en no har sûnens op dizze wize ferknoeie...
Hy draaide him om, syn hert kaam yn opstân, mar hy woe de hannen thúshâlde:
- Sis it mar, sei er, mei de rêch nei Himpenius takeard, sis it mar. It wie in soarte fan treiterjen.
- Do witst it sels blikstienderse goed.
Dus, dus noch gjin praat oer oare froulju, faaks hie dat punt dêrboppe noch net oan 'e oarder west. It klonk sels wat swak.
- Mar... mar..., sei de man efter syn rêch noch, tenei bliuwst fan har ôf, begrepen? Litst har gewurde!
Hindrik fette it noch net: fan wa ôfbliuwe? Mar it waard wol dúdlik:
- Ik set in bêd op dyn studearkeamer, ast dat begrepen hast.
Hy gniisde, Hindrik, hy gniisde lûdop, dit wie dan dochs de hichte wol, dit grouwélich misferstân, hy dy't Wypkje mei syn seksuéle sinnen hjitfolge, har gjin minút mei rêst liet... Hy de omnipotinte bêdgonger, dêr koene je allinne mar mear om laitsje, dêr wie gjin praten tsjin. Hy soe dit mar yn goedens oplosse. Hy sei:
- Heit kin my gjin grutter deugd dwaan.
En doe wie it alhiel mis. Efter syn rêch, wylst er nei de keamersdoar gyng en dy iepenloek, stadich, om himsels yn 'e stokken te hâlden, hearde er de âld man yn flokken en rachen útbarsten.
- ... wel ja godfer... dàt ek noch... har yn 'e steek litte... har oan har lot oerlitte... godfer...
En doe stie er al bûtendoar, yn 'e hjerstige eftertún.