| |
| |
| |
Yn 'e fuotleasten fan Buxtehude
De oare moarns waard samar ynienen dat idee yn him berne. Hy waard der mei wekker, in dûbelde berte út it neat fan de nacht. Hy hie de wekker noch in kertier trotsearre en lei sa wat noflik te sûzjen, te brieden op syn fynst, wylst Wypkje de gûlende jonge berêde, mei stadige, wurge en ûnwisse hantaasten, sykjend op 'e kommode om spjelden dy't se yn 'e mûle hie. Wypkje mjukse, sis mar. As dy lju, tocht er, dan foar dat toanielstik gjin beslach op har leine, om't de dochter fan Nammensma nei jierren en tsjinst foarrang hie - en dêr hie Brandsma him protteljend by dellein - koe hy it dochs, troch har in solo sjonge te litten? It tinkbyld wûn him noflik op. In solokantate mei koar en piano of mooglik mei wat strikers, notaris Bylsma wie altyd wol ree foar in muzikaal útsje dêr't er syn mjitsk fibrato by hearre litte koe en in sellist koene je yn 'e stêd wol besette. Frou Hilverda oan 't klavier, glandige boerinne mei in kultureel ferline fan dominysdochter. Buxtehude of Schütz, dat paste no fuortdaliks net by dûnsorkesten en teenagershows, mar it frommes moast dat dochs leare kinne, lykas se Palestrina ek sekuer yn 'e slach krige, mei sa'n lûd en mei har roetine, en mei sa'n ûndoarpse drystens boppedien. It koe mei-iens in stille wraak wêze op Wiertsz en Bonkema. En syn wraak op 'e foarsitter dy't himsels as regisseur ûnmisber en ûnfeilber achte. En fansels, hy wist dat dealeske goed, wie it in skoandere kâns om har oan him te binen mei kulturele en, wa wit, noch oare bannen: Hỳ wie dan dochs mar de man oan wa't se dizze kâns te tankjen hie! Mar hy foarseach wol swierrich- | |
| |
heden. It muzikaal part fan de jûn waard der sachs in kertier, tweintich minuten langer fan, wylst it bestjoer it al sa op dat toanielstik begrepen hie en it sjongen as in needsaaklike tajefte seach, as in
soarte fan artistyk aliby foar in jûn fan nocht en wille, fan bûse-útskuorderij. Boppedat koe men jaloersens by de oare froulju ferwachtsje: sa'n nijeling, sa'n bluisterich faam mei in tsjuster ferline, samar in haadrol jaan en âlde, trouwe leden, dy't har tweintich of tritich sjongende tsjinstkrúskes al op 'e rêch tôgen, passearje! Der soe, út namme fan de kultuer, gâns wat oerwûn wurde moatte. No, oan arguminten ûntbriek it him net. It Orkest kaam hjir op 't lêst ek om 'e safolle jier, fanwegens de gemeentlike subsydzjes. Soks moast dan dochs hegere muzikale behoeften wekker meitsje. En dan, de gruttere doarpen hiene elk jier har Mattheüs. Men koe net alhiel efterbliuwe. De kranteresensinten en de pommeranten fan it Sjongbûn skreauden om heger artistyk peil en wiisden almaroan op 'e fyftjinde en sechtjinde ieu, op 'e muzikale skatten út 'e Grutte Bloeitiid, dy't op gâns sjongkonkoersen noch altyd teskûl gyngen ûnder de romantyske swietekau fan Franz Abt en Franz Silcher en op syn bêsten Franz Schubert. In Mattheüs wie fansels gjin kâns op, mar je hiene net foar neat sa'n knaap as dy Dietrich Buxtehude hân, sels in learmaster foar de grutte Johann Sebastian, en in man dy't wiste wat de lju yn de doarpen takaam. Der moast, miende er, earne noch in Bärenreiter-katalogus lizze en mooglik ûnder yn in souderskast noch wat losse partijen fan in wurk dêr't er earder ris by pianospile hie.
It plan naam stal oan yn syn ûnrêstich brein. Hy lei net mear yn frede, pineholle wankte altyd by lang wekker lizzen sûnder ynwindige rêst. Hy moast de dei wer yn, de holle, heechloftige neisimmerdei. Mar der wie wat feroare yn syn
| |
| |
bestean, in nije enerzjy spande him. En dy koed er ynearsten net oars ûntlade as oer de hollen fan de skoalbern, syn 28. De hiele kudde yn ien lokaal, klasse trije oant en mei seis en dan noch twa reestomelingen foar it gymnasium. It gyng der wer heil om seil troch mei de Fernijing, dat moarnsskoft, wylst no en dan it byld, mar och sa dizenich, fan de Westra's dochter efkes oer it netflues fan syn fantasijen tyspele.
Mar letter, yn de frije middei, feroare it plan ynienen. Buxtehude, hy wie der wol hast wis fan, makke by it bestjoer net folle kâns. Sa'n namme sei de lju neat. Der wie foar it hiele ûndernimmen gjin oare driuwende reden as it nei foaren skowen fan dat frouminske, dat fielden sokke lju gau genôch. Mar der wie in oare mooglikheid. Earne yn dy kast op 'e souder moasten noch fragminten lizze fan eigen wurk. It hie in soarte fan befrijingskantate foar de fyfte maaie wurde moatten, in projekt dêr't er it jiers foar syn trouwen gâns tiid en skeppingsdrift yn stutsen hie, sûnder rjocht doel te hawwen oer de praktise mooglikheden. De teksten hied er gearflânse út Hollânse fersetspoëzij. It wie dearûn, foar in part op 'e lang net maklike technyk (al hied er gâns wat yn 'e harmonijleare leafhabbere), foar in oar part om't der gjin konkreet doel west hie. It hie in stik foar koar wurde moatten, mei in ienfâldige pianopartij. Mar it soe mooglik net sa'n heikarwei wêze en helje út it foarhannen materiaal in altpartij en gnis it hiele saakje mei wat ienfâldige strykpartijen op. In eigen komposysje fan de dirigint makke in kâns dy't de âlde Buxtehude net hie. Se koene him soks net wegerje. Hy koe nei de earste repetysje in gaadlikenien foar de solo útsykje, ynearsten beare as wie dat net it wichtichste.
Hy siet gâns in skoft op 'e souder tusken stoffige en lang fergetten papieren, dy't in stik fan syn kweekskoalleferline ie- | |
| |
pentearden. Wat der wie, foel him danich ôf. Meast brokstikken fan melodijen mei in inkelde baspartij en wat tuskenlizzende noaten. De teksten foldiene him ek net sa wakker. Frijwat patétys, safolle jier nei de befrijing. Hy koe syn eigen kladskrift mar min lêze en waard mei lijen wiis út al dy farianten. Mar der wie ek wol wat by, dat him noaske en dat brûkber like. By al syn stúdzje en warberheden wie muzyk winliken it iennichste dat him wier rèkke, dat syn siel oantaaste. Wie der yndied, lykas er faak tocht hie, in muzikus yn him ferlern gien? (Syn heit, lang lyn, hy wie doe noch op 'e legere skoalle, tsjin in buorman: 'As er net leare kin, mei er fierder yn 'e muzyk', ferdomd, en hy kóe leare!).
Hy tearde de brûkbere fellen by elkoar en sette nei syn keamer ta. De tún koe wachtsje en it Dúts ek. De brokstikken raanden yn syn ferbylding gear ta in manuskript. Opus ien? Originalfassung. Hy skreau einen oer op farsk muzykpapier en rekke wer alhiel fertiisd yn 'e technise problemen dy't er safolle jier lyn lizze litten hie, hy sneupte yn syn âlde Jadassohn en rekke der sa njonkelytsen wer wat yn thús. Lykwols, sûnder de piano soe 't net gean, fernaam er, en Wypkje soe har benijd en noartlich ôffreegje wat er no wer by de ein hie. Yn dy dingen seach se tûk, se soe suver rûke dat der wat fertochts efter siet. Hy treau de papieren fan him ôf en tocht lang nei mei de hannen oan 'e holle, wylst bûtendoar in hjerstige dize delsakke oer de dahlia's fan de eftertún. De einekuorren moasten ek nedich út dy stobben wei, en net te lang wachtsje mei it kearen fan dy hoeke. Jezus, wat hat in mins in soad te dwaan, gewoan te folle foar ien libben, betocht er. Mar dochs, it einbeslút wie: hy brette wat nijs út, in alhiel nije kantate, los fan dizze âlde en min wer benei te kommen fragminten. Hy murk ek, dat Lutske Westra yn syn plannen op 'e eftergrûn rekke, it gyng net
| |
| |
mear alderearst om hàr, mar om himsels, om in ferantwurding fan syn muzikaal ferline en, mooglik, om in grûnslach foar it takomstige. Om syn âlde leafde, de muzyk, dy't er de lêste jierren frijwat fersleauke hie as in moaie, mar te fatale frou nei dy desyllúzje by Van der Made, de grutte muzikus, dè ferneamde konsertpianist dy't er foarspylje mocht hie, de sonatine fan Ravel noch wol, hoe doarst men soks? De âld man hie syn glimkjen mar mei lijen yn beleefdheid terane litte kinnen: net ûnfertsjinstlik, lang net: in dilettant dy't wat kòe. Mar in solopianist siet der dochs net yn. Te folle bargen om 'e trôch. En net elkenien is útferkard. Legere akte en dan wat lesjaan, dat mocht hinnebruie, mei help fan in soad geduld en in poarsje pedagogyk. Hy hie doe net iens mear oer syn eigen sonatine-prebearsel. (Ravel, fansels, mar slim fersimpele) prate doarst, dat bleau yn 'e tas. Hy sloech de tee ôf dy't de grutte man him bringe litte woe en sakke de trep del, nee, it wie mear in flecht. Hy besocht dit beskamsum wjerfarren, dêr't er Wypkje stiltsjes bûten litten hie, kwyt te wurden, mar dat slagge noait alhiel. Faak genôch dreau it wer nei boppen. Hy hate de âld pianist suver, as er syn Chopintsjes foar de radio ôfjakkere krektlyk as er se 40, 50 jier lyn ek al ôfjakkere hie. Hy hate Van der Made, mar hy wist it sels tige skoan: in fertsjinstlik dilettant. En skoalmaster wie dan dochs mar de feilige wei, en stadichoan wat foarútbuorkje, al koe men fansels by wat minder ambysje ek yn dit doarp hingjen bliuwe en âld wurde. Sà grut wie syn maatskiplike earsucht net.
Mar der wie dan dochs, los suver fan dy hiele Lutske Westra, en dochs tròch har, út har meinimmend wêzen wei, in kréative drift yn him tewekker wurden, in âlde earsucht dy't lang slomme hie ûnder Dútse grammatika's en wurdboeken. Hy blêde yn Piter Jelles syn samle dichtwurken om,
| |
| |
en mocht de retoryk net lije, mar sjongsum wie it, dat moast er tajaan. Guon rigels namen muzikale foarm oan, der sòng wat yn syn holle. In krystlietsje wie der dat wol wat like, dêr soe in liet foar koar en, toemar, altsolo út groeie kinne. Hy makke hastige notysjes, bang om de flarden fan melodij wer yn it neat ferdwinen te sjen. In kantate waard dat net, mar ek al út taktys betinken: hoe koarter hoe better. In koarliet dan mar, fjouwerstimmich, mei in ein fjouwerstimmich frouljuskoar (ingelesang, sis mar), lykas yn Mahler syn tredde, dêr't sa njonkelytsen en natuerlikwei, sûnder erotise bybedoelingen, de alt har út losmakke. It gehiel krige al wat bestek, meloadise figueren en in mannich brûkbere akkoarden opponearren har - efter yn syn holle rûsde fan itselde dat Brahms bewege moatten hat by it komponearjen fan syn altrapsody. Dy Brahms, dêr't er in âlde Ferrieropname fan hie, soed er him wol net alhiel oan ûntwine kinne, mar wat wisten de lju dêr fan op in doarp - en boppedat, men koe jin minder liedsman tinke as dyselde Brahms. Aimezvous Brahms? Hỳ wol.
Hy wie net ûntefreden doe't Wypkje him rôp foar de breatafel. It ivich seremoniëel fan messelizzers en fingerdoekjes. Dat stie sa yn in boekje mei riejouwings oangeande it Goede Houlik, tredde planke lofts boppe. Mei in jier of sa sieten se hjir trijeresom, de jonge Jisse yn 'e tafelstoel. Hy sei net folle ûnder iten, hy hearde Brahms en Ferrier en himsels. Ut dy piano, dy't no noch fan neat wist, soe de rest komme moatte, it harmonys weefsel, dêr't Piter Jelles, al song er syn maten dan nei't it sizzen wie selsfûne melodijen foar, net fan dreame kind hie...
|
|