In filosoof oer de hurde wrâld
Kulturele opstellen fan prof. Lolle Nauta
Selden haw ik sa lang mei in te besprekken boek omwoutere as mei ‘De factor van de kleine c’ fan Lolle Nauta, en dat net allinne omdat ik dy ‘kleine c’ (fan kultuer) út 'e ynlieding yn 'e rest fan syn ferhaal net sa bêst weromfine koe. Foar in part leit myn probleem oan it feit dat guon saken, behannele yn dizze ‘essays oer kulturele earmoed en politike kultuer’, my nei de ynhâld net sa eigen binne. Wat wit ik fan Afrika en it ‘oare’ Afrika (trije fan de sân opstellen geane dêroer), wat fan it aspekt fan de ‘kulturele earmoed’ sa't Nauta dat oansnijt yn it ramt fan de hjoeddeiske ekonomyske delgong, wat fan Karl Marx, dy't yn de lêste twa stikken net swak byspilet? Wat wit ik by einsluten fan filosofy, ek al giet dit boek fan in filosoof net oer filosofy yn de strikte sin?
Mar it leit, leau ik, ek foar in part oan Nauta syn redeneartrant, dêr't ik my net altyd yn weromfine kin en soms mei op 'e doele reitsje. In foarbyld. Op side 17 en folgjende hat Nauta it oer de Nederlânske filosofy, dy't al te lang dominysfilosofy bleaun is. (‘It leauwen yn God wie ûnder de fertsjintwurdigers fan dizze subkultuer tige populêr’, soks lycht der net om!). Mar yn 'e rin fan 'e tiid binne de filosofearjende dominys ferfongen troch ‘profesjonele filosofen’. Dat wol, ‘spitigernôch’ seit Nauta, net sizze dat dêrmei in ein kaam oan de ynfloed fan de godstsjinst op 'e Nederlânske filosofy. En no ferwachtet de lêzer dat foar dat lêste konkrete bewizen of alteast oanwizingen bybrocht wurde. Dat bart ek wol, mar it binne eigenaardige oanwizingen.
De earste is, dat ek de profesjonele filosofen noch altyd net dielnimme oan ‘publike debatten’. En de twadde, dat se in grutte ôfstân bewarje ta de literatuer, ek as dy wat fan filosofysk belang te melden hat (Mulisch, Krol, Hermans, Kousbroek, Theun de Vries). En hy ferfettet: ‘en dit soe wol ris lizze kinne’ (ûnderstellenderwiis dus!) ‘oan de kulturele ynfloed fan de dominy, dy't him achter de rêch fan de profesjonele filosoof noch hieltyd jilde lit.’ Ik kin net goed ynsjen - mar it kin der oan lizze dat Nauta net genôch ynformaasje ferskaft of te folle by syn lêzers bekend