| |
| |
| |
Kristlike en maatskiplike deugden
Goed besjoen, hied er tsjin syn freon sizze wold, goed besjoen is dy Wypkje it sloofke, dêr't ik te wrâld it measte mei ophaw. Fan hâld, sis mar. Hy hie allinne tafallich net sa'n freon dy't sûnder ferplichtings konfidinsjes oanhearre woe, dat hy sei it mar tsjin syn eigen iensumheid. Wypkje, wa wie Wypkje? Hy hie har fan 'e skoalbanken ôf yn syn libben betrutsen sûnt dat earste skrutene briefke dat er troch de skreef fan de bank efter sines nei har tastjoerde. Se hie wurdleas tankber west, tankber allinne mei de eagen, foar syn avanses, en oer tûzen lytse fleurige dingen hie se letter, doe't se it iens wiene, de mûle rept. It wie doe noch mar sa'n famke, sa'n oankommend gefaltsje mei boarstkes dy't foarsichtich om it hoekje seagen. En hy hie jierren lang syn fleislike oanstriden moedich bedimme oant twa dagen nei de troudei, en fielde him mei Wypkje ynlik ferbûn, ek doe't bliken die, dat har sûnens yndied net útstiek - gjin sterk skaai wie dat, dy Himpeniussen - en benammen doe't it earste berntsje mar seis dagen it libben hood, earmoedich smûgend harterke as it wie, dêr't ek de sikehûskûveuze gjin siken, gjin waarmte, gjin groei yn hâlde of bringe koe. Hy brocht it allinne op it hôf yn in trystige miggelrein, kâld en ellindich oant op 'e bonken. Sij hie der ûnder lit, moannen lang, en hy ek wol, mar minder, mei syn maatskiplike ferplichtings en syn warberheden. It bern wie him dêr yn dat sikehûs noch net ta eigen fleis en bloed wurden. Doe't Wypkje, meager en suterich, út it sikehûs weromkaam, wylst hy dagenlang foar syn akte Dúts sitten hie te modderjen bûten syn skoaloeren
| |
| |
en syn sikehûsreizen, wist er foargoed dat er miskien net in ferstânige kar dien hie, mar dochs ien dêr't er syn libben lang net foarwei koe.
Hy sels weide nei de tiid fan hongerlaapjen wer wat op ûnder de tydlike hoede fan in soarchsume âldere húshelp. Mar Wypkje bleau meager en rûpsk, se hie riten fan swijsumens en fertriet, dat soms yn ferbittering oergyng. Alde dingen kamen yn har boppe en frieten har oan 'e siel. Bygelyks: har âldelju hiene destiids op it houlik tsjin west, net om de gadingmakker sels, hoe koe't ek, en noch folle minder om stân of finansiëel útsjoch. Mar om't se har ôffregen, efterôf lang net sûnder reden, oft Wypkje, iennichst dochter, neikommerke efter twa al lang troude jonges oan, ek gjin gewante kjirls nammers, fêste klanten fan de syktewet, de lichaamlike spanningen fan in houlik en in húshâlding wol treast wêze soe. As bern al wie se fan it iene sykbêd nei it oare heukere, en dat mocht yn 'e puberteitsjierren better wurden wêze, ek troch dy sûne reizen nei skoalle ta op 'e fyts, - it foarbyld fan muoikes, útsukkele sûnder oanwiisbere oarsaak, allinne mar troch oerurven swakkens fan konstitúsje, wie foldwaande foar in earnstich warskôgjend en soms suver patétys wurd. De âlde Himpenius koe dêr wol wat mei, mei syn bryk mummelbekje. Dat Hindrik hie foar har fjochtsje en har suver foar de helsdoarren weiskuorre moatten, doe't er al foar syn haadakte-eksamen nei it doarp Flinsum roppen waard, dêr't de iepenbiere skoalle op ûndergong stie om't der gjin ûnderwizersfolk te besetten wie. Wypkje, dat moat sein wurde, stie fiks neist him en tegearre feroveren se de barrikade.
Dat begûn dêr doe yn 'e nijboude amtswente en de krekt restaurearre skoalle út 1886 mei in soad moed oan it aventoer dat libben hjit. De bern mâl mei him en hy mâl mei de
| |
| |
ûnderwiisfernijing. Yn 'e skoalle betsjutte dat in soad wille fan knippen, plakken, ferhaaltsjes skriuwe en ferskes opsizze foar de gemeentlike bânrekorder, frije ekspressy, spontaan toanielspylje, en âlderjûnen dêr't it doarpshûs by oerrûn fan 'e kabouters en elfkes. It betsjutte yn it skoalhûs de ferovering fan in nij nachtlik gebiet, mei help fan ferhelderjende boekjes, want Hindrik wist der net iens folle mear fan ôf as Wypkje, se kamen beide út in swijsum en keken nêst, dêr't de dingen tusken nâle en knibbel gjin namme krigen. It twadde berntsje besloech better, mar it kaam te wrâld yn in tiid, dat it nije der by Hindrik al wat ôfwie. Hy wist it no sa njonkelytsen wol en hy koe him amper ferbite doe't syn eigenwize skoanheit in smeulske opmerking makke oft dit no wol mòàtten hie - net tsjin Wypkje, want dy lei boppe yn it kreambêd stadich by te kommen fan de swiere reis, mar tsjin him, yn de man syn eagen de skepper en skriuwer fan it kwea. Hy, Hindrik, hie de sigaren der om op 'e skoarstienmantel litten en it swijen der ta dien. Hy wie bliid mei it bern, suver blider noch as Wypkje, dy't no wer litte oan bloedearmoede en oan it feit, dat se net genôch yn 't boarst hie, dêr't it bern - wy neame him Jisse - him nammers neat fan oantriek, dy naam de flesse wol. Hindrik syn leafde en tagedienens foar Wypkje stiene bûten de kiif, mar hy ûntdiek, dat er lang net fij fan oar frouljesfleis wie, yn 't abstrakte dan. Of leaver, hy ûntdiek it net, want it hie moai wis altyd al sa west, mar hy krige der argewaasje fan, hoe ûnskuldich as it ek wêze mocht. Hy wist, dat er alteast as man fan dizze Wypkje yn prinsipe net monogaam wie, al wie it in gerêststelling dat der tusken prinsipe en konsekwinsje faken wide kleauwen gapje. Mar hy hie lang net sûnder lustfielen syn niget oan
de begjinnende boarsten en tinende foarmen fan syn heechste-klasse-famkes. Dat wie net oars as
| |
| |
stille niget, in soarte fan fernuvering, in blydskip om de rynskens fan de natoer ek yn it estétise en Hindrik wie net in man dy't lykas syn foargonger baan, goenamme en selsrespekt te grabbel smiet troch net fan dy sûne, bliere, rûne fammensbern ôfbliuwe te kinnen. De ferhalen dêroer wiene noch lang net útstoarn, - al siet âldmaster Skoustra no feilich yn in bejierretehûs, dêr't er de âlde wyfkes nei de skonken sjen en mooglik ris betaaste mocht - want soks libbet ferhipte lang yn dy doarpen... Mar der wiene ek, reëler en tichter by de hân, fikse boerinnen en knappe jonge arbeidersfroulju op gearkomsten, âlderjûnen en repetysjes fan it sjongkoar, dêr't er soms, hoewol hear en notabel bliuwend, syn eagen oer weidzje liet. Der wiene op ynspeksjegearkomsten en op aktekursussen yn 'e stêd jonge froulike kollega's, dy't er stomme graach lije, alteast sjen mocht en dêr't er ek wolris, op syn wize, sjarmant en aardich en in tikkeltsje ûndogens tsjin die, al gyng it ek nea oer de skreef. Hindrik Visser wie immen dy't wakker mei dy dingen omtipele, benammen as er him jûns neist Wypkje flijde yn it royale twapersoansbêd dat genôch bod joech foar oertinking fan dingen, en him mei in hastige nachttút fan har bestean ôfmakke. Hy tocht, it hie allegear gâns oars en feestliker kinnen, mei machtiger oandriuw en mear spulraffinemint. Hy woe langer nachts leaver allinne wêze om syn dreamerijen better har gerak te jaan. Hy fantasearre him dan soms dryste situaasjes en lytse, mar tankbere oerwinnings yn it stik fan 'e erotyk, dêr't nea besteande froulju in rol yn spilen, mar wol in soarte fan idéaal-frou, dy't alle hearlikheden fan it Heechliet yn har feriene en wurch noch sêd koe, ien dêr't je boppedat lekker mei kletse koene, einleas, oer jinsels, en wer oer jinsels.
It kaam lykwols tagelyk oan syn gewisse, as er ynienen it
| |
| |
sykheljen fan Wypkje neist him hearde en him omdoch ôffrege wat der barde ûnder dy rêstich sliepende harsenplasse. Se moast der gjin fermoeden op hawwe, tocht him, hoe't er har hjir lei te ferrieden en te bedonderjen. En hy litte dêr ûnder en ferfoel bytiden wer yn 'e âlde dingen fan Onan, dy't dan wol gjin sûnde mear hjitte mochten, mar dan dochs gâns in stap tebek betsjutten. Myn God, as it dàt wie? Want hy wie opbrocht yn alle maatskiplike en kristlike deugden, dêr't trou yn leafde en houlik wol sawat de Opperste fan wie. Bibels en Heidelberchs fundearre wie soks dan by him wol net, mar humanisten tille yn sok ding ornaris net minder swier oan 'e balke as ús earsum tsjerkefolk, en dan wie der ek noch in poarsje boargerlik a.j.c.-idéalisme, dat by syn âldelju noch taastber ûnder de balken hinge. No noch, nei 30, 35 jier! Soks lycht der net om. Mar dêr stie ek gâns in poarsje moderne literatuer foaroer, dy't bressen sloech yn tradisionele wissichheden. Einliks wisten je ek wol better, lykas Kalvyn en Kuyper better witten hiene en de mannenbruorren fan 'Wy binn' jong en dat is moai!'. En wat male al dy moderne skriuwers om soks sêftsidens as houlikstrou oars as om in nijsgjirrige fariant op 'e normale noarm? Wypkje lies dy boeken ek, ferwoedener lêzer as hy, en koe se soms wurdearje, want dom wie se lang net, mar it gyng yn wêzen bûten har om, it wie foar har in oare wrâld, sis mar in oare planeet, pikant en nijsgjirrich, dy't lykwols neat mei harres te krijen hie, dêr't se gjin konklúzjes út loek, je hearden dêr net by, net ta dat flodderguod fan it Leidseplein. Hy loek, alteast yn téory, dy konklúzje àl. Him bekroep soms de gedachte dat hy oannimlik-manminske, mei syn heldere, ljochte kuif en syn sportive skoalmastersstap, dochs winliken foar
méar skepen wie as foar dit frijwat bloedeleas bestean mei Wypkje Himpenius, dy't him in soan brocht
| |
| |
hie, en dy't fan him hâlde en dy't har bêst die om de dingen goed te dwaan, mar dy't mei de bêste wil syn libben net fol meitsje koe en dy't er, soms, earne oars winske as mei him ûnder ien dak. Nee, hy hie sa'n freon net. Nuver einliks. Mar ek wer gjin ramp. Hiest dysels noch.
|
|