| |
| |
| |
Heilsleger as alibi
Hy hie dus no Bert oerwûn en Johnny en Bjinse en de hiele mykmak oan ûnbetrousume en geheimsinnige manminsken, himsels derby. En doe't er yn 'e skimerjûn nei hûs ta fytste, tocht er dat it no wol tà koe. Want al wie it hastigernôch om en ta gien, te rjocht op it doel ôf en wie sadwaande it hichtepunt fan it feest net alhiel ta syn rjocht kommen, hy wist it no wol. Hy koe tefreden wêze oer syn dûbelde oerwinning, kantate en opklapbêd. En mooglik ek oer de wize wêrop. Hy hie sjen litten wa't er wie. De flotte-jonges-toan wie yn him fearn. De hoanne hie goed kraaid! En as er him no weromloek, krekt op 'e tiid, kraaide der gjin hoanne nei en hoe't it letter kaam, dat seach men letter wol. Wat him ynearsten te dwaan stie, wie oars neat as de spoaren útwiskje, him liep oan ferfelende fragen en konsekwinsjes ûntwine. Hy moast op syn iepenst wêze en dus de taktyk fan goede húsfaderkostwinner spylje.
Mar doe't er thúskaam wie it gâns oars as er ferwachte hie. Hy hie ryklik trije oeren fuort west en dat is yndied lang, as men allinnich mar in oerhearrich koarlid ta de oarder roppe hoecht. De keamer wie leech, der stie neat klear. Hy hie honger. De kachel stie op lyts. It hûs like ûnbewenne. Hy kroaske nei boppen en fûn Wypkje op bêd (it twadde bêd dat er dizze middei piipjen hearde, mar hoe gâns oars, hoe oatmoedige ûnmuzikaal pipe dit twadde bêd!), sêftkes snokjend en skokskouderjend. Hy loek earst noch oan 'e skouders en woe nei ûnderen, de honger pleage him, mar hy fielde dat dàt gjin styl wie. Allinne: wat wist se, - wàt wist se net - en
| |
| |
wàt wie allinne mar fermoeden, yntuysje?
Hy gyng op 'e bêdsrâne sitten en sei sa ûnskuldich mooglik:
- Wat is der oan, fielst dy net goed?
Snokkerjen wie it antwurd. Hy wachte in skoft en sei doe nochris:
- Wat is der oan, wêrom dochst sa?
Se kaam heal oerein en seach him oan, ferneatigjend:
- Hiele middeis by dat froumins sitte en dan nòch freegje, wat is der oan.
Hy seach har eagen, reade rânen, wanhope dy't der yn opljochte en glinsteringen fan haat. De hate fan Jisse Himpenius. Skiere, ûnbetsjuttende eagen eins en no dochs slim fanatike Himpenius-eagen.
- Mar leave, wat kwea stekt dêr yn? Hy lei har de hân op 't skouder, mar se warde dat ôf.
- Kwea? Nee, neat. Ast har leaver hast as my, sis it dan, dan kras ik wol op.
Efkes skeat in grandioaze oplossing troch syn brein. Jezus, tink ris ta! Mar hy sei:
- Hoe komst derby, dat ik har leaver ha? Ik wol har alhiel net hawwe. Der falt niks te hawwen. Ik ha dochs sein wêrom as ik dêr hinne moast? Se soe myn kantate yn 'e hobbel jeie. Dat haw ik rjochtpraat. En dat naam tiid. Oars neat.
- Oars neat, oars neat... fint gean wei, do bist al tiden gek op dat frommis, dy sloery... dy...
- Hoho, sei er op in bestraffend toantsje, wat jout dy it rjocht om sà oer har te praten?
- Tochtsto dat ik net wist wat dat foar soarte is? Poe, de wyldens strielet har ommers ta de eagen út. Dy hat al safolle manlju de kop gek makke, dêr is hjir op it doarp genôch oer bekend. Troud hat se ek noch west... dy... dat...
Snokkerjen.
| |
| |
Hy draaide him om en gyng oerein, nei it finster.
- Do moatst earst ta rêst komme - dan sille wy de saak rêstich beprate. Mar leau my, der is neat oan 'e hân. Niks. Hy wist sels net oft dit no wol oertsjûgjend genôch klonk. In stim ferriedt sa maklik en in frou dy't op har iepenst is, hifket yn milligrammen. Hy bleau noch by it finster stean.
- Wêrom bedonderst my? sei se noch, mei brutsen lûd, amper te ferstean. Haw ik dat oan dy fertsjinne? Sis it dan earlik. Ik bin net sa wis fan myn eigen bêstens.
- Ik bedonderje dy net (giet nei de doar ta). En ast yn goedens nei my harkje wolst (kruk yn 'e hân), sil ik dy alles fertelle (Rint wer op har ta, wifket, docht in stapmannich, hâldt wer yn).
- Alles...
- Ja, alles, en dat alles is niks.
Se snokkere noch wat nei en sei doe:
- Goed, ik sil harkje.
- Ik hie dêr in boadskip, dat ha 'k dy al sein. Sy hie har yn 'e holle helle dat se dy solo net sjonge koe. Ik ha dy ek sein, ik woe dat wiif fan Sjoerd Sudema der net yn behelje - dy wurket my stikem tsjin (komt sunich nei it bêd ta, tinkt: mei driichbrieven, ja) - dy gunt it har net, Lutske (dêr hiene je dus dy namme). Se hat in ferdomd moaie stim en fielt de solo tige goed oan. Ik ha har dus oerhelle om wer mei te dwaan. Ut eigenbelang. Ut bleat eigenbelang en niks oars. Do witst, ik haw dy kantate nedich. Om... no ja, miskien begrypst it net alhiel, mar it is in wurkstik, in kréatyf stik eigen libben, dat men kwyt wol, dat in bedoeling hat, dat nei de minsken ta moat...
- Moast dat trije oeren duorje, earst har safier hiest?
(Nee, hiest har gâns earder 'safier', goare sinikus.)
- No, al gâns in skoft. En doe rekken wy sa wat oan 't
| |
| |
praten. Wêroer? No ja, oer fan alles, oer sa'n doarp, oer it stik, oer de muzyk... Se is nochal sljocht op muzyk.
- By in jazzorkest, sei se smeulsk (in goed teken oars).
- No ja, mar dat seit net safolle. Benny Goodman, hied er sizze wold, dy spilet ek Mozart, en Mr. Bach goes noch altyd to town, mar wat joech soks?
- Wy hawwe te lang praat.
- En 't wie sa gesellich, smeulde se wer, do fergeatst de tiid. En fergeatst de ôfspraak mei de fersekeringsman.
- En do bist jaloers. Hy ferlear syn geduld, dat haatlik ferwar prikele him, mear as triennen. Boppedat, ôfspraken mei fersekeringsmannen binne der om fergetten te wurden. Dy komme wol wer lâns, dêr binne se foar.
- Ik bin mar in sjutsje, sei Wypkje, en ik kin fansels lang net tsjin sa'n artistike dame op. Mar ik bin dochs wiis genôch - se kaam mei de boppe-ein omheech boppe de tekkens út en krige wat fan in bittere profetes, o wat wie se meager en suterich fan fel - ik warskôgje dy, stoarje dy net blyn op dy... op dat...
- Dat doch ik net, sei er slop. Hoe komst der by?
- Hoe't ik dêr by kom? Tochtsto dat ik neat fernommen hie? Do bist oars as oars. Ofwêzich. Do pakst hjir of dêr mei om. Do fersitst in bus en komst rinnende wei thús - hast oait fan dyn libben earder in bus fersitten? Do stiest as earste by de halte en sitst as lêste yn 'e bus - do litst dyn tas yn skoalle lizze - do bliuwst lang wei nei 't sjongen - do krigest in lift fan Bjinse Houtsma, dy't dan al lang en breed yn 't sikehûs leit.
- It wie de feint fan Bjinse, sei er hastich, dy ried yn Bjinse syn auto.
- Do hast gjin oandacht foar ús bern en net foar my, do rinst mei wat om. Ik wit wol...
| |
| |
- En wat betsjut dat allegearre, sei er, him ynhâldend, mar ynwendich triljend (wat wist se, wat wist se net, kaam der aansent net in ferpletterjend bewiisstik, in geheimsinnich briefke foar 't ljocht: Pas op jo man? Dy is net los fertroud?) As ik hjir of dêr mei omrin, goed, lit ús sizze dat dat sa is, mar... moat dat dan perfoarst om in froumins wêze? Do soest my doch better kenne. Haw ik oait...
- Ik wit wol, prate se by him lâns, dat ik mar in sjutsje bin, ien dy't altyd wurch en altyd heal is, dy't it wurk net oan kin, dy't... mar do hast my sels ha wollen, do hast alles dien om my te krijen... De ûnderste stien moast boppe...
- Allegear wier, mar wat betsjut dat no, wat bewiist dat?... Wa seit dat ik dy kwyt wol? (Skreaut wer te lûd, bynt yn). En jou asjebleaft antwurd op myn fraach: As ik mei wat omrin, moat dat dan perfoarst om in froumins wêze?
- Wêr dàn om?
- Wêr dàn om? Wêr dàn om? - Goed, ik wol it dy wer útlizze, mar ik freegje my ôf ast it oait begripe silst, sels nei in útlis fan oardel oere lang...
- Welnee, sjutsje is ûnnoazel, sjutsje begrypt neat...
- Sa moatst net, Wypkje (komt tichter by it bêd, giet op 'e râne sitten). Moat ik it sizze of net?
- Ik begryp it ommers doch net, ik begryp doch noait wat... Wer gûlde se it ynienen út, wyld en ûnbehearske en biet yn 'e punt fan 'e tekken.
- Do kìnst it wol begripe, ast mar efkes al dyn wantrouwen oan 'e kant leist. Ast mar goed harkje wolst en net nuver dwaan en dy sa oanst..., en dy dingen yn 'e holle helje dy't der net binne.
Se fermanne har, droege de eagen oan it lekken en bleau rjochtop sitten. Hy skikte tichter by har.
- It sit him yn 'e muzyk. Dêr sit alles op fêst. It is my no
| |
| |
dúdlik wurden, mei en troch dy kantate. Ik hie yn 'e muzyk moatten. (As er net leare kin, mei er yn 'e muzyk.) Dat is it iennichste dêr't ik wezenlik belang by ha. Dat hat altyd sa west, fan myn tsiende jier ôf, mar ik haw it altyd mar wer fan my ôfskood. Jild fertsjinje, begrypst, in posysje hawwe, in goed en nuttich plakje yn 'e maatskippij, in achtenearre steatsboarger. Muzyk is gjin iepenbier nutsbedriuw.
- Mar, ûnderbriek se, dat kinst dochs as leafhabberij dwaan?
- Krekt as in oar in folkstúntsje of in postsegelalbum. Mar dan moat ik dy doch sizze, it giet hjir om grutte dingen, om wezenlike dingen, om dingen dy't de persoan útmeitsje. Eksistinsiële dingen. Krekt - harkje no goed - krekt no't ik it dus as leafhabberij doch, mei dat ûngelokkige rotkoar, fiel ik wer hoe't dit, no ja, tekoartsjit sis mar. Ik wurkje no foar dy Dútse akte, en 't soe moai wêze as ik it takomme jier helle - wer in trime heger op 'e ljedder... Excelsior, aloan hegerop! Mar ik kin fan dat hiele Dúts wol spuie, grammatika, schwere wörter, Heine en Schiller... Ik kin dy dit sizze (ferbaast him oer de genialiteit fan syn útfynsels, set der in ferheven, dramatys gesicht by), dy jûns doe't ik de bus miste, haw ik alhiel net nei kursus west, allinne mar yn 'e stêd omrûn, fan it iene park nei it oare, op brêgeleuningen sitten en yn finsterbanken en oan it wetter, oeral. En it muzykkorps (o hillige ienfâld fan de fantasij) fan it Heilsleger wie my as muzyk genôch, às ik mar fan dy smoarge kursus ôfkomme koe.
- Dy't ús no al safolle tûzen gûne koste hat, smiet se der tuskentroch. Weismiten jild, yn har each.
- En dy't ús noch mear kostje sil, as ik der net mei ophâld. It leit my net, ik fiel der neat foar. It is myn bestimming net. Der is mar ien ding...
| |
| |
- De muzyk, ja. En wat woest dêr dan mei dwaan?... Komponist wurde? Earmoed lije? (net safier misroaid, hy moast it tajaan).
- Sjoch, dat is in ding, dat kin men besjen as men in beslút nommen hat. Ik bedoel: asto der foar iepen stiest. Mar do stiest der net foar iepen. Do tinkst oan de breawinning en oan it baantsje...
- Of noch mear rotkoaren op dyn noed nimme...
Dit wie fansels gjin diskusjepeil mear, mar hy besocht dapper fol te hâlden:
- Dy dingen dêr giet it no noch net om. It giet der noch mar allinne om datsto der foar iepenstiest, datst mei my lykop tinke wo'st oer in oplossing, der wat fan begrypst. Ik rin om mei dy kantate yn myn siel - dy kantate (it wurd komt my sa njonkelytsen ta de strôte út, mar hawar) dy moat my wat bewize, dat is myn proefstik, myn identiteitsbewiis.
- Mar bêste jonge, haw ik oait kwea fan dy kantate sein? Ik hàw der neat fan sein, omdatsto my der bûten hâldest. Do hâldst my bûten de dingen, do libbest dyn eigen libben en litst my... it gûlen kaam wer neioan... mar oanpiele... sjochst net nei my om. Der hinget hjir yn 'e hûs al dagenlang in spanning dy't hast net te dragen is, en woesto beweare dat dat allinne fan dy kantate komt?
- Net allinne fan dy kantate, mar fan it feit dat myn hiele besteansrjocht der mei op it spul stiet. Elke man hat wolris sa'n krisis, dat er him ôffreget, sit it wol goed allegear, kom ik wol ta myn rjocht, bin ik wol dy't ik wêze moat.
Se die der it swijen ta, it petear rûn yn algemienens dea, se soe dit earst ek ferwurkje moatte.
- Dat frommis..., sei se noch, doe't er wer by de doar wie. Hy draaide him om nei har ta, fan doel om dan sels mar wat gear te brouwen yn 'e koken, en sei:
| |
| |
- Dat froumins kin om my nei de ferdommenis fleane!
En dêr hiene je it dus: Wypkje dy't, nei syn moaie taspraak, dêr't ferdomd as 't net wier wie, ek noch gâns in stik wierheid yn bemjukse siet, ja dêr't er al pratende en formulearjende wei de steat fan syn eigen libben yn ûntdutsen, bleatlein, dêr't er syn eigen riedsels yn útinoarteard hie, dochs noch nei dat froumins weromkearde. En hy, dy't net allinne Lutske ferleagene troch in berop op 'e Ferdommenis, mar ek himsels. In froumins dat jin ûnferskillich is, stjoert men net de Ferdommenis yn. Dat docht men allinnich ien dêr't men krekt tige ticht by west hat, dy't men yn har yntimiteit ûntdutsen hat, dêr't men jin skuldich om fielt. Hartstikke skuldich. Mar skuldich nei twa kanten ek noch.
|
|