Gjalpen klonken op: ‘Jo moatte my helpe, Wisch! De man is in duvel!’ Faak gong it earmoedzjen my troch ieren en sinen. Ik hearde drigeminten as: ‘Dy smjunt, ik riuw him oan de gripe. Dy bloedhûn. Wêrom út de tsjerke my as in bakstien falle?’
Ik wie fjoerbenaud. Ik wist dat ús mem yn 'e keuken siet te triljen fan 'e senuwen. Ik hearde ús heit syn lûd:
‘Sa losse jo it net op, Skiepstra! Jo moatte prate!’
Nei in opljeppende tsierderij klonk syn galmjende foarlêstoan.
Prate, ja, dat diene se, dy boeren mei har stive rêchbonken en har oanfretten stimmen, mar dan allinne tsjin ús heit. Se kamen om ferhaal te heljen, se spuiden har galle. En hy, de jeugdige âlderling mei it timmermanseach, die syn bêst om arguminten neist elkoar te lizzen, minne steeën oan te toanen, nije ferbannen oan te bringen. De oare moarns stonk de keamer nei sigarereek en dong. En ús heit rûn yn 'e hûs om, grommeljend yn himsels, blêdzjend yn De gemeene gratie en hy makke notysjes. Under iten klage er oer de dûmny, dy't de koal en de geit sparje woe. Mem frege, wylst se my mei in skean each oanmike:
‘Is Skiepstra de geit?’
Syn mûule klapte ticht. De kleuren sloegen har út. Se mijde him fierder as in bleatlizzende heechspanningskabel.
Hy twong in koart duorjend bestân ôf mei it wizen op de kondysjes dy't ferbûn wiene oan it tsjerkelidmaatskip, dêr't ommers zonen van hetzelfde huis als broeders samenwonen. Hy hold de partijen foar dat se har ivich heil yn 'e skealjen stelden, as it drinken út de beker en it iten fan 'e bôle oan it ‘Heilig Avondmaal’ ‘ûnweardich’ barde. Doe't er seach dat er it net mear yn 'e hân hie, makke er, sels yn 'e knipe brocht, taspilingen op it yn wurking setten fan 'e tsjerklike tucht. Doe wiisde it noch maler. Boerefeten wiene de tsjerke no ienris oermânsk. De frede bleau bûten berik. By beide partijen makke er him ûnmooglik.
Doe't ik ris mei him de toer op moast om eat oan in omgong te reparearjen, en útseach oer de Lege Midden, mei dy stille oranje dakken as it stjerrebyld Grutte Bear yn 'e griene flakte, realisearre