‘Dy dokter Van Toren sei: “Het loopt op het laatst met u,” mar hie dy man it no oer de wachttiid foar it fersoargingshûs?’
Hy himet, ferwachtet gjin antwurd. Syn eachlidden skowe oer de molkige bollen. Smel en skerp riist de noas omheech út it ynfallen gesicht, de bloedblier is in swarte krint op 'e bleke boppelippe. Mar de wangen binn' wer frij fan stoppels. Blykber hat de thússoarchhelp him juster skeard. Yn 'e tearen fan it halsfel sitte in pear skramkes. Hy preuvelet:
‘Ik wit net wat it mankemint... Der sil dochs wol wat oan te dwaan wêze?’
Hy liket kâld. It triljen fan syn ûnderlippe komt fan de sineskuor. Ik helje in tekken fan boppen en lis dy oer him hinne. Urinelucht. Hy soe wosken en ferstrûpt wurde moatte. Syn hoastjen heart as in figuerseage yn in plaat tripleks. Ik bliuw fannacht.
♦
Yn it ferlingde fan syn folslein gelyk yn geastlike kwestjes paste de útspraak fan ús mem:
‘Heit kin alles.’
Dan gong it om syn treflik fakmanskip. Hy die gjin heal wurk, lykas Kroas fan 'e oare kant, dy't op eigen manneboet in dûs oanlein hie. De tute fan in túngieter hie er oan in ein buis soldeard, dat troch de souder fan 'e baaikeamer stuts. As ien derûnder woe, moasten de oaren amers waarm wetter de trep op tôgje, dy't se leechsmieten yn in sinken tobbe dêr't er dy buis op oansletten hie. Us heit die der begrutlik oer.
‘Kroas hat ek krekt in radio,’ sei er. ‘It sil my benije hoe't dý wurket.’
Wiken oanien hie er oan jûns let ta yn it spier west om ús tûntsjehúske te ferfangen troch in echte wc. In twalèt, sei ús mem. Fansels bestienen de flier en de wanden út giele tsiismakkerijtegels, want oerdeis ferboude er it molkfabryk.