fan beljochting, en... en profil seagen je it alhiel net. En dy hals, hoe dan ek, bleau magistraal, dêr song it oargeltsje fan har laits soargeleas út wei. It makke him wer ûnrêstich en suver wat jaloers op dy bas-mannen. Se hie it dus by de manlju fan it koar al wûn, de froulju liken noch wat hoeden en omsichtich, dy fielden ûnbewust in soarte fan oergeunst foar dit suksesfroumins, dêr't gjinien fan harren, ek de oars wol kreaze Sytske Wijma net, by meunsterje koe. It ferline stiek fansels ek, want it hipt nau by sokke doarpsfroulju. Mar de manlju achten soks net, dy wiene, al hoe âld en griis, al ûnder har beslach, sels Nammensma, de heit fan de net sa kreaze Fokje. Mar dy mannen koene har net folle oars biede as knoffelige grapkes en boerske komplimintsjes, gjin solo yn in kantate, lykas hỳ biede koe.
Nei it skoft spile er einen út it stik op 'e piano foar. Guon manlju knikten, dit like der op! En de tekst wie àl sa moai, ornearre frou Siderius, sa echt...sa, sa Frysk. Frou Siderius, dat wie sa'nien út it goede hout, dy rûn har it fjoer út 'e skuon foar alle goefryske doelen, dy kollektearre foar it fûns fan de Prins yn âld- of nijfrysk kostúm, al nei't it útkaam, en hie nearne euvelmoed yn. Faaks skreau se noch altyd Fryske bernebriefkes oan muoike Hinke. No, ûnder sa'n hoede rêde dy kantate it grif! Hy glimke, it gyng goed. Hy liet de sopranen ynsette, der waard mei oandacht harke; guon ek kritys, want se hiene gâns in poarsje muzikale wysheid opdien op útfieringen en konkoersen, se wisten om 'e deale wol wat klonk en wat net, al hiene se fan Brahms net it measte begryp. Hy hearde der ek net folle oer, it moast earst wat besinke, wat wenne, benammen de bassen hiene it mar bannich, dat hipte nochal wyld hinne en wer, en mei hjir en dêr dan ek noch fan dy glysterige chromatise loopkes. Mar op 't lêst rún it dochs al wat, der kaam sels no en dan echt glâns