| |
| |
| |
| |
| |
| |
Master Boar en de oaren
Us heit hat altyd sein dat ik de snoadste net bin, en dat kin bêst wier wêze. In poarsje dingen dy't om sa te sizzen foar 't gripen lizze en dy't oare lju samar oanwaaie, haw ik noait begripe kinnen. Jildsaken, polityk, elektryske apparaten, om mar in pear te neamen. Myn skoallegean wie gjin sukses, dàt haw ik wòl begrepen. Ik wie gewoan en by definysje de domste fan 'e klasse. By de juffer, dy't in fitse, skrale en soere dame wie, sa'n ien mei in ynkristlik sipeltsje yn 'e nekke en fan foaren like plat as fan efteren, mei breidene hoazzen en de jurken ticht oan it kin ta, haw ik it altyd yn 'e kant set - de helte fan 'e tiid yn 'e hoeke stean, rigels skriuwe, oarberns breidzjen út 'e tiis helje, potleadslypsel byinoarfeie en alles wat de pedagogen út earder ieuwen oan fernimstichs en goeds útbret hawwe. En by master Boar, dy senuwlijer mei syn spitse noas en syn loerderige eachjes efter syn flûnkerjende brilleglêzen, wie 't gjin spoen better, foaral net yn dy lêste jierren doe't er syn hannen net thúshâlde koe en altyd oan my siet as ik neibliuwe moast - en dat kaam noch alris foar, foar straf of, saneamd, om wat yn te heljen.
Foar rekkenjen hie ik net de minste oanlis en foar
| |
| |
taal gjin stoer ynteresse, skiednis en ierdrykskunde, dêr't master Boar alles by opsette, benammen as de ynspekteur op besiik wie, koe ik it nut net fan ynsjen. En dat ik noch twa jier op 'e húshâldskoalle omgammele haw, ta argewaasje fan de leararessen, tsjin wa't ik mei in ûnnoazel gesicht de brutaalste dingen sei, en ta djip fertriet fan de direktrise dy't it oars goed mei my miende mar dy't my net ta in froeder libbenswannel beprate kind hat, dat hat my ek net folle fierder brocht, al wist ik no tenei wat fan itensieden, tafeldekken, hygiëne, breidzjen, naaien en haken. Sels dy skoalle gyng my te heech, sei ús heit, doe't er de skriele frucht fan ien en oar yn siferfoarm foar him krige, en dat sil ek wol sa west hawwe. Dy húshâldskoalle hat nammers folle minder sterke yndrukken by my efterlitten as de ûnferjitlike skoalle mei de bibel fan master Boar.
Dat ús heit, as poer ûntsjerklik, ja anti-kristlik man, my op 'e kristlike doarpsskoalle die, om't de neiste iepenbiere in lyts oere geans ôf stie, wie net út soarch om myn sûnens noch út tagedienens foar eigen doarp, en fansels alhiel net om't er fan in kristlike oplieding wat goeds foar my ferwachte, mar allinne út gemaksucht, om't er it net de muoite wurdich achte syn bêst te dwaan foar in oare oplossing, dy't der oars grif wol west hie. It makke my ek net folle út. De kristlike kant fan 'e saak, de bibel ynbegrepen, glied krekt like glêd by my lâns as al it oare. Ik wie der ienfâldich net ryp foar. Fan de bibelske ferhalen leaude ik allinne
| |
| |
ferheftich yn datjinge wat fersmiten wurde moast: ik hâlde it mei Kaïn en fûn Abel in brave suffert, in weiten hin. Ik tocht my mei sympathy en oerjefte yn it plak en de rol fan Delila, waans namme ik al sa leaf droegen hie as dy fan de manlike, my te bazige en kriichshaftige Deboara dêr't in geastige foarfaar my mei opskipe, al haw ik meskien, op myn wize, ek wol wat fan in sjongende wrekeresse. De ferlerne soan, dy't mei hingjende poatsjes en in hûd fol berou weromkaam by syn snotterige heit, ferachte ik djip. En Jezus Kristus sels? Syn lankmoedichheid lei my lang net. It wurd fan it rjochter en it lofter wang makke ik my ynwindich poer om: it wie yn striid mei al myn yntuysje fan minsklikheid. Ik sei sokke dingen soms ek, ta grut geôôôh fan de bern, en dat koe fansels net lije, al waard, nim ik oan, it measte op rekken skreaun fan ús heit, dy't my no ienris net mear en better meijûn hie, ik wie op 't lêst de stomste fan 'e klas, út in heidensk nêst, en dan dòcht men sa. Dat fan master Boar, om dêr noch efkes op werom te kommen, haw ik fansels noait wat fan sein, dêr hie in oar neat mei nedich. En ik wol leauwe ik haw it der ek wol wat nei makke, dat er altyd oan my siet, want sa bìn ik wol, ik haw dat yn my. Ik hie in ôfgriis fan de man, hy roek net fris, swit en tabak, hy wie net skjin by de gulp om en hy bibbere as in hûntsje as er it wer die, mei syn trilderige bleke hannen oan myn boarsten, dêr't ik oars wol grutsk op wie, en ûnder de bank by myn breiden broekje yn - ik tocht wol faak, ik woe dat Jelte
| |
| |
| |
| |
fan de smid dat die, mar dy die it net, ik hie dus nimmen oars as master Boar - en dêrom fûn ik it einliks ek wol wer moai, benammen doe't er begûn te sizzen dat er der altyd sa'n berou fan hie en dat er alle jûnen God bea om it net wer dwaan te wollen of te hoegen. Dan tocht ik dat ik dan dochs mar mear macht hie as God en soks jout in goed idee fan jinsels! Mar ien kear haw ik him in optuter ferkocht - dat wie mei in skoallereiske, yn 'e dunen fan Apelskea efter in boskje. Hy seach earst alle kanten út oft der ek guods oankamen, gyng doe neist my sitten, makke syn gulp los en liet my syn ding sjen, tsjok en read, en ik moast it yn 'e hân hâlde. Ik koe earst amper teplak bringe wat it wie, mar loek doe myn hân hastich werom en sloech him yn syn tût. Syn bril stie him skeef op 'e noas en hy gûlde en sei dat er it net dwaan moatten hie, en hy hie der oe sa'n spyt fan. Wylst bestoppe er it ding wer. Ja ja, sei ik. God hat it wer ferlieze moatten. Wis, hy gûlde as in bern, de stjonkert, mar letter, yn 'e bus, blaasde er wer op syn mûlharp en moasten wy sjonge fan Alle man van Neêrlands stam, en Wakk're jongens stoere knapen.
Master Boar is koart neitiid by ús weigien, nei in oar doarp ta, itselde jiers dat ik fan skoalle gyng, en de lju fan it doarp, boargemaster Van Dockum foaroan, hawwe him doe, sa't it hjit, gâns lof taswaaid foar al it goede dat er foar it doarp Reitswert dien hie. Folksûntwikkeling, kristlike organisaasje en sa. Ik wie der doe ek by, want de bern
| |
| |
dy't dat jiers fan skoalle gyngen, waarden lykas alle âld-learlingen noege. En doe't master Boar syn tankspeech hâlde soe - ik siet lyk foar him oer yn it lokaal fan de tsjerke - haw ik him sà gemien en treiterich oansjoen út 'e hoeke fan myn eagen wei, en him om sa te sizzen efkes op in ôfstân myn begearlikheden útstald, dat er yn syn ferhaal stykjen bleau en him ferslokte yn in glês wetter en hoastjend wer by syn wiif delsakke neist de nije radio en it rookstel. De lju tochten allegear dat it troch de ûntroering fan it fuortgean wie, dat er it net mear foarinoarhâlde koe, en yn syn wer sierlik moai galmjend útsprutsen tankgebed oan 'e ein fan de moaie jûn hat er dat sels ek sa trochskimerje litten. Ik wist wol better. Hy hie lêst fan syn sûndegefoelens, ik wie wer ris sterker as God, en meskien hat er der ek wol in bytsje spyt fan hân dat er it no tenei net wer mei my dwaan koe, dat opwinend fingerjen en taasten en sa. Hy is trouwens in pear jier lyn yn in senuwgesticht belâne, ik nim oan dat God it dêr yn syn nij stânplak ek net fan him winne kind hat. En faaks hat er dêr wol guods troffen dy't der sa goed net oer en dy't ek sa goed net swije koene as ik. Want dàt alteast hat my gjin kompleksen besoarge, wol ik leauwe.
Ik hie in jonge wêze moatten, dat is de hiele saak. Net om master Boar, want sà wie dy no ek wer net, mar om ús heit. Us heit hat altyd it smoar oan my hân en my leechlein. Ik wie net yn steat en set gloarje by oan syn stambeam. Om syn stambeam joech er mear as om al syn kij, syn lân, syn pleats,
| |
| |
syn frou en syn dochter meimankoar. As er in dei fuort wie, foar in gearkomste of in lêzing, haw ik wolris yn it spul omnoaske. Deade paken en beppen en omkes en muoikes kreas op rychjes, hjir en dêr mei in âld fealbrún famyljeportret derby en in útskreaune anekdoate. Gegevens oer grûn- en hierprizen, oer dy fan it gemaak en it fee, bysûnderheden oer bykochte of ferhierde pûnsmieten, sels oer it waar, oer keallerij en heabroei, oer sykten fan minske en dier, oer wykmerken en boelguodden, oer feanterij en sleatslatten, je kinne it sa mâl en bryk net betinke of it hie syn plak yn de histoaryske optocht krige. En wat de minsken sels oanbelanget: Lange listen mei berte-en stjerdata en sifers en krúskes en stjerkes, pylken en akkoladen. Hy hat der in boek oer skreaun en dat moat, sizze de lju dy't it witte kinne, in bêst eksimpel fan famyljeskiednis wêze. Hy hat der in yn prachtbân mei gouden opdruk útjûn eksimplaar fan, it pronkstik fan syn libben. Mei tabellen en fuotnoaten en bylagen. Ik ha der gjin oardiel oer, myn belangstelling giet net út nei deade minsken, mar dat fan dat ‘bêst eksimpel’ kin dêrom bêst wier wêze. Ik wol sels wol oannimme, dat ús heit in gelearde west hat, de gelearde boer, neamden se him yn it doarp. Hy wie lid, foarsitter en letter earefoarsitter fan in wittenskiplik selskip of genoatskip en hy hat sels in pear kear in priis fan de oerheid krige foar syn saneamd ‘genealogysk krewearjen’, dêr leine bewiisstikken en kranteknipsels fan yn syn papieren. Hy is by dy gelegenheid
| |
| |
in rassneuper neamd. In wurd dat my altyd mear oan master Boar tinke liet, mar dat misferstân sil oan my lizze. It boerebedriuw sels koe ús heit net in soad skele, hy liet it measte oan 'e arbeider oer en hy is der foar syn fyftichste mei ophâlden. Hy koe fan 'e rinten libje en die ek noch wat yn effekten, dêr't syn freon notaris Hollema him foar holp, deselde dy't letter faillytslein is, dêr't it hiele doarp skea by lit hat, ek gâns lytse lju, mar ús heit net. Mar wy bleauwen op 'e pleats te wenjen, want in boer út in goed boerelaach en mei in goede stambeam bliuwt syn foarfaderlik hoarnleger trou, sa is ‘t mar. En in oarenien, Libbe van der Lei, buorke yn 'e efterein, dêr't wy net folle mear kamen. It wie ek net in aardige man, dy Libbe van der Lei. Hy kniep my soms, ta blauwurdens ta, yn 'e earms, út sabeare gekheid, mar mei in ûndertoan fan wredens en wrok. Ik wol leauwe, hy hie, yn ús heit syn plak, yn dy hege, fier de wrâld oer eagjende foarein mei de gevelstien út 1763 troanje wold en safier hat er it noait skopt. Letter haw ik begrepen dat er finansieel oan kop en earen ta by ús heit yn 'e skuld siet.
Heit siet meast yn 'e opkeamer, tusken syn sneuperspaperassen en syn boeken. Hy skreau grutte blauwe skriften fol mei syn steil, langliddich hânskrift, in hânskrift dat wol wat op him like, krekt like skraal en skraitsich en bienbitich. En ús mem seach dat allegearre oan, mar sei neat, har wie it praten al lang ferleard. Hja moat wol bewûndering foar him hân hawwe, nim ik oan, foaral doe
| |
| |
mei dy priis, doe't syn namme en syn portret yn alle kranten stiene, mar hja begriep der net folle fan, se koe him allinnich mar slaafsk en ûnwittend en kritykleas tsjinje. Soms tink ik, hja hie fêst ek leaver in hûsfol bern en in soad leven om har hinne ha wold en wat lûdroftige gesellichheid. Mar ús heit wie sa, dy easke altyd stilte en rêst om him hinne. De stilte fan syn papieren wrâld, de stilte fan it famyljegrêf. En as er genôch studearre en sneupt en skreaun hie, siet er jûnen op it souderkeammerke foar it dakfinster en gluorke de himel ôf mei syn kiker. Hiele nachten soms. Dan dyng er yn stjerrereinen en moanneklipsen. As Eise Eisinga him net foar west hie, hied er faaks op 'e bûthússouder in planetarium boud. Mar ik stie bûten al dy dingen, lykas ús mem ek.
Ik wie yn syn each in sleauwe tutte en foar my wie dat ek it maklikst. In sleauwe tutte kin men neat kwea ôf nimme, dy hat gjin ferplichtingen, dy giet frijút. Hy hie it smoar oan my, om't ik in famke wie en om't der noait gjin bern mear bykommen binne. Hy hie it smoar ek oan ús mem, dy't him gjin jonges joech, gjin stamhâlders. Dy't him dus fêstrinne liet yn syn eigen stambeam, en in stambeam dy't dearint is in nutteleas en skriklik ding yn hannen fan in earsuchtich man. Hy wie de lêste manlike fertsjintwurdiger fan it skaai. Gjin bruorren, gjin omkes mei bern, gjin neven mei bern, alles bernleas of útstoarn. En wat betsjut foar sa'n man dan sa'n lêste rigel dy't allinne te witten docht dat ik, Deboara Eelkjen Lyklama Taconis,
| |
| |
doe en doe, dêr en dêr te wrâld kommen bin en dan fierder neat mear? Sa'n stambeam einiget yn skoof en skande, benammen as der foar dy lêste namme yn bliermoedich optimisme ek noch it sifer ien skreaun is, dêr't gjin sifer twa en gjin trije folgje sille, mar allinne leechte fan wyt papier. Hy hat, haw ik sjoen, war dien dy steile ien yn eastyndyske inket út te wiskjen, mar dêr wie gjin begjinnensein oan. Hy stie dêr foar ivich, yn it papier bebiten, as in teken fan ûnk.
Ik haw wol beskate fermoedens. Us mem hat in skoft yn in sikehûs yn 'e stêd west, ik tink foar ûndersiik, want siik hat se by myn witten nea west. Hy woe witte oft der noch wat oan te dwaan wie, in kâns op fuortsetting fan it skaai Lyklama Taconis. Fansels is it nea yn him op komd dat it ek oan him lizze koe, faaks lei dat ek net yn 'e reden. Doe't se weromkaam en har nederich plakje by de hurd wer besette, wie ús heit wiken lang net te brûken. As er net flokte of prottele, brette er tsjustere tinzen út yn syn studearkeamer. Ik nim dus oan, dat se him gjin kâns op mear en better neiteam jûn hawwe, dat ús mem nei my (troch my?) ûnfruchtber wurden is. Yn alle gefallen, ik bleau allinne en ik spile de ûnnoazele, en ik koe dat spylje om't hja beide amper of net nei my omseagen, ús heit woe net en ús mem doarst net, en it wie my wol bêst sa. Ik hie myn eigen dingen en myn eigen wrâld. Ik boarte meast allinne en ik hie genôch fantasij om myn wrâldsje fol te boartsjen mei dingen fan grutter betsjutting as ús heite
| |
| |
stambeam en it gegriem fan master Boar. Ik boude mearkekastielen om my hinne mei lapen poppen en boartersguoddingen, mei diggels en talhoutsjes op in lege bûthússtâl, ik makke sels draken en klapbossen en pilebôgen. En ik gyng der soms stikem op út mei Jelte fan 'e smid, dy't ek in soad fantasij hie, dy't fan alles ôfwist en dêr't ik graach nei hark je en fan leare mocht. Hy hat my mear leard as juffer Sipeltsje en master Boar tegearre. Wêr't er it allegear wei hie wit ik net, mar hy lies in protte en hy wie ien út in grutte, rommelige, gesellige húshâlding, jonges en famkes trochinoar, âlder en jonger, trouden en guon noch yn it boartersstek, en yn sa'n húshâlding giet in soad om, ek oan witnis en wiisheid. Troch him wist ik ek al jong hoe't it krekt siet mei jonges en famkes, hoe't bern te wrâld komme en makke wurde en sa. Jelte wist dat fyntsjes út te lizzen, sûnder grouwélige wurden (al koe ik dy ek wol), mar hy krige dan wol in kleur en seach my net oan. Dy dingen haw ik altyd in heap niget oan hân, en net op grûn fan de ko ûnder de bolle, lykas altyd fan boerebern sein wurdt. Dat wie yn myn each - en yn Jelte sines - hiel wat oars. Syn ynljochtingen wiene opwinend en geheimsinnich en Jelte hie der, heal rjochtút en heal skruten, slach fan om dat opwinende en geheimsinnige op my oer te bringen. Dat fan master Boar haw ik foar him stilhâlden. It frjemde is, dat Jelte noait wat mei my úthelle hat, hy wie sa net, sei er, en dat moat ek wol sa west hawwe, want it hie om my bêst mocht,
| |
| |
| |
| |
earlik wier. Hy sei dat op in kear, doe 't syn suster trouwe moast, wat gâns in opskuor yn 'e famylje joech. Earlik, faak haw ik der nei ferlange dat er mei my dwaan soe wat master Boar die, fan him soe ik gjin ôfgriis hân hawwe en it hie mei myn libben faaks hiel oars rûn, as Jelte àl ‘sa’ west hie. Hy hat meskien de iennichste west dy't wist dat ik net ûnnoazel wie. Hy wie natuerlik en gewoan, ek dy kears dat wy op in simmermiddei by de Martenspoel omspaanden en hy ynienen sin oan swimmen krige. Hy smiet de klean út en sprong poerlike neaken de poel yn. En ik woe net minder wêze, ik die itselde. Letter lieten wy ús droegje yn 'e sinne. Hy lei op 'e rêch nei de wolken te sjen, ik lei op it bleate liif en kôge op krûdige gerskes. Ik tocht oan dingen dy't de lju smoarch neame, hy net. Hy lei mar gewoan en siet en hy prate, hy loerde net, mar hy seach ek net skrutel by my lâns. Ik kearde my om en lei myn hannen ûnder myn boarsten en suchte, om syn oandacht te lûken. En hy lake der om. Hy liet sjen wat er sels hie en ek dêr wie neat nuvers of smoarchs of sûndichs oan. Dêr moast ik wer om laitsje en op dat stuit kaam it leau ‘k net iens yn my op dat dat itselde ding wie as dat master Boar my yn 'e hannen triuwe wold hie.
Mar Jelte is letter by ús weigien, doe't er de Mulo ôfrûn hie, nei in stêd yn Hollân, op in kantoar of sa, hat it meskien fier skopt. Ik haw him út it each ferlern en út it hert, sa't dat hjit. En nimmen hat my ea wer wat oer him ferteld of sels mar syn
| |
| |
namme neamd. In romance hat der dus net ynsitten en ek gjin grutte troch it libben tragysk fernielde leafde, allinne mar in goede freonskip, dêr't ik earst letter de wiere betsjutting (sis mar ‘it moaie’) fan ynsjoen haw, in freonskip dy't my noch wolris ûnwennich makket as nei in ferlern paradys. Mar as it mei Jelte en my oars rûn wie, hie 'k fansels de boel dochs wer bedoarn. Sa wiis hat Jelte grif ek wol west. Ik bin no ienkear sa't ik bin. De dingen wine my op en dan bin ik mysels net mear, dan doch ik mar yn 't wylde wei, it kin my neat mear ferdomme.
Haw ik al sein, dat ik in kear fuortrûn bin? Us heit hie my wer ris útmakke as wie ik gjin turf heech, mei of sûnder rjocht, dat wit ik net mear, mar it wie sleauwe tutte foar en grutte sokses nei. En ús mem, it gûlen stie har neier as it laitsjen, dat is wier, har ûnderlippe trille, mar se stiek gjin hân út om my te helpen, ek neitiid net doe't ús heit wat útwoede wie en wrokjend yn syn keamer weiwaard, grommeljend en grânzgjend. Se wie fansels op har eigen wize slachtoffer fan him en dat is begrutlik genôch, it doarp plichte har tige te bekleien. Mar it is oan 'e oare kant ek sa: se wòe net oars as slachtoffer wêze, se fielde har leau ik it noflikst as se fan him ferhûddûke en lytsachte en leechset waard; dat wie langer har wize fan libjen, har besteansrjocht. Solidariteit mei my, iepenlik of yn 't geheim, koe se net, woe se net, doarst se net. It wie oars wol in kreaze frou, teminsten neffens har jeugdportretten, mar se hie gjin, hoe sil
| |
| |
ik it neame, gjin persoanlikheid, gjin eigen wil, se wist him net oan te pakken en net te plak te setten, se die alles wat hy woe en sa't hy it woe. Se wie leech fan binnen en hie alhiel gjin eigen inisiatyf. En de pear kearen dat ik slûchslim besocht haw om mei har yn 'e mande, en sa ús heit in loech ôf te sjen, lekker tegearre yn it komplot, yn iensens en stille wille, doarst se net en liet se my der foar opstrûpe. Doe wist ik dat ik noait wat oan ús mem hawwe soe en haw ik allinne myn eigen striid tsjin ús heit fuortset. No ja, striid is in grut wurd en net ien hie it yn 'e gaten, hy sels wol it alderminst, it wie ek mear in soarte fan guerrilla, mar ik bedondere him en die him ûnderstek safolle as ik koe, leafst ûnder syn eigen eagen. Mei lytse dingen, mei jild en sa, mei papieren dêr't ik him om sykje liet oant er staf wie, om se dan sels te finen ûnder in kast en se him stilswijend ta te skowen, ta bewiis fan syn sleauwens en myn snoadens. Mar hy naam se sûnder tank of wurdearring. Ik bestiel him, ik hie temûk in foarrie fan moaie dinkjes, earhingerkes, slotsjes, guon fan goud, dy't ik him ûntfytmanne hie; ek in pear gouden tsientsjes mei it byld fan in âld kening Willem Trije derop.
Mar goed, dy kear dat ik fuortrûn bin. Dy jûne kaam der in keapman by him út 'e stêd mei in grutte frachtauto. Us heit woe, leau ik, gjin gedoente mei him hawwe, hy die doe al net folle saken mear, it bedriuw wie al oan 'e kant, mar der wie tusken him en dy man praat fan geheimsinnige affearen dêr't winst yn siet, as it begjinkaptaal
| |
| |
der mar ienris wie. Om dat begjinkaptaal benammen gyng it dy jûns. Ik wie doe sa't hiet al op bêd, mar mei myn op bêd gean wie it altyd in wat stadige en nuvere saak, en troch myn ear stiif op 'e flier fan myn sliepkeammerke te lizzen koe ik de wat brimstige ôfwar yn ús heit syn heech, skerp, trochkringend lûd en it bolderjend laitsjen fan de keapman dúdlik hearre en út it petear kaam ik te witten dat de man dy nachts earst noch mei de wein nei syn hûs en de oare moarns betiid, foar seizen, nei Amsterdam soe om de grutte slach fan syn libben te slaan, dêr't er ús heit yn diele litte woe nei de ferskaffing fan it begjinkaptaal. Oft er ús heit foar dat tsjuster eksploat winne kind hat, is my net dúdlik wurden, mar it wurd Amsterdam klonk yn myn siel as in moai stik muzyk. Ik lei spand op 'e hark, myn hiele lea trille fan oandwaning en myn brein wurke as in wekkerklokje. En fiif minuten letter hie ik wat klean, toiletspul en jild yn in kofferke pakt, myn skuon yn 'e hân roef-roef by de treppen del en dêr lei ik yn 'e laadbak fan 'e auto ûnder in pear baalsekken dy't nei jirpels stonken.
Doe't ik sawat in healoere lein hie, stiif oant yn 'e bonken, want it wie hjerst en kâld, ûnlijich waar, de buien snjitten om ús hûs en om it dak fan de auto hinne, sloech de motor oan en begûn it hiele geryd te triljen dat it dindere. Doe't it spul ried, siigde en boldere de wyn oan alle kanten yn en om 'e laadbak, mar ek dat wie muzyk foar my - myn earste wrâldreis, myn grut aventoer wie begûn. De
| |
| |
fierten gyngen iepen, de bûter soe jild jilde. In healoere letter hâlde it spul stjittend en skokkend yn 'e stêd. Ik haw der dy nachts in kear of trije út west om de waarmte te krijen en wat op in pleintsje om te kuierjen, dêr't ek in dronken keardel omspaande, dy't syn hûs net fine koe. Doe't der in polysje op ôf kaam, skeat ik hastich wer yn myn skûlplak. En om fiif oere, der wie noch gjin dage oan 'e loft, lei ik wer ûnder de baalsekken oprôle as in kat foar de kachel en iet in pear sûkeladerepen dy't ik út in automaat helle hie. Ik bin yn 'e sliep fallen, haw allinne hiel út 'e fierte it oanslaan fan de motor en it al fertroude triljen en dinderjen fernommen, en ik waard wekker doe't in pear mannen oan myn skonken sieten te lûken, mei gâns bearen en flokken. It wie ûnderwilens ljocht wurden, skier en feal en winich. Ik wie, begriep ik al gau út it praat fan de beide mannen, net oan Amsterdam ta kommen, mar yn Alkmaar strâne, om't dêr laden wurde moast. Ik besocht noch der út te naaien, mar dat slagge net, ien fan de mannen koe my by de kraach fan myn mantel gripe en al gau kaam der in polysjeman op 't aljemint, dy't my nei it buro brocht, dêr't se my mei hjitte kofje wer wat op 'e kluten holpen. Doe soe ik ûnderfrege wurde en ik spile de ûnnoazele, ik wist net wa't ik wie en wat ik hjir die en ik tocht oan fammen dy't foar de radio oproppen wurde nei't hja yn oerspande tastân it âlderlik hûs ferlitten hawwe, een ongeluk wordt gevreesd; ik hie saneamd myn ûnthâld ferlern. Mar it joech my alle- | |
| |
gear neat. Want yn myn kofferke hie ik ris yn in flitige rite mei blau potlead myn namme en adres skreaun, yn kreaze blokletters, en per telefoan wist de polysje al gau te efterheljen dat der te Reitswert yndied in jongfaam fan dy namme en dy jierren fermist wie - de polysje dêre wie ek al yn aksje, ik begryp noch noait hoe't ús heit en dy my al sa betiid yn 'e moarn mist hawwe.
Mei in polysjeman oan myn side bin ik doe op 'e trein stapt, yn in lege, reservearre koepee noch wol. En sa kaam ik ek noch te Amsterdam, dat ik foar it earst fan myn libben seach, mar oars as ik ferwachte hie: gjin fermaak en helle ljochtreklames, mar goare minskepakhuzen en de smoarge grize oerkaping fan it sintraal stasjon dêr't hy en ik yn in oare trein oerstapten - dy man hat in moai útsje, tocht ik, in aardige frije dei. Mar hy sei neat, hy seach mar wakker brimstich ta it rút út en hie wol 'k leauwe leaver in knipperke dien, as de tsjinst it lije wold hie.
Tusken Amersfoort en Harderwyk haw ik noch besocht om him safier te krijen dat er my ûntsnappe liet, ik hie dêr witwat foar oer hân, want ik hie de smaak fan de frijdom en it reizgjen te pakken, sels as heale finzene.
En de man hat grif tocht dat ik him ferliede woe - dat wie trouwens ek sa - mar it wie in ferkeardenien en hy trape der net yn. Hy gappe, en wiisde nei syn foarholle; meskien hat er der efkes oer tocht om my de hânboeiens mar oan te dwaan foar alle wissichheid, mar hat er sjoen dat ik
| |
| |
dochs mar in lyts oatmoedich protsje mins wie, en mei gauwens stoarre er wer dizich oer de hjerstige bosken fan de Feluwe.
Yn 'e middei kamen wy te H. oan, dêr't de polysje fan ús doarp, wachtmaster Skaafsma, my gnyskjend fan him oernaam. It duorre noch al in skoft, de beide mannen namen earst in kop kofje yn 'e stasjonsrestauraasje, ik moast sa lang yn in hoeke stean dêr't ik net stiltsjes wei koe, ik hearde se wakker mûskopjen en seach se nei my skeaneagjen. Yn in polysjeauto kaam ik thús en dàt wie dan alteast in lytse gloarje, tocht my. It doarp hie wille, nim ik oan, en dat mocht fan my. Ik hie 't ek hân. In pear dagen letter naam ús heit my mei nei de stêd, nei in psychiater. Earst lang yn 'e wachtkeamer omhingje, doe oproppen troch in assistinte yn wite jas en mei in bril op. Yn in keammerke moast ik my alhiel útklaaie, al sei ik twa kear dat it in geastlike kwaal wie en gjin lichaamlike, mar se hearde my net iens. De man yn wite jas hearde my ek net en seach my amper. Hy skarrele in skoft yn in oare keamer om, krige in kaartebak, sette in oare bril op, fage dy mei in bûsdoekje skjin en gyng doe foar my sitten. Hy frege my it himd fan 't gat, by wize fan sprekken dan fansels, want ik siet mar kâld mei myn bleat ûnderein op sa'n stoel fan lear en metaal. Ik liet neat los. Ek net doe't de dokter oer ús heit begûn. Ik sei mar wat, fan aardige man en altyd drok en inkeld wolris in min sin. En letter, oft ik wolris wat mei jonges, mei manlju hân hie - doe hie ik
| |
| |
| |
| |
fansels triomfantlik mei master Boar op 'e lappen komme moatten, neffens de regels fan it spul, mar dat gyng wol oer. Dat wie myn saak en ik hie net om in psychiater frege. Ik hâlde my ûnnoazel en de man like dêr mar bliid om te wêzen. Hy skreau fan alles op, mar hy hat neat út my krige. En ik ha der noait wer wat fan heard.
Dat wie dat. Ik haw it net wer besocht der út te piken. Want ik wist no, dat de wrâld mar lyts wie en dat de earm fan it wettich gesach fier rikt. De lucht fan jirpelsekken hie ik foar myn libbensdagen genôch fan.
En as ik dan gjin dame yn 'e grutte stêd wêze mocht, dan mar op myn doarp, op myn sliepkeamer. Ik soe de wrâld by ús thús helje en stie oeren foar de etalaazje fan de iennichste kleanwinkel yn ús doarp, dy fan de susters Bonnema. As ik jild hie - en dat slagge meastal wol, op allerhande nuvere manieren, mar 't maklikst troch in taast yn ús mem har húshâldpong te dwaan, hja wist dochs noait hoefolle as der yn siet - kocht ik dingen dêr't ik sin oan hie, jurkjes, blûskes, rokjes, sjaaltsjes, ûnderguod en b.h.tsjes, step-ins en bikini's, ik kocht parfums en lotions en lippespul, ik slûke rabberijkrantsjes, moadeblêden en reisfolders yn 'e hûs en alles wat ik mar yn tsjinst fan myn damewêzen beneikomme koe. Us mem wist wol wat fan dy dingen ôf, hja kibbe der wolris om, mar sette net troch, en hja wist ek net sa lyk hoefòlle as ik wol hie, want der wie yn in tsjustere soudersgloppe dêr't hast nimmen kaam, in kast
| |
| |
dêr't ik de kaai fan weistoppe hie en dêr't ik de hiele foarrie stean, lizzen en hingjen hie. Us heit sil der ek wolris wat fan fernommen hawwe, mar yn dat gefal folge er de taktyk fan wat stiller wat better: in wrâldske dochter op in souderkeamer is altyd better as in wrâldske dochter op it Rembrandtsplein, sil er tocht hawwe. Teminsten, sa soe ìk yn syn gefal tocht hawwe.
As ik allinne thús wie, ús mem bygelyks nei har healsuster yn Beintemageast, mar ek wol jûns foar it op bêd gean, paradearre en pronke ik op 'e souder om, it iene út en it oare oan, en ik krige myn nocht net fan de spegel en myn spegelbyld ôf. In ienpersoansmoadeshow, om sa te sizzen. Ik wie myn eigen mannequin, myn eigen ûntwerpster en myn eigen publyk, en ik song der súntsjes by. Ik seach mei niget dat ik, hoewol net moai, gjin miss dit of dat, dat wist ik mar al te goed, dochs folwoeksener waard en rûner, mûteler, frouliker, en dat master Boar, as er der noch west hie, gâns mear hâldfêst fûn hie as doedestiids. Ik draaide mei myn heupen en makke dûnspaskes, ik lei myn hannen ûnder myn boarsten en ik beseach, gear-stald meneuveljend mei twa spegels, myn efter-kant. Ik seach mysels rinnen oer it strân en ik wist dat ik meskien de snoadste en grif de moaiste net wie, mar dat in man dy't net alderearst op hege geastlike dingen en fynbeslipe skientme achtet, syn eagen oan my ferlustigje kind hie.
Alle, bygelyks, tocht ik soms. Alle, dat wie de soan fan boer Van der Lei, dy't op in goede dei as
| |
| |
soldaat oer it hiem skaaide. In kante en kreaze ferskining, tocht my, yn battle-dress gâns oars as foardetiid yn boerebaitsje. Wol boersk-reafallich en ûnelegant fan lea, net sa glêd en glânzich as de kwike mannen yn myn kleurige moadeblêden, wat knûstich, mar dochs in man om te begearen. Mar Alle hie in skarrel, dat fernaam ik doe't ik in kear efter him oanreizge op in skimerjûn, fan doel om syn gongen ris nei te gean. Ik befûn dat er earne yn in ûnderwâl in moeting hie mei Beitske fan de postkantoarhâlder, in wat bedêst famke mei kroe-zich hier en in leaf, mar wat popperich gesichtsje, in pear jier âlder as ik. Se fielde har net alhiel gelokkich mei Alle syn oerstjoere warberens. Ik siet efter in hikke, gjin trije meter fan harren ôf en hearde alles, it wûn my slim op en ik winske mysels yn it plak fan de wjerstribbige en benaude Beitske, dy't soks net wurdich wie yn myn each en dy't my te folle sjikanes makke, al joech se har op it lêst dochs noch kreunend del ûnder Alle syn stoarmoanfal. Letter haw ik wol leard dat Beitske har hâlding klearebare keinens en sedichheid wie, dus klearebare deugd. Hja is dan ek deeglik troud, mei in oppassende jonge postamtner, mei in soad auto's, yn 't wyt en twa breidsfamkes en 75 foto's. Sa bliuwe de dingen sa't se hearre, en Alle hie foar har allinne mar in gau fergetten foar-spul west.
Mar nei my taalde Alle net, faaks om't er in fine noas hie foar stânsferskillen of om't it no ienris bekend stean mocht dat de dochter fan de gelear- | |
| |
de boer lang net frij fan ûnnoazelheid wie. Mei sokken, dat witte de Allen mar al te goed, moat men oppasse. Ik krige nammers ek nea de gelegenheid om him op it spek te binen. En de iennichste kear dat it my slagge him op in stil eintsje dyk by skimerjûn yn 'e wei te rinnen, ik: jong, oermoedich en foar 't gripen, grommele er allinnich doe't er seach wa't er foar hie: Gean oan 'e kant ju, pyst datste biste. It snie my troch de siel, al wist ik net sa lyk wat in pyst wie.
Wat ik der wol fan leard haw, is strunen. In skoft-lang haw ik dy hjitte-jongessport mei tagedienens en fernimstichheid beoefene, wie ik alle sneintejûnen, as ik kâns seach der út te piken - en dat wie maklik genôch, om't nimmen nei myn op bêd gean noch nei my omseach - warber op 'en paad, slûpend en kuerend troch de Sytsma's leane en de boskjes dêrby om, fan âlds Reitswerts frijersplak. Ik haw dêr gâns sjoen dat sa't it hjit net troch de mesken kin. Mar myn grutste triomf hat west dat ik dêr de grutske frou fan de bûterdirekteur fallen sjoen ha foar de boekhâlder fan har man, Andrys Tolsma, in lange, slanke, heareftige feint fan middelbere jierren, dy't der letter mei in stik fan de kas útnaaid is - nei't der grute waard om't er hope dat de direkteursfrou him folgje soe nei it bûtenlân - de frou is lykwols froed by har man bleaun en Tolsma waard yn tsjuster Amsterdam, yn it selskip fan lichte froulju en manlju, dy't op syn kosten feest fierden, ynrekkene. Hy hie doe al kâns sjoen 10 of 12 mille te fertsjustermoanjen,
| |
| |
sûnder Parys of Rivièra. Mar de rest hat er kreas wer ynlevere. Hy hat in jier sitten en sil doe wol fan syn langst nei it efteroerdrukken fan fabryks-jild en direkteursfroulju bekommen wêze. Mar ik hie in grutte bewûndering foar Tolsma, hy wie in man nei myn hert, doe't er him sa tige warde yn it strewel fan de Sytsma's leane mei de dochs wol wat tsjinakseljende en nochal korpulinte direk-teursfrou, dy't wierskynlik net genôch yn it sâlt fan de ûntrou bebiten wie - it sil ek net noflik lein ha foar har postuer, mei it neakene gat yn 'e brannettels en toarnbeistrûken - mar dy't op 't lêst, krektlyk as Beitske, kreunend en hymjend belies joech. Dit sneintejûnskerwei fan Tolsma is by myn witten nea útlekt, oars hie de direkteur, dy't in opljeppen man wie, moai wis in revolver op syn boekhâlder leechsketten. Tolsma soe ris witte moatte dat er syn libben oan my te tankjen hat! Mar ik haw him al jierren út it each ferlern. Fansels is er ek yn syn soarte in smjunt. Mar der binne smjunten yn soarten en hy wie teminsten in smjunt mei styl; in kreaze man mei in eptige slach yn syn al wat grizich hier. Freonlik, goederlaaks en net eigenwiis. Us kristlik doarp is gjin djipseedlik doarp, al kin it op trije plakken tsjerkje en hawwe ek de Jehova's der har warber suteljende oanhing. Mar lit my der daliks bysizze, dat de direkteur èn de boekhâlder Tolsma ta de net-tsjerk-like sekte hearden, dy't dus ek har poarsje levere hat oan de doarpsûndeugd. En om dat te bewizen hie ik ek gâns tichter by hûs bliuwe kind...
| |
| |
Yn dyselde dagen dat der trelit en krantenijs wie om it hâlden en dragen fan myn fereare freon-op-in-ôfstân Andrys Tolsma, is ús mem ferstoarn. Dy twa dingen binne yn myn ûnthâld op in frjemde, suver boppe-natuerlike wize oan elkoar ferbûn. In akute hertkwaal, meskien ûntstien troch it oan ien wei ferdrukken fan har wier aard en har wier langstme. Lit hat se dus net, se siigde der samar hinne, by de itenskast yn 'e bykoken, en ús heit fûn har dêr letter, se hie der meskien al in pear oere lein. Ik haw der fansels fertriet fan hân. Wêr is gjin fertriet, dêr't in deade boppe de ierde stiet en ûnder de ierde giet, in leech plak efterlit en noait, noait wer weromkomt? Ik haw gûld en snottere en myn protest tsjin de ûnferbidlikheid tsjin de balken fan myn sliepkeammerke roppen. Mar yn wêzen miste ik har net, om't hja nea wat foar my betsjut hie. Ik hie al by har libben leard mysels te wêzen en mysels te rêden. Mar ús heit feroare yn dy tiid, hy waard thús noch ienselviger, mar socht, mear as earder, syn treast bûtendoarren. En net allinne op wittenskiplike gearkomsten en kongressen, mar hy moat ek wol oare dingen by de ein hân hawwe. Hy wie fan 't hynder, al hat er nea mei ien wurd tsjin my sinspile op fertriet oer mem har dea; op 'e begraffenis ek hat er gjin trien litten, it iennige wat sjen liet dat der wat yn him omgyng, wiene syn biennige hannen dy't om elkoar hinne wynden en wrongen. Mear as ienris kaam er no thús mei in dizige drankwazem om him hinne, yn syn klean, en wat wankel op 'e
| |
| |
skonken. Echt ûnbekwaam haw ik him noait sjoen, earlik is earlik. Hy hie gjin lûdroftige dronk oer him, hy wie net oan 'e drank, hy wie gjin sûper, mar hy socht dochs earne it fertriet fan syn libben, wêr't dat dan op dat stuit ek lizze mocht, te oerwinnen. De wittenskip wie dêrta net genôch. Hy socht, nim ik oan, setten en pretten, en it soe my net nijdwaan as er dêrby syn jildlik riedsman, eks-notaris Hollema, dy't altyd wol foar flessegeniet te finen west hat, oan syn side hân hie.
De dea fan ús mem, haw ik wolris tocht, hie ús nei inoar ta bringe kinnen. Ik haw der faak healbewust op wachte en nei him opsjoen oft der meskien wat trochbriek, oft er wat fan syn steile koartkearichheid ôflizze koe en wat fan syn hert bleatjaan yn in rêstich, fertroud petear. Sa net oer ús mem, dy't er har libbensdagen tramtearre en yn in hoeke trape hie, en oer my, de iennichste oerbleaune neistbesteande, dan dochs oer himsels, syn tastân en syn takomst. Ik soe it him alhiel net kweaôfnommen hawwe, as er op in dei tsjin my sein hie: No steane de saken sjusa, Eelkje (de namme Deboara wie ús heit âldtestamintysk genôch, al stamde er, al sa nuver foar in liberale famylje, regelrjocht út 'e stambeam en hat er him sels op it gemeentehûs foarstavere) - no stiet it sa, ik wol myn stambeam noch in kâns jaan en ik bin fan doel om wer in frou te nimmen. Of wat yn dy trant. Dan hie der alteast wat west tusken him en my. Mar der kaam neat. Ik haw allinne fer- | |
| |
moedens, út brieven dy't er krige en dy't ik fansels net lêzen haw, dat er it wolris besocht hat, mar ien of mear blautsjes rûn. Nei guon fan dy brieven wied er brûkelder as ea.
Hie ik sels it him ynskune moatten en him helpe? Him bygelyks wize op 'e mooglikheid om per adfertinsje of houliksburo in libbenspartner op te dwaan? Him op in wol oannimlike frijfaam yn it doarp wize? Helpt men in man dy't jin sa behannele hat en gjin wurd fynt en gjin stap docht om jin neier te kommen? Ik koe safolle kristlikheid, neam it mar sa, net opbringe. Ik hie sels ek wol wer in mem hawwe wold. Ik ha wolris tocht oan ús memme healsuster Yfke, dy't in dea-inkelde kear in middei kaam te theedrinken en dêr't fleur en minsklikheid fan ôfstriele, út har geastige, fan libbenswille glinsterjende eachjes ûnder de stive permanintkrollen wei - in frou dêr't ik ek as dochter mei opsjitte kind hie, al pielde se dan mei horoskopen en oare tsjustere saken. Mar ik sei neat, dit joech ús heit syn stambeam ek gjin nije kânsen: muoike Yfke wie royaal oer de jierren fan fruchtberheid hinne. Mar ik hie der ek gjin sin oan him hoe dan ek tewille te wêzen. Muoike Yfke wie gewoan te goed foar him, wêr soed er safolle goedens oan fertsjinne hawwe? Oan har haw ik letter, doe't myn skande net mear te kearen wie, in soad te tankjen hân.
Foar ús heit wie ik noch altyd: de snoadste net. Ik wie it libben bewiis fan syn mislearre stambeam, syn mislearre bestean. En nei in tiid fan ûnrêst,
| |
| |
fan swalkjen en let thúskommen en soms in rook fan drank om him hinne, ferfoel er wer yn syn âlde en normale deugden: de boeken en skriftueren, de kertiersteaten en âlde dokuminten, de opdrachten fan oare famyljes, de lêzingen, de genealogyske kranterubrykjes, de adfizen fier en hein. De begraffenis fan ús mem, dêr't fiere stagen op takamen, hie him nije stoffe opsmiten, nije triedden yn 'e hannen jûn; der waard sels praat oer in famyljeferiening dêr't alle Lyklama's en oanbuorjende stagen lid fan wurde koene, mei in jierlikse miene gearsit yn it stamdoarp, in eigen jierboekje, in nije stúdzje oer de ûnderskate foarmen fan it famyljewapen. Der wie wurk oan 'e winkel, want sa'n stúdzje, dat haw ik wol begrepen, komt noait in ein oan, dy is ûnúteachber. En út in petear dat er ris by ús thús hie mei in soartgelikense sneuper, in man dy't in oar boerelaach bearbeide dat it paad fan uzes mear as ienris krúst hie, fernaam ik, hy socht no om ferlern giene adelsbrieven, dy't mooglik noch earne bestiene, dêr't alteast gjin bewiis fan wie dat se nèt mear bestiene.
Ik spile wer de ûnnoazele, dy't der dochs neat fan begriep en dy't der net ienris nei harkje koe. De domste fan 'e klasse. Ik hearde meastal ek mar amper, as ik mei in hantwurkje of lêsboek sedich dwaande siet en allinne sa no en dan de theepot hantearre, by sokke gelegenheden, sa woe ús heit it, mei knetterjende klûntsjes yn 'e kopkes. Mar dat wurd adelsbrieven rôp dochs wat yn my wekker, ik waard der suver oars en in bytsje oandien
| |
| |
| |
| |
fan, it fersoene my hast mei dat hiele wearzige bedriuw dêr't ús heit syn libben mei fergriemde. Wie ik meskien in frelle of in grevinne, strakaansens? Mooglikheden foar letter, tocht ik, om my te rjochtfeardigjen en te rehabilitearjen yn in wrâld dy't fan gewòane ûnnoazele fammen net witte wol, mar by aadlike grif wol it ien en oar troch de fingers sjocht; wie it fan âlds net sa, dat keninklike lju en edelen bêst gek wêze mochten, as se mar goed baasspylje en fjochtsje koene? Ynearsten, sa folle begriep ik wol, wie der net folle kâns, it bleau mei dy adel nochal in wippelich saakje. Want wa't tinkt dat Lyklama Taconis in aadlike namme is, fersint him. Ik hie der feitlik nea by stilstien, mar ik kaam dy jûne te witten hoe't it sawat yninoar sit; dat wy sûnt 1811, mar no en dan ek earder al, allinne mar Taconis hjitten hawwe, en dat in foarfaar yn 1852 of 1853 fan kening Willem Trije der Nederlânen it rjocht krige hat - bekendmakke per adfertinsje yn 'e kranten - him en syn neiteam yn 'e rjochte liny tenei mei de tafoege namme Lyklama te neamen. Op grûn fan hokker fertsjinsten, dat wie der doe net bysein. Mar de Taconissen wiene doedestiids, begriep ik út it ferhaal, tige warber as riedsleden en wethâlders en yn oare iepenbiere funksjes: nutsdeparteminten, earmbestjoeren, skoalkommisjes en al sa mear. Ien hie in skoft Twadde-Keamerlid west foar ien fan de distrikten, in oaren hie him tige ward yn de Tsiendaachske Fjildtocht. Foarútstribjende, warbere liberale boeren en neffens
| |
| |
Hobma, ús heit syn prater, mei in skelmsk knypeachje en in selsbehaachlike klam op 'e my amper bekende namme, wiene dat yn de dagen fan Johan Rudolf Thorbecke sokssawat as de kommunisten fan no.
Us heit gyng dêr net op yn, mar lei út dat de tafoege namme Lyklama wie de frousnamme fan de man dy't himsels en syn neiteam, wierskynlik foar in moai slompke jild, dizze keninklike woldied skonken hie. Taconissen genôch en ek Lyklama's by 't seksje, mar, fernaam ik, de unike kombinaasje fan de twa soe mei my ferlern gean moatte. En ik fielde my suver al in bytsje skuldich.
No, en dan dy adelsbrieven. Dat siet sa. It kaam (der wie wat spyt yn ús heite stim doe't er dat bekenne moast) fan de Lyklama's kant. In Lyklama moast yn 'e Frânske tiid út reden fan patriotske gesindheid (frijheid, gelikens en bruorskip, wist ik noch, de grutte stiennen fan oanstjit foar master Boar) ôfstân dien hawwe fan syn aadlike titel - Jonkhear Hector Egidius Inneüs Hobbema van Lyklama, sa moast dy nederige man oarspronklik hjitten hawwe. It klonk lang net min, tocht my. Dat wie dan in leginde of in histoarysk feit, dêr foel yn 't earstoan neat fan te bewizen, want der sieten gâns hiaten yn de skiednis fan dat aadlik Hobbema van Lyklama-slachte, dêr't ús heit no al wiken mei oan it plúzjen en puzzeljen wie - en net allinne hiaten: ek basterds, bern sûnder wettige heit, houliken mei sigeuners of sok swalkjend folk en oare skeinplakjes - it wurd bloedskande,
| |
| |
dat my genôch sei, waard sa sêft útsprutsen dat ik wist, it wie net foar myn earen ornearre. Mar bloedskande of net, fan adel wie it, dêr wie gjin mis op. Mar wol wie it de fraach oft dat Hobbema van Lyklama-laach nei 1740, doe't ien fan harren koarte tiid gesant fan de Republyk by it Russysk regear yn Petersburch west hawwe moast, noch in wetlik en rjochtlik bestean hân hie. En dêr siet dan, nei noch wat tsjustere steden, dy histoarje fan Hector Egidius Inneüs syn willemoeds ferleagene (of ferneatige?) adelsbrieven oan fêst.
Dit is dan sa likernôch wat ik der fan begriep en ûnthâlde koe, minder as de helte fan alles wat ús heit, dy jûn troch it finen fan in belangstellend soartgenoat nochal redenryk en troch de man syn fragen iderkear fierder wreidzjend, oan witnis op it aljemint brocht. Mar genôch om fiele te litten a) dat ik meskien bloedkundich net alhiel ta weismiten keard bin; b) dat it mei de gloarje fan ús stambeam ynearsten noch in ûnwis saakje is; c) dat ús heit noch in libben lang stoffe hie om troch te sneupen en nije kantikkers ôf te swyljen.
En doe gyngen de beide mannen, senuweftich en hjithollich fan geastdrift, ús heit glêd keal op in krânse fan gielgrize tûfen nei, Hobma mei in grut reafallich en apelwangich holwurk fol grize kroltsjes - hea, tocht ik, lykje se net wat op elkoar, jawis, se hàwwe fan inoar - doe gyngen de beide mannen, bûgd oer papieren, authentike stikken en ôfskriften, wer oan it fergelykjen en rekkenjen en oanstreekjen en trochkrassen en ik fielde de wit- | |
| |
tenskip steil rjochtop yn 'e keamer stean. Mar ik roek ek, elke kear as ik him thee yngeat of it koekjetrompke foarhâlde, by Hobma om in wat mjitsk parfum, dat út syn klean of út syn grize kroltsjes kaam. Mar fan Hobbema nei Hobma en oarsom, betocht ik, is mar in hoannestap, en de adel kin him no ienris wol wat parfum en dekadinsje permittearje. En it wie al mei al sa gesellich, dat ús freon Hobma hie om my op steande foet en sunder tuskenkomst fan Kening Willem Trije der Nederlânen syn wetlike neiteam it 'Lyklama' fan myn namme wol oerkrije kinnen.
Letter op bêd, nei in lytse wapenskouwing mei in readblomd twadielich strânpakje dat ik de middeis by de Bonnema-dames weihelle hie - mar wa sil my ea op it strân sjen? - haw ik der noch in skoft oer lein te tinken. Ik fantasearre sa wat foar my sels hinne - Hobma - Hobbema - Lyklama - Taconis. Stel, tocht ik, dat fan dy adelsbrieven smyt yndie wat op, ús heit is taai en fernimstich genôch, der komt in ding foar 't ljocht mei segel en al oer dy âlde Hobbema van Lyklama, Hector Egidius Inneüs. Dy hat de brieven wyslik net ferskuord, mar opburgen yn in sulveren kistke tagelyk mei in pear hûndert gouden riders of dukaten en hânfollen juwielen; dat sulveren kistke hat yn reboelige tiden it hiele lân trochreizge, fan omke X. nei muoike Y. nei neef Z., de kaai is weirekke, it is ferboelguodde nei efterneef Q., dy't ferstjert en ús heit komt der efter, en sa fierder. Stel wy wurde, sa't dat hjit, yn ús rjochten erkend en her- | |
| |
steld. Neffens master Boar hie ommers dy hiele Frânske revolúsje in histoarysk fersin west, in skandaal dêr't alteast wy, de mannen fan Tromp en Pyt Hein, ús nea mei ynlitte moatten hiene. Stel dan fierder, dat dy Hobma, tenei ek Hobbema fan Lyklama, of van Taconis (dat koe ik sa gau net mear foarelkoar krije), in skaplike soan hat, in man fan in 24, 25 jier, mei of sûnder kroltsjes. Dan moat ús heit al in grutte sokses wêze as er net in aardige kombinaasje makket: Hobbema (ensafh.) Junior trout mei de dochter Van Lyklama Taconis, en der komme bern mei de namme Van Hobbema van Lyklama van Taconis - wat in ljochte en sillige takomst foar ús Stambeam! It wie mar sa'n fantasijke, lykas ik, mei mysels as breid, as glânzgjend middelpunt fan feest en fleur, wol faker jûns op bêd betocht. It wie ûnsin, fansels, want goedbesjoen achte ik dy útdroege Hobma mei al syn kroltsjes net yn steat om oan syn eigen stambeam wat ta te foegjen of, op syn heechsten, ûnnoazele dochters mei toarre skerten. Sa siet dàt. Mar ik krige dochs it fielen, dat ik in frou fan kwisekwânsje wie - net samar de earste de bêste! En doe moast ik wer laitsje om dizze dwaze dingen. Ja, ik soe my dêr in man oansmarre litte dy't ik noait sjoen hie, allinne om de wille fan in stambeam dy't my gjin spoen te sizzen hie.
En it mâle wie - ik haw dochs in soarte fan seisde sintúch - myn fantasijke wie der net iens sa fier by troch. Dat is ek de reden dat ik der sa lang op
| |
| |
| |
| |
omeamele haw. Want in pear dagen nei syn besiik krige ik o wûnder, want der kaam foar my noait wat fan de post behalven in aansichtkaart fan muoike Yfke by myn jierdei - krige ik in brief fan, ja net fan in Hobma Junior, want dy bestie yndied net, mar fan de âlde sels, de sneuper mei de kroltsjes. Undertekene W.A. Hobma Azn. In brief mei in folslein oansiik yn stive, deftige bewurdingen, dy't sjen lieten dat er him al hast op it gemeentehûs tocht. Der stie yn, dat er, ûnder de betingst fan wolmienende tastimming fan ús heit - dêr't er wol hast wis fan wie dat er dy krije soe - net ûngenegen wie (sa stie it der wurdlik: net ûngenegen) in houlik mei my oan te gean. Hy wie 59 jier âld, sûn en skjin op himsels, ûnbesprutsen fan hannel en wannel, frijsinnich sûnder tsjerksk te wêzen, en hy hie wol net folle mèar oan te bieden as in ienfâldich boargerlibben, grûndearre op in liifrinte, wat jildsweardige papieren en in eigen húske, mar dat, tocht him, soe wol gjin beswier oan myn kant wêze, sjoen it feit dat ik - en dêr kaam it keal út it hok! - dat ik sels net ûnbemiddele achte wurde mocht. Achte wurde mocht!
Ik krige it brief gelokkich sels yn 'e hannen, tafallich of mei opsetsin? - Goed nijs, fanke, gnyske Bouke Post - en ik haw ek noait witten yn hoefier't ús heit mei Hobma oer myn mooglike kandidatuer praat of briefke hat, dat wol sizze yn hoefier't er dus mandélich west hat oan dizze smjuntestreek, want sa fiel ik it, elke kear as ik de man sjoch en rûk en snuven hear.
| |
| |
Ik hoegde der fansels net lang, alhiel net oer nei te tinken. It idee fan alteast foar de wrâld oer burgen te wêzen, dêr't de man moai wis op spekulearre hat, sei my neat. Syn motiven stiene my net oan, hy stjoerde my wat al te trochsichtich op in 'bemiddele' eigen libbensein oan. Mar boppedat wie ik wantrouwich tsjin parfumearre manlju fan 59, dy't 35 jier of langer fersomme hawwe in frou op te skarreljen, nettsjinsteande sûnens, skjinnens en ûnbesprutsenheid. Dêr stiket wolris wat efter. Ja, myn yntuysje wie soms fyn. Gjin healjier letter is de 59-jierrige rintnier W.A. H te G. ynrekkene fanwegens knoeierij mei lytse jonkjes, oanlokke mei snobbersguod. Wie al earder om in soartgelikens delikt feroardiele, sei de krante. No, meskien is er dan troch myn blautsje wer yn syn âlde sûnde ferfallen, dat is dan spitich, mar ik ha der gjin spyt fan.
Mar ek sûnder dy yntuïtive wjersin hie ik gjin belang by dizze reafallige kroltsjeman, dizze gleie âlde snobber, dy't figelearre op ûnnoazele Eelkje har faderlik erfskip. Ik hie de saak gewoan weiwurde litte wold - deaswije, mar ik hie soarch dat yn dat gefal de man it jitris oer de skiif fan ús heit en syn aadlike ferwachtingen rinne litte soe, en dat like my oer alle boegen better ta fan net. Ik haw dus mar in brief skreaun dat ik 'helaas' net op syn foarslach yngean koe om't ik my te jong fielde foar sa'n swiere en ferantwurdlike stap. Tusken de rigels troch liet ik him ferstean dat er neat, mar dan ek neat fan my ferwachtsje koe.
| |
| |
De besite fan Hobma hat lykwols ek noch in oar gefolch hân. Us heit, op nije spoaren set, wie no faker, langer en fierder fan hûs foar syn stamboeksneuperij. Dagenlang siet er yn 'e haadstêd op archiven en sliepte dan yn stêdsherbergen of heareloazjeminten, en soms reizge er nei Hollân om boeken, dokuminten en bibliotheken te rieplachtsjen en mei lju te praten dy't earne mear fan ôf wisten of witte koene. Ik hie faak it ryk allinne en befûn my dêr tige by. De húshâlding, dy't by it ferstjerren fan ús mem fanselssprekkend op my oergien wie, makke ik net folle wurk fan. It rûge wurk wie foar in arbeidster út it doarp, dy't twa moarnen en twa middeis mei skrobjen, bjinnen, waskjen, glêzehimmeljen en droechskjirjen dwaande wie; de itensiederij, faak foar mysels allinne, en it bêdopmeitsjen, idem, koste my net folle tiid en ynspanning, dêr hie ik dan myn twa jier hûshâldskoalle foar, al wie dat ek wer ryklik folle foar dizze sljochtweihinne praktyk. Messelizzers, fingerdoekjes en sok spul by aadlike en deftige famyljes wie ús heit lang net ryp foar en sels komkommers en tomaten mijde er as de sykte. Brune beantsjes, grauwe earte, boerekoal mei woarst, potstro, sûpenmoallen- en groattenbrij, dat gyng der mei, al wied er sinnich mei de folchoarder. Ik hoegde yn alle gefallen net te eksperimintearjen. Goede kennis fan de alâlde Lyklama Taconis-tra-dysje wie rom foldwaande.
Hiele dagen hie ik dus neat om hannen en dreamde ik om by myn skatten thús, myn garderobe en
| |
| |
myn stellene snústerijen. En fierder harke ik nei de radio en lies ik boeken út 'e doarpslêsbibliotheek, fan âlds skepping fan it Nut, dêr't ek myn foarfaars de geve skouders ûnder set hiene. Ik lies ferhalen en romans dy't my frjemde en nea-fer-moede wrâlden binnen laten en my mei minsklike sielen yn 'e kunde brochten dêr't ik my ut 'e fierte dochs wol tige oan besibbe fielde. Fan dy boeken soe ik neffens it mûskoppe oardiel fan de útlien-kommisje dan wol net in soad opstekke. Ik makke dy lju dan ek mar wiis dat ús heit dy dingen lies as er wurch en staf fan it studearjen wie en ferlet hie fan wat oar geastlik fiedsel. Dat woe harren ek wol oan: gelearden hawwe no ienris rjocht op wat ferdivedaasje, de bôge kin net altyd stiifstean. Ik wist wol dat ik yn it doarp net foar fol oansjoen waard, it ûnnoazele-spyljen wie my de jierren troch al lang ta in twadde natuer wurden, dêr tocht ik meastal amper by, ik koe suver al net mear oars. Dat leit, as ik earlik bin, ek mei oan myn gesicht, ik haw it fakernôch foar de spegel bestudearre: in net ûnkreaze, mar wat bolle tût mei grutte, justjes útpûljende eagen, it gesicht fan ús mem, mar minder moai as harres op har jeugdportretten: in wat sleauwe en stadige eachopslach, dy't o sa maklik yn it ûnnoazele omslaan kin. Allinne mei in beskate sydbeljochting, haw ik ûntdutsen, skean rjochts fan boppen, kin it wol besjen lije. Mar dat komt hast noait foar dêr't oaren by binne. Meastal leit de ûnnoazelheid tichteby op 'e loer en is it allinne in kwestje fan in lyts lûkje
| |
| |
| |
| |
mei de mûle en de noas. De tosken dan net frij litte, want dan is it effekt bedoarn.
Dat fermogen joech my in dekskyld tsjin alle mooglike komplikaasjes - en ienris fernaam ik ek, by tafal, de bynamme dy't it doarp foar my hie: gewoan wat iksels ek al betocht hie: ûnnoazele Eelkje; dat ik Deboara hjitte wisten wierskynlik allinne de papieren yn it gemeentehûs mar mear oer mei te praten. Unnoazele Eelkje fan de Gelearde Boer. De lêste leat fan de romrofte Lyklama Taconis-stamme. In bytsje begrutlik en in bytsje bespotlik. In hast healsljochte faam dy't har hûs fol kleanspul tôget dêr't se letter net mear nei omsjocht. Hoe't ik dy jierren tusken myn fyftjinde en myn tweintichste omkrige haw, wit ik noch altyd net. As ik der oer neitink, wie it ien grize see fan ferfeling en omhingjen, te stoel, te bank, te bêd, mei boek of tydskrift op syn bêsten, en mei as grutste fertreasting in lyts feest yn 'e jûntiid as ik myn stille maskerades hie en my in frou fan 'e wrald fielde, sûnder wrâld. En dan noch wat dat ik hjir mar net delskriuwe sil.
In kearmannich haw ik wol myn heil bûtendoarren socht. As ús heit in dei of langer (mar dat wist ik noait fan te foaren, likemin as ik meastal presiis wist wêr't er siet) fuort wie, stapte ik soms op 'e bus en sette nei stêd ta mei goed wat jild en makke dêr kleanspul of toiletark fan. Ik dangele sa'n moarn en middei by de etalaazjes lâns en yn de warehuzen om, ik siet yn in park op in bankje te brochje-iten en fuorre de eintsjes yn in fiver, en
| |
| |
seach nei de âlde mantsjes en wyfkes út it bejierrehûs op har foarsichtich deistich kuierke, en seach nei de jonge memmen mei berneweinen, dy't my in slim twastridich gefoel joegen. Wie it dát wat ik winske? In man mei in wite board om en in kantoar- of fabryksbaantsje, in flatsje, in bankstel en t.v., in húshâldinkje fan twa trije bern en de stive oarder en regel fan in maatskiplik bebeakene bestean? Ut guon fan myn romans wist ik, dat ek dat mar in twivelich lok hjitte mocht, allinne begearlik foar minsken mei beheinde gefoelens en lytse mooglikheden. Mar, frege ik my ôf, wie ik dan ien fan mèar as beheinde mooglikheden en lytse gefoelens? Wat ferbylde ik my, wêr hie ik rjocht op? Ik, foar de minsken dy't my koene noch altyd ûnnoazele Eelkje, al like it oars en mèar dêr yn 'e stêd, as ik myn kuierjend oarbyld waarnaam yn de spegelruten fan grutte etalaazjes, dan mocht ik besjen lije, koe ik mei mysels foar de kreammen lâns, tocht my, foel ik alhiel net út 'e toan, gjin boerintsje-fan-bûten, alhiel stedsjuffer mei. Mar ik wist it: myn lot hinget net ôf fan wat my tocht, mar fan wat oaren tochten. En oaren, dè oar, de meiminske, soe ik dêr ea kontakt mei fine, soe ik ea op immens partikulier domein talitten wurde?
Soms siet ik op in kafeeterraske yn 'e sinne yn in reiden of plastic stoel, fielde de sinnewaarmte oer my streamen, liet kofje of kâld drinken komme, tocht my yn Nice of op Majorca en seach it fleurich stedsgewoel fan feinte- en fammeguod, da- | |
| |
mes en âlde hearkes, auto's en brommers oan. Dan wie it libben net sa gek. Krige in hastige each-opslach fan in foarbygonger, in flechtich each-kontakt mei in manspersoan, immen sûnder namme of steat, dy't fuort wer yn de mannichte teraande, soms noch efkes hifkjend of ferwachtsjend omseach. Ik gyng nei films yn 'e middeisfoarstelling en de wrâld dy't foar myn eagen ôfdraaid waard, hoe bylkjend en begearlik ek, hie foar my allinne de skyn fan echtens. Dêr seach ik dan dochs trochhinne, dat befredige my net, lykas it, seach ik oan 'e glinster jende eagen, oare winkeljende froulju, troude froulju, mei thús bern en de man op 't kantoar, wol rekke. Dat hie ik dus op sokken foar: ik leaude net oan mearkes. Wie ik wol sa dom as ik altyd tocht hie?
Likemin befredige my it merkegewoel dêr't ik in kear yn ferdoalde, in Feestwike sa't dat hiet mei in frjemde namme, Lewico of sokssawat. De swittende mannichte beneare my, it geraas fan elektrysk fersterke jankmuzyk dyng my sear oan 'e earen, fan it fretten en snobjen troch bern en grutte minsken waard ik gewoan mislik en fan it stomp-sinnich en doelleas dangeljen en omhingjen fielde ik mysels smoarch en beswit. Breinroer jongfeintespul koe boppedat de hannen amper thúshâlde fan in allinne rinnende frou.
Ienkear wie der in flechtich kontakt mei in man. Ik herkende de blink yn syn eagen: it erotysk aventoer, in soarte fan honger. Ik fielde de slach fan myn bloed, sa't dat hjit yn sommige fan dy ro- | |
| |
mans, in lytse dwylsin, in roes en in stream troch myn lichem en in hastige gedachte dy't sei: Wat kin it dy ferdomme, nim watst krije kinst, pik mei. Bist baas oer dyn eigen bestean!
Jo ek allinne oan 'e kuier, sei er. Ik knikte en rûn op syn útnoeging in eintsje mei him op. Ik seach dat er syn hân mei de trouring yn 'e bûse die en dêr ferskûl hâlde. No, dat troudwêzen mocht om my hinnebruie, dat wie syn saak, mines net. It wie in oannimlike man, kreas klaaid, der wie wat yn him dat fatsoen en goed betrouwen útstriele. In man mei in net ûngeskikt wyk- of earder moanne-salaris, skatte ik. Hy fielde him sa allinne, sei er. Ik sei, dat er dêrom syn trouring net hoegde te fertsjustermoanjen, dêr joech ik neat om. Doe lake er en sei: Do bist útsliepter as ik tocht hie.
Fansels hat er ûnnoazele Eelkje yn my snúfd, maklike bút foar ûngeduerige manlju. Oan sa'nien koed er in oandwaanlik ferhaal kwyt dat er net gelokkich troud wie, dat syn frou him neat joech, sa kâld en koel wie, en al sa mear. Mar dat wie de reden net, dat ik der by einsluten net yntrape bin. Want hy bleau aardich en foarkommend, mei syn steile ljochte kuif en syn kreas pakje klean. Hy naam my mei nei in smûk, tsjusterich kafeeke yn 'e binnenstêd mei gesellich klikkerjende biljertballen. Wy dronken wat en hy prate, oer bernetaslach, fakânsjejild en snipperdagen, oer syn sjef en syn broer dy't omkommen wie yn it ferset, oer syn grutte leafhawwerijen: dowehâlden en fuotbaljen. Iksels hâlde my op 'e romte, mei
| |
| |
myn komôf en maatskiplike situaasje hied er neat fanneden. Hy begûn al eigen en sa njonkelytsen wat taasterich te wurden, dêr yn dat drokke kafee tusken kommende, sittende en geande minsken dy't ik net koe, sa wat op syn master Boarsk. En ek dat wie noch ta dêr oan ta. Mar op in stuit sei er, sa'n bytsje mei in gnyske: Kinne wy saken dwaan? Ik begriep it net en seach him moai wis wat ûnnoazel oan. Ja, sei er, wer mei dat gnyske, hoefolle moat in nûmerke kostje?
Ik bin net te keap, sei ik, foar myn dwaan noch al fûl. Ik bedoelde dat ik neat foar jild die, ik sei it alhiel net út grutskens of wat ek, mar gewoan om't it net yn my opkaam jild en leafde mei elkoar te ferbinen. Unskuld, sis mar. Of ûnwittendheid. Mar ik hie dochs it wat mislikmeitsjend fielen fan ferrifele te wurden. Wat ik ek wêze mocht, in hoer wie ik net. Net foar jild en net foar neat. Myn nocht oan it aventoer begûn al aardich te belytsjen. Hy besocht it noch ien kear: Hast hjir in hûs of in keamer yn 'e stêd, dêr't wy hinne kinne?
Dit sitten sa is ek neat.
Nee, sei ik, ik kom út Reitswert, dêr wenje 'k en dêr moat ik jûn wer hinne. Dit wie samar in útsje. Us heit wachtet op my mei iten.
Wêrom't ik dat léste sei, liigde, begryp ik noch net. Mar ik réalisearre my ynienen dat ik ûnwjersteanber wer nei myn basis weromlutsen waard, hoe't de situaasje dêre ek wêze mocht. It kaam meskien ek mei troch dy faaks ûnbedoelde mislediging fan 'dit sitten sa is ek neat', wylst ik it
| |
| |
| |
| |
ûnnoazelgenôch nochal gesellich fûn hie. Hoe dan ek, in krêft loek my tebek nei Reitswert en nei de pleats ta, in ûnbegryplike en troch neat te billikjen krêft. Ik wie ommers myn eigen baas en op in pear moanne nei mearderjierrich ek noch. Efterôf besjoen soe men sizze: Hoe maklik hie ik dêr yn 'e stêd bliuwe kind, net om dy fint, mar samar, om mysels, in keamer hiere of yn in hotel sa lang, en in baantsje sykje as ferkeapster of bernefaam of wat ek. Ik hie fierder de wrâld yngean kinnen, as gesinshelp nei Ingelân of Frankryk, of mei fakânsje yn it bûtenlân, nei de Côte d'Azur of de Costa Brava, al wie 't mei de reisferiening. Nei in kibboets yn Israël! Wat lette my? It hie allegear kinnen as de omstannichheden oars west hiene, as der ferstean west hie tusken ús heit en my, as ik net allinne frij west, mar my ek frij field hie. As, ja... as. Mar dan hie ik net west dy't ik bin en hie der gjin oanlieding west om dit relaas op te skriuwen. Dit is allinne út gemis oan frijdom, út benypte, ferdomde bûnens.
Mar sa't it lân der hinne lei, wie der gjin oare kar en dêrom einige ek myn sintersk aventoer mei dy man, waans namme ik noait iens witten haw noch wêr't er weikaam. In gewoane lang net ûnmaatskiplike man, dy't him gewoan ris ferfeelde by wiif en bern, dy't wolris efkes wat oars woe, as it net te lang duorre en in net al te djoere bysliep oplevere. Hy hie syn belangstelling foar my ferlern, hy loek syn knibbel werom en seach ferfeelsum ta it rút út en trommele mei de fingers op it
| |
| |
taffeltsje. Ik wist wol hoe let as it wie, en ik sei: Jo hoege om my jo fatsoen net te bewarjen, hear. Ik hâld jo net fêst, ik bin leafst allinne en ik sil myn eigen fertarring wol betelje. Hy seach my oan, heal gnyskjend, heal tankber-sympathyk, de smearlap, -nee, dat mei ik net sizze, yn syn soarte sil er lang de slimste net west hawwe, nim ik oan, wol gjin Andrys Tolsma, de gentleman-echtbrekker, mar ek gjin master Boar. Hy wie bliid dat er sa maklik fan my ôf kaam en wat wy brûkt hiene, wie alhiel foar syn rekken, wat tocht ik wol? In hear is in hear, en hy winske my, alhiel sûnder irony, in goede reis nei Reitswert ta. Ik seach him nei sa't er foar it rút fan it kafee lâns rûn, mei de eigenwize slach fan in mislearre reis yn 'e rêch, wat fan skuldgefoel ek en wat fan ferromming. Hy wie gjin bordeelgonger, en mooglik soed er dy jûns ek gjin folgjend aventoer mear aventoerje, dochs mar wer nei wiif en bern ta, en sjen oft de t.v. noch wat fuotbal foar him yn 't fet hie.
It wie myn tiid foar de seis-oere bus en ik sette mei myn boadskiptas wer nei Reitswert ta. Unnoazele Eelkje hie de slach wer ris ferlern en ik lies sokssawat ek yn de eagen fan de boerinnen dy't by V. en D. har dingen dien hiene en kearden mei grutte papierene pûden. Boer Taconis sil ek net witte wat syn dochter útspoeket. Mocht ek wolris wat minder faak fan hûs wêze. As dit goedkomt, komt der mear goed. Krekt sa't je sizze, b'frou. De jûns, allinne thús, hie ik in beskamsum gefoel. Us heit kaam net, dy oernachte yn syn heareloazjemint of
| |
| |
ienfâldich op twa stuollen tusken syn argyfpapieren. Ik hie de man mei de steile kuif gewoan by my thús noegje kinnen foar in hiele lange nacht, net om him, mar om my, en him tsjin 'e moarntiid mei syn slûge kop ta de doar út skoppe, en syn wiif in briefke stjoere dat se better op him passe moast en dat se foar in eventuële echtskieding wol in ferklearring fan my krije koe. Sa stie it dus mei my: ek dizze oars sa earfolle oplossing fan myn aventoer mei in gewoane lytse smjunt foldie my net.
Noch in pear kear haw ik letter fan dy snobbers-reiskes nei de stêd makke. Mar gjin aventoer mear, al wie der noch wolris in longerige eachopslach. De ûnrêst dreau my fuort en like ûnwjersteanber loek myn needlot, myn ûnmacht my werom nei it hûs fan de ferfeling en de ûnrêst, it hûs dêr't de romans, ryp en grien, modern en âlderwetsk, stichtlik en sinysk-réalistysk, myn honger sêdzje moasten en my iderkear hongeriger efterlieten. Boeken, dy't ik no net mear liende, mar sels kocht, en net mear fersidebrocht, mar mei sin slingerje liet, ta stilswijende argewaasje fan ús heit, dy't der brimstich, skodholjend en gnoarjend yn omblêde, mar sûnder in wurd te sizzen. Boeken, moat er tocht hawwe, boeken foar ûnnoazele Eelkje - hoe is 't godsmooglik, wat ferbyldet se har, wat soe se derfan begripe en der oan hawwe? Mar it wie him te min om der in wurd oer smoarch te meitsjen. Hy sei net folle mear. Hy sei allinne it heech nedige - mar hie it goed besjoen
| |
| |
ea oars west? - de tiid fan iten en drinken, fan sliepen en ferskjinjen. Hy hie syn easken wat de iterstafel, benammen wat de folchoarder oangyng, en liet my ek wol frij. In hústiran wied er perfoarst net. Hy wie net krinterich mei húshâldjild, dêr't er nea rekkenskip fan frege. Sadwaande koe ik der iderkear wer op útsunigje en oerhâlde foar myn garderobe, dêr't er ek al net folle kapsje op makke, al fernaam ik oan syn snuven en grommeljen dat myn moadieuze oanslaggen him min noasken. Hy hâlde him stil, net út begryp of grutmoedichheid, mar ienfâldich om't ik fan te min belang wie, om't er it te drok hie mei syn eigen dingen, mei syn stambeam, syn famyljeskiednis, de ferlern bliuwende adelsbrieven en alles wat der mei anneks wie. Hy waard linkendewei besetener, fanatiker, hy spûn him iderkear mear yn syn eigen wrâld yn, korrespondearre nei alle wynstreken en skreau himel en ierde by elkoar oan stikjes foar dit blêd en foar dy krante, foar dit tydskrift en dat jierboekje, oant sels foar tsjerkebledsjes, hiele rigen oer dominy's út Fryske boerefamyljes. Ja, foar de stambeammerij wie de tsjerke ynienen wer goed genôch. De stjerrekikerij taalde er net mear nei. It spul stie dêr nutteleas te rustkjen ûnder túch en spinreach. Hy wie útkikere of syn eagen waarden minder en it treprinnen nei boppen kin him swier fallen wêze. Want hy waard ek meagerder en bonkiger en nearboarstiger. Hy ferlear yn in koart skoft tiid sawat al syn tosken en kiezzen en liet syn ynfallen mûlwurk net troch in keunst- | |
| |
gebyt opkalefaterje, hy kôge syn iten mei de oerbleaune stompen en it ferhurde toskfleis en sopke de broggen yn molke en kofje. Hy griemde syn klean der ûnder, mar wegere in slabe. It iennichste wat lije koe wie in bril, dy't it skerpe en asketyske fan syn trekken noch fersterke. Hy like in midsieuske muonts, úttard fan penitinsje en festjen, mar sterker en steiler en taaier yn syn drift nei wittenskip. No ja, wat jo dan wittenskip neame. Ik wist dêr it measte net fan, mar ik hie fan wittenskip en wysheid in justjes oare foarstelling. Nammers ek fan it libben yn it algemien. En soms hie ik weemoed nei it ferlern paradys fan de religy, dêr't wy Taconissen ús oars nea om bekroade hawwe. Gewoan yn God leauwe, tink ik dan, en mar domwei en lokkichwei oannimme, sûnder bewiis of wat ek, dat der in God is dy't yn goedens mei ús fierder wol en dy't nei dit ierdsk gewrot en gewraam in better en fleuriger bestean foar ús yn 't fet hat. As der mar ris in geskikte jonge dominy yn Reitswert kaam te stean, tocht ik, meskien gyng ik gewoan nei sa'nien ta en makke in praatsje, om der ris wat mear oer oan 'e weet te kommen, oer dy Geastlike Dingen. In petear op fatsoenlik peil. Mar wy moasten ús noch altyd rêde mei de âlde bolderbast Versteegh, dy't him net earne oars beroppe liet en dy't ek net dea of mei emeritaat woe. In tongerbui yn minskestal, in automaat dêr't mei in druk op 'e knop bibelspreuken út rûgelen. Mar in jonge dominy? wist ik smeulsk. As ik net yn 't fatsoenlike fereale op him
| |
| |
waard, soe ik gewoan besykje him te ferlieden, net om him as man, mar om te wjerfarren hoe fêst as sa'n beropskristen yn syn seksuële skuon stiet. Nee, mar better gjin jonge dominy, it moat fan binnenút komme, út myn hert, it ynwindich ljocht. Ik die myn bêst, mar ik koe net leauwe yn in God dy't syn skepsels elkoar sa tramtearje lit en altyd ieuwen en ieuwen lang tramtearje litten hat. It is bêst mooglik, dat der ienris in God west hat en noch is, dy't ús skepen hat nei syn byld, mar dan hat er òf net heech by himsels opsjoen òf hy hie net in gelokkige hân, doe't er mei ús oan 't formearjen sloech. Knoffelige hannen. It produkt is foargoed misbeteard. En Hy hat dy hannen der fan ôf lutsen.
|
|