kym lâns feien. En hy harke, lûden yn it bûthús, stamboeksbollen fan 80, 90 mille en mear. Eksport foar Brazilië of Pakistan. In pleats as in paleis, dêr't gjin strieke oerdwers lei. Paden mei de sentimeter beknipt en mei de túnklauwer rjochtstreke. Dat koed er yn it skrale moanneljocht net sjen, dat rette er, en hy doarst op dy paden net iens te rinnen, der kamen dan fuotleasten yn 'e túnklauwerstreken. En dêrsanne de fiver, glêd en rimpelleas fan oerflak, de fiver dy't har hûs, har paleis spegele oerdeis en dy't faaks har byld spegele, as it de moarntiid begroete foar har sliepkeamersrút. En as hied er har stjoerd fan bûten út wei mei de geheimsinnige krêften, de elektronika fan syn leafde, op dat stuit gyng it ljocht boppe op en seach er har de gerdinen talûken. Stom, wêrom de gerdinen ta? Rette se dan net yntuïtyf dat hy hjir stie, sa'n frou hie dochs in seisde sintúch? En wa koe oars strune as hy en wa oars mòcht hjir strune as hy? In voyeur, hjitte soks yn 't Frâns, it Hollâns hie der net iens in echt wurd foar. Vestdijk rêde him mei de 'ziener,' mar dêr siet dan mei-iens in religieus-symboalys luchtsje oan. By hìm net! Hỳ strúnde mar gewoan. Just, hy soe dus mei dyselde Vestdijk yn dy beam moatte, dy donkere, machtige, mânske, yn hjerstkleur klaaide boekebeam dy't it balkon fan har sliepkeamer hast beroerde. En dan sunich fluitsje. In herkenningsfluitsje, dat moasten se hawwe, lit ús sizze it kwarte-tema út 'e kantate sol-do-re-la-si-mi. Hy besocht it - wêrom soed er it net besykje? It klonk skriel en earmoedich yn 'e nacht. En it gerdyn bleau ticht, hy moast ta mei rieden. Klean út - badkeamer yn - parfumearre sjippe - spegel ta fuotten út - nachtjûpe - babydoll of hjitten dy flodderdinkjes net
mear sa? - of miskien alhiel neat. Fansèls alhiel neat. Gjin ferrie oan 'e natoer.
Earne blafte in hûn. Op in oare pleats. Hy skrille op út syn