en in potlead. As Tsjeard in getal rôp, sei de jonge it skruten nei en skreau it op. De stof waard griis flanel. De bûsen waarden dûbelpaspelleard.
Doe't de broek klear wie, stie elk wer fersteld fan Tsjeard syn kunde en fakmanskip. De man ferstie de keunst om in steak, in latte, in panlat op 'e punt, sa yn 'e broek te bringen, dat er minsklik like.
12. De simmerfakânsje duorre dat jier krapoan twa moanne. Earst fytste ik mei in klupke jonges fjirtsjin dagen it lân troch: fan Ter Apel nei Scheveningen en fan Rotterdam nei Alkmaar. In Grinzer boppemaster seach derop ta en joech onderweis learsume ynformaazje. Hy neamde my ‘de vrije Fries’, alhoewol ik tsjin him sein
| |
| |
hie, dat ik net by de Fryske, mar by in echte frije naasje hearde. Ein Augustus útfanhûze ik foar de twade kear dat jier by ús pake en beppe. Der wie net folle mear te ferstriken yn har doarp. De grutste drokte op it wetter wie oer. As der noch alris in plesierboat trochkaam, krioelden der op 'e feartswâl gjin keppels roppende bern, dy't op sûkelade of suertsjes longeren, want dy bern wiene oerdeis al wer nei skoalle. En allinne mei moai waar kamen der noch inkeldris skipkes fan Ljouwerter plesierfarders foarby, dat om yn in stalt te sitten om der nei te sjen, wie gjin arichheid mear oan.
Ik lei moarns meast lang op bêd. Tjsin tsienen gong ik nei it kantoar, dêr't Pake de boeken siet by te hâlden fan de boerelienbank, dêr't er kassier fan wie. Omdat de âld man noch graach wat skoalmasterje mocht, krige ik in oerke Fryske les. Hy lies my in stikje foar fan Waling Dykstra of út de Rimen en Teltsjes, dat ik dan neifertelle moast yn goed Frysk. Sa learde ik in soad dreech âlderwetsk boerefrysk, sa oars as de doarpstaal, dat de lju yn 'e winkels en op 'e dyk der noch alris om gnize moasten.
Yn in hege, djippe kast yn dat kantoar stiene op de boppeste buorden skoal- en stúdzjeboeken út de foarige ieu, mei in soad plaatsjes deryn, meast noch houtgravures. Op himsels wie it al arich by de legere buorden omheech te klatterjen om de boekjes op de boppeste berikke te kinnen. Mar ek de plaatsjes en ferhaaltsjes, benammen yn de boekjes oer skiednis, ierdrykskunde en plant- en dierkunde, hie ik wol belang by.
De middeis nei iten siet ik faak op 'e bank foar de herberge mei Sibe, in bizige bakkerssoan, dy't ek noch fakânsje hie en dy't yn it doarp, en yn Ljouwert dêr't er op skoalle gong, safolle froulju koe, dat it tige learsum wie ris mei him te praten.
Op in middei kaam der in frommes hastich oer de brêge oanrinnen. Sibe rôp lûd: - Hoi, Teatske! Mar Teatske seach op noch om en draafde sonder wat te sizzen, flak foar ús lâns, fierder de buorren del.
- Dy hat in pear tûters, sei Siebe, - dat is net moai mear. Spitich dat se roomsk is, want no sille wy der wol ôfbliuwe moatte.
Der stie my wat fan foar, dat ik Teatske alris sjoen hie, mar dat wie alles.
As gewoanlik wie ik der de oare moarns net betiid ôf. De sinne
| |
| |
skynde troch de tichte, wite, linnenske gerdinen fleurich op it boek dêr ik yn lei te lêzen. Onder yn it hûs wiene al lang de lûden fan allerhande húshâldelike askj es te fernimmen. Doe kaam der ien de treppe op en rûn nei de doar fan myn keammerke. Us beppe wie it net, dat wie te hearren. De doar waard iepenswaaid en in pear meter fan my ôf seach ik, oer it fuotteëin fan it ledikant Teatske op 'e drompel stean, mei in stofdoek yn 'e hân.
Wylst ik oereinskeat en har mei in fjoerreade kop siet oan te stoarjen, kaam my yn 't sin, dat de âlde arbeidster, dy't Beppe freeds holp, nei in begraffenis wie.
- Do bist Teatske, sei ik ferbjustere. Ik hie al oan it ljochtblauwe bloeske sjoen, dat Siebe neat tefolle sein hie.
- Ja, sei se string, - en 't is in grut skandaal datst noch op bêd leist. It is hast tsien oere.
Se kaam nêst it bêd en krige in tippe fan it dek beet. - Derút mei dy, ik moat hjir oan 't wurk!
Se stie wat foaroer en de boppeste râne fan it bloeske wie nochal rom. Foar't ik it wist, lei myn rjochterhân op de linkertûter.
En hoewol Teatske mei gjin oar doel op ierde wie as om god te tsjinjen en yn 'e himel te kommen, luts se knypeagjend oan in koardsje en jûch de rejale omgong fan beide foar ondersiik frij. Dat se mei dat brodzige waar gjin himd oanhie, hie se grut gelyk oan.
Teatske gong der foar sitten op 'e kant fan it bêd. Se plakte my rêde, koarte tútsjes op it wang. Har grieneftige katteëagen knypte se heal ticht. Har kastanjebrune hier rûkte nei lavindel. It fel fan har wangen wie ek blank en strak. Mar dêr hie ik gjin oandacht foar.
Mooglik hie Teatske noch mear yn 't sin, want se joech myn beuzige rjochterhân eefkes lins op har knibbel. Mar ynienen wipte se oerein en, mei in koardsje noch los en har stofdoek mei, flitste se ta de doar út.
Wylst ik derôf kaam om de doar ticht te dwaan, hearde ik har fan de efterste souder roppen tsjin Beppe, dy't hymjend de treppe opkaam. Eefkes letter klopte dy op 'e doar en sei: - Moast der no ek ris ôfkomme! In healoerke letter begûn de Fryske les. It ferhaaltsje fan Dibberich, dy't net witte woe, dat se steksjoch wie. De jûns wie ik al wer yn W. Ik hie de fjirtich kilometer yn noch
| |
| |
gjin twa oeren fytst. Yn myn deiboek notearde ik: ‘Caressé les seins fameux de T.’ Yn spegelskrift, wat maklik genôch wie, want ik skreau it sintsje earst op in stikje papier, mei in feltsje karbon der ferkeard om onder. Dan koe ik it sa oernimme.
Wiles frege ik my ôf oft Teatske no, neffens de rigels fan har klup, in sonde begien hie of net.
De sneins dêroan wie it de moarns al soel en brodzich. Flak nei iten kaam Heit oandragen mei in brief. Oft ik dy yn 'e bus dwaan woe by it kantoar fan de Ryksontfanger, it lêste hûs op 'e oare ein fan it doarp? - It eindichste hûs fan 'e buorren dus, sei Heit, ekstra dúdlik en stadich, om hearre te litten, dat him wer in pearel fan it suverste Frysk oer de lippen rôle wie.
Ik krige de fyts en ried oer de spoarbaan it doarp yn. De sinne stie heech yn de blauwe loft. Allinne oan de linkerkant fan de strjitte lei, flak foar de huzen, in strypke pearskblau skaad op it trotwaar. De wite muorren fan it gemeentehûs by de krusing mei de Rykswei werkeatsten fûl it skerpe ljocht. Der wie net ien op 'e dyk.
Doe't de brief te plak wie, bleau ik foar it kantoarke fan de ontfanger eefkes tsjin de fyts oan stean en fage it swit fan 'e holle. De strjitte foar my like der ien út in prairystedsje yn in cowboyfilm. De stiennen joegen gleon op. Keal en ferlitten lei de buorren it fûle fjurjen fan de sinne te ondergean.
Ut in winkel oan de rjochterkant kamen trije figuren. Efter mekoar rûnen se op it smelle skaadstrypke. It wie de kristlik-nasjonale izerhandeler Krop, dy't yn elke adfertinsje foar syn saak it publyk derfoar warskôge him ‘niet te verwarren met Krupp’. Hy soe wol mei wiif en dochter onderweis wêze nei it ien of oare benaude tsjerkje, ‘niet te verwarren’ mei in oar benaud tsjerkje. Se stutsen, noch altyt as guozzen efter mekoar, de gleone dyk oer en ferdwynden yn in sydstrjitte, de iene nei de oare, as de trije lytse negertsjes.
Ik seach dat der, heech boppe de strjitte yn de djipblauwe loft in wolken hong. In protsje watten, in figuur, in gesicht, in frommis mei grutte boarsten, in frommis mei in bern op 'e earm, in gewoan wyt wolkentsje boppe de brodzige leechte fan de gleone, earmoedige, ferlitten útbuorren, dy't foar my lei.
|
|