fernaam dat se him in fraach dien hie oan har no absolút stilwêzen, en hy wist ek wol wàt: Hoe wie't op 'e kursus?
- Goed, sei er, krekt as altyd, wurktúchlik, wurch. It lycht der net om, sa trije oeren efter elkoar. Se freegje in soad fan jin, it soe ek bêst mei wat minder takinne. Hy hie noch nea sa'n lang antwurd jûn op har fêste fraach, de iennichste fraach suver, dy't se him oait stelde. Dàt wie dus it skuldgefoel. Dingen dwaan en sizze dêr't je sûnder skuldfielen te loai foar wiene; oerstallige iver oan 'e dei lizze! Hy woe wat goedmeitsje, hy wie dus skuldich! Mar goedbesjoen - wat wie der bard? Wie der ien gefaarlik wurd fallen? Hy lei syn fuotten op 'e stoel, suchte, tocht nei. De Mercedesmotor gûnze him noch yn 'e holle om, spûn dêr as in poes. En hjir yn 'e hûs wie it frjemd stil. Fan 'e iene wrâld yn 'e oare fallen. Dat moast al efkes wenne, mar wat koe men oars as yn it âlde spoar fierder sjuttelje ek nei sa'n boeiend aventoerke, dat foar sỳn libben in grut aventoer, in grandioas aventoer hjitte mocht, dêr't gâns út groeie koe. Lekker oerdriuwe, tocht er, want hokker man belibbet noait ris sa'n aardichheidsje? Dêr hoege je dochs net sa oeral fan te wêzen?
Wypkje begûn mei it strikersguod te avensearjen. De strykplanke kreunde en kriet swier by it útinoardraaien.
- Moat dat nò noch op 'e lette jûn?
- Moatstò mar sizze hoenear't ik der oars tiid foar ha. It hat hjoed goed droege en moarn komt de wurkster.
- Aha, as ik it goed begryp, do soest de wurkster wat wurk út 'e hannen nimme. It wie as grapke bedoeld, mar klonk net sa. It klonk kritys. Bitter hast. Se loek oan 'e skouders en it petear rûn dea. Hy hie him dochs wol slim yn 'e kaart sjen litten troch oer Bjinse Houtsma te begjinnen. Stom. Hy ferskeat fan kleur by 't weromtinken. Mar faaks wie 't wol