Corrie van der Noord en Willem Hijmans - allegearre ûnder skûlnammen fansels; sa skreau Hijmans ûnder de oan Bordewijk (‘Bint’) ûntliende namme Whimpysinger.
Al gau kaam der krityk op it blêd, dat wol sizze op de kwaliteit derfan. Peter Verhoeff (pseudonym Peter van der Burch) wie fan betinken dat it peil fier ûnder de weardichheid fan de yllegaliteit lei. Fan him stiene al fersen yn it twadde nûmer, dat yn september '44 ferskynde en fierder wurk fan Marianne Guibal, Jan Groenewold en Hendrik de Vries befette - fansels allegear wer ûnder sktilnammen - en, kurieus genôch, ek de letter sa ferneamd wurden parody fan Kees Stip ‘Dieuwertje Diekema’ op de ferneamde ballade ‘Maria Lecina’ fan Werumeus Buning. De Amsterdammer Fred Batten hie dy bydrage oan de Podium-redaksje tastjoerd. It blêd mocht dan yllegaal wêze, te finen wie it wol.
Mar ek yn eigen rûnte briek de krityk al gau los. Wim Hijmans krige syn nocht, hy fûn dat Podium gjin besteansrjocht hie en betanke 5 febrewaris '45 foar de redaksje. Hy hie ûnderwilens, mei dy oare kritikus Peter Verhoeff, plannen foar in nij, ek te Ljouwert út te jaan tydskrift - foaral kritysk en polemysk - dat De Distel hjitte soe en dêr't ek al stikken fan klear wiene (ûnder oaren tsjin Podium!). Oan jeuchlike oermoed ûntbriek it dy Ljouwerter jongfeinten net: De Distel wurdt, skriuwt Hijmans, ‘na de oorlog één der grote literaire periodieken van Nederland.’ Dy Distel is in fromme winsk bleaun. Nûmer ien stie op ferskinen, mar hat nea it ljocht sjoen...
Fan Podium lykwols kaam earste helt maart al in tredde nûmer út, troch de beide oerbleaune redakteuren, oanfolle mei Piter Kalma en Fokke Sierksma. It befette fersen fan de beide lêstneamden en fan Hendrik de Vries. Fan Sierskma is it programmatyske fers ‘Aan de dichters Anno 1945’, dat dúdlik grûndearre is op de maatskiplike ferantwurdlikheid fan de dichter, it saneamde ‘engazjemint’: de dichter is mear as in makker fan ‘moaie dingen’, is ‘ferantwurdlik’.
In punt dêr't Piet Calis yn syn mânske dissertaasje ‘Het ondergronds verwachten’ (1989) yn it stik oer Podium (s. 357-425) gjin omtinken oan jout, is de fraach nei de ‘yllegaliteit’ fan it ferswurk. Yn safier wie Podium yllegaal, dat it ferskynde sûnder tastimming en dus tsjin it sin fan de Dútse machthabbers.