| |
| |
| |
Saint-Saëns en Nederlân
Notysjes by syn 150ste bertedei
Yn de my bekende offisjele biografyen komt gjin oantsjutting foar, dat de as pianofirtuoas en dirigint fan eigen wurk tige bereizge Camille Saint-Saëns ea yn Nederlân west hat. Allinne S. van Milligen makket yn in biografyske skets út 1896 gewach fan in optreden yn Amsterdam: ‘Vele Amsterdammers zullen zich nog wel herinneren dat voor een 16- of 17-tal jaren Saint-Saëns “La jeunesse d'Hercule” in de Parkzaal heeft gedirigeerd, op denzelfden avond dat hij onder leiding van Verhulst zijn vierde klavierconcert en na de pauze zijn bewerking over een thema uit “Alceste” van Gluck voordroeg.’ Wy sille dat optreden yn 1879 of '80 stelle moatte; en twa fan de spile wurken komme ek foar yn de konserten dy't er yn it foarjier van 1879 op in toernee troch Dútslân spile: licht hie it útstapke nei Amsterdam pleats yn it ramt fan dy toernee. Fan de útfiering kin Van Milligen him noch tebinnenbringe, dat de lju doe mear ophiene mei de firtuoas as mei de komponist en dat gâns minsken glimkje moasten om de dryste lûdeffekten yn ‘La jeunesse d'Hercule’.
De Parkseal yn de Amsterdamske Plantaazje, koart neitiid ôfbrutsen, wie, lykas ek it letter ôfbarnde Paleis fan Folksflyt, wat orkestkonserten oanbelanget in foarrinder fan it Konsertgebou. Benammen Johannes Verhulst en Joh. M. Coenen swaaiden yn dy twa eardere konsertsealen de dirigearstok.
De stifting fan it Konsertgebou (doe noch yn de greiden bûten de stêd), sil behalve mei artistike ek mei sosjale faktoaren (elite- foarming) te krijen hân hawwe: yn it Park en it Folksflytpaleis kaam it ‘gewoane’ publyk; it Konsertgebou droech yn 't earstoan benammen it markteken fan reginten en oare ‘grutte lju’. Miskien is dat nòch wol in bytsje sa, al mei it my heuge dat der foar 1940 ‘folkskonserten’ wiene foar de priis fan ƒ0,64, belesting ynbegrepen...
Nuveraardich is no, dat Saint-Saëns yn dat Konsertgebou nea in foet set liket te hawwen, al soed er nei 1888 noch in goede tritich jier as firtuoas wurksum bliuwe. Namste frjemder is dat meidat
| |
| |
er as komponist yn de nije Amsterdamske muzyktimpel perfoarst net oer de holle sjoen waard. Al op it earste konsert fan it nije orkest wie hy, tusken de Dútse reuzen Beethoven, Brahms en Wagner, fertsjintwurdige mei it symfoanysk gedicht ‘Phaëton’ (4 nov. 1888) en in dei letter, op de earste ‘matinee’, stie syn ‘Marche héroïque’ op 'e wurklist; yn itselde seizoen folgen noch: ‘Le rouet d'Omphale’, it twadde pianokonsert en it tredde fioelkonsert, spile troch Pablo de Sarasate, oan wa't it opdroegen wie.
It twadde seizoen (1889-'90) brocht, sa fernijt ús Bottenheim, de skiedskriuwer fan it Konsertgebou, as earste wichtige noviteit de doe trije jier âlde, yn 1886 foar Londen skreaune Tredde Symfony, better bekend as de Oargelsymfony, in útfiering dêr't in spesjaal konsertoargel foar oantúgd wurde moast. It wurk waard herhelle op 10 oktober 1891 by de ynwijing fan it definitive oargel. It bleau ûnder Willem Kes, dy't it orkest oan 1895 ta late, in fêst nûmer. By de Saint-Saënswurken dy't Kes yn Amsterdam útfierde, wiene nochal wat dy't wy hjoed de dei selden of alhiel net mear hearre. Dat sil immen dy't âlde konsert-programma's besjocht, gjin nij dwaan: tiids tosk hat hiel wat noviteiten tegnjidde.
Yn 1895 briek de Mengelberg-perioade oan, dêr't Bottenheim ús minder sekuer oer ynljochtet wat de programmearring oangiet. Mar ek de nije dirigint liet mannich wurk fan Saint-Saëns hearre. In tige nijsgjirrich konsert hie pleats op 1 maart 1914, dêr't troch it oantrunen fan de Frânske gastdirigint Gustave Doret ek de grutte Claude Debussy him hearre liet as pianist yn trije solostikken en sjen liet as (net sa bjuster slagge) dirigint.
Mar ... allinne it (lange) diel nei it skoft wie oan de grutte ‘nijkommer’ wijd. Foar it skoft dirigearre Doret in stik fan Henri Duparc en twa wurken fan Saint-Saëns: de ‘Marche du Couronnement’ en de Twadde Symfony. It liket hast demonstratyf: foar it skoft ‘konservative’ Frânske muzyk (mei Duparc as tusken-figuer) en neitiid it ‘nije’ Frankryk, dat nammers al net mear sà nij wie, fertsjintwurdige yn in man dy't, lykas bekend is, mei Saint-Saëns net sa'n hiel protte besibbens fielde, om it sêft út te drukken.
Wy krije út Bottenheim syn boek de yndruk, dat de belangstelling foar Saint-Saëns yn de jierren tweintich en tritich nochal oan 't minderjen wie. Mar Bottenheim ferjit te melden dat de grutte
| |
| |
Willem Mengelberg, dy't gjin gelegenheid foarbygean liet om eat of immen, himsels net te ferjitten, te betinken, op 22 desimber 1921 ek de acht dagen foartiid ferstoarne Saint-Saëns betocht. Al fertelt efterneef Rudolf Mengelberg, dy't dit feit wòl neamt, der net by hoe en mei hokker wurk(en) it barde. Fierder kin noch sinjalearre wurde dat Pierre Monteux, dy't tsien jier gastdirigint wie en mei elkoar 123 wurken dirigearre mei dêrûnder gâns wrâld-premjêres, fan Saint-Saëns mar ien wurk late, dat dan wol in hiele jûn duorre: de opera ‘Samson et Dalila’ yn konsertfoarm. Mengelberg sels brocht noch in kearmannich it pas yn 1922, nei de komponist syn dea, útjûne ‘Carnaval des animaux’. En dêrfan ien kear yn in bysûnder konsert ûnder de titel ‘Humor yn de muzyk’, mei Bach syn ‘Kaffeekantate’, Mozart syn ‘Dorfmusikanten’ en de ‘Pièces enfantines’ fan Strawinsky.
Oer de jierren fan de Dútse besetting ûntbrekke de programma-gegevens by Bottenheim. Dochs waard Saint-Saëns, tsjin in tige tragyske eftergrûn, ûnderwerp fan diskusje. J. Presser fertelt yn diel I fan syn ‘Ondergang’ hoe't de programmalieding fan it troch de Dútsers by wize fan ‘stilhâlder’ kreëarre Joadsk Symfony-orkest ûnder lieding fan Albert van Raalte (oktober '41 oant it begjin fan de deportaasjes, July '42) wolris Ujen mei har wurk hie, om't der allinne wurken fan Joadske komponisten spile wurde mochten. Altyd Mendelssohn en Mahler koe net sa bêst, faaks ek troch de dêrfoar nedige besetting. Doe betocht immen, dat Saint-Saëns, achtslein op de fan him makke pertretten en karikatueren, bêstris fan Joadske komôf wêze koe. ‘Koart dêrnei,’ ferfettet Presser, ‘promoveerde Saint-Saëns definitief tot “voljood”, wat gezien de vruchtbaarheid van deze componist een aanzienlijke verrijking van het repertoire betekende.’ Hy foeget der oan ta: ‘Zelfs in de late zomer van 1943 klaagde een vooraanstaande NSB-er over het feit dat er zoveel werken van de jood Saint-Saëns door de radio werden gespeeld...’
Lykwols liket it derop dat ús komponist, waans Joadske komôf net fêststiet (mooglik fan syn memme kant?) by de nazifisearre Nederlânske omrop in probleemgefal west hat. Wylst Joadske komponisten, út soarte, folslein ferbean wiene, en ek net-Joadske út beskate lannen (û.o. de Frânskman Ravel!) en sels ‘aryske’ Dútsers dy't polityk of artistyk (of beide) net ‘goed’ leine (Hindemith!), waard Saint-Saëns, neffens Dick Verkijk (‘Radio
| |
| |
Hilversum 1940-1945’) ‘met mate toegelaten’. Omdat er feitlik gjin Joad wie, of omdat syn muzyk krekt net anty-Dútsk genôch wie? Mar wêrom dan ‘met mate’? Omdat der dochs mei Joadske ôfstamming rekken hâlden waard? Of omdat Saint-Saëns, net alhiel mei rjocht, te boek stie as anty-Wagneriaan en oer it Dútske nasjonalisme, mei rjocht, ûnaardige dingen sein hie? Wy witte it net.
Ek nei de oarloch is de man yn Nederlân (en dêrbûten) altyd in bytsje in striidkwestje bleaun, mar dan net út reden fan ras, mar fan artistisiteit. Frij algemien wurdt him, ûnder erkenning fan syn grutte fakkunde en syn fielen foar struktueren, oerflakkige sjarme, konservatisme en glêdens oanwreaun. Mei rjocht of net? Dat litte wy hjir mar foar wat it is. Mar dêr't al sûnt desennia Beethoven en Mahler it foar't sizzen hiene (en dat hie yn it Mengelbergtiidrek it gefal west, al gou it net sa sear foar Bruckner) en dêr't grutte Frânsken as Debussy en Ravel mar stadich tagong fûnen, wie foar de Frânske ‘konservatyf’ en ‘lytse master’ mar in marzjinaal plak oer, al hat de Oargelsymfony oan populariteit wûn, oant sels in toppop-ferzje ta, mei it swiete lûd fan Patricia Paaij... In plakje bleau yn de konsertsealen ek oer foar: it sello-konsert, de koarte fioelewurkjes, in inkelde opera-aria, in pear pianokonserten en de út it ‘Carnaval des animaux’ ôfkomstige Swan.
Ta de echte grutte favoriten heart er net. In NOS-ûndersykje fan Janny de Jong út 1978 die bliken út dat er net ien fan de trettjin meast spile komponisten is (dêr wie nammers net ien Frânsman by!). Myn eigen ûndersykjes (sjoch ‘Camille Saint-Saëns as symfoanikus’) smieten in soartgelikens byld op.
De Nederlânske krityk en musikology hat, oars as dy yn Amearika, net folle oandacht foar ús lytse master. De grutte anty-Saint-Saëns-bûzeman is de (net yn alle musikologerûnten au sérieux nommen) S. Vestdijk. Yn syn tsien dielen muzykessays komt ús Camille der mar keal foarwei, bygelyks troch grapkes lykas ‘Camille Dvorak en Antonin Saint-Saëns’ (al hat er it oan 'e ein fan syn libben met de Tsjech wer goedmakke). Mar der sit yn Vestdijk syn oardieljen oer Saint-Saëns altyd in bytsje dûbelsinnichheid bebakt. Wa't de folgjende sin begrypt moat it mar sizze: ‘De composities van Saint-Saëns, die ik niet “goed” vind, bewegen zich ontegenzeggelijk op een hoog (voornaam) peil, hoger dan dat van Mahler, de componist, die mij nog altijd het meest te zeggen heeft’ (yn ‘Het eerste en het laatste’, 1956)
| |
| |
en yn itselde boek: ‘Vertelt iemand mij, dat de motieven van een symfonie van Saint-Saëns allemaal met elkaar verband houden [--], dan blijf ik deze muzikale olifant met orgel en al plomp en onaantrekkelijk vinden.’
Ek yn de lettere boeken-oer-muzyk wurdt de goede Camille wat eigensinnich de woastyn ynstjoerd: ‘Wij vinden Saint-Saëns een academische dwerg vergeleken niet alleen met de Hillervariaasjes [it giet hjir oer Max Reger, A.W.] maar, als het moet, ook met de vierde en vijfde maat [!, A.W.] van het “Andantino” uit de tweede band van “Aus meinem Tagebuch” [fan Reger dus, A.W.], die mislukt zijn op een wijze als Saint-Saëns zich bij al zijn dwergachtigheid nooit zou hebben veroorloofd.’ En, jitris, like dûbelsinnich: ‘Saint-Saëns kende het vak vermoedelijk beter dan Schubert, Schumann, Chabrier, Moussorgsky, Janatsjek, Satie, Roussel en wie men verder maar wil; desalniettemin is hij de academische dwerg Saint-Saëns.’ Nòch in kear yn ‘Hoe schrijft men over muziek?’ (1963): ‘Een meester, die ons helemaal niets te zeggen heeft, noemen we geen kleine of grote, maar een vervelende meester (Saint-Saëns bijvoorbeeld, behalve juist daar waar hij charmant weet te zijn, zoals in de “Havanaise”, en vooral nièt in het onvoorstelbaar zouteloze “Carnaval des animaux”.’ It komt der eins op del dat immen ferfelend is behalve as er it net is...
Lykwols achtsje ik Vestdijk syn fisy yn grutte halen wol begryplik, alhiel as ik der oan tink hoe't er himsels yn syn resepsje fan de muzyk omskriuwt: ‘De moeilijkheid schuilt o.a. hierin, dat ik als “mens” gevoeliger ben voor het demonische dan voor raisende feestelijkheid en aanverwante stemmingen’ (‘Het eerste en het laatste’), in útspraak dy't it net hielendal lykfine kin mei Vestdijk syn foarleafde foar de feestlike Strauss. Saint-Saëns yn alle gefallen wie gjin Mahler, hy koe de demony net, hy wie it type fan de soargeleaze ‘musicien’ en net dat fan de himel- of helbestoarmer. Hy keas en koe syn grinzen bewust: de suvere, heldere, leafst beheinde struktuer, de moaiwulvige melody, de fraaie klank. En dêr't Vestdijk sa't liket wifket tusken ‘lytse master’ en ‘ferfelende master’, sille gâns lju mei my it predikaat ‘lytse master’ de foarkar jaan. En der dan sûnder pine mei akkoartgean dat ‘lytse masters’ behalven ‘ferfelend’ ek wolris ‘grut’ wêze kinne!
Leeuwarder Courant, 4 okt 1985, (oerset).
| |
| |
TAFOEGING 1994: Th.P.A. Lambooy makket yn diel I fan syn ‘Leeuwarden musiceert’ (s. 170) gewach fan in optreden fan Saint-Saëns as organist yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke, op 15 July 1897, mei in programma fan eigen wurk. Hy skriuwt: ‘Saint-Saëns was via zijn instrumentale komposities ter plaatse een goede bekende; geen wonder dat honderden kwamen luisteren. De zware speelaard van het orgel schijnt hem echter parten gespeeld te hebben: de recensent was dan ook niet geheel overtuigd! Wel roemde hij de bewonderenswaardige techniek die deze organist liet horen.’ Op de troch Lambooy neamde datum is yn de Leeuwarder Courant de namme fan Saint-Saëns net te finen. De wiere datum hawwe wy te tankjen oan it sneupwurk fan Theo Jellema, dy't ik tankje dat ik dêr gebrûk fan meitsje mocht.
Oankundige troch in mânske krante-advertinsje hie it konsert pleats op tiisdei 15 juny 1897 yn de Grutte Tsjerke. De resinsje de oare deis (net ûndertekene) wie mar koart, mar wol dúdlik:
‘Men moet een musicus niet alleen hooren, maar ook zien spelen. Voor den indruk toch doet de persoonlijkheid van den musicus niet weinig af. Bij eene orgelbespeling mist men nu altijd den persoon. Toch kon men gisteren bij het orgelconcert van Saint-Saëns in de Groote Kerk bemerken, dat het orgel werd bespeeld door een man, die niet alleen als componist, maar ook als organist op een hoogte staat, die zeldzaam is te noemen. Het was dan ook een groot genot hem te hooren, zoowel in de stukken van eigen compositie, als in het machtige slotnummer ‘Grande fantaisie et fugue sur le Choral du Prophète (van Meijerbeer)’, voor het orgel gearrangeerd door niemand minder dan Franz Liszt.
Men moet specialiteit zijn op het gebied van orgelmuziek, om over eene uitvoering als die van gisteren in bijzonderheden te kunnen treden, en ook om er in alle opzichten van te kunnen genieten. Blijkbaar echter waren de talrijke aanwezigen onder den indruk van het schitterend geheel, dat hier tot hun gehoor doordrong. Alle hulpmiddelen, die de moderne kunst den componist aan de hand doet, waren door Saint-Saëns aan het werk gezet. Wat hij in tonen wilde wedergeven, is hem meesterlijk gelukt. Zijne compositiën bieden tal van merkwaardige effecten aan, in sommige opzichten zouden wij kunnen spreken van rhytmische en harmonische koenheden. En dan welke oorspronkelijkheid. Bewonderenswaardig was ook zijne techniek.
| |
| |
Jammer slechts, dat het orgel-zelf hem soms parten speelde.’
Wat dy lêste opmerking ynhaldt, is net rjucht dúdlik; mooglik slacht it op de ‘zware speelaard’ dêr't Lambooy op sinspilet.
Ljouwert wie net it iennichste plak dat de komponist op syn reis oandie. In oar artikel út deselde krante skriuwt: ‘Saint-Saëns doet thans inderdaad een zegetocht door ons land. Overal, waar hij een orgelconcert geeft, brengt hij zijn auditorium in verrukking. De dagbladen wijden de meest waardeerende artikelen aan zijne uitvoeringen.’
It is net ûnmooglik dat Saint-Saëns ús lân oandie op trochreis nei Skandinavië: hy spile en dirigearre tusken 18 augustus en 5 septimber fan dat jier ûnder oaren yn Stockholm en Kopenhagen. Mar hy kin yn de tuskenlizzende moannen fansels ek allerhande oare oarden op 'e wrald oandien hawwe om syn keunsten hearre te litten.
foto: Orgel-concert Camille Saint-Saëns (Leeuwarder Courant, 14 juni 1897)
|
|