Hy hold, mar dan temûk, ek fan wedstrydsporten, benammen fuotbaljen. Fansels net as it op snein wie, mar troch de wike siet ik wolris mei him foar it radiootsje om Ajax-Hearrenfean, of Nederlân-België te folgjen. Wat him yn 'e besnijing hie, wie sûnder mis it lûd fan de ferslachjouwer, it tsjûgenis fan de spulwaarnimmer, kalm en bedaard by it rêstich oannimmen fan 'e bal, fersterkjend yn it passearjen, opkliuwend yn 'e dribbel nei foaren, de hichte krijend yn 'e foarset, mei de útrop fan 'e ûntlading yn it skot op 'e goal.
Sa'n wedstriid hie in soad gemien mei in geve preek. De fuotbalferslachjouwer mocht dan de jefte fan it leauwe misse, de jefte fan it wurd hie er sûnder mis. Dat hy seach wat foar ús ferburgen wie, joech him winliken wol wat fan in profeet.
En yn 'e rêst harken wy nei de gearfetting fan de earste helte, yn in fertroude beriming songen troch Jan de Cler. In liturgy, hast.
Hy koe de heit fan Abe Lenstra noch fan eartiids.
‘Dy minsken wiene fansels poer fan 'e wrâld. Mar likegoed gjin min folk.’
De televyzje kaam der, efteryn 'e jierren sechtich, mar fertrouwe die er him nea. Televyzje. Oan syn tritichste ta bestie it wúrd net iens. Ynearsten hie er it dêr dan ek net op stean. Mei it skerp fan syn timmermanseach op my rjochte, redenearre er:
‘As tele-visie betsjut “fier sjen”, dan heart in fierrekiker sa te hiten. Dy ha wy al en dy hat syn nut bewiisd. Mei sa'n kastke sjochst net fier, makkest net iens sels út watst sjochst. En it ding op himsels sjocht ek net fier, it jout domwei kamerabylden troch. Watte? It benimt minsken it sicht op 'e werklikheid. Wa't fierder sjocht as syn noas lang is, dy nimt gjin televyzje! No sa!’
Dochs bliek de konsesje net te kearen, ek al bleau de tv ‘dat ding’ of ‘it kykkastke’ hjitten.
Us heit folge allinne de EO, it sjoernaal (al koe dat yn mem har eagen ek gjin genede fine, mar dan om't polityk har yn ûnstjoer