| |
| |
| |
Freonskip, suver as kristal
It foel net ta mei dy solo fan Lutske. Miskien wied er ek in bytsje wrantelich om't er dy kursusjûn yn 'e stêd omdôch nei har útsjoen hie en teloarsteld syn bus opsocht. Har stim wie goed, en dat moasten sels de froulju tajaan. De galm wie der ek in stikhinne út, dat makke har lûd natuerliker, ienfâldiger, efkes fynder foar de sfear fan sa'n subtyl krystliet. Mar se hie har ferkearde loopkes oanleard en dy wiene der mar min út te krijen. Hy waard der suver wat ûngeduldich en nytlich fan, it foel him ôf fan har. In septymsprong nei boppen, dy't neffens him it liet krekt de goede romantise (mar net swiete) ynslach joech en dy't yn it harmoanys ferbân boppedat ek noch wat ynteressant-modern klonk, koe se mar net yn 'e macht krije. It waard in dôfhûdige kwint en mei de ferkearde oplossing dy't net by it akkoard paste. Syn artistyk gewisse ferbea him it te feroarjen en de oare partijen by har eigenwillige kwint oan te passen. Se ûntskuldige har en besocht te begripen wat er krekt bedoelde, se wie oerrinnende fol fan goede wil; hy song it foar yn domisol, mar it siet der stokstiif yn. Dat moast yndied in pear ekstra-repetysjes kostje, spesiaal mei har. Op himsels gjin ramp.
Mar it waard der net better op, doe't frou Sudema, goed beslein op 't iis, de solo spontaan sûnder fouten en mei in glêssuvere septymsprong - en alhiel neat minder goed fan toan en opfetting - hearre liet, sûnder dat immen dêr om frege hie. Dat wie sa hàr wize fan protest en rjocht fan bestean hie it, dat moast er tajaan. Lutske sels wie der,
| |
| |
faaks foar it earst fan har libben, efkes ferbjustere fan. Har eagen sochten sines. Syn harsens giselen om útrêding, mar hy fûn neat, en dus sei er neat. En dus koe it lykje as hied er it alhielendal net heard, fan frou Sudema har ûnfeilberheid. Ek it mûskopjen yn de frouljusôfdieling liet er foar wat it wie, hy stoarre stiif en neitinkend yn syn partituer, mar hy fielde it ferrekte goed, as in machtleas protest, in utering fan solidariteit mei in fersmitene en tsjin befoarrjochting fan in ûnweardige. It wie in traap op syn hert. Sà moasten se it sawat sjen: master wie der mei dy ûnweardige yntrape, dy koe it ek net helpe dat se sa brutaal wie, mar hy hie nò dochs sizze moatten: Juffer Westra, dit kin net, ik jou de solo oan frou Sudema. Myn God, wat in rotfiguer!
It mislearjen friet oan syn siele, de hiele jûn. Hy fielde him ûnwis en wurch, it woe net. Der wie ek wat fan ûnwissens kommen yn syn ferhâlding ta har: earst dat weibliuwen op 'e kursusjûn en no har tekoartsjitten as beskermeling. Hy fielde de spanning yn it lokaal rjochtoerein stean. Hy liet betiid einigje en soe dan noch mar efkes mei juffer Westra apart. Hy frege it har op in toan fan 'e skoalmaster dy't neibliuwe lit, it wie goedbesjoen ek in soarte fan straf. En sij fielde it ek sa, har eachopslach wie frijwat ûntmoedige, sokke tsjinstuiten as dat fan frou Sudema koe se net oer, mei al har drystens en selsbetrouwen. En doe't de oaren, tige wifkjend, as wie't mar amper betroud dat dy twa hjir efterbleaune yn it keale lokaal mei de grutte gaskachel en de iepene ruten sûnder gerdinen, lang om let ta de steech út skarrele wiene, wie it earste wat se sei:
- Wat seisto fan dy set fan frou Sudema?
- In rotstreek, sei er.
- Ja mar... (hy hie har noch nea sa kúm sjoen, se wie lyts man, nee lyts frou en rôp suver meilijen op)... asto tinkst
| |
| |
dat sij it better kin, lit hàr dan sjonge. Ik wol graach ôfstân dwaan. Om 'e leave frede.
Hy seach har oan. Triennen krûpten troch har eachslidden. Hy fielde him tekyk stean foar de hiele gnuvende buorren en de hiele herfoarme gemeente fan wa't dit gebou wie, mar moai wis wie der gjinien om 'e doarren.
- Dó dochst it, en dêrmei út.
Hy rûn nei de piano en sloech in pear akkoarden oan. Lutske folge stadich en gyng skean efter him stean. Hy seach fansiden har lichemsfoarmen, de strakke swarte trui, de bantsjes fan de b.h., de rôk spand om de brede, mar net te brede heupen. En dêr boppe har hals, dy oargelhals, fierder seach er net. Hy sei:
- Do kinst it bêst. Dat wiif fan Sudema is in kring. Dy stunt wie foar my bedoeld, mar dat spultsje giet net op. Wy nimme it nochris troch.
Der wie wat oars dat him op 'e tonge lei. Wêrom wie se dy kursusjûn weibleaun? Moai wis gewoan fergetten. Hy moast it mar sizze, oars siet der altyd noch wat tusken harren, it moast útpraat wurde. Hy tyngele wat troch, in soarte fan achtleaze ymprovisaasje op it kantatetéma.
- Ik ha dy earjusterjûn net sjoen yn 'e stêd.
It wie in skoft stil. Se beweegde har wifkjend en die in stap op him ta.
- Ik haw it earlik fergetten, sei se deemoedich. It soe ek noch wol wier wêze.
- No ja, it hindere neat, mar...
- Bist der lilk om?
- Op dij kin ik net sa goed lilk wurde, sei er suchtsjend. Alwer in leafdesferklearring mei in omwei.
- Ik hie ek net bêst fuortkinnen, ferfette se, ús mem wie wat heal. Mar ik haw it earlik fergetten. It kaam my jûn yn
| |
| |
't sin, doe't ik hjir hinne ried. Ik fyn it rottich.
Hy fielde har lichem flak neist him, har heupen, hy soe se beroere kinne, syn earm der om hinne lizze. Hy die it net, al ferwaarme har deemoed him it hert.
- Ik ferjit altyd alles.
- Ja, dat haw ik fernommen.
Se lei him de hân op 't skouder. In freonskipsgebeart, mear hoegde dit net te wêzen. Mar de gnuvende buorren, às dy der wie, soe der wol wei mei witte. Hy sei:
- Kom, wy begjinne. Dat oare prate wy wolris út. Sa slim is 't ek net. En wy sitte hjir te kyk. Se naam har hân fan syn skouder ôf en socht yn har partij. Hy sloech in pear tariedende akkoarden oan en seach nei har op.
Krekt nei de earste toanen kaam de koster skytskoarjend en stommeljend troch de doar:
- Master, ik soe graach slute wolle, de oaren binne al fuort, sjoch ik.
Hy sloech de piano ticht en krige syn tas.
- It is goed, Van der Byl.
Doe skarrelen se wer troch it portealtsje, krektlyk as in wike earder. Spitich, mei dy koster, tocht er. Mar ek wer gjin ramp! Wat no? Nei hûs gean en al dy ferfelende dingen rêste litte, sûnder útpraten en der lykwols op sitten bliuwe te brieden? Dat ferdomde wiif, sei er by himsels. It wie dúdlik: frou Sudema-Meijer moast boete dwaan foar méar as allinne har goede, mar foarbarige solo.
- Giest mei my nei hûs? Wy kinne thús wol repetearje, by de piano. Ek noch in betteren as dizze.
Foar en tsjin skeaten as skerpe pylken troch syn brein, pylken fan skuld en hope. Mar se hie it portier fan 'e Mercedes al iepen en noege. De motor sloech oan en hy siet al neist har, knibbel oan knibbel. Bûten it doarp hâlde se, de
| |
| |
motor gûnze sêft en geduldich troch, de koplampen wiisden de lannen yn.
- No wol ik earst witte, ofsto lilk bist om dat fan earjuster, sei se.
- Nee, ik wie net lilk, wol in bytsje teloarsteld. Ik hie der op rekkene. Mar it is fansels lytsbernich fan my.
- It spyt my mear as ik sizze kin.
Hy hood skerp de dyk yn 't each, foar en efter, hy moast hjir net mei har sjoen wurde. Syn fyts stie noch by it lokaal. As in stille tsjûge. In anty-aliby.
- Leaust dat?
- Fansels leau ik dat, it is flau fan my.
- Ik ferjit altyd ôfspraken. It iennichste dêr't ik goed yn bin.
- Dan sizze se dy ek net folle.
- Gewoan sleauwichheid. Ik hie der iderkear wol oan tocht, mar krekt doe net. Silst wol faker belibje ast my better kenst. Ik bin in ûnmooglik minske om mei om te gean.
Hy sei neat, se skeakele en joech gas. No of noait, tocht er, hastich, hastich en nèt te lang. Hy naam har gesicht yn 'e hannen en tute har ferheftich. De motor joech him wer del. Se ferwarde har net, mar wurke ek net bot mei. Se woe him de ferantwurdlikheid taskowe, tocht er. Mar de rook fan har rûnomoanwêzich parfum bedwelme him, hy seach dizichwei de omkriten fan har gesicht yn it readich ôfskynsel fan it dashboardljocht, lykas de foarige kear, betsjoenend moai. Dit wie dan it echte begjin fan de sûnde, hy waard kjel fan dat wurd. Folle sûndebesef hied er fan hûs út net meikrige, alhiel net yn 'e kalvinistise sin, mar de minske hat dat yn him, ferdomd. It siet yn jin bebakt. It begjin, de earste stap. A sizze en fansels ek B sizze en dan it hiele alfabet bylâns oant de Z fan Hollânsk zonde, it Frysk is wat gauwer
| |
| |
klear. Mar men kin ek A sizze en B en C noch en dan ophâlde, men kin ommers op elk stuit ophâlde, gewoan útstappe, mar men koe ek de A noch wat langer duorje litte. Se réagearre no wol deeglik, it kaam dus godtank net fan ien kant. Wist er ek wol. Al lang. Mar hy seach in fytsljochtsje oankommen en makke him út har omearming los. Hy sei neat, sij begriep it en dêr rieden se wer, en no yn ien kear troch nei Roukama-state. Hy gyng mei troch de syddoar, der wie nimmen yn dit part fan it hûs, dat joech dan ek gjin komplikaasjes. Yn 'e keamer mei de piano, in deftige, swier bemeubele heareboerskeamer mei famyljeportretten oan 'e muorre, wie it kâld. Se draaide de ferwaarming heger. Hy seach op syn horloazje. Goed healwei alven.
- In kertierke noch, sei er.
It gyng no gâns better. De septym-sprong joech noch wol efkes swierrichheden, mar se wie fan folslein goede wil, en fielde har no better op har gemak as mei de donkere driging fan frou Sudema-Meijer yn 'e rêch. Hy knikte goedkarrend en glimke. De stroefens fan earder raande sêftkes wei. Se soe net witte, dat er spyt hie, spyt fan syn hâlding, syn wrantelichheid, mar ek fan de A al, en spyt by foarrie fan de B en de C en wat der noch komme mocht of moast. Hy knikte, skoalmaster yn ieren en sinen. Der wie no ynienen neat oars as freonskip, myld ljocht, skimerlampeljocht oer deeglike, glêdwreaune meubels. In noflike, freonlike freonskip, sûnder komplikaasjes. Se makke grapkes op syn skoalmasterichheid en dat ûntspande nei dy spanning fan niis. Hy rookte noch in sigaret, doe wie it oer alven, hy moast fuort. Unrêst besette him dochs. Wypkje moast neat yn 'e gaten krije, dan wie it spul ferlern. Alhoewol, der stiek ek neat yn, want wat er hjir die, yn dizze keamer rûnsjen, ta de rook derfan bewenne, him der al in bytsje thúsfiele, dêr stiek gjin kwea by.
| |
| |
Gjin sûnde te sjen! Mar se moast him dochs bringe mei de Mercedes, nei it lokaal ta. Hy koe bêst rinne (koed er altyd thús sizze dat er pine holle hie en noch in ein rinne moast), mar se woe it sa. Ek op 'e weromreis gjin komplikaasjes. Freonskip, suver as kristal. Fûstkje.
- Nije wike bin ik àl yn 'e stêd. Rekkenje der op.
- Ik nim yn alle gefallen in retoer yn 'e bus, sei er.
- Fertroust my net. (spot of earnst)?
- Dy wol, mar mysels net.
Doe sloech it portier ticht. Hy hie noch sizze wold: Kom dan wat earder, dan gean ik ek earder út, dan hawwe wy tiid oer. Mar dy't A seit, moat mei de B net al te hastich wêze.
Wypkje wie al op bêd gien en waard út har earste sliep wekker, doe't er neist har skikte. Dy hie dus neat yn 'e gaten, dy wist fan neat, dy stie bûten de grutte feroaringen dy't har yn syn libben oppenearren, oppenearje soene of alteast koene. As er woe. Just: as er wòe. En dat mocht no krekt it grutte probleem hjitte: wolle en kinne en it nuvere Nimmenslân dêr tuskenyn. En wer kamen dy nachts de skuldgefoelens as faaie fûgels op him ta, wjokkeljend mei driigjende skerpe snavels. Dit wie dus ûntrou - in begryp dat nea yn syn woloerlizzend skoalmastersbrein opkommen wie, dat er koe út 'e romantsjes, lykas Wypkje se ek lies, hastiger, mei mear benijdens as hy, en der dochs fierder ôfsteand. Hy harke lang nei har sykheljen. Is der wat dat jin fierder fan in oar ôfbringt as dy oar syn sykheljen, ûnoantaastbere opsteapeling fan sêft gerûs, muorre fan eigen persoanlikheid, lûdbarriêre dy't alle begryp ôfskoattelt?
|
|