minder by him. Oer dit bern hinne, wist er, tocht se noch oan dat eardere, oan dat lytse grêf op it nije tsjerkhôf. It begrutte him, mar hy koe it net helpe, hy koe net mei har oer dat fan eartiids prate.
Dy Jisse wie fan hàr en amper fan him. Se koe it net rjocht ferneare, tocht him, as hy Jisse naderje woe foar syn bernespultsjes, syn kideljen en piba. Hỳ hie syn skoalbern, like se te tinken. Se dreamde soms samar wei yn 'e dingen, siet dan beslútleas en mei in amper te fernimmen sucht fan wurgens mei de hannen yn 'e skoat. En hy seach sokke dingen langer mei wat wolgefallen. Wêr lei de grins tusken trou en ûntrou? Socht er motiven mei opsetsin, of hiene se der altyd al west en joech it libben se him allinnich no dúdliker te hâlden? Wie dit allegear téory of soe it ynienen yn praktyk omslaan kinne? It tinken oan Lutske wûn him op. Hy hie dit fielen noait sa kend. Wypkje hie him seksuëel nea yn 'e heechste ekstase brocht, as er eartiids oan har tocht, heechstens yn har bywêzichheid soms, troch har lichem, en dy opwining hied er twivelich foaroer stien, yn alle gefallen as foarbarich en dus in bytsje sûndich en dus ferkeard fan him ôftreaun. Hy tocht doe noch dat wat sûndich wie, ek ferkeard wie. Dat mei Wypkje hie mear kammeraatskip west en, hy hie it altyd wol witten, in poarsje begrutsjen. Se mocht dan net ûnkreas wêze, lang net, yn syn each, se hie wat dat meifielen oprôp, in soarte fan helpleazens, in tekoart oan substânsje. Hy hie himsels, de heare mocht it him ferjaan, sjoen as har rêder yn 'e need, en dat koe dan ek tige bêst mei-iens syn eigen rêding wêze: rêding fan syn ûnwisse gefoelens fan grutjongesjierren. Hy hie nea in oare faam hân as Wypkje Himpenius en dus nea goed witten dat it ek oars koe as mei har: bygelyks mei mear hertstocht, mear gloede, mei mear feest. In jin ferliezen yn in machtige berûzing, in weach fan fitaliteit yn