Moai waar en lange dagen
(1981)–Jan Wybenga– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 19]
| |
I1. Piere Rike, dy't mei it iene each skrieme koe en tagelyk mei it oare laitsje, bakere him. En as hast alle poppen yn dy dagen yn dat doarp berne, florearde er onder har treflike soarch. In foarsen ien, dy Rike. Machtige earms en in breed, reafallich antlit onder de wytmûtse. Ek mei de mûle feardich, al sliske se wat. Wiispraters dy't har as kreamheinster tenei kamen, heinde se beret op 'e tosken. Mar yngeand en gefoelich skildere se it lijen fan de jonge kreamfrou, dy heale poepinne, dy't hielendal út Limboarch wei komd wie om troch har fersoarge te wurden. En dat yn in tiid fan minskemoardzjen, beswierlik reizgjen en langer alles op 'e bon. - Dat sloof hat wat hân, sis ik jimme. In wonder dat dy noch libbet. Dy stumper wie hast sljocht fan de pine. In baasjonge, moat je tinke, fiersten te grou foar sa'n fanke. Dêrby de earste. Jezus, wat in noed en lijen. Yn har illinde flokte de stumper dokter út, dat it rûn hielendal yn it mâle. Klompekrammer! Mar dat hie it bern net fan harsels, moat je rekkenje. In ferlegene boel by master en dy. Se meie tankber wêze dat ik en dokter it net slûpe lieten. Ik ha de boel no wer wat yn 't stjoer. Mar sy sil har noch gâns in skoft te wacht nimme moatte.
2. Troch de grutte spegelruten fan de keamer dêr't er yn de widze lei, soe ien dy't al besef oer de dingen hie, in stik fan de tsjerketoer opmurken ha, de bocht fan de giele ringmuorre, de hage dêrop en it boppeste fan in stikmannich grêfstiennen. Yn de keamer sljurket it ljocht hoeden oer de glêde hûd fan skytskjin en skiteldeftich guod. De glânsferve op it bedskut dat de hiele kant tsjin de finsters oer beslacht, leit der in grieneftich blau waaske oer. Yn djippe finsterbanken pronkje begoania's en geraniums. Oer de flier in ljochtich blau kleed mei streken read, wyt en swart. Boppe de skoarstienmantel is linnen spand. In master-ferver, ek heal en heal dekoraasjeskilder, hat der yn echt-natuerlike kleuren, | |
[pagina 20]
| |
mei ferve fan de bêste kwaliteit, in jewiel fan primitive kunst op oanbrocht, nei in gravure út ‘Het Wereldrond’: EEN ALPENPAS (Geschenen en de weg over den St. Gothard). By in slokje priizge Pier skuonmakker, Rike har man, dat skoarstienstik as wat bûtengewoans. It wie foar de man ek nijsgjirriger as lytse poppen, dêr't er troch Rike har funksje al jierren lang mear as genôch fan heard en sjoen hie. Hy harke mei oandacht nei wat master him tefoarenlies: ‘Waar de bergruggen der Hooge Alpen diepe zadelvormige indeukingen vertoonen, spreekt men van bergjukken en passen. Tot zulke passen stijgen dan stoutgebaande, meest in de rotsen uitgehouwen kunstwegen, met bruggen over kloven en afgronden. Op de hoogte van den pas staat meestal een gasthuis (hospitium).’ - Ja master, it is dêr yn dy fiere lannen al oars as hjir. Dat komt der goed op út. No, ien kin ik noch wol nimme en net foar in jeneverhals trochgean, tinkt jo ek net.
3. Wol oandacht foar it jonkje hawwe de buorfroulju en de boerinnen, Douwe' Hike, Jehannes' Lolk, Janne Griet en Douwe' Baaije, Japiks Aaltsje, Auke' Maai, neam mar op. Se komme te popbesjen yn 't swart, mei brede earizers en fine kanten floddermûtsen, in staasje fan sekulaire nonnen, dy't har ien foar ien oer de widze bûge en him yn 't oankommen oannimlik genôch befine. By de oansit dêrnei om de rûne tafel, boerejonges yn 'e brandewynskoppen, moat er nochris by de rige lâns. En nei't se mekoar goed foar it ferstân brocht ha, dat syn mem 't op 'e dea ôfhelle hat, mei buorkundich wurde, hoe kreas en helder dat er is: in jonge oft er út de dyk dold wie. Syn beppe lykwols, stie it spul mar heal. De driging dat har ynleave soan onferhoeds ondergean soe yn in polityk aventûr mei dy duvelske soasialen, wie mar krekt oer. En no siet dy skoandere jonge yn in ongadelike tiid by syn âlden thús, mei in jong stedsk wiif, healpoepsk fan bestean, ien dêr't men noch nuvere dingen fan te wachtsjen hie. Doe't se, mei mear lijen en trammelant as wol foechsum wie, dy jonge krige, hie se de dokter foar klompkrammer útmakke. In fermogend man as Dam Jaarsma dy't rûnom flot as boarch aksepteard wurde soe, hie se útgniisd, oerdwealsk pyst as 't wie. Dat moast de frou fan in baas wurde. | |
[pagina 21]
| |
En sa'n lytsen ien mei dan sûn wêze, hoe gau kin dat net oars. Sels hie se trije jonges ferlern: ien mei sân jier, ien mei oardel jier en ien mei trettsjin moanne. Mar syn beppe - ek wol masterke neamd en inkeld ris Wikje - koe him net oer de dyk soargje, onder de griene seadden yn in foech tachtichtoms kistke. Wylst er wolbehoede yn syn waarme widze lei yn de ljochte keamer, stiene Soldaten smoarch en ongedien oan it front. - Se sneve as apen, dêr yn Frankryk, sei Piere Rike. Mei't syn mem him moarns ferdroege en wer yn de smûke widze bestoppe, baarnden op it boerelân yn Ruslân adellike behuzingen en ferbletten der bern yn 'e modder. Clémenceau, Kerensky, Lenin, Trotzki, Wilhelm, Wilson, hearen oer libben en dea, wiene nacht en dei yn 'e wear. Mar fan him waard oars net ferwachte, as dat er sliepe, drinke en dije soe.
4. De maaies dêroan wie er al sa tier en mûtel, dat de froulju dy't bar om bar mei him omtôgen, stien en bien klagen oer ‘dy swiere jonge’. Dat wie op in ommelânske reis mei har fiven nei syn nije wenplak, De Pôle by it doarpke N. In slim beswierlike ekspedysje, dêr't Beppe har libben lang alles fan bybliuwe soe. Earst mei de boat, doe yn 't spoar en dan nochris mei de tram. Alhiel ferreizge kamen se oan by in kloft huzen, djip yn de Oertsjongster kontreien. Dêr rekke Beppe daliks al slim fan 'e wize, doe't se tsjin de boppedrompel fan in onfoech leech kezyn, in bûde yn it earizer opdie, mei 't se as earste yn it hûs stappe soe. In foarstap dy't har takaam! Mar wylst Beppe op 'e reinwettersbak noch breedút te bekommen siet fan de stjit, wie dat stedske pyst al yn 'e hûs gien. De jûns let kamen der fan dy gemiene tongerkoppen yn 'e loft en begûn it te rommeljen en te ljochtsjen dat it in griis wie. It hearde en like alderakelikst yn dat lege hûs, mei neat foar de glêzen. Ynienen kaam der in slach as waard der rjocht boppe it dak in kanon ôfsketten. Dy blaaien gûlden fan bangens, as wie it ynslein. En sy siet yn in hoekje te preuveljen as wie se roomsk. Mar doe begûn it stjalpich te reinen en dat hie foar Beppe it teken west dat it slimste foarby wier. | |
[pagina 22]
| |
- En as der brân fan kommen wie, hie it in gelok by in ongelok west, dat it djoere guod earst de oare deis brocht wurde soe! It jonkje hie neat murken fan it swierwaar en Beppe hie dernei noch arich sliept. De oare moarns lieten de beide blaaien har hieltyt fan 't wurk hâlde troch nuvere mânlju, dy't der samar ynrûnen om ôfwaaid praat te ferkeepjen, dat mar kwalik te ferstean wie. Dat like wol in attraksje op himsels te wêzen. Beppe hie der in pear goed op 'e tosken heind en doe wie it út. En de boel kaam skjin. Ek die bliken dat der yn it doarp in goudsmid wenne, in Fries noch wol. Sa heal en heal teminsten, want de man kaam fan De Jouwer en brijke ôfgryslik. Mar in bytsje bryk is minskelyk, en hy arbeide de bûde sa kreas út it earizer, as hie der nea ien yn sitten. Dus koe Beppe, mei har beide froulju en onbeskeadige hollesier, in pear dagen letter yn it earmoedige tramke stappe. - Pas goed op dyn djoere húsrie en op dysels! snjitte se út in skean, skerp mûltsje har soan ta, doe't er har yn 't hege wagontsje hyste.
5. Dat wie de tram. Rattelje, knarse, siizje. Hy seach him net, mar wist hoe't er dêr ried. De lokomotyf foaroan, in hege, griene skodzjende kast mei in blinkende koperen plaat derop. Men kin de masjinist stean sjen. Dan komt in lange wein mei grutte ruten. Dy is foar de minsken. Dêr efteroan slingerje swarte weintsjes mei fan alles deryn. Hy wie der net benaud mear foar. Dochs dûkte er op út syn beskûl by it sânhoksskut, tsjin de âld skuorre oan. Hy rûn by de lege muorre mei de lytste smoarge gleskes lâns. Hoe djip de ferrotte goate ek deldraacht, hy kin der maklik rjochtop onder troch. Op 'e hoeke fan 'e skuorre bleau er stean en seach om him hinne. De tún lei der rom en helder by. It lawaai fan de tram wie al fier fuort. Der wie hjir neat dat him benaud makke. Ek net by de bjirkebeammen en de einedobbe. De einen leine yn 't gers. Net ien kweake of beweechde, doe't er der lâns rûn. Foar de wissichheid rôp er: - Hysp, hysp! Dat wie om dy gefaarlike jerke te paaien. De hûn, dy't oan de oare kant fan de beam- | |
[pagina 23]
| |
men nêst it hok lei, sloech ek net oan. Hy kaam by de latsjes fan it stek. Dêr siet it hekje. Hy kin it al opkrije, mar net wer ticht. Hy glûpte der troch en besocht dochs om it izeren heakje troch de oes te pjukken, dy't heal yn it hout wei siet. It slagge him wer net. No wie er op it hiem. Hy sjottele nei de reinwettersbak, út giele stientsjes opmitsele, just leech genôch dat er by it lid kin. Dêrom sit der in hingelslot op. Dat wie ticht, mar yn de aker nêst de bak blonk in rêstje wetter. By de pomp oan it fjoerhok stiet de kop mei griene sjippe. Hy smarde mei brede fegen it taaie spul oer syn wangen, hippele nei de aker werom en begûn him te waskjen. It skomme sa fûl, dat er it útskattere. Noch in hânfol wetter deroer en it spatte him oer de klean en derby yn. Foar de betonplaat dêr't it hok op stiet, rôp er tsjin de hûn: - Sjoch, Wodan, sjoch! De hûn sprong blaffend hinne en wer en sloech mei de kop dat syn keatling rattele. Hy hearde, dat it beest net lulk wie en gong mei de earmen nei wearskanten foaroer stean en sprong hinne en wer as de hûn, wylst er ‘waskje! waskje!’ rôp, oft er blafte. Omdat er net murken hie, dat der ien út 'e hûs kommen wie, fielde er ynienen in priikjende flits fan angst, mei 't er de springende hûn onderút sjitten seach, en er sels yn de hannen fan in frommes de hichte yn skeat. Doe rôp er bliid: - Gees, Gees! Gees draaide him om en hy koe yn har laitsjende eagen sjen. Har reade hier blonk yn 'e sinne. Doe't se him delsette, blaasde se de wangen wat op. De mûle like lulk, mar de eagen laken troch. - O, wat bist wer smoarch en wiet. Sa kinst net op de foto! Gees naam him onder de earm en droech him op 'e heup yn 'e hûs. Hy sloech mei earmen en skonken, net om him dertsjin te fersetten, want it wie plesierich, tsjin har sêfte side oan, yn de rook fan lavindel, út it kleare ljocht bûten wei, nei de healtsjustere waskpleats yn 'e skuorre te sweevjen. As er op de oare kant fan de skuorre, mei Gees troch it bandersdoarke nei bûten komt, knipereagjend tsjin it fûle ljocht, mar skjin en droech, moat er by Mem en syn lyts suske op 'e bank onder de linebeam sitte. Syn heit stiet al, mei de hannen op 'e rêch, tsjin de swiere stamme oan en blaast grutte reekwolkens út | |
[pagina 24]
| |
syn krûme piip. Dat is tsjin de miggen. Twa feinten út de timmerwinkel komme ek op de foto. Dy steane nêst de bank tsjin de muorre en Jan de Vries, dy't Heit op kantoar helpt, stiet in eintsje fan harren ôf, mei syn nije strieën hoed op. De fotograaf hat akelike snoarren, oan elke kant fan de noas in spitske. Syn grutte swarte hoed set er ôf, as er foaroer stean giet en in swarte doek oer de holle lûkt. As er de hoed beweecht, komt Jan de Vries wat tichter by de timmerfeinten. Dan seit de fotograaf tsjin him dat der in fûgeltsje út it kasje komme sil, as er der goed nei sjocht. De man knypt yn in baltsje. Klear. Hy hat gjin each fan de brune kast ôf hân, mar gjin fûgeltsje sjoen. - Ja, seit de fotograaf,-hjoed wie it waar net moai genôch. In oare kear silst it seker sjen. Dan giet de fotograaf fuort. Hy hat syn spullen yn in grutte koffer achter op 'e fyts. Mei ien foet op de step hipt er de daam út nei de dyk. Hy hipt en hipt mar troch en is de hoeke al foarby, ear't er him oer de hege koffer hinne yn 't seal sakje lit. Se moatte yn 'e hûs om te iten. Hy mei by Heit op 'e skouders. Dy moat in ein troch de knibbels sakje, oars kinne se net onder de boppekant fan it bandersdoarke troch. Sa grut is er. In reus! | |
II1. - No sjochst it krekt as de fûgels, of as in reus, sei Jan Súl. Ik stie op in bankje troch in lûkje yn de tsjerketoer oer De Pôle út te sjen. Us hûs like mar lyts, sels de beide grutte skoarstienbuorden op it dak fan de foarein, en de linebeam dernêst, mei de bank deronder. It lytse doarke yn de bandersdoarren stie iepen. De naal fan it tuskenein siet in bêste bocht yn, mar de lange timmerwinkel, dy't oan de dyk ta trochrûn, wie fan boppen sa rjocht as in liniaal. Trije smelle klinkerdiken wiene te sjen. By de hânwizer, dy't hast net werom te finen wie tusken de hege strûken, kamen se by inoar. It hûs fan Ingbert de Groot, tsjin uzes oer, like slim âld. Se koene wol trije skuorren en in hûs oan mekoar plakt ha, en it iene stik moast it oare oerein hâlde. Efter de fierste skuorre leine de | |
[pagina 25]
| |
bargen yn 'e dridze, en de meagere, giele kedde, dy't Jan, Ingbert syn soan, fan in sigeuner kocht hie, stie oan tsjoar by it weinhok. De fiif hege bjirken nêst ús hûs, allegear hast like lang, wiene moai ljochtgrien, mar de populieren oan de oare kant fan de trambaan liken noch ljochter. De tramrails blonken yn de sinne, behalven foar it hús fan Hanne fan Jan Stuver, dêr't in oerpaad lei fan swarte bylzen. Ien momint tocht ik, dat ik Hanne foar it finster sitten seach te naaien. Mar it wie in strûs blommen yn de nageltûken, dy't foar de glêzen hong. Yn dominee syn tún wie it allegear beammen en strûken. It sinken dak fan de pasterij wie mar amper te sjen. It like wat blauachtich. Oer de brune boeken lei in pearsk waaske, en fan de walnutebeammen wie allinne it boppeste stik te sjen. It hantsjefol oare huzen, de Fjouwer Keamers en de smitterij, mei de hiemen en tûntsjes derom hinne, like der by lokraak delsmiten te wêzen, skean en bryk by de dyk lâns. Mei de triedden fan it elektrysk sieten se oan elkoar fêst. Dy rûnen fan de iene peal nei de oare, dwers troch alles hinne. - Wy moatte hjir wer wei, sei Jan Súl, dy't in kerweitsje oan de flagestok berêden hie. - It is hast tolve oere, en as de klok let wurdt, is 't hjir sa'n leven, dat de fluezen yn dyn earen soene der fan springe. Dan wiest foar dyn libben doof. Jehan nes, de bult dy't de klok liede moast, kaam der al oan rinnen. Jan Súl die it lûkje ticht en wy repten ús by de smelle treppentsjes del. Onder yn de toer gong Jan Súl nei de timmerwinkel, mar ik mocht bliuwe om Jehannes oan it klokketou by te stean.
2. Der wiene dagen, sei Jehannes, dat er wol fiif kear nei de foartsjerke strampele om dêr te lieden. Om acht, tolf en seis ûre by wize fan tiidsynjaal en noch foar twa begraffenissen. Mar hy mocht it graach dwaan. Moai klokliede wie in keunst op himsels. Spitich genôch hie it boerefolk dat onder syn klokslach wenne, der gjin wurdearring foar. Dy wiene te stom om ferskil te hearren tusken goed en min lieden. As ik mei it tou hast oan it gat yn de souder fan de foartsjerke ta omheech skeat, wie der net moaier as kloklieden. Mar noch net sa lang lyn hearde ik seintemoarns op bêd yn it bimbamjen fan Jehannes syn klok in stim, dy't wat ik tocht oer de hiele Pôle út- | |
[pagina 26]
| |
brocht: - Ik há/yn Páuw/ sy rá/pen sít/ten bám/... Doe't ik noch gjin sân jier wie, hie ik der wol deabenaud foar west, dat fier yn 't rûn elk it boadskip fan dy klok ferstean koe. De sneintemoarns neidat ik mei Jan Súl op de toer west hie, waard ik wer kel, doe't ik de klok lieden hearde: - ...Hán/na Stú/ver ís/in hóer/... Dat nijs hie ik yn de timmerwinkel fan Willem heard. Ik begriep it net. - Wêrom, frege Willem, - hat Hanna Stuver jûns minder wurk fan it naaien as oerdeis? En alle oaren begûnen gemien te laitsjen, doe 't er rôp: - Se kin der jûns by lizze! Ik raasde dat se de bek hâlde moasten. Mei har fjouweren stiene se nei my te sjen, doe't Willem gnizend sei, dat ik it ferskil tusken hoeren en oare froulju noch wol leare soe. Ik wist dat in hoer gjin bêsten ien wie, mar altyt let op 'e dyk omfleach en mei oare manlju omsloech. Mar doe't se sa om Hanne laken, waard ik razend op dy rottige timmerlju en ik skamme my, as gong it mysels oan. Want Hanna wie leaf en goed. Se wenne oer de trambaan by de âlde Stuver, dy't net mear onderskiede koe as nacht en dei. As de klok seis oere let hie, brocht se him nei Sybren Spek yn ien fan de Fjouwer Keamers, dêr't er dan de hiele jûn mei siet te swetsen. Hanna siet meast yn de keamer by it finster, efter de naaimasjine. Se sette foar in fabrikant Ingelske himden en bloeskes yn mekoar. Ik mocht graach mei Meine, har soantsje onder de tafel sitte te boartsjen. It wie in smûk, wis plak, mei oan de iene kant it sicht op Hanne har skonken, dy't de fuotplaat fan de traapmasjine yn beweging hâlden en oan de oare op it wite fornús mei reade roaskes. As ik langút op de matte lei, koe ik op de skoarstienmantel de porsleinen hûntsjes mei in ferguld hingelkuorke yn 'e bek en dertusken yn in klokje sjen. Oan de souder hong in kouwe mei twa toarteldowen. As de masjine gjin leven makke, koe men se russeljen hearre yn it strie. Ek it snoarkjen fan de âlde Stuver yn it keammerke dernêst wie dan te fernimmen. As Hanna eefkes lins naam, sette se thee. Meine en ik krigen der in soad môlke en sûker yn en in grutte timpe koeke mei tsjok bûter derby. Hanna prate oan ien stik troch yn dat Brabânske dialekt fan har, dat ik soms mar amper begriep. Mar ik hie in bliid gefoel fan behâld as se tsjin my oer by de tafel te kletsen siet. Har | |
[pagina 27]
| |
brune eagen strielden ljocht út, om har hier hong in rossich skynsel en der lei in sêfte glâns oer har blanke fel. Stil en tagedien siet ik nei har te sjen. Myn gelok duorre hast in jier. Doe rûn âlde Stuver tsjin de seisoere tram. - De man kin mar in lyts tikje krigen ha fan de lêste wein, sei Sybren Spek, - dat it sil wol meast de skrik west ha. Sybren regele de begraffenis. Syn libben lang, sei er, hie it de âld man syn sibste winsk west, om út de herberge begroeven te wurden. De âld stumper hie der moai wat foar oan de kant lein. Sybren en syn grutte family makken der mei de oaren út de Fjouwer Keamers in wier folksfeest fan, yn de herberge ‘De Dolfyn’. Yn wat oare omstânichheden soe de âld man it der tige nei 't sin hân ha, miende Sybren. Hanna rûn mei nei it tsjerkhôf, flak efter de lykwein midden op 'e dyk, hielendal yn 't swart mei in lange wale foar. Yn de iene hân hie se in wite bûsdoek en oan de oare lytse Meine. Ik wie sa grutsk doe't ik har dêr sa steatlik rinnen seach, dat ik my hast net ynhâlde koe en rop: - Dach, Hanna! - Dy hoecht no har libben lang net mear te naaien as se it net wol, sei Willem spitich. -Dy âld kearel moat stjonkende ryk west ha en hat har in kaptaal neilitten. In wike letter reizgen Hanna en Meine foargoed ôf. Onderweis nei skoalle, rûn ik mei harren nei de tram fan healwei njoggenen. Doe't se deryn stappe soe, joech Hanna my in tút, dêr't elk bystie. - Dat is tsjin de pine, sei se laitsjend. Ik waard sa read as fjoer en draafde hurd fuort, sonder om te sjen, mei de eagen fol triennen. De oare bern pleagen my noch dagen lang mei dy tút.
3. De middeis slûpte ik nei it lege hûs fan âlde Stuver. Ik koe krekt oer de onderdrompel fan it kezyn yn 'e keamer sjen, nei de keale flier en de muorren dêr't it behang al by delhong. It plankje foar de skoarstienmantel wie leech. Dêr't de kouwe mei de toarteldowen hongen hie, siet noch in grutte, glêde koperen knop yn de swarte souderbalke. Dy knop wie my net earder opfallen en doe't er my sa keal yn 'e eagen blonk, stoarre ik der nei troch in flues fan triennen. | |
[pagina 28]
| |
De sneontemiddeis dêroan kaam Cora útfanhûs. Dat brocht genôch ôflieding. Jierren lyn hie se ús mem yn de húshâlding holpen. Hast elke simmer kaam se in wike nei N., ôfladen mei kadootjes. Us heit helle in flesse konjak yn 'e hûs en in doaze mei fyftich Turmac Orange sigaretten, en ús mem soarge alle dagen foar taarten, taartsjes en oare swietekau. Ik mocht Cora graach lije, omdat se net sa fluensk oanhellerich en tuterich wie as de trije susters fan Gees, of de oare fammen dêr't dy wolris mei oansetten kaam. As dy der wiene, skeat der hieltyt op onferwachtse eagenblikken in hierrige slangekop nei foaren en krige ik wer in wiete smok opplakt. Cora prate altyt en oeral Keuls dialekt. Ik ferstie der net alles fan, mar it hearde my moai oan. Yn har nuvere taaltsje koe se pine besprekke mei in rym: - Heile, heile Gänschen, es wird bald wieder gut, das Kätzchen hat 'e Schwänzchen, es wird bald wieder gut. Heile, heile Mäusespeck... En dan kaam de lêste rigel, slim droevich, weemoedich hast, dy't klonk as: yn hûndert joar ys alens wek! Cora koe it sa beswarrend sjonge, dat it ferske de pine ferdreau út sneden, skrammen en blierren. Fan foarige útfanhûzerijen wiene ferhalen oerbleaun, dy't ik nei ferrin fan tiid sa faak fan ús mem heard hie, dat it like oft ik se út eigen onthâld ophelle. Sa as it ferhaal fan de hin. Doe't Cora ris by ús útfanhûze waard der in optocht hâlden en siet se pronkmoai yn Jan Verkuil syn jachtwein. By wat lilaachtichs mei in lange haakte pelerine deroer, hie se in grutte strieen hoed op, oerrinnend mei bonte blommen opmakke. Se hie my op 'e skoat, mar yn de rejale fâlden fan har kréaasje wie ik mar kwalik werom te finen. Ik hie ek noch in sloppe, fiersten te grutte pet op, ‘eine polnische Mütze’, dy't Cora handich yn inoar ponge hie. Wylst wy dêr yn 'e optocht meiride as ‘in lytse prins yn ballingskip mei syn trouwe hofdame’, - sokke omskriuwingen waaiden Cora samar oan-lit in anarchistyske stjonkert in hin los en dy wjokkelet keakeljend flak foar it hynder lâns. Dat begjint te stegerjen, de jachtwein rekket hast om, mar Cora hâldt har goed fêst en my ek. Jan Verkuil stiet wûpsdy op 'e dyk en wit yn in boeiende fertoaning mei tige fakmanskip syn hynder wer yn 'e bedaring te bringen. De optocht giet fierder en dêr't se lâns komt, krijt Cora | |
[pagina 29]
| |
lûde ovaasjes fan it opteine publyk en foarstlik wiuwend tankt se der foar. De dogeniet, dy't de hin ek noch by de fjildwachter út it hok helle hie, wie net te finen. Mei in kleur fan alteraasje fertelde Cora by ús thús wat der foar fallen wie. ‘Der Lump’ hie it op har fersjoen hân! Koe men mar wer ris sjen, ‘wie die uns hassen, weil wir so klug und fleiszig sind’. Mar hoe't it ek sitte mocht: - Dos Buerle hat einen Bombenerfolg gehabt! Dat boerke wie ik.
4. De woansdeitemiddeis frege Cora oft ik mei woe nei de buorren om, mocht it noadich wêze, de drogist foar 't ferstân te bringen, dat se in doaze watten ha woe. - Want ik krij myn dagen, sei se tsjuster. Se rûn wat wibelich op hege hakken. De naad fan har glêde, ljochte hoazzen siet kreas rjocht. De gasp fan de sintuur hong tige leech foar de koarte rok mei skerpe, fine ploaikes. It grien huodsje sleat har as in heim om de holle. Yn de winkel krige de frou fan de drogist in pak watten út de glêzen kast efter har brede rêch en sei yn it Dútsk wat de priis wie. It foel my ôf, dat ik Cora net in tsjinst dwaan koe, dat ik frege it frommes: - Bin dy wol goed foar de dagen? In frage sa onskiklik foar ien fan acht yn in wyt matroazebloeske, dat it grouwe wiif koe fan laitsjen hast gjin ‘ja’ mear sizze, en har dochter, dy't odeklonje út in grutte flesse oertape yn lytse, fleach mei de hân foar de mûle de winkel út. - Och, sei Cora, doe't wy werom rûnen, - by ús yn Dútsklân gni- ze se yn dy lytse doarpkes ek healwiis as men gewoan wat freget. Ik ferstie har wurd foar wurd. Ik wie grutsk dat der gjin oar frommes yn de buorren sokke glêde hoazzen en koarte rokken oanhie. En dat ik nêst har rûn, tusken it onsjogge buorrenster folk yn: monsters mei grutte, swaaiende, foaze hohen, dêr't op lokraak eagen yn pjokt wiene, tusken pûsten en pûkels mei fize, lange hierren yn. Efter flardige lippen glimden platte, giele keninetosken. Kaken en kloeren as beesten hiene se en se droegen har lytse, mishipte pocheltsjes of opsette bealgen as fersûpte keallen, op poatsjes sa krûm as hoepeltsjes mei. Sels Jan Krûp mei syn lamme skonken sleepte him troch de berm op syn mei sekken omwuolle knibbels, linend op in koart stokje. En pelysje | |
[pagina 30]
| |
Kraai, dy dead fan pierlala mei syn swarte sabel en healwiis plat petsje, seach nei Cora, as woe er har oppakke. Mar doe't ik him ferm oanseach, brocht er in krûme prikke fan in finger foar ús oan de pet! - Minsken, minsken, sei Cora thús tsjin ús mem,-wat rint der raar folk om yn sa'n doarp. Benaud! Mar goed dat ‘dos Buerle’ by my wie!
Yn it berchplak nêst de treppe nei de sliepkeamer fan Heit en Mem hat Cora in baarnende petroaljelampe delset. It hûs rekket yn 'e brân. Ik draaf mei Cora oer in púnfjild en stjit my de fuotten iepen oan de skerpe stikken stien. Cora stroffelet en komt langút te fallen. Ik boppe op har. Se is waarm en sêft. As ik wer oereingien bin, sjoch ik efter ús, út it sylhouet fan it hûs in hege, puntige flam slaan en in grize reekkolom út it dak opstigen. Cora sit onder it bloed, mar as ik begjinne sil te razen, leit se my de hân op 'e mûle. |
|