feroveringsstriid en naam fan har filtersigaretten. En hy foel mei de doar yn 'e hûs. Se siet foar him oer, hy koe har knibbels wer ris bewûnderje en de rôk dy't dêr strak omhinne spand siet, har wide trui dêr't de eptige boarsten spand yn stiene, mar hy socht har eagen noch net.
- Net aardich fan dy, sei er, datst der foar omlizzen giest. It gyng om dy - it is skreaun om dy - en ik gun it frou Sudema net. Asto net wolst, giet it stomwei oer. Unberekkenber wie dizze frou, want ear't er syn oanfal, syn selsrjochtfeardiging goed op priemmen set hie, sakke se al ynelkoar. Hy waard der suver kjel fan, doe't se sei:
- Ik hie der fan 'e moarn ek al spyt fan. Mar ik woe dy net yn swierrichheden bringe.
- Do bringst my nò yn swierrichheden. Mar ik bin net bang fan swierrichheden. Foar 't earst seach er har no goed oan, en fuortdaliks sloech de brân wer troch him hinne. Mar hy bedimme him, hy wie der noch net.
- En dan dat oare, sei er. Do woest my net ta ûnfoarsichtichheid ferliede. Ik bin dus in foarsichtich man.
- Ja, mar dat is gjin skande. It is in goed ding, dat de leafde foar frou en bern jin boppe alles giet. Sa'n wylde fûgel as ik bin.
Hy die 't him net oan tiid om de gefoelens tusken earnst en hún te hifkjen dy't efter har wurden leine. De hoanne fan 'e leafde kraaide lûd yn him. Hy gyng nei de doar en draaide de kaai om. Hy naam har mei nei it útklapte opklapbêd, dat muzikaal pipe. Syn hannen trillen. Hy begûn by har trui en einige by har slipke. Hy soe sjen litte dat er nèt foarsichtich wie. Nèt in lytse, bange, benypte boargerman.