goede kleur fan skrutel skoalfamke dy't fanneden wie. Hy bewûndere har machtich, dit wie toanielspyljen fan heger oarder as nedich wie foar de draak fan Cannemakker. Hy wachte noch efkes, tikke op syn lessener, kuchte. Gjinien oars oppenearre har.
- As jo it besykje wolle, juffer Westra, it is my bêst, mar ik wit fansels net oft jo it oankinne, it is gjin maklike partij. En jo... jo hawwe noch net folle roetine... yn 'e koarsang, bedoel ik.
It wie krekt de goede doasis foarbehâld, fernaam er. Sels frou Sudema-Meijer trape dêr wol yn, dy soe it wrychtsjes ek noch deugd dwaan, dat er dy faam mei dat ferline sa ûnderdúmsk te plak sette. Dy wist ek wol, dat Lutske gjin noaten lêze koe en dus de hannen fol krige oan dat stik solo. Der tipte in lyts, fynynlein gnyske oer it langwerpich antlit fan frou Sudema, dat miste him net.
- Goed dan, wy besykje it, ferfette er resolút. En as it net goed liket, juffer Westra sil dêr wol mei akkoart gean, dan kriget in oaren de kâns. Wy hawwe op 't lêst méár goede alten.
Hy krige in stikem knikje, in lyts, och sa lyts, mar tankber knypeachje fan syn beskermelinge. Op dat stuit wied er al in ferlern man, wist er. Hy wie smoar op har, hy soe noait fan har ôf kinne. Se wie machtich, se wie fantastys! En boppedat moai, fantastys moai, en dy eagen te ticht by elkoar, dat wie allinnich in saak fan beljochting, dat seach men net yn in Mercedes en yn oare situaasjes noch tichter oan in ferfulling. Goedbesjoen wìe it net iens sa!
Se setten útein en de koarpartijen dat like der op. Hysels song de tenoarpartij mei. De solo wie noch neat, mar dat soene se apart wolris trochnimme, jûn of in oare kear.
En nei ôfrin oefenen se tegearre by de krebintige piano, oant