Twa nylonknibbels
Hy hie de ûnbekende hannelsreizger mei tekenjende bysûnderheden opdrave litten en fuortdaliks ek mar de fergetten tas yn ien muoite troch. Der wie sasear gjin haast by, der sieten mar twa boeken yn en in skrift. De lju soene him dêr wol goed bewarje, hy soe oars moarn de konsiërge efkes skilje. En Wypkje naam it allegear yn folslein betrouwen oan, al hie se dan yn 'e ûngerêstens sitten oer syn lang weibliuwen. Oan syn skuon koe se as se wold hie, dan noch sjen, dat er in ein, fan 'e trijesprong ôf, troch de puozzen fan 'e púndyk boksele hie. Mar dat bewiis wie net iens nedich.
En doe moast er fierder boartsje - oeral en altyd op syn iepenst wêze, har yn 't fizier hâlde, tekens waarnimme, oft se fermoedens hie, of fertriet om dingen. Mar hy murk neat, se bleau deselde, wat stadich, gau wurch, soms justjes better, mei lokkige eagen allinne as it om Jisse gyng. Hy betocht ynienen, it wie op 'e kop ôf twa jier lyn, dat it earste bern, it famke, nei it grêfke brocht wie. In oantinken om by te janken. Wypkje wist dat, dy wie ûnfeilber yn datums, mar se ferburch it fertriet, se sleat it yn harsels op, naam it mei yn de lome bewegings fan har lichem. Stom, deselde jûn dat hy B sein hie, B dien hie! Gefoelleaze rotstreek. Mar hy hie der earlik net om tocht, en it wie de fraach oft er it litten hie, hied er der àl om tocht. It fleis is mar swak.
Want dit hie de B west en dêr bleau it fansels net by. Hy hie, platwei sein, de smaak te pakken. Hy koe net werom, ek om hàr net, om Lutske. Sij hie har eigen fertriet kwyt te wurden, dy bittere rotsmaak om dy direkteur - Shell of