| |
| |
| |
De man dy't B sei
Der wie dy wyks wer fan alles te rêden. In gearkomste fan de âlderkommisje. In jûnsbesite fan freonen út in oar doarp (efkes gefaarlik doe 't se by Bjinse Houtsma syn ûngemak lânskamen). In âlder dy't ried hawwe woe oer in bern, in dochter, amper tolve, mar al by jûntiid troch de buorren en de bûtenpaden strûzend mei jonges yn har sok - koe master ek ris mei har prate, de heit wie bang dat it de ferkearde kant opgyng mei Antsje. Sok ding lei oars op 'e wei fan 'e âlden, sei de master, de mem alderearst en as dy net koe, dan de heit. De mem - de man lake wat skeadlik, dy wie destiids krekt sa, master soe dêr wol fan heard ha: it hie in hastige trouwerij west, en letter hie de jonge heit him wolris ôffrege oft hy wol de iennichste wie dy't heiterjochten op Antsje jilde litte koe. Master wist fan neat, mar hy woe it wol oannimme, en hy soe in each op it fanke hâlde, har wat boeken te lêzen jaan en ris mei har prate as 't sa útkaam. In tankbere, nederige arbeidersman klompke fuort. Wie noch fol betrouwen yn 'e seedlike ûnoantaastberens fan de yntellektuëel. En doe rekke juffer Baanstra ek noch út stel, dat hy siet mei de legere klassen en moast, woed er se net frijjaan, iderkear tusken twa lokalen patroeljearje. Hy koe de kop der net byhâlde, it rûn him danich út 'e hân, hy stjoerde de lytskes lilk nei hûs en ferwinske juffer Baanstra en har âldfammekwaaltsjes. Billik wie dat lang net: syn ûnderwizeresse, dy't hjir al in fearns ieu hast stien hie en har royaalwei oanpast oan syn fernijingswoede, liet it net om in ding fan neat sitte. Se wie dogmatys-trou yn har plichts- | |
| |
opfetting en hy koe mei har lêze en skriuwe. Mar har ôfwêzichheid krekt no, no 't er der sa raar ta siet, wie him ta in argewaasje. Syn komposysje tyspele him yn 'e holle om en it gefal mei
Lutske Westra, der moast klearrichheid yn komme, wylst de saak oars sa klear as in klûntsje wie: de komposysje gyng troch, en dat oare soe ek trochgean as er it woe, en oergean as er it net woe. Simpel genôch foar in oars net sa komplisearre man as Hindrik Visser (tocht himsels), in bedaard, helder-tinkend man, gjin brieder, gjin romantikus, in man dy't it sûn ferstân foarop hie as de flage yn syn oersichtlik bestean. En hy tocht ek by sûn en reedlik neitinken, dat it oergean moast. Hy tocht it sels as er Wypkje oanseach yn har steat fan net alhiel sûne húsfrou dy't wurdleas klage oer wurgens en pine holle. En hy tocht it benammen as er de jonge Jisse spinfuotsjen seach yn syn beginnend minskewurden, dat lyts wûnder fan biologise skeppingstechnyk, dat er dochs wol slimme leaf hie en dat er dus net leafst mei in ûntrouwe en yn seedlike dusoarder fersille heit opskypje woe. Sa'n bern, sa'n besit, oan jins eigen wêzen ûntspruten, groeid yn en út de frou dy't by wet en gewisse jins eigen wie, dat mocht jin dochs wol fan brike sprongen tebekhâlde.
Mar hy frege him ek wolris ôf, wat er, ôfsjoen fan dy Jisse (dy't as it net tsjinrûn nei it gymnasium soe en studearje wat er mar woe, muzyk, medisinen, téology byneed) noch fan it libben ferwachtsje mocht. It bestean mei dy stadige, net tsjin it libben opwoeksen Wypkje, dat net folle oars opsmite soe as in bedimjen, in treast sykjen yn 'e maatskiplike warberheden, yn 'e opgeande ljedder fan legere skoalle-mavo-havo, fan doarp nei stêd en sa op nei it pinsjoen. Dy Wypkje, ferlern geand yn har ienfâldich, himpen húshâldinkje, mei gjin oare ynteressen as har romans
| |
| |
(goede romans wol, sa net, en net sûnder oandacht foar Hermans en Mulisch), - mar dochs dingen bûten it libben, en dy't him sa'n ferdomden lyts bytsje ynspirearre ta de dingen dy't er mei himsels foar hie. Net ta dy akte - want dêr siet se genôch efteroan - mar ta de muzyk. De muzyk, dat wie, tocht him, yn har each in ynbrek op 'e maatskiplike reedlikheid, dêr't se neat fan begriep, mar ek neat ynseach, frijetiidsbesteging sûnder nut, dat gyng by har lâns en rekke har net. Wat rekke har einliks àl? Wat beweegde en woele dêr efter dat wat wurge en yn in jiermannich tiid ferâldere en fersutere gesicht fan harres? Libbe dêr noch wat of wie it in stilsteand wetter, in poel fan deistich en húshâldlik planteguod? Dit waard dochs wol nijsgjirrich, dizze fragen hied er nea earder sa helder yn him omgean litten. En hoe't dat mei Lutske ek beteare mocht, it hie al ien winstpunt oplevere: hy wist, hy libbe sa goed as by syn frou lâns, syn frou dy't er foar de helsdoarren weiskuorre moatten hie - hy mocht der syn skoanâlden noch net om lije, bygelyks as dy in snein oerkamen en net oars diene as op Wypkje har sûnens omeamelje en de jonge Jisse al taastende en tillende en speurendeweis hifkje op de bekende tekens fan in swak skaai, as wie der gjin Visserbloed mei anneks! En ynienen seach er fierder perspektyf: Lutske wie de wei om Wypkje te hifkjen, om efter de geheimen fan har libben te kommen (as se dy hie). Net om har werom te winnen, dat wie net oan'e oarder. Want hy wie mei har ferbûn en soe ek geastlik by har bliuwe, op 'e ien of oare wize, ek nei in aventoer, in oangripend ûnderfinen mei Lutske.
Hy besocht har waar te nimmen yn dwaan en litten, hy bestudearre har. Myn frou, mompele er soms en hy fernuvere him der oer, dat dy wurden in feit dieken, in wurklikheid, in besteansgrûn. Hoe tocht se oer him, hoe ûnderfûn se him?
| |
| |
Wat ferwachte se fan him en fan it libben yn it algemien? En hy fernaam net folle dat op ûnrêst of ûntefredenheid tsjutte, se oanfurdige de dingen en efter har wurge hantaasten, efter har húshâldlik skreppen en skuorren en stinnen koe men dòchs wat fernimme fan in soarte fan heldestriid om te bliuwen dy't se wie, om harsels te hanthavenjen op 'e smelle basis dy't har bestean útmakke. De trekken fan dat soarte fan heldedom stiene har de lêste tiid skerper yn it antlit snien, tocht him. Wie it bern har tefolle? Mar dy besitejûn, dy't him al gau ferfeelde, him hingerich makke en suf fan al dat smoken - in kollega fan in oar doarp mei syn jonge, net ûnsjarmante frou, skoander knibbelwurk ûnder de nauwe rok, mûltergjen - fleure hàr op. Se waarme har oan dat selskip, mar it wynde har ek op: nei ôfrin, tusken de bowlgleskes en de stjonkende jiskebakjes, hie se reade plakken op 'e wangen en yn har eagen lei in frjemde, ûnnatuerlike skittering. Wie dit dochs in befrijing fan in ferfeling dêr't se mei tangele siet? Moast er har dit méar jaan: fleurich selskip, freonen, freondinnen foaral dy't loftich prate koene oer lytse ûnderfininkjes, oer de bern, oer it deistich wurk fan himmeljen, wurksters, molkeman, oer de radiodingen en de televisy?
De televisy. Dy oaren wiene dêr wol wiis mei, no ja nèt om der kultureel fan op te sprekken, sei Harm, mar dochs, mits mei soarch útkeazen, de muoite fan it hawwen wol wurdich. Je stieken der sachs wat fan op en in goed toanielstik of in aardige film dêr mocht men sa yn dy iensume doarpsoarden wol wiis mei wêze. It wie in soarte fan skuldgefoel dat him oer de streek loek, mar dêr wie 't op himsels net minder om. Him koe dy kastekikerij neat skele, it soe in boarne fan ûnrêst en in stan-yn-'e-wei foar syn wurk wêze, de deastek foar syn kréative oanslaggen betsjutte. Hy wie der sosiaal
| |
| |
besjoen ek net sa foar. Mar Wypkje? Soe it har net de kontakten jaan dêr't se nei ferlange en dêr't se fan opfleurje soe? Doe't de besite fuort wie, tante er, foarsichtich. Se stie net ôfwizend en foar har betsjutte dat: graach!
Sa wie Wypkje: hoeden yn har geastdrift, net te hurd fan 'e miet. Mar letter begûn se der út harsels oer, socht in plak dêr't it tastel stean koe. Der kàam dus in tastel, ynearsten op proef, mar it soe wol bliuwe. Dat wie dan dat, in tsjinset om grutsk op te wêzen.
Mei it skoalfanke slagge it him minder. Hy sloech dy Antsje goed acht, grouwe fodze foar har jierren, folslein froumins al nei it uterlik, ynwindich in bern noch, wat domeftich en sleau. In bekend tipe yn dizze kontreien. Hy helle har foar 't boerd en seach dat der al wat heupdraaien oan te pas kaam. En letter, nei skoaltiid, soed er mei har 'prate'. Mar der wie neat yn te krijen en ek neat út. Doe 't er op it sjapiter fan 'jonges' kaam seach se him mei kealle-eagen oan en sette it stadich op in gûlen, grutte lakse triennen, rûne triennen út in rûne tût, dêr't er allinne út opmeitsje koe, dat Antsje moai wis net de ûnskuldichste wie. Mar hy kaam it net oan 'e weet, ek net doe't er dan yn 'e goedichheid mar sei, dat se oppasse moast mei jonges en neat mei har dwaan litte, ta it broekje yn en sa, it gûlen waard der allinne mar lûder en syn geduld lytser fan. En hy liet har gean en seach har oer it plein fuortdraven, de rokjes fladderjend yn 'e wyn. Dat wie no wer sa'n teloarstelling, dat er it betrouwen fan sokke bern net winne koe. Pedagooch fan jan lul. Mar earne yn him hie dochs ek wat langst west nei in pikante bycht oer grypske boerejongesknûsten en heabulten, dat wie net alhiel fris by him. Faaks hie se net iens ûngelyk mei dizze taktyk fan gûl-en-hearskje. Sa'n bern ûntdiek it libben sûnder euvelmoed en woe der gjin probleem fan meitsje litte, en dat wie
| |
| |
dan de ienfâldige wei fan de natoer, dêr wie gjin fjochtsjen by. Fjochtsjen waard it allinne as je de bril fan it ferstân der by opsetten. Ek alhiel net nedich: soks kaam altyd op syn poatsjes telâne, mei help fan de pil, en sa net: in net troude mem is foar nimmen mear in ramp langer.
Doe't Wypkje dy jûns mei in pûdfol fruit nei juffer Baanstra har kosthûs sette, hied er efkes it ryk allinne. Frijheid yn syn eigen hûs. Hy stelde him der wit wat fan foar, mar it waard in ûnrêstich omhingjen, in omdôch sykjen fan gaadlik wurk. It Dúts lei al tiden op syn kont, syn gean nei de kursus wie allinne mar in aliby, in middel om de skyn op te hâlden, takomme jier eksamen dat koed er him wol út 'e holle sette. Mar dêr kaam dan Lutske foar yn it plak. En hy wist ynienen wat er dwaan soe, hy gyng nei de telefoan. Se song suver troch de hoarn, ien stik froulike enerzjy, syn earen toeten noch minuten neitiid en hy wie wat dronken fan dat lûd. Hy soe dan in oere earder út 'e les gean en hie in plak fan moeting ôfsprutsen. Dit wie dan dochs fan him útgien, in beslút dat er sels nommen hie, de B fan it Abie dêr't er net fan wiste wêr't it ophâlde soe.
Mar hy doarst Wypkje net oan te sjen, doe't dy thúskaam, en letter wied er wer fierste aardich, yn 't each rinnend aardich, en se seagen twaresom nei de televisy, in blau skynsel fan jachterige mannen mei aktetassen yn auto's dy't troch bochten riken, roerend by de ôfgrûnen lâns. It giet goed tocht er, der sit wer spanning yn. Dûnsje op 'e smelle koarde fan de leagen, sa'n televisy stekt men wrychtsjes wat fan op. Harm hie gelyk, al bedoelde er it oars.
|
|