| |
| |
| |
Wilte en de oaren
En doe kaam dan, sa't dat hjit, Wilte yn myn libben. Ik skromje syn fàn te neamen, want der binne, haw ik my fertelle litten, yn Fryslân mar in stikmennich fan dy typyske baggerfamyljes, fiif of seis. En ik soe der spul mei krije kinne. Nammers ek, as ik de namme ferswij. Goed, ik feroarje him dus wat. Sis mar: Akkerbol, Wilte Akkerbol. Rûch folk - rûch yn it wurk, rûch yn 'e mûle, rûch mei it jild. Gol en goed fan hert, moat ik der by sizze, ik haw it sels ûnderfûn. Bêste kjirls, as it goed falt, meunsters, frekkelingen, as men se ta fijân hat. Ik hie al in pear kear yn 'e fierte dy mânske grize arke lizzen sjoen, efter de pleats út, op 'e krusing fan 'e Simensleat en it Nije Kanaal. En fierderop puften lytse feninige reekwolkjes fan de baggermole en as ik goed taseach, koe ik de ammerkes mei blabber omheech- en wer delskowen sjen. Gjin ding om lang by stil te stean. Mar op in jûntiid - it liket op in boek dat ik ris lêzen haw - stie dan ien fan dat folkje by ús foar de syddoar. Us heit wie net thús - dy siet earne op in provinsiaal argyf yn Oerisel of Gelderlân, dy kanten út, en ik hie it ryk allinne. Jûns nei tsienen ferwachtsje 'k nòch minder folk om 'e doarren as
| |
| |
oerdei al, dat ik siet yn 'e nachtklean, om krekt te wêzen yn in broekje en in blauwe peignoir, noch wat yn tydskriften om te blêdzjen, mei sêfte radio-muzyk op 'e eftergrûn, B.B.C. En dêr stie dan dy man, feint, jongkeardel, wat moat ik sizze? Koe ik him faaks ek oan in pear mingelen molke helpe, foar in kear?
Ik stie yn bestân en ferwiis him nei Libbe van der Lei, yn it hûs neist oan de buorren. Mar ik tocht: dit is in man - en ik hie genôch romans lêzen om fan sa'n út 'e loft fallen man yn 'e geast daliks in roman en, as 't wat wie en wat woe, in romance te meitsjen. Unnoazele Eelkje wie op har iepenst, hja stie op skerp. Ik sei: Kom mar efkes yn 'e keamer, ik bin der net sa op klaaid om guods te ûntfangen, mar jo nimme 't wol foar leaf? Yn 't healtsjuster tante ik him efkes mei de eagen. Net sa gek, wist ik. En hy rûn braaf efter my oan nei de mulkeamer.
Ik fielde dat er my mei ynteressearre eagen beseach; dat er him ferlustige, dat er my opfriet wol ik fuortdaliks net sizze, want hy like de skrutene kant it neist en ek wat beskamme yn 't earstoan, benammen doe't ik by 't sitten gean myn knibbels oer elkoar sloech en dêrby justjes de peignoir iepenfalle liet, net earlik oan de grins fan myn broekje ta.
Hy sette wat stammerjend út 'e ein mei it ferhaal dat de molke harren soer wurden wie. Ik begriep út syn wurden dat se mei har fjouweren as bruorren mei noch wat los wurkfolk út 'e krite yn 'e Si- | |
| |
| |
| |
mensleat oan 't baggerjen wiene, en dat se dêr ek fjouweresom yn dy arke húsmannen. Ik skarrele yn 'e kelder om en fûn in ammerke mei in mingel as trije, dat ik foar him delsette.
Wat binne de kosten, frege er. Hy seach my oan en ik fielde dat er belangstelling hie foar de boppe-ynhâld fan myn peignoir. Ik die de tippen fan de kraach sedich ticht en seach him oan.
Dit kostet neat, sei ik. In buorljustsjinst.
Hy krige in kaam en skonke it paad werom nei de efterhûsdoar, hy taaste al nei de kruk.
Jo hoege om my net sa hastich fuort, sei ik. Ik bin allinne thús.
Hy liet fan skrik suver it ammerke falle, de drippen sloegen oer de râne. Hy dipte se op mei de bûsdoek. Hy wist net hoe't er der mei oan soe, hy mompele wat fan: soa allinne thús. Hy wie wer read om 'e holle, mar dat koe ek fan it bûgjen komme. It loek gau wer by.
Jawis, sei ik. Poer allinne thús. Ik mei der wol oer, samar in jûnprater. Of hawwe jim dêrjinsen sa'n sin oan dy groattenbrij?
De earme jonge, ik hie him alhiel yn 'e skjirre, hy koe gjin kant út en wist net wêr't er sjen soe, dêr mei de kruk yn 'e iene hân en it skommeljende ammerke yn 'e oare. Mar doe't er dan weromkomme soe, heal en heal fan doel om no dochs mar ta de jûnpraterij of mèar oer te gean, hie ik ynienen, as wie 't by ynstinkt, myn hâlding fan ûnnoazele Eelkje werom. Hy wie der al wer glêd mei oan, en ik tocht, ik sil dy wol krije. Op it spek
| |
| |
bine, jawol, mar earst sels prikken yn 't wurk sette, heite. Neat foar neat.
En ik hie myn slinger as in dief him dêr sa skutterjen en skodzjen te sjen mei syn ammerke, dêr't ûnder de hân wol in healmingel ta'nút puozze wie. Jonkje moat nei hûs ta gean en ammerke molke thúsbringe, sei ik, sa bernich-ûnnoazel as ik mar koe.
Jonkje muozzet, sûnde fan 'e molke.
Hy moat it idee hân hawwe dat er mei in folsleine debyl te dwaan hie. Hy seach my oan as hie him in njirre biten en wist oars net te sizzen as:
Ik hjit fan Wilte.
Moaie namme, sei ik. Moaie namme foar sa'n aardich feintsje. Moat gau nei hûs ta gean. Moat moarn wer betiid baggerje.
Hy stie noch efkes frjemd midden oer de wrâld mei syn ammerke, pakte doe de kruk fan de doar fannijs beet en sei sa ûnhandich as it mar koe: No, dan gean ik mar. No goeie.
Goeie, sei ik, en foarsichtich by 't wetter.
Yn 't efterhûs hearde ik him noch wat mompeljen en efkes letter seach ik syn skym troch it apelhôf stoatskaven, wierskynlik mei wer in mingel minder, en yn it tsjuster weiwurden. Dy sit, tocht ik, ien-nul, dy komt wol wer, as er ta besleur kommen is. As er in kjirl is. Want ik wist dat ik dwers troch ûnnoazele Eelkje ek noch in oar skepsel Gods skimerje litten hie, dat fan de bleate knibbels en heger ta de peignoir út, in foege femme fatale. Jûn op bêd, yn dy arke, soed er de fingers nei my
| |
| |
slikje. En hy soe it nochris goed yn him omgean litte. Dy komt wol wer.
En jawol, de oare jûns, justjes earder, foar njoggenen, dêr wie ús maat al. Mei it lege ammerke. Hy hie der grif goed oer neitocht, dy Wilte, en syn hâlding joech blyk fan frij wat mear bravoer as de foarrige jûns. Faaks hat er him wol in romerfol moed yndronken, al koe ik de rook net fernimme. Mooglik hied er oer dy frjemde dochter fan Lyklama Taconis, de gelearde boer, syn ljocht opstutsen yn it doarp of by syn eigen los baggerfolk, en wied er te witten kommen wat krûdich fleis as er yn 'e kûpe hie: ûnnoazele Eelkje, mar it bilwurk is bêst en wawit is der yn it fleislike it ien en oar mei te belibjen. It kin sachs besocht wurde. Ek wol modder oan 'e kloet, yn 't foarbygean sein.
De molke al wer soer wurden? sei ik, wat niteljend, mar diskear net ûnnoazel. Tsja, dat wol wol mei sokke brodzige foarjiersdagen.
No, hy wie in pear klassen better op it wurd beret, mar ek op 'e die. Ik moast him tebek hâlde. Hannen thús, heite, sei ik, wy moatte elkoar earst wat better kennen leare.
Hy wie efkes ferstuivere, doe't er seach dat er diskear ûnnoazele Eelkje net foar him hie, al wist er meskien, lykas ik dat wist, dat se elk stuit wer op it toaniel ferskine koe. Mar hy moast der ek oan wenne, dat ik net yn 'e nachtklean wie, gewoan yn trui en rokje en op toffels. Sa echt húslik, in spinnende poes. Ik sei:
| |
| |
Do moatst kalmoan, ús heit is net thús, mar hy kin mei de lêste bus oankomme en ik wol gjin gedonder hawwe, begrypste? Gjin risiko's. Feilichheid foar alles.
Hy lake wat sullich en hâlde syn pipen yn 'e sek. Hy gyng by de tafel sitten en ik liet him prate. Hy kaam al gau los, en ûntjoech him alhiel by de thee dêr't ik him royaal mei boarnde en by de kalme reek fan de sigaar dy't ik him presentearre út heite kistke-foar-sneupers.
En earlik, hy foel my net ôf - rûch yn 'e mûle, ûnbeslipe en ûnbesnien, mar hy hie goedbesjoen ûnder it heldere lampeljocht wol in aardige, kreaze kop, en yn dy kop in pear guodlike, ûnskuldige helder-blauwe eagen, net al te snoad meskien, mar wol blier, eagen dy't frij en moedich de wrâld yn seagen, eagen foar wetter, fjilden en romte. En djip yn my wâle al wat omheech fan tagedienens en mooglik in lichte ferealens op it earste gesicht (it twadde dan), mar ek, ik konstatearre it net alhiel sûnder noed, ek wat fan de gefoelens dy't ik earder by master Boar syn manipulaasjes hân hie, en, mei minder bittere bysmaak, by de feint fan myn slûperke yn 'e stêd. Mar no suverder, edeler, om sa te sizzen, earlik wier. Goed, ik hie sûnder mis mear ferstân krige mei de jierren, ik soe net mear samar alles mei my útfrette litte. Mar hoe't men it ek beseach, ik wie noch faam, ik wie noch net ûntfamme en ik wie as ik it sa sizze mei, mei of sûnder ‘dus’, in tekoartkommene oan libben's dis, ik hie lang om let it rjocht om mysels te wê- | |
| |
zen, om de ferantwurding foar myn eigen dieden op my te nimmen, frij en feardich. Dit wie yn alle gefallen in man - it wie in oannimlike jonge man, in tikkeltsje eigenwiis, in bytsje in barbaar meskien, mar hy hie gjin trouring wei te slûkjen, lykas dy stedman, en hy roek net nei swit en âlde sigaren, lykas master Boar, hy roek nei skearsjippe en hy wie kreas yn 'e ferklaaiersklean. Syn praat wie wol besteklik en hy joech my in kleurich en libben byld fan it baggerbestean, in byld dat gâns gefoelens yn my wekker rôp. Dizze simmer sieten se hjir noch, oant ein septimber heal oktober ta, takomme jier yn Egypte, sei er, yn it Suezkanaal. In grut kerwei, dêr't hy en syn âldste broer Fokke de lieding by ha soene. Sadat sels, as ik wist wa't dat wie, hie de hân der yn hân, dat sij dit kerwei krigen en net de konkurrearjende firma út Rotterdam-Sliedrecht. In miljoeneprojekt, út te beteljen yn hurde valuta, yn Amerikaanske dollars.
Murk en Ipe gyngen dan mei har heit, haad fan de firma, nei Súd-Frankryk, dêr't se ek in put oannommen hiene. Beide ploegen mei grut en gloednij materiëel, en eigen sleperij. Ik moast - en dat hie ik sels ek al field - dat bedriuw beleaven net ûnderskatte. Gâns folk yn it wurk. Jo seagen wat fan 'e wrâld en it wie in bêste breawinning. In goudmyn, sis mar. Dit hjirre, yn 'e Simensleat, dat wie mar sa'n tuskenputsje, mei lyts en ferâldere materiëel, om't der tafallich op dit stuit krekt net wat betters wie, moai meinommen, mar oars
| |
| |
| |
| |
justjes te min foar de standing fan harren firma. En út syn portefeuille helle er foto's fan grutte baggermasinen en bokken en kranen en lichters en machtige grypmeunsters, allegear mei de firmanamme A.J. Akkerbol en Zonen yn mânske geve wite letters der op. Ik koe 't mar sjen en my oertsjûgje dat er net, teminsten net slìm opsnijde. En hy kaam ticht by my om op 'e foto's dingen oan te wizen: Dat bin ik en dat is ús Murk en dêre Fokke. En dy sleper dat is de Wâldfeart III.
Der waaide in frjemde, wide wyn oer myn nearzich en fan erflike tûkelteammen teheistere besteantsje hinne. De wyn fan wrâldseeën en kontininten. Unnoazele Eelkje, alhiel net ûnnoazel op dit stuit, roek it aventoer, roek de fierte en de frijheid en it libben. Se hie yn in blomlêzinkje út 'e bibliotheek de fersen lêzen fan in ferneamd Hollânsk dichter: ‘Ik had het leven me anders voorgesteld, Meer als een spel van nauw betoomde krachten’. Dy wurden spoeken har aloan, ek no, troch de holle. Hja roek Egypte en de Nyl en de palmen en de woastyn en de Reade See. En ik kin it net helpe, it skeamele bytsje sûn ferstân dat de jierren my bybrocht hiene raande wei as snie yn 'e sinne en ik liet ta dat er syn grutte, ilige hannen op myn boarsten lei, ynearsten noch oan de bûtenkant fan myn wide trui, en syn knibbel tusken mines ynwrotte. Hy soe syn earste wurdsjes fan echte of net echte, mar yn alle gefallen oerstjoere ferleafdens yn myn wachtsjend ear stammerje.
Op dat momint hearde ik de bus fan tsien oere
| |
| |
piipjend stilhâlden. Dat koe mar ien ding betsjutte: ús heit thús. Panyk.
Sjoch as de bliksem datst hjir wei komst, sei ik, him fan my ôftriuwend. En mei syn hân yn mines late ik him troch it tsjustere gonkje nei it efterhûs, troch de doar nei it bûthús. Fierder koed er it wol fine. Hy besocht noch hastich my in tút fan ôfskied ta te mikken, mar dat mislearre yn it tsjuster, hy stjitte syn hurde, earlike kop mei in holklinkende boems tsjin in ljedder oan en flokte súntsjes yn himsels. In bûde as in aai, rette ik. En doe hearde ik de foardoar iepengean. Ein fan it aventoer, ik trille op 'e skonken en flechte hastich nei de w.c. dêr't ik my mei bûnzjend hert deljoech.
Doe't ik dêr nei gâns in skoft wei kaam, hie ik myn positiven wer by elkoar. Ik skarrele op myn gemak nei de wenkeamer. It earste wat ús heit sei, wizend nei theekop en jiskepantsje: Hasto hjir immen hân te smoken? wist ik beret op te heinen mei in optocht ferhaaltsje oer in mynhear Andringa, in wittenskiplik sneuper, dy't hjir west hie en in sigaar smookt hie, mar noch gjin tsien minuten lyn yn syn auto fuortriden om't er noch fierderop moast. Kaam om ynljochtingen oer in famyljekwestje. Sei, hy soe wolris wer delkomme, it hie sasear gjin haast, mar hy moast hjir krekt yn 'e omkriten wêze en hie tocht... Dy namme Andringa wie in gok fan my, der wie fansels altyd kâns dat der yndied in sneupersman Andringa bestie.
| |
| |
Oars noch nijs? frege ús heit. Klearste bewiis dat er oer myn antwurd net fierder neitocht.
Ikke net, sei ik. En as heit ek neat te fertellen hat, gean ik mar nei boppen.
Hy grommele wat en taaste nei it pakje post, dat âlderwenst op 'e hoeke fan 'e theetafel reelei foar syn hastich gripende fingers, tydskriften en wittenskiplike brieven út alle kontreien, in boek fan in antikwariaat út Den Haach. Yn 'e koken makke ik hastich in kop kofje en in pear stikken bôle foar him klear. Moat heit gau wer fuort? frege ik noch.
Foarlopich net, sei er, blazend yn 'e hjitte kofje. Earst oantekens útwurkje. Fan 't hjerst meskien wer. Wit noch net. Meskien in dei. Hoedatsa? O nee, neat, sei ik. Samar.
Mar ik wist, dit betsjutte de ein fan it aventoer, dat noch net iens begûn wie. Teloarstelling sloech yn my del, in bitter gefoel yn 'e kiel. Unnoazele Eelkje hie de boat wer ris mist. En mei wrangens tocht ik oan Wilte Akkerbol, dy't sûnder mis in oannimlike fint wie, in aventoerier, in man fan ‘nauw betoomde krachten’, in wrâldreizger dy't nei Egypte soe en de piramiden sjen en mooglik mei Sadat sels fûstkje en konferearje. In man dy't de sûnde en it ferried (hokker ferried?) wurdich wie. Mar ek ien dy't my, as alles goed besloech, en wêrom soe dat net, meinimme koe de fierte yn, los fan al myn bittere ûnderfiningen, los fan myn ferline en myn foar f aars. En wylst ik dêr sa boppe op myn keammerke stie en ta it rútsje út seach en hiel
| |
| |
yn 'e fierte de ljochte rútsjes fan de baggerarke waarnimme koe, betocht ik, dat myn aventoer hjirmei net einigje mocht. Ik hie Wilte ta de doar útjage, oft it nedich west hie of net. It wie bard. Us heit bleau ynearsten thús, dus gjin gelegenheid om him wer thús te ûntfangen. It doarp of syn baggerfolk soe him wol ferdútst hawwe dat Lyklama Taconis gjin maklik hear wie, ien dy't gjin strunerij om syn dochter om 'e doarren ferneare koe. It begjint al aardich op in echte boereroman te lykjen, tocht ik. Ik hie wolris om dat soarte ûnwierskynlike ferhalen gnyske. Mar it gekke wie, dat sokke dingen dus dochs foarkamen, al wie 't mei in justjes oare beljochting, mei oare aksinten as dy skriuwers oer beskikke. Ik wist net iens mei wissichheid oft ús heit op in houlik fan my en Wilte tsjin wêze soe. Der hie nea praat fan west, ik bin der sa goed as wis fan dat hy der noait ien momint by stilstien hat, by de mooglikheid allinne mar dat ik ferkearing krige. Mar goed, hoe't ús heit ek oer sok ding tinke mocht, hy, Wilte, kaam út himsels net wer. Ik moast de ko by de hoarnen nimme. Ik bin gek, as ik it hjir by lit, tocht ik. Ik moat op myn iepenst wêze, waar foar myn jild, jild foar myn waar. En wer seach ik de wat domeftige, mar heldere en earlike eagen fan Wilte Akkerbol foar my en roek ik de skearsjippe dy't om him hinne sweefde, ik fielde wer syn stevige knibbel tusken myn kûten, syn hân op myn boarsten, en yn mines by it slûpen troch dat gonkje, stilstikem-iens; ik waard der in bytsje dwyl fan, in
| |
| |
bytsje dronken. En doe wist ik ynienen wat ik net dwaan mocht en àl dwaan soe. Unnoazele Eelkje dy't al har sedichheid ôfleit en har bejout yn it tsjuster eksploat dêr't se, hoe ek besjoen, mei har twaëntweintich jier rjocht op hat, mar dat har fansels neat as skande en fernedering bringe kin, om't hja no ienris ûnnoazele Eelkje is en nimmen oars. Oer de bûthússouder, de ljedder del en sa fierder, ien twa skoattels los, der wie gjin keunst oan, it gyng fansels en like fansels soe ik it paad werom fine.
In hege loft fol stjerren bôge oer it fjild en it roek nei folle maitiid, in iere boer hie al oan 't meanen west. Troch it justjes wiete gers rûn ik, sloep ik, wat moat ik sizze, en as der in God is dy't my gean sjoen hat, dan hat er meskien efkes skodholle, mar fyn gnyskjend preuvele: se is âld en wiis genôch. Ik lit har mar tippelje.
It ljocht yn 'e arke barnde noch en troch de bewazeme glêzen seach ik dy fjouwer koppen om in tafel hinne. De mannen wiene oan 't kaarten. Ik rûn oer it steigerke en kloppe op 'e doar. Ik trille op 'e skonken.
Is Wilte der ek? rôp ik. Ik bin it, Eelkje Taconis. Ik sei it tsjin ien fan de koppen dy't troch it doarke stiek.
Wilte, in froumins foar dy, raasde de kop werom, de arke yn. Haha, gauwer ast tocht hieste. Dy lit der gjin gers oer groeie!
In pear tellen letter stie ik yn 'e arke, dy't grutter, royaalder, lúkser wie as ik tocht hie en boppedat
| |
| |
foar in manljushúshâlding ridlik skjin en kreas oprêden. Mooglik hiene se in arbeidster út it doarp.
Ik kin net sizze dat de fjouwer mannen my begroeten en ûntfongen mei alle ferfine earbewiis dêr't in Lyklama Taconis, wawit in Hobbema van Lyklama ensafh., rjocht op hat. Der waard noch al wat flokt, godferdomme foar en nei. En Wilte, foar wa't de ear fan myn kommen bedoeld wie, like der net iens sa gleon op te wêzen. Hy siet wat mei de situaasje oanklaud, hy hie meskien ek net alles tsjin syn bruorren sein, der bygelyks wat by of ôf liigd, mooglik in te geunstich byld ophongen fan myn moaiens. Faaks wied er bang foar de wrede krityk fan syn bruorren, ik wit it net. Rûch folk, tocht ik, en de gûnen en ryksdaalders en tsientsjebriefkes op it taffeltsje litte wol sjen dat it hjir mei it jild ek rûch om- en tagiet, al heart dat jild fansels ûnder ien grutte, machtige firma.
Ik sil net alles fan dy eigenaardige jûn fertelle. Ik soe 't ek net kinne, want der kaam al gau in jeneverkrûk op 'e tafel te stean en se hiene dêr foar my fansels gjin mylde frouljusdrankjes yn foarrie. Wa rekkent op soks, hjir op 'e iensume romte. Ik woe my net kenne litte. Frou fan de wrâld, tocht ik, no of noait! Nammers nei oardel romer wist ik al amper mear wêr't en wa't ik wie. Mar gesellich wie it wol. Feestlik, suver. Der draaide in âld koffergrammofoan mei sentimintele seemanslietsjes en militaire marsen, en de mannen diene alle fjouwer, Wilte, Murk, Fokke en Ipe, har bêst der wat
| |
| |
bysûnders en benammen wat lûdroftichs fan te meitsjen. Fjouwer bruorren, fjouwer gelikense koppen, de iene allinne wat âlder en grouwer as de oare, mar allegear mei lûde basstimmen, royale laits en hytsige eagen. Ik wie om sa te sizzen yn in manneparadys. Letter tocht ik: nee, earder yn in dieretún, der hong yn dy fjouwermansarke in rôfdierelucht, lykas men jin dat foarstelt yn in liuwekouwe. Mar men wende der oan. En it wie net allinne Wilte dy't my graach lij e mocht - ik hie sels dizichwei de yndruk dat er wat op 'e eftergrûn rekke en dat benammen Fokke him tige nei myn geunsten flijde. Mar troch al dy reek fan swiere shagsigaretten en troch dy trije fjouwer romers haw ik net alles helder mear sjoen, it beweegde en draaide my slim foar de eagen. Bytiden sonk ik hast wei yn in soarte fan widzjende sliep, as wie ik op in skip - no ja, dat wie 'k ek, mar dan ien op folle see op reis nei Egypte, yn swiere dining, de flier stie soms rjochtoerein yn myn koartsige ferbylding en de koppen fan de fjouwer mannen raanden troch inoar hinne ta ien en tearden dan wer út elkoar. Mar de man dy't op 't lêst mei my oerbleau, wie sûnder mis Wilte. Hy sette in kop sterke kof je en ik kaam wer wat ta myn sûp en stút. Ik koe him wer. Hy prate folle minder as de jûns by my thús, hy brette no op dieden. Mar hy wist net rjocht hoe't er it ha moast, en ik wie sa fier net hinne of ik holp him in hantsje. De remmen wiene los by my, dat koe de swarte kof je ek net ferhelpe. En doe't er op 't lêst mei knoffelige
| |
| |
| |
| |
hannen de knoopkes fan myn trui en de rits fan 'e rok losloek en in skoft oan oare mear ferburgen stikjes technyk siet te nifeljen, en my dan delflijde op in sydbank, nei't er it butagasljocht mei triljende hannen útlutsen hie, - doe hie ik frede mei alles. Ik ûndergyng syn begearich oer myn neakenens taastende hjitte hannen, syn snuven yn ferhoalenheden en de stoarmwyn fan syn manwêzen as in freugde op himsels - wêr soe 'k my foar skamje? - mar ik ûndergyng it ek, frjemdernôch: helder bewust, as in wraak op ús heit en syn foarfaars, as in triomf oer it beskimmele bestean fan ûnnoazele Eelkje. ‘Nauw betoomde krachten’, tocht ik. Dat is it. En op it stuit, it hichtepunt dat er my naam, my ynnaam, fielde ik my in oar, in nij-berne minske, in folsleine frou op ierde, op 'e heechste top fan har lichaamlik en geastlik wolwêzen. Unnoazele Eelkje bestie net mear, dreau fier efter my, dobbere fuort op 'e weagen fan it ferline. Ik gyng iepen, letterlik en yn 't figuerlike.
Guon dy't dit lêze, sille har der oer fernuverje dat in frou soks samar yn in skrift opskriuwt. It liket - dêrfoar haw ik genôch yn 'e wrâld fan 'e boeken omsneupt - in foarrjocht fan de man om dy triomf swart op wyt en ûnbewimpele del te skriuwen. No, ik doch it dus as frou. En ik sis der planút by dat ik gjin lêst hie en ek noait hân ha fan skamte- en sûndegefoelens dy't dy ferflokte master Boar besocht hie my yn te skunen, en dy't ûnder ús folk, kristen en fan-alles-neat, foar goed fatsoen fersliten wurde. Hy lei op my, Wilte, en ik
| |
| |
fûn it allinne mar machtich. Machtich en grut. En nei dy earste kear en in skoft sûzjen en streakjen en wurdsjes flústerjen en harkjen nei in nachtlike fûgelskreau, in twadde kear, like machtich en grut. En doe't er fan my ôfglied en yn in djippe sliep weisonk, streamde in fielen fan rêst en sillichheid troch my hinne. Wilte, ik hâld fan dy, tocht ik, en ik gean noait wer by dy wei, ik gean op in skip nei Egypte, op in dreamskip nei alle wrâld's iggen en einen. Ik loek in tekken oer syn beswitte, gloeiende lea en ik fielde, yn it tsjuster, dat er yn syn sliep glimke. Wilte, myn man, tocht ik. Oer wat de lju ‘gefolgen’ neame, haw ik net yn noed sitten. Men moat ek wat oerlitte - en wat dan nòch?
Hoe't ik dy nacht thúskommen bin, wit ik net mear. Mar ik haw it paad fûn troch it bûthús, de ljedder op en oer de souder werom en ik moat lein hawwe doe't de dage goed en wol oer de loft gyng. Wurch wie ik, mar myn aventoer joech my in befrediging en in frede dy't ik nea kend hie. En doe't ús heit de oare moarns ûnder oan de treppen stie te roppen om thee en bôle, ferachte ik him mear en tagelyk minder as ik ea dien hie. Hy wie op in grutter ôfstân kommen. Ik wie mysels wurden. De kop gûnze my, mar hy krige syn gerak en frege nearne net nei. Dat ik bleek en slûch wie, seach er net.
Dat gyng sa in wike of wat, dy iere simmers of lette maitiid. It mei in wûnder hjitte dat ús heit neat fan myn nachtlike reizen fernommen hat noch,
| |
| |
nim ik oan, immen oars. Mar ik wie liep yn dy dingen en it tafal sil my ek wol holpen hawwe, ik hie rjocht op in bytsje tafal, op in hoedingel. Hoe dan ek, om 'e oare nacht reizge ik it lân troch nei de arke fan de Akkerbollen en belibbe de lust dy't altyd al yn myn lichem, yn myn bloed reelein hie. It hie om my altyd sa bliuwe kind, ik wist fan gjin ophâlden. Mar it wie Wilte soms te folle mânsk, hy koe it net mear oan. Hy foel yn 'e sliep ear't der wat bard wie. En hoe't it krekt allegear lei, wit ik net - op in nacht wie Wilte der net. Se wiene mei har trijen, Fokke, Murk en Ipe, der wie wer aardich drank, ik koe der no better oer, miende ik. De rôfdierelucht wie ik alhiel oan wend en ek oan de rook fan swiere sigaretten. En it wie diskear Fokke dy't mei my oerbleau, doe't de beide oaren stommeljend en grommeljend in sliepstee opsochten. Ik moat en sil wol tsjiniggewearre hawwe - ik woe Wilte trou bliuwe, hy hie rjochten op my en ik op him en syn geheimsinnige ôfwêzichheid lei my as bitterheid yn 'e kiel. Mar ik hie gjin ferwar mear yn my en joech my oer. Ik fielde oan de hiele atmosfear dat der rûzje west hie yn 'e arke, dat dizze fjouwer bruorren, alle fjouwer like sterk, brokken fleis en spier en bonken, hjitte kjirls mei pôlen hier op it boarst en oeral en mei wrede knûsten en hurde yn waar en wyn, alle fjouwer fan dy stoarmwinen, ûnder elkoar spul hân hiene, en ik fielde ek dat ik mei dat spul te meitsjen hie, ik likefolle as de ôfwêzige Wilte. Ik seach it oan de loerende eagen, de begearige
| |
| |
mûlen, oan de wize werop sûnder syn namme te neamen oer Wilte praat waard - leechlizzend, spytgnyskjend, haatlik, oer boppe de meuch gean en foar pampus lizzen en mear fan soks. Der wie in sfear fan fijanskip en ik wist dat ik my teskoar sette moast tsjin in ûnbekend, riedselich ûnheil. En doe't Fokke my oermastere, sûnder plichtplegingen, rjocht op it ienfâldich doel ôf, sûnder in swymke fan boarterij of tarieding yn acht te nimmen, doe wist ik dizichwei dat se my gewoan behannelen neffens myn reputaasje fan ûnnoazele Eelkje, in gleie en geile fodze dy't fan 'e iene hân yn 'e oare oergiet, keapmanswaar sûnder wearde. Meskien hawwe se om my dobbele wa't no syn gerak by my hawwe soe, of hat Fokke syn âldste rjochten jilde litten, om te toanen wat er mânsk wie. Hy naam my en knoeide my, hy dyng my sear en ferplettere my suver ûnder de plompe massa fan syn hierrige bealch. Ik koe my mei de bêste wil net lokkich en net noflik fiele. Ik fielde my ferret en ferrifele, ta skande makke.
Smoarch en goar. Foar de earste kear doek yn myn wazich brein it wurd sûnde op, mar ik treau it by my wei en besocht neist de ferheftich snoarkjende Fokke, dy't my amper plak liet op 'e smelle bank, yn 'e sliep te fallen. Ik sûze allinne mar wat. En doe't ik, midden yn 'e nacht, oereingyng om de klean oan te lûken oer myn einefel, waard Fokke grânzgjend wekker en soe fannijs oer my gear. Mar ik stie al en socht myn spullen by elkoar mei in lúsjefers yn it tsjuster, knoffeljend tsjin tafel en
| |
| |
| |
| |
stuollen. Ik wie klear wekker, mei in opkommend gefoel fan wanhoop en besef dat ik al myn rjochten ferspile hie en al myn kânsen op in better libben. Ik sei dat ik nei hûs woe en frege nei Wilte. Fokke bromde ferachtlik, sokssawat fan: donderje dan mar op. Hy wie gjin minnaar, allinne mar in hufter, in woasteling, in brút, en hy draaide him gnoarjend om as in baarch yn 'e blabber. Ik flechte oer de steiger en troch it lân, as siet de kweade my op 'e hakken, ik doarst net om te sjen. In pear dagen letter bin ik der dochs wer hinne reizge, ik hie gjin rêst, it wie om Wilte. Mar it waard Murk, Fokke hie gjin belang mear - it like in ôfsprutsen saak. Meskien wie it Ipe ek wol, ik hie it ûnderskied al frijwat ferlern, der kaam doffe ûnferskillichheid en fielen fan needlot oer my. As Wilte my dan stikke liet, my de woastyn ynjage, moast mar barre wat barre woe. Ik naam wraak op him, gjin swiete mar bittere wraak. Dus dòchs Deboara! Ik boarte de ûnnoazele. As se my dan sa sjen woene, soe ik ek sa wêze. En Wilte seach ik net werom, dy soe earne oars tahâlde, yn it doarp, yn in kosthûs - it fine derfan kaam ik net oan 'e weet en ik frege ek mar net mear.
Ik moat yn dy tiid bûten mysels libbe hawwe. Mei ferstân besjoen - en ik wie der wis fan dat ik dat hie of alteast hân hie - koe dit gjin kant mear út, ik liende my út as in slet en ik moat der ek lichaamlik ûnder te lij en hân hawwe: oeral blauplakken en biten yn 't skouder. Murk of Ipe, wa't it dan mar wie, wie sa'n biter, dy frijde mei tosken
| |
| |
en kloeren en skonken en briek my suver de rêchbonke midstwa.
Mar der wie mèar. Ik fernaam dat ik yn it doarp oer de tonge gyng, dat der iepenlik om my spytgnyske en nei my wiisd waard. Hoe soe 't ek oars, tocht ik, ûnnoazele Eelkje dy't har ta spot fan de wrâld behuorkje lit, hoe soe soks ek stilbliuwe? De mannen hawwe har de bek net hâlde kinnen, dy briefkje it gnizend mei pikante bysûnderheden en al oer oan elk dy't it mar hearre wol. Hie ik dan oars ferwachte? En ik socht Wilte, ik hope op in dei tsjin him oan te rinnen en alles út te lizzen, earlik te bycht en byneed foar him troch de knibbels te gean, troch it slyk te krûpen. Hy wie de iennichste fan de fjouwer dêr't ik foar fielde, dêr't ik my oan ferbûn wist, de minsklikste en earlikste, de gefoelichste ek, as ik it sa neame mei. Dy't ik - toemar: it grutte wurd - leaf hie en dêr't ik gewoan mei trouwe wold hie en noch woe, stambeam of net, en bern fan krije en mei nei Egypte. Hy moast ek fan my hâlden hawwe, dêr wie ik wis fan. Hy wie de iennichste fan de fjouwer dy't bettere en sêftere gefoelens koe. Goedbesjoen, it feit dat er him weromlutsen hie, pleite foar him, foar syn geef aard en syn minsklikheid. Hy woe net as in beest libje dêre yn dy brodzige arke dêr't allinne it fleis feest fierde. Hy woe my net mei oaren diele, hy woe my net as in hoer behannelje. Fokke, hearde ik no, wie troud, hie frou en bern om fierrens sitten. Hy wie it grutste beest fan de fjouwer. Hy liet myn lichem langer wol mei rêst, mar narre
| |
| |
my, behannele my as in fodde, wâde mei flokken en plompe taspilingen oer myn lêste stealtsje selsrespekt hinne en spile my gnyskjend as in geile aap yn 'e hannen fan syn beide bruorren, dy't soms om my kreauden. En ik wearzge fan mysels en beseach myn lichem yn 'e spegel, dat de spoaren droech fan wrede wrakseling. Bin ik dat? tocht ik dan. Bern fan sûnde? Sûnde? Och nee, dochs net - dommens, ûnferstân - needlot meskien? Mar it kin sa net langer, it moat ophâlde, hjoed noch. Net hinnegean. En yndied ferskynde ik minder faak yn 'e arke, ien kear yn oardel wike net.
En doe kaam de dei dat ik wissichheid hie, ik wie yn ferwachting. Ik wie gâns oer de tiid, dat sei net sa folle, ik hie de lêste tiden iderkear yn 'e war west, troch al dy spanningen, mar no in pear moarntiden spuide ik as in ielreager alles der út wat ik yn 't liif hie. Mislik as in kat. Ik hie witte moatten dat dit komme soe, alteast der rekken mei hâlde kinnen. Mar de rûs hie my oerstjalpe en ik hie altyd de gedachte oan it weromkommen fan Wilte efter yn 'e holle hân. Mar no foelen de lêste stealtsjes triomf fan my ôf. Wanhoop kniep my de strôte ticht. Wilte, tocht ik noch wol, Wilte moat my rêde, hy kin my helpe, yn wêzen hâldt er noch fan my en wawit wachtet er gewoan syn tiid ôf. Mar der wie gjin Wilte, ik seach him noait en ik doarst nimmen nei him te freegjen.
En dat hiele lette simmerskoft, waarm waar, brodzige sinne en stille weemoed oer it fjild, rûn ik om mei lichaamlike krampen en yn geastlike
| |
| |
ferdôving. It iennichste dêr't ik om glimkje koe, wie myn ûnútdylgbere langst nei soer, nei augurken en soere hjerring - dàt wie dus dochs wier. Yn de arke kaam ik net mear, de lêste kear dat ik der west hie, ik wist it doe al, mar swijde der oer, rekken Murk en Ipe suver slaande deilis en Fokke hise de twa gnizend tsjin elkoar op. De buorren mijde ik sa folle as ik koe, en by it rinnen ferhâlde ik my, dat myn ‘skande’ net sjoen wurde soe. Us heit murk neat, klûzner tusken âld papier.
In bern, tocht ik, hoe sil ik oait yn frede en foechsumheid in bern te wrâld bringe en grutbringe - der is gjin útwei, der is gjin plak foar sa'n bern, hjir op 'e pleats net en yn dy ferskriklike arke likemin. Ferflokt dy swiete printsjes oer it memwurden en it mem-wêzen yn dy frouljusblêden, ik ferskuorde se ien foar ien. Weimeitsje litte - abortus mei in moai wurd - kaam net yn my op. Ik hie ek net witten hoe't ik soks ha moast. Yn 'e feart springe wie it iennichste en simpelste, wist ik, en dêr hie ik de moed net ta, dêr soe ik noait de moed ta hawwe, stadich fersmoare happend nei lucht, minuten as oeren sa lang. Bidde, tocht ik dan wer, soest bidde kinne, mar dat is lef. Geunsten freegje oan immen dêr't men net yn leauwe kin, geunsten freegje dy't men net fertsjinne hat. It hie master Boar ek net holpen. En, betocht ik wrang, in Lyklama Taconis bidt net, dy hat mei sok ding ôfweefd, lang lyn al, sûnt de tiid fan de Frânske revolúsje, sa't ik ús heit Hobma fertellen heard hie: mannen fan Ferljochting en
| |
| |
Foarútgong en Frijsinnichheid, fuort mei de bibel en al sa mear, it sûn ferstân foarop. Ik hie dan dochs mear fan ús heit syn wiisheid opstutsen as ik tocht hie. Soms kaam Jelte fan 'e smid my wer yn 't sin, Jelte dy't my yn earder tiden, hoe lang lyn al, ynwijd hie yn de geheimen fan it lichem, geheimen dêr't ik no, oan mysels oerlitten, machteleas oan oerlevere wie. Sa'n ien as Jelte soe my helpe kinne, mar ik wist net wêr't Jelte keard wie en boppedat, wat soe dy mei my noch te meitsjen hawwe wolle, mei in deagewoane Lyklama Taconis-hoer?
In ôfgryslike simmer hat dat west, dêr't gjin ein oan kaam. Alle dingen út it ferline dreauwen nei boppen, ik dreamde fan master Boar en fan Jelte en fan Alle en fan de fjouwer baggermannen dy't as bulldozers en hyskranen mei duvelske grypearms op my ta strûsden en oer my hinne slydsken, dat it swit my útbriek en ik besocht myn tichte kiel iepen te brekken mei in needgjalp yn 'e soele nacht. Ienris kaam ik op 'e dyk, tichte by hûs, Fokke tsjin op 'e fyts, de grutte barbaar, de lullebul. Hy seach my oan en gnyske, en hy flybke demonstratyf byside. En it wie as gyng ik troch de grûn. Ik draaide myn holle ôf en sette it op in draven. Ynienen wer de ûnnoazele. It skermskyld om myn teheistere siel. Yn it útstoarne hûs foel ik op myn bêd del en jankte as in beest.
Fansels bleau de misstap fan ûnnoazele Eelkje fan de Gelearde Boer net lang in geheim. Ik kin it wol sawat riede. Us arbeidster, âlde Geeske, sa stel ik
| |
| |
my foar, tûk as soksoarte froulju yn soksoarte fan dingen binne, hat my myn tastân oansjoen, dêr't ek net folle keunst foar nedich wie, en it oer de buorren krante, mei freonlik fersiik: net fierder oer prate, hear. Us heit, hoe minskeskou ek, moat it earne opheind hawwe. By de skearbaas bygelyks. Of fan ien fan syn âlde freonen út earder tiden, of de faillytsleine notaris Hollema, dy't no yn belestingadfizen en sa docht en dêr't ús heit wolris saken mei dien hie, hat him ynljochte, freonskiplik-meilydsum of foarsichtich-gnyskjend, mei in bemoedigjend klopke op 't skouder. It kin ek wol oars gien wêze. Faaks hat er sels wat murken, as ik rjochtop stie of as ik ynienen wyt weiloek troch in opkommende kramp. Mar op in jûntiid stied er foar my:
Wat is der mei dy. Do ferwachtest in...? Hy stie dêr driigjend, langliddich en skraal. It festje fan syn pak, mei it âldmoadrich horloazjeketting, slobberich oer syn meagere ribbekast, jiske fan syn deistige sigaar op 'e broek, de knibbels knûsterich ta de broeksboksen útstykjend. Ik tocht, ik haw him tweintich jier lang bedondere, ik ferdom it langer. Diskear gjin ûnnoazele Eelkje. Diskear mysels, iepen kaart.
Ja, sei ik dimmen, mar net nederich, rêstich fan binnen, ik hie mysels yn 'e macht. Ja, it is wier, ik ferwachtsje in bern.
Ik sei it mei in lichaamlik lustgefoel, mei wat fan grutskens ek.
Hy wie wyt as in deaden, skom stie him om 'e yn- | |
| |
fallene mûle, en hy trille fan boppen oant ûnderen as in beam dêr't oan skodde wurdt.
Do ûnnoazele blei. Stik stront, sei er.
Ik haw altyd ûnnoazel west, sei ik. Krekt sa ûnnoazel as jo my graach hawwe woene. Tweintich jier lang.
Komt it út... út... Hy briek syn skonken hast oer syn wurden. Ut dy... arke?
Ja, sei ik. Ut de arke.
Fan ien fan dat baggernaasje?
Ja, sei ik. Fan ien fan de fjouwer.
Hy stie efkes folslein stil, sûnder triljen, mei de iene hân noch opheve dat nei de arke út. Folslein stil? Nee, ik seach dat er justjes beweegde, hinne en wer weefde as in blêd dat sêftkes troch in twirke beroere wurdt. Ik tocht efkes dat er in hertferlamming krije soe - en dat hie faaks ek de bêste oplossing west: allinne hie ik wol in útwei fûn. Mar hy kaam wer ta syn sûpe en stút, hy liet de hân stadich sakje. Ik seach dat der in beslút yn him nommen waard, en al myn kriich en flinkens sakken wei. Ik die it hast yn 'e broek.
Kom mei, sei er.
En ik koe net oars, ik folge him. It wie in begjinnende hjerstjûn - mids septimber al, en ik wie goed trije moanne hinne mei de frucht fan myn lossinnige foarsimmer. In sêfte, wat dizige jûn, der lei in flues fan teare damp oer it fjild. Ik kin dy sfear noch sà, taastber, foar my krije. Ik rûk it noch foar my. Hy rûn foar my út, rjocht, steil, allinne de holle lichtsjes foaroer op 'e skredige nek- | |
| |
| |
| |
ke. Ik seach de skerpe, bonkige line fan syn rêch en it krolderige ûnderhier yn in útsteande krânse ûnder de feale pet wei. Ik wit net oft immen dizze eigenaardige twamansstoet sjoen hat yn 'e oanwinnende skimer. It wie wat, stel ik my foar, om noait te ferjitten, wat foar in midsieuske houtfyk of sa, in soarte fan deadedûns. Hy hie wat fan meagere Hein, allinne de seine ûntbriek. Strang en steil, meager fan rêch en earmtakken, mei grutte net alhiel rjochte stappen skaaiend troch de greide, syn greide fan eardtiids, doe it polderdykje lâns, oer hikken en troch kowepaadsjes. De kij leinen rêstich te wjerkôgjen, stinden efkes, mar kamen net oerein. Hja sûzen al wei yn it foarútsicht fan in waarm wintersk bûthús. En dêr efteroan ik, folslein ûnnoazele Eelkje no, lang net wiis, soe men sein hawwe, frijwat debyl, slop op 'e skonken, bongeljend yn syn sok, hippeljend soms en ek wol stroffeljend oer gerspôlen en mei lij en om hikken hinne kladderjend. Mei pine yn 't liif en honger yn 'e hals en freze yn it hert. Ik hie gjin moed om immen oars te wêzen as dy't fan my ferwachte waard: ûnnoazele Eelkje, gjin moed om te wêzen dy't ik winliken wie of dy't ik miende te wêzen: in frije frou, dy't har eigen dingen wit, har eigen wei giet, har eigen geniet siket en lak hat oan alle Lyklama-Taconis-lary en oan alle grutskens op in domme en selssuchtige foarteam - dy't it mier hat oan de lju en harren smjuntestreken, dy't fan Wilte hâldt, dy't mei Wilte de wrâld yn wol, nei Egypte en oeral dêr't seeën en kanalen binne,
| |
| |
dy't om Wilte fjochtsje wol, tsjin de doarpsdeugden en tsjin dy oare trije kreauwende en flokkende en sûpende baggerbisten.
Efterôf betink ik dat allegear sa moai - doe wie 't yn wierheid mar in earmoedich protsje tink- en prakkesearwurk dat troch myn brein omware, hjir en dêr in gedachte, in idee, in lytse panyk.
Ja, it hat in nuvere optocht west, sa't wy dêr troch it lân reizgen, de nuverste reis fan myn libben: it lêste ljochtskynsel fan de al ûndergiene sinne, in hege westerhimel fol rôzige wynfearren temjitte, en troch lang gers dat justjes wiet wie fan de hjerstdauwe. It like in reis fan oeren en oeren - ik hie nea witten dat hjir sa'n einleaze romte fan lân en ûnlân en polderdyk en reidkragen en snilen te finen wie mei nearne in doarp of in toer, allinne wat pleatsen, huverich ferskûle yn tichte beammantels. En ik wist dat it mar in pear minuten rinnen wie fan de pleats nei it plak fan de baggerarke. Ik wist allinne net, dat haw ik letter earst begrepen, dat it ding in pear kilometer fersleept wie, it Nije Kanaal út, al op wei om dizze hjerstige kontreien farwol te sizzen. Mar lang om let kamen wy dêr. Ik stie wer op it steigerke en der barnde wer ljocht yn de komboef en de glêzen wiene wer beslein lykas de earste kear dat ik hjir mei bûnzjend fammehert oankaam om Wilte, om de man dy't ik, om gjin risiko te nimmen en gjin spul te krijen, ta de doar útjage hie, mar dy't ik doe en no noch ta man begearde, ta heit ek fan myn bern. Us heit stie by it doarke en raasde: Folk yn?
| |
| |
Mar hy wachte net, hy skuorde de doar iepen en stjitte de foarútstutsen kop hast tsjin dy fan Fokke oan, dy't út it tsjuster wei opdoek mei in wyld fladderjende lantearne der ûnder. Dat sjoch ik nòch foar my, dy fladderjende stoarmlantearne, dy't spoekige skaden smiet oer de arke en oer ús en oer de skeante fan de polderdyk dêr't ûnbidige learzens stiene en it sylhouet fan Fokke syn motorfyts. En mids dy skaden de kop fan Fokke, in loerend meunster mei lytse haatlike eachjes en in grutte, plompe bealch dy't ik wer roek, regelrjocht út 'e liuwekouwe wei.
Ik stie dêr sa wat en nea hie ik dúdliker en ûnûntkomberder ûnnoazele Eelkje west, dy't amper hearde dat der wat sein waard en net ferstie wàt der sein waard. Mar op 't lêst hearde ik dan dochs wat en ferstie wat.
Kom der dan mar yn, man, sei Fokke.
Kom mei, do, sei ús heit tsjin my mei in ûnwis útsjittende fingerwizing.
En dêr stiene wy dan yn it rikkerich keammerke, ynienen folle behindiger as ik altyd miend hie dat it wie, mei op 'e tafel wer as fan âlds in drankflesse en romers, dobbelstiennen, in spul kaarten, gûnen, ryksdaalders, briefkes fan tsien, fan hûndert. En midden yn 'e keamer, oan it dak ta, de fjouwer baggerbruorren, Fokke, Ipe, Murk en Wilte, ja Wilte dus ek wer, yn pais en free, it die my alhiel gjin nij, ik hie einliks net iens oars ferwachte, hy hie him wer kreas yn 'e firma foege. Wilte, mar wol op 'e eftergrûn, wat skou en yn healtsjuster.
| |
| |
| |
| |
Hy line skean op 'e bank dêr't er my ienris neaken delflijd hie om my faam-ôf te meitsjen.
Wa sykje jo? hearde ik Fokke sizzen.
Us heit syn steil karkas wie tsjinoer dizze klute fan fjouwer gewante kjirls frijwat belune. Hy koe net rjochtop stean en syn meagere kop stie skeef en spoekeftich op 'e romp. In sjamme, tocht ik, in fûgelskrik. In wraaknimmer. Wraak foar fermiende skande in fermiend earbere dochter oandien. Wie 't net in bytsje bespotlik, krekt dizze man as wraaknimmer oer myn skande? Mar ek syn moed wie wakker belune, lykas it fertoan fan syn lichem. Syn lûd kreakerich en swak tsjin it bolderjen fan Fokke dat noch ûnder de balken hinge en it benijd, dierlik snuven fan Murk en Ipe. Ik sykje dy't de heit is fan it bern dat... En ús heit wiisde mei de tomme nei efteren op my. Ik doek skou yn in hoeke, ik hie neat mear te sizzen of te dwaan, ik wachte ôf wêr't it mei my hinne woe.
Hoe sit dat, mannen, boldere Fokke - en de benaude lytse romte wie fol fan syn geur en syn lûd - hoe sit dat, is ien fan uzen de heit fan it bern dat dy faam ferwachtet?
No do, sei ús heit tsjin my, mei in dúst yn myn side. Hy wie oan 'e ein fan syn krêften, dat er no ynienen, foar it earst fan syn libben, in berop op my die, my nedich hie as tsjûge, as stipe, as helper yn 'e need. Ik him helpe yn pleats fan hy my! Der wie in soarte fan smeking yn syn lûd en yn syn hantaasten. Ik socht Wilte, hy stie heal ferskûl yn
| |
| |
in hoeke, ik fielde dat er him der foar weiwynde. Ik koe syn eagen net te pakken krije.
Ja, raasde Fokke, it fanke moat it sels mar sizze, se hat mar foar 't útsykjen.
Ik trille op myn skonken en sakke mei myn swier liif op in stoel del. Wilte, moat ik flústere hawwe, mar dat hat net ien ferstien. Wilte ek net. Ik moat lûdop Wilte sizze, tocht ik. Ik moat raze dat ik Wilte ha wol en nimmen oars en dat it bern fan Wilte is en fan nimmen oars en dat er my krije kin en in goede frou oan my ha sil. Mar ik wist dat ik net lige koe. Wie it fan Wilte - of wie it fan Fokke of fan ien fan de oaren dy't swijend, skeadlik gnyskjend, mar dochs ek net alhiel op harren gemak, yn 'e midden by de tafel stiene? Ik wist it net mear.
Ik wit it net, sei ik. Alle moed ûntsonk my. Ik woe allinne mar earlik wêze. Ik wist it ommers wier net. Us heit sei neat. En efkes wie der in ferskriklike stilte. No komt it, tocht ik, no komt Wilte út dy stilte fanwegen en hy seit: Ik bin it, of: Nim my mar. Ik bin de heit. Of: Ik wol de heit wol wêze. Ik tocht dat yn myn ûnnoazelheid, ik hope it, ik ferwachte it suver. Mar it bleau stil yn 'e hoeke, dêr't Wilte stie yn it healtsjuster, de iene foet op 'e sliepbank, de earmtakke op 'e knibbel, de hân ûnder 't kin, nei bûten stoarjend yn it oanwinnende tsjuster dat de hiele wrâld mear en mear befong. Wilte wie de jongste, dy liet it rjocht fan sprekken graach oan syn âldste broer oer, dat is goed famyljegebrûk, faaks soene de Lyklama Taconissen
| |
| |
krektlyk dien hawwe. En it wie yndied Fokke de wurdfierder dy't de benearjende stilte briek mei syn tongerlûd:
It sit sjusa, âlde hear, ik wol der net om lige. Wy hawwe allegear oer har hinne west, earlik is earlik.
Ik ek. En do, Murk?
Ja, sei Murk, earlik is earlik.
En do, Ipe.
Ja, sei Ipe, ik ek.
En do Wilte? Gjin smûsjes.
Wer efkes skoft. Elkenien seach nei de hoeke dêr't Wilte noch altyd stie, holle yn 'e hân, earmtakke op 'e knibbel, stoarjend, deastil, as waard it deafûnis oer him útsprutsen.
Ja, sei er op 't lêst, him stadich omdraaiend nei it lampeljocht. Hy wie bleek, oer syn foarholle rûnen djippe tearen. Ja, ik ek. Mar de lêste kearen net.
Dat dondert net, sei Fokke, beret in opkommende rûzje beswarrend. Do hast it faakst op har lein, wier of net. It lêst net, mar wol it faakst. Wy hawwe allegear like folle rjocht. Ien fan ús moat it op him nimme. Mar ikke net, ik bin troud. Ik bin bûten skot.
Dan ien fan ús trijen, sei Ipe, dy't ik no kennen learde as de bedaardste fan de trije.
Ik de lêste kearen net, hâlde Wilte stiifkoppich syn ein fêst.
Dondert net, sis ik! skreaude Fokke en sloech mei de fûst op 'e tafel dat de flesse wankele en in romer omfoel. Der op is der op, dat dondert neat.
| |
| |
Wyn dy de kont der net út, slampamper. Ien fan jim trijen moat har nimme. Mei bern en al. Wy kinne har godferdomme net stikke litte. Binne wy foar den donder earlike jonges of net? Fatsoen is fatsoen. Fatsoen giet boppe alles.
Wy sille der om lotsje, sei Murk, de biter en klauwer yn 'e leafde. Hy sei it mei in fyn gnyske. Ik ferdom it, rôp Wilte mei in heech skriemerich lûd. Jimme hawwe...
Fannijs lôge der in rûzje op. Lûde stimmen, ferheftige skaden, de arke widze sêft hinne en wer. It wetter klokte en polske en blabbersûgde sêft ûnder de kyl. Fokke hie al syn oermacht en al syn lûd nedich om de reboelje del te bêdzjen, mar it slagge him.
Harkris, âlde hear, sei er tsjin ús heit, hear en master wer oer it slachfjild en ûneindich superieur. Harkris, âlde hear. Wy komme hjir sa net út. Jo moatte it no fierder oan ús oerlitte. Wy komme der net út. Wy sille de saak rêstich beprate en ûnder it each sjen. Topkonferinsje. - Hy lake lûd om syn fynst. - Jo hearre der dan wol fan. Wy binne earlike lju. Rûge bealch, blanke pit. Wy jouwe elk sines. In slokje kinne wy jo ek noch oanbiede, as jo wolle. Dat heart sa by ús bedriuw. In freonskipsdronk. Goed foar it sakedwaan.
En der sil dan alderearst útmakke wurde moatte o't se ek noch mei oaren as ús fjouweren yn 't nêst west hat, brocht Murk noch by. Dat is by my noch lang net wis. Wat siz' jim, jonges?
De oaren knikten, behalve Wilte.
| |
| |
Us heit wie yn elkoar sakke. Hy ferslokte him yn in pear stammerjende wurden. Hy stoattele in pear stappen efterút en stjitte my oan.
Kom mei, sei er, lykas er it sein hie by de oanfang fan dizze kranksinnige reis. Mar no net mear bûten himsels fan lilkens, no alhiel lytsman, earmelijer, teliderslein yn syn ûnnoazele dochter en yn de grutte boaze wrâld bûten it feilich domein fan syn stambeam. Skeef en út it lead hingjend skarrele er ta it piipjende doarke út, ik efter him oan, oer it steigerke, wer yn syn sok bokseljend. Meskien komme der no lang om let bettere gefoelens yn him boppe, nei dizze klap, meskien helpt dit him oer de drompel hinne, tocht ik efkes yn myn grut fertriet. Efter ús, yn de arke, hearde ik noch gebolder fan stimmen, geklos fan skuon op hout. Faaks wiene se dêr slaande deiles, ramaaiden se elkoar en de ynboel koart en klien, mei swier earmen skonkwurk. Ik doarst net om te sjen, ik boksele mar en stroffele en hyste mysels wer oerein. Dizze reis troch de greiden duorre noch helte langer as dy hinne. Der kaam gjin ein fan. Us heit avensearre net, wankele soms as in swarte gedaante, as in dronkene fûgel foar my út, skeat in kear troch de knibbels yn in greppel, wjukkele wer oerein. Djip yn 'e skimerjûn kamen wy thús. Hy sloep as in misdiediger fuort, nei syn keamer. Om him te bedobjen yn it smûke keninkryk fan syn foarfaars, om famyljeried te hâlden oangeande dit skriklik barren. Of hy docht him tekoart, tocht ik, dat heart der wol sa'n bytsje by, komt yn ús fa- | |
| |
mylje ek foar. Dan fyn ik him moarnier, skraal en langliddich oan in bûthúsbalke, de tonge blau ta de mûle út, de kop ôfknakt en omfallen, de teannen nei de grûn wizend, de skonken stadich hinne en wer weevjend yn 'e sigen. En yn myn hert winske ik it, mar ik wist dat soks net mocht, wà't er dan ek wie. En heal út eangst, heal út âlderwenst brocht ik him in beker molke en in brogge. Hy siet dêr, yn syn hege knopstoel efter de mei papier besiedde tafel, as in stiennen byld, yn in soarte fan trance. Hy fernaam net dat ik der yn kaam en net dat ik der wer útgyng, hy wie earne oars. Mar yn in flits seach ik dat der in hiel lyts glimke sweefde om de skerpe mûle mei de bleke tinne streekrjochte lippen. En yn in flits ek hie ik sjoen wàt er foar him lizzen hie: de lêste bledside fan syn stambeam, de heal lege bledside mei namme en bertedatum fan Deboara Eelkjen Lyklama Taconis. En yn in flits ek kombinearre ik dy twa dingen: de smelle, hast himelske glim en de heal lege bledside mei it sifer ien. Ik wist ynienen wat him besiele en him dy ingeleftige frede joech op dit stuit fan syn en myn slimste fernedering. Ik wist dat er in kâns seach - in lêste kans foar syn stûkjende stambeam! Hy soe wier gjin war mear dwaan om my mei ien fan dy fjouwer wyldemannen trouwe te litten. Ik net oan 'e man. It wie him genôch sa. In ûnecht bern kriget ommers de fàn fan de mem. Dat waard Lyklama Taconis. As dat in soan waard, wie de saak rêden. En dat wie altyd te riskearjen. Fyftich persint kâns.
| |
| |
| |
| |
Hy die yndied gjin war mear. Hy libbe nei de fuortsetting fan syn stambeam ta. En hy sei ek neat mear, hy toeve yn syn grêfstille wrâld fan papieren âffaars. As twa skimen út it deaderyk gyngen wy by elkoar lâns en diene wy ús dingen. It like in spoekhûs. Ik hie gjin fertriet mear, alles wie yn myn siel bestjurre. Ik hie gjin eigen wil en sels myn swierwêzen wie in ding dat bûten myn lichem omgyng. Myn lichem bestie amper mear, al groeide der wat fan binnen en fielde ik de frucht djip yn my as in stive knoarre. Mar in hiel inkelde kear noch tocht ik oan Wilte, dan wie it fertriet der wer, mar sêfter, mylder, mei wat fan fredige berêsting. Wilte Akkerbol. Mei him hie ik trouwe wold om dy stive knoarre, dat bern, in heit te jaan, in beskermer, in reden fan bestean, mar ek om himsels, om syn rûge, waarme bywêzichheid, om de earlike eagen yn syn trouwe, gewante hûnekop. Fan him hie ik hâlden en fan him soe ik wer hâlde kinne as er him fan dy trije smjunten loskoppelje soe. Mar hy koe der net los fan. Hy wie krekt sa'nien, al wied er dan de bêste fan de fjouwer, hy hearde by de baggerwrâld, hy wie fan de firma mei it grutske ‘en Zonen’, dy't de wrâld oer reizge mei gloednij materiëel en eigen sleperij, hy soe nei Egypte, it Suezkanaal útdjipje en de pet foar Sadat ôfnimme as dy kaam om it kerwei te ynspektearjen.
Sa wie it, ienfâldich as wat.
Ik hie gjin rjocht op him, en hy wist dat krekt like goed as ik. Dêr wie gjin topkonferinsje mei drank
| |
| |
en bolderjende wurden foar nedich, dat koe in bern neirekkenje.
En doe kaam er dòchs noch, Wilte. In ûnlijige stoarmige hjerstjûn mei swier beammegerûs en stinnen en kettingrinkeljen fan de kij yn it bûthús en rammeljend moanjen fan de wyn oan doarren en sletten blinen. Mei sa no en dan in fûl kletterjende reinsnjitter. Geskarrel by de syddoar ûnder iterstiid, ús heit en ik sieten stom oan 'e breatafel yn 'e mulkeamer.
Hy stie dêr samar, yn in duffelske jekker, op baggerlearzens en mei de lucht fan bûtendoar, fan rein en waar en wyn om him hinne. Ik wist daliks wat syn doel wie, gjin ammerke molke diskear, ik seach it oan de senuwtrekking op syn kaken en oan de eagen dy't hastich fan ús heit op my sprongen en werom. Gjin maklike reis foar ús maat, mar dochs grut! In selsoerwinning. Wis, hy wie de bêste fan de fjouwer. Rûge bealch, blanke pit. Ik bleau sitten dêr't ik siet, myn hannen tyspelen mei it breamês, en ik moat nei him sjoen hawwe as nei in geastferskining oproppen út myn dreamen. Mar ús heit stie al oerein, skeef en skrank tusken syn stoel en de tafel, dy't piipjend ferskode. It earste wat er sei wie tsjin my:
En do der út!
Ik naam mysels by de earm en gyng de keamer út.
Ik bleau yn it tsjuster gonkje efter de doar stean, ôfwachtsjend yn alle spanning, harkjend nei wat oer myn libbensrin beskaat wurde soe.
Wat wolst? hearde ik ús heit sizzen.
| |
| |
Der wie efkes gekras fan stuollen oer de estrikken flier. Hja moatte elkoar oansjoen en hifke hawwe. Doe nochris: Wat wo'st hjir?
Ik wol mei jo dochter trouwe, sei Wilte. Ik bin der net wis fan dat ik... Mar...
De rest ferstie ik net, in tsjuster grommeljen. In ko sloech mei de sturt tsjin it bûthússket. Ear't er útpraat wie hearde ik ús heit wer:
Do krijst har net. En dêr is it gat fan de doar! It klonk bespotlik, in stikje âldfrinzich toaniel, in guodkeape boereroman, tocht ik, mar diskear gjin mearke, gewoan bespotlik. Hy besocht omdôch syn kreakerige stimme eat fan de âlde krêft mei te jaan. Ik fielde de ûnwissens dy't der troch hinne trille, hy wie lang de âlde net mear en soe it ek nea wer wurde, sels net mei in út te wreidzjen stambeam. Hy stie net sterk en as Wilte de earlike kop der foar hâlde, soed er belies jaan.
It hoecht net, hear, sei Wilte. Ik bliuw der leaver frij fan. Mar ik tocht... Ik wol net... Ik soe net graach wolle... En as der dan dòchs ien... Syn swakkens joech ús heit wer nije krêft:
Myn dochter hat gjin man nedich. En grif net sa'nien.
Bliid ta, sei Wilte, it wie út goederbêst, mar net om my.
En nochris: Net om my.
Der wie yndied ferromming yn syn lûd. Hy hie syn plicht dien, hy hie syn leske opsizze wold om't er him dochs noch earne ferantwurdlik fielde en de skanddieden fan syn bruorren wol op him nimme
| |
| |
woe. Meskien hied er it stil dien, sûnder topkonferinsje, sûnder meiwitten fan dy trije duvels. Hy hie der lang mei ompakt, dagen lang, nim dat mar oan. It lake him net ta, in houlik mei dy sleauwe tutteblei, en modder oan 'e kloet seit in grut baggerbedriuw niks, modder by de rûs, mar it moast dan mar, foar syn eigen gewisse en syn eigen eare. Hy wie de iennichste net dy't yn myn lichem trochkrongen wie, mar wol de earste en de faakste, en ek dat skept no ienris maatskiplike ferplichtingen. Mar alwer: it hoegde net, nèt om him! En as dy âld stjonkert mei syn ynfallene mûle sûnder tosken en syn kreakerich lûd it dan mei alle geweld yn 'e kant sette woe, dan graach frij. Graach! Ik wist wêr't ik oan ta wie. It waard wer stil yn 'e keamer. It hiele petear hie gjin fiif minuten duorre. In skoftke letter fernaam ik dat Wilte fuort wie. Ik hearde op 'e reed in auto oanslaan en fuortriden. Troch it rútsje seach ik it ljocht fan de koplampen oer de homeie en de dyk striken en weiwurden yn rein en tsjuster. Ik gyng de keamer wer yn. Ik hie him efternei roppe kind, troch stoarm en rein, de reed útdrave en him tebekhâlde en him taskreauwe dat ik him leaf hie en dat it bern fan him wie. Mar dat koe no ek al net mear. En dat hie goedbesjoen ek nea kinnen. In sleaukemuoi docht soks net, dy hat gjin man nedich en dy sakket net foar in man op 'e knibbels mei in tsjûgenis fan har leafde en in berop op syn eare en gewisse. Benammen net, as hja troch it net te dwaan ek noch in romrofte stambeam fan in be- | |
| |
skamsume dea rêde kin. In tutte-blei harket nei har ferstânige heit en docht froed it swijen derta. Ik bleau thús en seach nei ús heit dy't syn breamiel fierder behimmele mei mummeljend mûlwurk. Syn mage hat altyd goed west. Mei stientsjes opset.
|
|