| |
| |
| |
Busproleet en Mercedesdochter
Mar alles feroare op 'e slach doe't er op syn wyklikse reis nei stêd foar de kursus, wylst er mei de tas ûnder de earm fan de skoalle nei it stasjon bongele, ynienen in wynreade Mercedes neist him hâlden seach. It hert sloech him allinne om 'e kleur al, en ear't er Lutske gewaar waard, dy't in útnoegjend gebeart makke. Sokke wûnderkes barden dus noch! Dat se him yn it healtsjuster opmurken hie, mocht op himsels al in wûnder hjitte! Hy skode neist har en seach efkes in glim fan har gesicht.
- De omkearde wrâld, sei er.
- Hoe bedoele jo?
Hy betocht mar wat, mar it wie ek noch wier:
- Yn alle oare gefallen soe ik my as busproleet fernedere field hawwe in lift fan in frouspersoan oan te nimmen.
Lutske lake:
- Jo eare skynt tear te wêzen.
- Miskien.
- Yn dit iene gefal dus nèt, ferfette se. Dat jout hope. Miskien mei ik witte, wêr't ik dy útsûnderlike eare oan te tankjen ha?
Se sei it mei in ûndertoan fan spot dy't him goed die en ta betrouwen moanne. Underdehân bewûndere er de, no ja, sis mar natuerlike graasje dêr't se it rydtúch mei troch de bochten loadste. Mar hy moast in antwurd jaan, en hy fielde him sa mislike lyts, en tagelyk optein oer dizze ûnferhoedse moeting.
- Elke fytsebesitter is beseten fan in minderweardichheids- | |
| |
fielen tsjinoer elke autobesitter. Der siet méar earnst yn syn toan as de bedoeling wie.
- Ik mocht wolle, dat ik in autobesitter wìe, sei se, ek earnstiger as er ferwachte hie. Dat wie no dochs frekte aardich fan har, om op sa'n wize de sosiale sleat ticht te smiten.
- Rydbewiisbesitter dan.
- Dat is gjin fertsjinste. It autobesitten trouwens likemin. Ik profitearje allinne mar fan ús heit syn bollen dêr't ik noait ien fan sjoen ha.
Letter begûn se oer de kantate. Wêrom't er dy fan de wurklist ôfdien hie. It wie oars dochs in knap stik wurk neffens har dom ferstân.
Hy seach fansiden. Wie dit har tinken?
- Ien dy't soks skriuwe kin, hoecht himsels net oan in auto of in rydbewiis omheech te lûken, sei se noch. Mar wêrom sjonge wy it net?
- It foldocht my net, ûntwykte er. Der sitte dingen yn dy't my net foldogge. Ik haw trouwens in rydbewiis, mar ik brûk it net.
- Ja, dat middelste stik, sei se neitinkend, dat is wat keal, dêr sit gjin melodij yn, mar oars?...
- No ja,... ik wol der net omhinne helje... dêr hie ik in tige spesiaal doel by, by dat keale ein. Wêrom soed er by dizze bysûndere gelegenheid syn kaarten net op 'e tafel kwakke? wurdt dochs neat.
- Dêr wurdt it noch geheimsinniger fan. Of meie froulju yn jo eagen net nijsgjirrich wêze? Dan hâld ik my daliks stil, kant net út. No net. Nòch net. Noait?
- Ik koe 't miskien better foar my hâlde, ferfette er, it wurdt dochs neat.
- Dêr wurd it noch geheimsinniger fan. Of meie froulju yn jo eagen net nijsgjirrich wêze? Dan hâld ik my daliks stil,
| |
| |
hear. Se hifke him, fansiden mei har eagen. Hy seach net, nee, hy seach dochs, - hokfoar eagen: donker, griis, grien? Of dochs swart? Net goed te sjen by it behyplik strjitljocht. Se ferge him, net sasear troch har wurden as troch de toan fan har praten.
- Ik hie jo in solo sjonge litte wollen.
- Soe ik dat kinne, tochten jo?
- Wêrom soene jo dat net kinne, jo hawwe dochs...
- No...?
- Foar de radio west?... It kaam der frijwat ûnnoazel út.
Foar de radio, krekt as wie dêr wat mei sein! Dêr hearre je langer de grutste prullen foar...
Se lake:
- O, dàt... Ja, yn in amateurútstjoering en ek noch striemin. En yn in genre dat jo klassike geast grif net noasket.
- It hinget der in bulte fan ôf wà't it docht, sei er riedseleftich.
- Dat is wier.
- Jo hawwe in moaie stim, ferdigene er syn stompsinnich komplimint.
- Ik soe ek wol wòlle, sei se earnstich. As ik it koe...
- Jo kinne it, dêr bin ik wis fan (hokker dreamen skeaten no troch har holle, tocht er, Tebaldi, Callas, Ferrier?).
- En wêrom giet it dan net troch?
Hy hie sizzen moatten, earlik is earlik: Omdat ik in kloat bin. Mar hy hie it al earder sein:
- It stik foldocht my net.
- Jo moatte net sa kritys. Net ien fan ús fernimt dêr wat fan. Wy fine it allegear razend knap, dat jo soks meitsje kinne. Wier.
- No ja, as jo it sa graach wolle, sil ik it nochris besjen.
- Ik ha der suver sin oan.
| |
| |
Se koe dus har geastdrift net bedimje, mar se woe it ek net, tocht him. It wie foar in part echt, foar in part toaniel, begienens op in aventoer, mar dan diskear in aventoer fan artistyk kaliber.
De Mercedes helle mei in handige gier in folksweintsje yn, krekt foar in benaud knypeagjende tsjinlizzer. In autozjenike triomf foar har. En foar him? Folksweintsjes binne der mear as fiif seis. Mar stel dat dit krekt dy iene fan Bjinse Houtsma west hie en stel dat... Hy skrille op, hy moast op syn iepenst wêze, oppasse!
- It moat dan mar oangean, sei er. Mar...
Se seach fansiden, justjes wrantelich om syn wifelsucht?
- Hâld no dochs ris op mei dat gemar iderkear. Jo skriuwe dy kantate en ik sjong de solo. Bist gjin Beethoven, mar der skûlet in komponist yn dy!
- Ik haw dat altyd yn mysels meidroegen. (Hark, hy waard dus fertroulik! Nei't sij sa slûchslim 'do' ynfierd hie!).
- En ek wolris wat yn dysels ferkrongen, sei se (Mei skerp ynsjoch, dat moast tajûn wurde).
- Hoe witte jo dat?
Lutske glimke. Hy seach it yn it sêft geglinster dat fan 'e dashboerdljochtsjes op har gesicht striele. En profil wie se dochs fierwei it moaiste.
- Jo binne in iepen boek foar my.
- Tanke.
Hy krige no ek in bytsje de pest yn. Dat froumins koe wol tsien kear om him hinne. Hy moast him no echt teskoar sette, syn hâlding ferdigenje, syn wize fan libjen, syn tekoart oan ûnbeskiedenheid. Mei in berop op syn skoalmasterskip en syn akte-kursus koe dat net tsjin sa'n Mercedesdochter.
- Der binne echt wol beswieren, sei er, wat koart en
| |
| |
brimstich. Hy hie him yn 'e kaart sjen litten.
- Spoeksjoch ek al, fjurre se. Mar hy sètte him teskoar en gyng der net op yn. De ljochten fan it doarp kamen yn 't sicht. Hy moast oanmeitsje.
- As ik mar gjin gedonder krij.
- Gedonder krijst mei my altyd. Elk dy't mei my omgiet kriget gedonder.
- Bjinse Houtsma ek? It wie der út ear't er him derop besinde hoe stom as er wie. Hy flokte yn himsels. Mar sij lake skatterjend en liet de hannen omtrint los fan 't stjoer.
- Ik tink earder dat ik gedonder mei hìm krij, sei se, doe ynienen wer earnstiger, as brette se in taktyk út. Hy wie op syn iepenst, hy stie op skerp, want flater of net, wat no kaam koe belangryk genôch wurde.
- Hy hat my al twa kear frege om mei him út te dûnsjen.
- En jo hawwe twa kear nee sein.
- Ja, mar de tredde kear wit ik it net. Ik hâld o sa fan dûnsjen.
It hert sloech him as in lammesturtsje. Mar hy fûn dochs de goede toan, ynienen samar, hy wie los fan himsels. Wis fan himsels.
- Kring, sei er. Ast my dàt oandochst...
NO WIST SE IT MAR.
- No en wat dan?
- Dan jou ik dy solo oan frou Sudema.
- Oan frou Sudema. Nee, dat moat net, sei se boartlikearnstich, earnst boartsjende. Ik leau, dat ik dan ynearsten Bjinse Houtsma syn oanbiedingen mar neist my dellis. Trouwens, dy fûraazje lûkt my ek net oan. Altyd dat moal yn 'e eagen. En dy lucht fan kêden yn 'e noas! Hie se him no troch of net? Op hokker toan hied er dat fan Bjinse ek wer sein? It hie dochs ek in grapke wêze kind, in pleagerijke?
| |
| |
- Trouwens, sei er, ik leau net dat Bjinse Houtsma it grutte gefaar is. Dy kin gjin altsolo sjonge en syn tenoar stekt ek net út. Hy hat it te drok mei de haadrol yn it stik. Dêr binne jo (hy sei no dus wer jo, lytse distânsje nimmend) mar raar by trochrekke.
Se snúfde ferachtlik:
- No, ik gun Fokje Nammensma de eare, hear. En de lol! In âldwiverol fan neat. En dy is ek noch frij, faaks hat Bjinse by har mear sukses.
- Mar yn earnst, ik ferwachtsje (o wat wied er no wer kalm en wis fan himsels) noch al wat wjerstân, as ik dy dy solo sjonge lit.
- Hast dat dan foar my net oer?
- Der binne froulju dy sjonge al fiif en tweintich jier by 't koar. Dy sille raar guod spuie. Se litte net oer har hinnewâdzje op sa'n doarp.
Poe... as kin ìk it helpe dat ik noch gjin fiif en tweintich jier bin. Se prate mei in prúllipke. Hy tocht: Dit is in frou fol aventoer, fol ûnferhoedse kanten, ien dy't alle registers bespylje kin tuskens spotskens en fertriet. Tusken echt en sabeare, alle nuânsen dêrtusken...
- Begryp' jo, ferfette er, dat is foar sok froufolk in earesaak. En as dy de hoarnen yn 'e wâl stekke, giet it koar om in luchje. Dat kin ik net riskearje.
- Hoedzje de doarpskultuer, sei se. Sparje de fûgels! Wie de haatlikheid echt of boarterij?
- It sil wol om wat oars wêze, sei se. Nee, echt wie it diskear dòchs. Hjir earne wie har swak stee. Hy wachte, it soe him fansels wol oplosse. Mar de doarpsljochten kamen nuodlik tichtby. Hy ergere him dat se de trijesprong al hân hiene. In sekonde duorret net lang yn in Mercedes.
- Wêrom tochtste dat it earne oars om wie?
| |
| |
- In frou mei in ferline is noait sa wolkom op in doarp, ek al komt se werom as in boetfeardich sûnderesse. Hy wist it no alhiel net mear. Wat wie dat foar earnst mei in tikkeltsje drôvens?
- Ik begryp dat net. Elkenien hat dochs ferdoary in ferline.
- Der binne ferlinen yn soarten. Dat fan dỳ bygelyks... Ik stel my foar, in earsume, mar wat iensume en artistyk net begrepen kwekeling. Wat lang en út 'e klean groeid. Skriuwt gedichtsjes en docht oan muzyk. In jongfeint lang net sûnder jeften. Mar net al te wis fan himsels, mear in dreamer as in dieder, krûpt gaueftich wer yn syn skulp. Sà sawat. En dan lang om let fêste ferkearing, út 'e swierrichheden wei, in geef houlik, in baan, in achtenearre man.
It hert warde him wer tige. In frou mei in ferline, ferdomd, dy't jins eigen tekoart oan ferline sa neaken útklaaie koe. Hy moast yn 't offensyf, dêr hiene jo it transformatorhúske al. Mar se helle de foet fan it gaspedaal ôf, it rydtúch mindere. In frou mei in ferline, no goed, dat hied er witten, al wist er it krekte net.
- Hasto it sà mâl dien, dêr yn Den Haach?
- It wie Amsterdam, mar dat let neat.
- Yn Amsterdam dan?
- Dêr prate wy letter wolris oer (letter, der wie dus in letter, se hie belang by him, by syn praat, by syn miening). De fraach is mar (wach bliuwe, wach bliuwe, de 50-kilometerpeal, de earste huzen fan it doarp, strjitlantearnen, de tsjerke, it tsjerkhôf tiid stean stil, stean stil)... Hasto de moed om dy doarpswiven te trotsearjen? Dwers tsjin alles yn?
- Asto my helpst, ja.
- Wat moat ik dwaan? Sis it mar.
Se stiene stil foar syn hûs, it skoalhûs, nee net derfoar, se wie handich genôch, tsien meter fierder. Hy seach de ljocht- | |
| |
skreven tusken de gerdinen troch. Dit moat net lang duorje. Tikje te link! Hy tocht hastich nei. En doe wist sij it:
- Op 'e earstfolgjende repetysje, moarntejûn dus, seisto sa by de noas lâns: Dat iene ein foldie my net, dêr haw ik in solo fan makke. In altsolo. Is der ien fan 'e alten dy't tinkt dat se dat sjonge kin? Dan sis ik prompt ja, binnen de heale sekonde, wylst dy oare froulju noch steane te wifkjen en elkoar oansjogge. Sa simpel as wat. Mar pas òp. Dan seist der fuort oerhinne, in bytsje wiis skodholjend en sa: Juffer Westra? ik wit net oft jo dat wol oankinne, jo binne noch mar sa koart by it koar. En dan sis ik: Ik soe 't dochs och sa graach besykje wolle, master. En dan do wer: No goed, wy sille it besykje, mar... as it der net op liket, dan moat in oaren it dwaan... Jo hawwe in goede stim, mar... En dan betinkst fierder mar wat.
- Knap betocht, sei er, ûnrêstich wurdend ûnder har wurdefloed, syn iene skonk al ta it portier út. Sa moat it dan mar. It is ôfpraat. As myn toanielspylderskwaliteiten teminsten sa fier strekke...
- No, minen wol, sei se, better as dy fan Fokje Nammensma, mar dêr hawwe wy it no net oer. (Earsuchtich wie se, en dus ek lang net frij fan oergeunst).
- Fynst it goed as wy elkoar mar dookje? En net sa heal en heal? It wie in aardige set by wize fan ôfskied. Goede freonen, echte kammeraten yn 'e keunst, tegearre yn 't spier foar de doarpskultuer, en tegearre yn in moai komplot.
- Fansels, dat docht men dochs ûnder artysten, lake se. De Goaise matras! Mar as 't my net mist, binne wy al in skoft mei dookjen dwaande.
- Do kinst it witte, sei er noch. Do bist yn 't sâlt bebiten. Better as dizze jonge.
In fleach fan har parfum strûsde by syn noas lâns wylst er
| |
| |
oer de leuning rikte om syn tas fan de efterbank te krijen. Syn skoalmasterstaske mei de diktaten en learboeken, Dúts m.û. Hy rekke har skouder efkes, de grize bûntmantel dy't oanfielde as in libben wêzen, of as it wyld dier dat er ienris west hie? Doe joech er har de hân.
- Tank foar de lift.
- Neat gjin tank. Nije wike bin ik om distiid wer yn 'e stêd, as de wein frij is.
Hy stie bûtendoar en sloech it portier ticht, it binneljocht floepte út. It wie begûn te storeinen. Hy weau nochris en seach de efterljochten yn 'e buorren ferdwinen, in read spoar troch de nacht.
|
|