ke Westra wie en oe sa graach meisjonge woe, al wie se dan - snedich glimke - it doarpslibben wat ôfwend.
It stonk, lykas ornaris, yn it repetysjelokaal wakker nei dong, ynkûle gers en kowejaren, dêr koe sels har swietrokich parfum net tsjinop, - mar faaks, tocht Hindrik, wie se dàt alteast fan hûs út noch wol wend. Hy skatte har definityf op 24, 25. En hy tocht efkes net oan har, doe't er mei in pear bestjoersleden prate moast oer de wankende útfiering. Hy seach dêr tsjinoan, alle jierren wer. Net allinne om't op in sjongútfiering de dirigint de ûntankberste rol hat by it op it toanielstik longerjende publyk, dat it sjongen mar mei lijen op 'e keap ta nimt en Palestrina planút sjocht as in ynbrek op 'e fermaaklikheidsbelesting, - mar benammen om't it ekstra folle easke fan syn senuwen, syn artistyk gewisse en syn dochs al sa krappe frije tiid.
Mar it wie al wer sa. It bestjoer hie in âld kluchtspul fan Cannemakker ûnder it túch weihelle en de foarsitter-teffens-regisseur hie de rollen al sawat ferparte. Doe't er Lutske Westra neamde as de geskiktste personaazje foar de fammerol, ûntstie der strideraasje. Ien fan 'e oare bestjoersleden, Nammensma, hie ek in oars net mear sa famme-eftige dochter by it koar, dy't eardere jierren knap spile hie en no mei in byroltsje ôfsâlte wurde soe. Wêrom sa'n nijen te nimmen dy't noch mar krekt meisong en dy't ek oars al genôch oer 't hynder tild waard. Hindrik hâlde him der bûten. It rolferdielen wie syn saak ner, en it hiele stik wie him op 'e titel ôf al ta in argewaasje. Mar hy bleau der by stean om't de persoan fan Lutske Westra der mei anneks wie. It die him justjes sear. Dy lju beskikten en praten frijmoedich oer har, en foar him mocht se neat oars wêze as in alt ûnder de alten, ien fan de fjouwer-fiif, hy koe neat bysûnders mei har, tocht er, hy hie net oer har te kedizen. Op dit stuit al, it begjin fan it dra-