soms ek krityske portretten oan, bygelyks fan de Frânske komponist Maurice Ravel, fan de skriuwer Gerhart Hauptmann (dy't oan 'e ein fan syn libben efkes mei it nazisme flirte hat), fan de stúmjende Aakliksma fan in komponist Hans Pfitzner, fan de frjemde dwerch Zemlinsky, en sa soe ik trochgean kinne.
Ien fan de twivelpunten oangeande har objektiviteit is it har wol oanwreaune antysemitisme. Earne (side 235) seit se dat se altyd mei en tusken Joaden libbe hat, en der ek net sûnder libje koe. Bewûndering foar de Joaden wiksele gauris mei beskate yrritaasjes. Yn it meast spannende part fan har libbensferhaal: har flecht mei Werfel út Eastenryk-1938 nei Parys en de boeiend beskreaune panykreis yn 1940 troch it fan 'e Dútsers besette Frankryk nei Spanje en Portugal, skriuwt se, dat se har beklamme fielt yn dy ‘Joadsk-kommunistyske klyk dêr't ik net yn thúshear’. Fan it kommunisme moat se Ukemin wat hawwe as fan de nazyleare; sels de lofts-liberale Painlevé wie har tè lofts en Werfel syn tydlik revolúsjonêr kommunisme yn de jierren tweintich stie har mar min oan.
It is lang net ûnmooglik, dat Alma yn de jierren om 1960, doe't se as tachtichjierrige yn Manhattan har boek gearstalde, dy ‘Joadske problematyk’ wat oars as earder sjoen hat, nei de katastrofe fan 1940-'45, dy't nammers yn it boek net eksplisyt neamd wurdt, en yn har fisy korreksjes oanbrocht hat. Mar alhiel wis is dat net. Opfallend is bygelyks dat se gjin kwea wurd hat foar it antysemitisme fan de troch har sa fergoade Richard Wagner (‘Das Judentum in der Musik’), likegoed as se de meigeande hâlding fan Hauptmann en Richard Strauss sa net goedkriget dochs net feroardielet.
Gearstald, sei ik en net: skreaun. Want dit boek bestiet foar in grut part út faak mei datum oanjûne deiboekfragminten. Soms is net al te dúdlik wêr't it deiboek einiget en it aktuele kommentaar begjint. Botte systematysk opset is dizze libbenskronyk dan ek net. Der steane ek nochal wat feitlike ûnkrektheden yn (stjerdata fan keunstners bygelyks).
En dat bringt ús op de problematyk fan dizze útjefte. Op de oersetting fan Willem van Toorn wol ik net ôftingje (al moast in âld-skoalmaster witte dat it net is: ‘Franz Werfel schiep grote vreugde in zijn werk’, mar schepte). Mar de ynteressearre lêzer