sei. De meloadyske figueren foelen him net iens ôf, der siet wol bestek yn, it groeide nei in struktuer. Modern mocht it net hjitte, einliks net fierder as Brahms, mar syn wittenskip dreau op it lêst ek op Jadassohn. It groeide ûnder syn sykjende en taastende en dan wer rap skriuwende hannen. Nij muzykpapier moast der komme. Der kaam wat gruts ta stân en by de breatafel sei er it dochs mar:
- In stikje foar de útfiering, âlde dingen, nochris opsocht en net sa min befûn. Dy Palestrina moast dan mar ferfalle, dat wie te dreech. Tekst fan Piter Jelles. Wypkje knikte, dy begriep net folle fan dizze dingen, mar se wie, like him ta, wol tagedien en hie earbied foar syn kréative oanstriid. Wat fan eigen docht it altyd wol, sei er noch. En: men wòl ek wolris wat.
It paad wie no rom. Sij hie har seine jûn en hy wie de kommende dagen net by de piano wei te slaan. Hy makke noch in reis nei syn âlde learmaster Kupers yn 'e stêd, dy't it manuskript dikerjend beseach mei syn steksjogge eagen, en goedkarrend knikte. Hjir en dêr kwattele er, sittend by de fleugel mei de bril op it puntsje fan 'e noas, wat ferbetteringen. Mear stjoer yn 'e basfigueren, net sokke grutte en ûnlogise sprongen. Dat brocht ek nochal wat ferskowingen yn 'e middenstimmen tewei. In moaie fermindere septym joech earne suver wat Debussy, tocht Hindrik. Debussy, wis, sa fier wie Kupers alteast kommen, fierder as Van der Made, al wie dat dan in ferneamd artyst. Mar it moast al transponearre wurde, sei Kupers, it lei hast in heale oktaaf te heech, foar in alt. Der mankearre ek noch wat soepelheid oan, benammen yn de oergongen. Mar oars, lang net min, altyd fuortfarre, feint. Sa earne by Brahms om, rette de âld man. Brahms, dêr hie de betûfte muzykmaster earen nei! Altrapsody. Hearlike, himelse muzyk! Hy wie bliid mei de doaze sigaren.