relaties?, út 1948, nei alle gedachten in kadootsje fan mem, stiet de ymposante grifformearde klassiker De gemeene gratie, fan Abraham Kuyper. Syn taflecht en útfalsbasis. Yn trijen. Uneinich folle mear as in freon wie er, Abraham de Geweldige fan it griene VU-buske yn de gong. Syn wache hiemhûnekop hong ynliste boppe de doar fan ‘it lokaal’, it ferieningsgebou fan de tsjerke.
Ik tocht as jonkje altyd dat der in flater yn 'e titel stie, dat it De gemeente gratie wêze moast. Pas letter hie ik troch dat bedoeld wurdt dat elkenien syn oandieltsje meipikt fan Gods genede. Hij laat zijn zon opgaan over bozen en goeden. Oer Eabele Skroar krektlikegoed as oer dûmny De Vraay. Oant de jongste dei oanbrekt fansels. Dan sil sa'n fijannige Eabele mei syn geflok noch raar fan 'e bok dreame.
Us heit hat se alle trije mear as ien kear lêzen. Hy wit alles fan ‘de veronderstelde wedergeboorte’. Sit dat no yn syn holle? As treast? Ik blêdzje yn it ‘leerstellig’ en it ‘practisch’ diel fan it standertwurk en lês hoe't, yn it fraachstik fan de ‘koepokinenting’, de Grutte Lieder syn konklúzje dat de tsjinstanners mislaat binne door dwalend inzicht in Gods voorzienig bestel en door miskenning van de gemeene gratie, mei mar leafst acht stellingen ûnderbout. It komt úteinlik allegear del op in nochter argumint: lykast in kat nimst om dy de mûzen út it hûs te hâlden, meist syktekimen brûke om dy de kwaal út 'e lea te jeien.
De skoaldokter sette my it periodike krúske op 'e earm dus mei ús heit syn folsleine ynstimming.
It moat lykwols op ferskate mêden in slim boek foar him west ha. Hat er him sûnder mear skikke kind yn in ûnderwiisfisy dêr't it opliedingsperspektyf yn it foar rjochte wie op respektivelik ‘den gewonen werkman’ (fuortbrocht út ‘de onbeschaafde en ruwe jongens en meisjes’), ‘den middenman’ en boppe-oan ‘den toekomstige chef van groote zaken’, foarm jûn yn efterienfolgjend de ambachtsskoalle, de yndustryskoalle en de technyske skoalle?
‘Homme is tenslotte maar een gewone werkman,’ sei tante