Oer oarmans en eigen
(1994)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdessayistysk en kritysk ferskaat (mei bibliografy 1972-1994)
[pagina 81]
| |
IUnbegryplik, dat it 117 jier duorje moast ear't de autobiografy ‘Ma Vie’ fan de Frânske komponist Hector Berlioz (1803-1869) yn in Nederlânske fertaling it ljocht seach. Berlioz begûn syn boek op syn 45ste, yn 1848, sette der yn 1854 in (earste) streek ûnder, mar skreau dêrnei noch in oantal ferfolgen; it lêste dêrfan, skreaun 1 jannewaris 1865, einiget: ‘Ik kin no sûnder bitterheid en woede stjerre.’ Yn datselde jier publisearre de man dy't men ta in hichte as syn Dútske wjergea sjen kin, de tsien jier jongere Richard Wagner (1813-1883), syn autobiografy ‘Mein Leben.’ Wol wat ryklik ier, want de man hie noch 18 jier te libjen. Foar Berlioz lei yn 1865 de takomst al efter him. Wat er noch foar him hie, wie meastepart mislearring (in blautsje fan syn jeugdleafde Estelle), fertriet (de dea fan syn iennichste soan Louis en fan syn suster), sykte (de yngewantsneuroaze dêr't er al mear as tsien jier oan litte), twa beroerten en in dea yn iensumheid. Komponearje die er al in skoft net mear. Berlioz stoar as de strûkrover dy't er faaks wol wêze wold hie.
Neffens Maarten 't Hart (V.N. 1-8-'87) is Berlioz syn boek ‘de bêste autobiografy fan in komponist’. No kin soks ek gau, want op Wagner, in pear Russen (wêrûnder Sjostakowitsj) en Strawinsky (tige koart) nei, falt der net in soad te melden. En it boek fan Wagner freget, sil men der trochkomme, hiel wat selsoerwinningen by de lêzer. Komponearje en skriuwe liket net sa'n gongbere kombinaasje, as men ôfsjocht fan de brieven-skriuwende Mozart en dyjingen dy't, lykas Berlioz ek, har dwaande hâlden mei muzyk-krityk (Schumann) of mei de dêroan besibbe muzyk-sjoernalistyk (Saint-Saëns). Maarten 't Hart hie om my ek skriuwe kind: ‘Ien fan de bêste autobiografyen fan in keunstner’. As Berlioz net sa'n grut (sij it omstriden) komponist west hie en it strûkroverskip wie him ek ôffallen, dan hied er faaks in twadde Balzac wurde kinnen. Hy wie net iensidich: net allinne Beethoven en Weber hawwe oan syn artistike widze stien, mar ek Shakespeare en Byron. De ynfloed fan dy beide komponisten is beheind bleaun, want Berlioz wie syn tiid fier foarút mei syn grutte skeppingen, sawol yn it symfoanyske as yn it opera-sjenre: hy foege oan de symfony de dramatyske konsepsje ta en besocht de | |
[pagina 82]
| |
opera út syn amusemints-kader te heljen. Mar de beide dichters út Ingelên is er syn libben lang net mear kwytrekke, dy hat er op syn tige eigen wize ferwurke, sterker: dêr hat er him mei ferienselvige. Hy wìe Hamlet, Harold en ek: Faust.
As musikus wie Berlioz meastepart autodidakt. Wat er fan syn learmasters yn komposysje (Lesueur en Reicha) learde, wie benammen: hoe't it net moast, en wat er oan ynstruminten bespylje koe, hâlde ek net oer: fluit, gitaar en grutte tromme. En as dirigint, foaral fan syn eigen wurken, hied er himsels foarme yn de hurde struggle for life. Want syn paad gyng net oer roazen, oars as bygelyks dat fan Mendelssohn. Heit Berlioz, doarpsdokter yn Súdeast-Frankryk, woe gjin artyst ta soan hawwe, mar in braaf dokter. It hat gâns striid en earmoede (mar gjin bliuwende fijânskip) koste ear't de heit ta ynsjoch kaam. Mar hy hat fan de soan syn muzyk noait ien noat spyljen heard... In grut part fan Berlioz syn muzykprojekten mislearre, mei omdat it konsertpublyk fan Parys foar syn keunst noch net ryp wie. Foar dat publyk en foar de tsjinners derfan, diriginten as Habeneck en Girard en komponisten as Boieldieu en Rossini, hied er faken de djipste ferachting. En ek as er harren muzyk wurdearre (Cherubini, Meyerbeer), dan wiene 't faak wer oare eigenskippen dy't syn woede opwekken. Gjin maklik hear alsa, strûkrover Berlioz. Suksessen en mislearringen wikselen elkoar ôf. Ek yn syn leafdeslibben, net minder opskuor jaand as dat fan Wagner. Foar syn jeugdleafde Estelle wie hy as jonge fan tolve te jong... Doe't er har yn syn sechtichste wer moete, wied er moai wis te âld. Syn earste ferloofde, de pianiste Marie Moke, naaide, doe't er yn Rome siet, út mei de bekende pianobouwer Camille Pleyel. De ferneamde Shakespeare-tragédienne Harriet Smithson, dy't er foar de helsdoarren weislepe moatten hat, mei alle trúks en gebeartens fan de Grutte Romantikus, waard foar him ek net wat er derfan ferwachte hie, troch har ûngemak, har mislearjen as artyste, har jaloerskens, har sykten. Mar oan har ferstjerren wijde er dochs ien fan de oandwaanlikste siden fan dit boek: fertriet, begrutsjen, skuldgefoelens - earne neamt er har in harp dêr't er gâns snaren fan stikkenmakke hat. Saint-Saëns hie (efterôf) in aardich advys yn petto: Hie Berlioz ynstee fan in Ingelske toanielspylster in Italjaanske opera-diva útkeazen, dan hied er him faaks better mei it Italjaansk èn mei de mooglikheden fan de sjongstimmen rêde kinnen... Mar oer Maria Recio, de wat | |
[pagina 83]
| |
ûnbetsjuttende, mar yndied Italjaanske operasangeres, dy't Harriet opfolge en mei wa't er nei dy har dea ek noch troude -se soe him seis jier letter ek ûntfalle - wurde wy net folle gewaar. Dat wie syn doel ek net: hy skreau gjin bekentenissen, seit er in kearmannich.
Mar ek bûten syn leafdeslibben wie de man dy't him oan Shakespeare (Hamlet èn Ophelia) bedronk en dy't yn Byron syn Childe Harold syn oarbyld as swalker seach, it type fan de Grutte Romantikus. As Vestdijk syn formule fan romantyk as: foarmleaze foarm en foarmleaze ynhâld op ien komponist fan tapassing is, dan op dizze figuer, dy't him yn gjin inkelde foarmbeheining skikke woe en koe, al keutele er bytiden fan need ek wol wer wat mei yn it gekring fan syn lytsere keunstbruorren yn Parys: Auber, Gounod, Halévy en Cherubini. Want hy wie dan wol gjin allemansfreon, mar hy koe alles en elkenien. Net te tellen is it oantal persoanen dat yn syn boek - ek op de bûtenlânske reizen - de revu passearret, al of net mei in krityske noat of in skouderklopke. Hy dipte syn pinne fakentiden yn galle, mar hy wie - lykas Saint-Saëns, syn jongere kollega oan wa't er yn syn boek gjin wurd spansearret, opmurk - ek uterst gefoelich foar elk dy't aardich, freonlik en behelpsum foar him wie. Paganini bygelyks, dy't syn symfony foar altfioele en orkest ‘Harold en Italie’ noait spile hat, mar Berlioz doe't dy djip yn 'e skuld stiek, wol 20.000 franks taskikte. | |
IIAs ik al myn notysjes by it lêzen fan Berlioz syn fassinearjende, 700 siden tellende autobiografy útwurkje soe, hie ik oardel Frysk en Frij nedich. Ik moat my dus beheine. Mar ik wol foaropsette, dat men om dizze artyste-biografy te lêzen net perfoarst in grut muzykkenner of -leafhawwer wêze hoecht. Der sil, benammen yn de reis-brieven oan oare keunstners yn diel II, wolris hjir en dêr in foar mannich lêzer al te technyske passaazje foarkomme - bygelyks oer ynstrumintaasje-keunst of oer de ynrjochting fan de doetiidske konservatoaria - mar sokke einen litte har mei help fan de haadstik-kopkes maklik oerslaan, en boppedat binne se ek hast altyd tige raak en mei humor beskreaun yn in alhiel eigen styl. | |
[pagina 84]
| |
Ta de moaiste stikken hearre nei myn betinken de reisferslaggen yn brieffoarm: dy oer de keunstreizen nei Dútslân, Eastenryk en Ruslân (yn diel II), mar boppe-al it ferslach fan Berlioz syn omswalkjen yn it heuvel- en berchlân om Rome hinne yn de tiid dat er dêr fanwegens de konsekwinsjes fan syn Prix de Rome húsmanne. De stêd sels ynspirearre him net, hy seach dit hiele ferbliuw as in ynbrek op syn karriêre, en moast boppedat noch de him fan Marie Moke oandiene smaad sjen te oerwinnen. Hy socht syn heil bûtenút, tusken doarpsbewenners, heale of hiele strûkrovers en sjongers fan âlde meldijen dy't er optekene. Hy reizge soms mei it gewear (foar de jacht dan), soms mei de gitaar. Hy hâlde fan dat lânfolk, hoe primityf ek en soms net iens ûngefaarlik. Hy hie in sterk sosjaal meifielen mei de ‘ferwurpenen fan d' ierde’. In prachtreis is ek dy nei Napels mei in pear maten en dan werom nei Rome yn it selskip fan twa Sweden. Yn de symfony ‘Harold yn Itaalje’ hat er de wjerslach fan dizze swalkerijen op syn eigen wize (kompleet mei in banditefeest as finale) útwurke.
Mar like meinimmend binne ek syn relazen oer de grutte eksploaten dy't er yn dy tiid yn Parys opsette. Utfieringen fan eigen en oarmans wurk mei tûzen of mear meiwurkers, mei orkesten fan soms 500, ienkear sels fan 1200 man (ûnder fiif sub-diriginten!), dy't er rûnom weihelle, fier foar de tiid dat Mahler mei syn Achtste Symfony ‘der Tausend’ oankaam. It mislearre altyd grandioas òf it gyng noch krekt goed. In Zauberflöte-ûvertuere mei 210 musisy! Fertel dat Frâns Brüggen ris! It Scherzo út Beethoven syn 5de Symfony mei 36 kontrabassen. De ûvertuere Oberon fan Weber mei 24 hoarns, eigen wurken mei 25 harpen - yn Frankryk gjin probleem, oars as yn Dútslân, dêr't er sublime, dissiplinearre lytse orkesten oantrof, mar sûnder it yn Frankryk populêre ynstrumint ‘ophicleïde’ (in soarte fan blaasbas, foarrinder fan de tuba), sûnder althobo's en sûnder of mei minne en poermin bespile harpen -dan moast bygelyks Mendelssohn de harppartij op 'e piano spylje. Prachtich is ek de anekdotyk oangeande persoanen dy Berlioz jout. Sa oer de dirigint Habeneck, dy't in grut wurk fan Berlioz spile (omdat de musisy harren ‘generaal’ net misse koene) en op it aldernuodlikste plak yn it wurk syn snúfdoaze út 'e bûse helle en in snúfke naam, dat de komponist sels hurd nei foaren springe moast om de saak te rêden. Habeneck hjit by him tenei dan ek de | |
[pagina 85]
| |
‘snuver sûnder wjergea’, mar dat behindere Berlioz net, him letter in reisbrief út Dútslân te stjoeren. Moai is ek de beskriuwing fan de âlde ferneamde muzykútjouwer Schott te Mainz: ‘Dizze heechachtbere man sjocht der út as sliept er, lykas de Moaie Sliepster út it mearke, al hûndert jier, en op al myn fragen antwurdet er oerstadich, mei lange skoften tusken syn wurden: ‘Ik leau net....hjirre....kinne....jo gjin....konsert jaan...der is gjin orkest...der is gjin...publyk...wy hawwe gjin jild!...’
Berlioz wie in man fan eigen, soms ôfwikende mieningen. Syn ferearing foar komponisten as Gluck en Spontini wie like grut as syn ôfkear fan Rossini en Boieldieu (de lêste hie mar trije akkoarden ta syn foldwaan...). Mar ek Mozart moat in fear litte, ‘waans opera's allegearre op elkoar lykje en fan waans skoandere ûnfersteurberheid in minske wurch en nitelich wurdt’. En in útfiering yn Berlyn fan de Mattheüs-passy (mei 300 sjongers!) jout him in haatlikheid yn 'e pinne oer it klavesimbel: ‘dat ellindich ynstrumint dat yn de tiid fan Bach brûkt waard’ - mar de piano by de Mattheüs-útfiering wie net folle better! En haatlik kin er wurde as er yn orkesten âlde mantsjes oantreft dy't har partij net mear lêze, lit stean spylje kinne: ‘Ik haw yn Dútslân gauris foarbylden sjoen fan dit mispleatst respekt foar dy skierkerts, dat kapelmasters twingt harren yn in funksje te litten dy't harren fysike krêft allang te boppen giet en se dêr sitte te litten oant har dea ta.’
Mar skerpe mieningen net allinne op it muzykmêd. Yn guon opsichten wie Berlioz, yntuityf, net-beredenearre, in 20ste-ieuske tinker. It katolisisme, dêr't er yn grutbrocht waard, beskriuwt er as ‘dy sjarmante religy, dy't sa meinimmend is sûnt der nimmen mear om ferbaarnd wurdt’; en ‘hoewol't wy sûnt lang mei elkoar yn tsjok waar sitte, haw ik oan dy religy altyd in tear oantinken bewarre’. It is noch altyd better as it ‘swierwichtich briedsel fan Luther en Kalvyn’. Op polityk terrein hat er it net op 'e revolúsjes fan syn tiid stean, en praat er sarkastysk oer de ûnderdrukte folken (Ieren, Hongaren) dy't sa fan har ûnderdrukkers hâlde... Mar it measte frappearre my syn hertstochtlik pleit foar de ‘sêfte dea’, nei oanlieding fan it net te dragen lijen fan syn sike suster: ‘Net ien dokter hat de moed hân sa minsklik te wêzen om oan dizze marteling in ein te meitsjen’ ‘...as soe net alles wat der bart troch Gods wollen barre... as soe de ferlossing fan de pasjinte, | |
[pagina 86]
| |
troch in sêfte en direkte dea net krekt likegoed it resultaat fan Gods wil west hawwe as har skriklike en nutteleaze foltering’; ‘...en men moat in barbaar of in stompsinnige wêze, of beide tagelyk, om net it betrouber en sêftsinnich middel te brûken dêr't men hjoed de dei oer beskikt, om der in ein oan te meitsjen. Wylden binne yntelliginter en minskliker’ (diel II, s.39). Berlioz liigde der net om.
Ta de meast oangripende einen fan dit boek hearre de nei 1858 tafoege haadstikken, dy't de fuortsetting fan of leaver de weromkear nei syn jongesdream betsjutte. Al nei de dea fan syn heit, yn 1848, hied er syn âlde stjerre in (net ûndertekene) brief stjoerd. Yn syn lêste jierren hat er har skreaun en opsocht en har syn leafde ferklearre: ‘Ik koe har wize fan rinnen wer en har postuer fan in goadinne...God! wat like har gesicht feroare! Har kleur is justjes bruner wurden, har hier wurdt griis. Mar doe't ik har seach, wifke myn hert gjin tel en myn hiele siel fleach op har idoal ta, as striele it noch altyd fan moaiens’. Foar leafhawwers fan kastielromans: it is him úteinlik net wurden tusken Hector Berlioz en de seis jier âldere Estelle Fornier-Duboeuf. Se hie gâns meimakke: troud, man en ien of twa bern ferlern. Mar miskien hie de komponist it, sûnder it te witten, sels bedoarn. Ta de ytlike wurken dy't er yn syn jonkheid oan it fjoer priisjûn hat (want Berlioz wie ien fan de grutste selsferneatigers ûnder de keunstners!) hearde ek in opera mei de titel ‘Estelle’...
Frysk en Frij, 25/6 en 6/8 1988.
De beide dielen ‘Mijn leven’ binne ferskynd yn de rige Privédomein, AP Amsterdam, 1987. Oersetter W. Scheltens |
|