NCRV noch fyn, de KRO noch Roomsk, de VPRO noch FP, de EO noch nearne. Gjin fideo(clip), gjin kabel, lit stean playback-show, gjin neakene Phil Bloom op it skerm te sjen. Alles noch pais en frede, gemoedlik en húslik. Mar pas op...
It nije medium fassinearre Sierksma, as produkt op healwei kultuer en sivilisaasje. Mar it rôp tagelyk syn eangst wekker foar de konsekwinsjes, foar wat er út it lân Amearika oankommen seach as de folsleine ûntminskliking. Hy seach in soad goede programma's en joech dêrfan ek wol, spitigernôch sûnder nammen te neamen, ferslach yn stikken oer ‘Het nieuws’, ‘Het moeilijke amusement’, ‘De blote benen’ (!, fierder gyng it doe noch net), ‘Koning Voetbal’, ‘Natuur uit de tweede hand’, ‘De koopman en de dominee’ en ‘Televisie-moraal’. De iroanyske titels fan guon haadstikken jouwe lykwols ek al twivel en ûngerêstens oan. Faaks kin men Sierksma syn skôging gearfetsje as: in teoretysk NEE, dêr't yn 'e praktyk in protte lytse Jaakes foaroer kamen te stean. Dat is de paradoks yn syn fisy: yn 'e grûn slim pessimistysk, mar mei in soad foarbehâld en hoop op 'e oerwinning fan it ‘bettere’, it minsklike.
In suver humanisme dus, mar mei, om syn eigen bekende terminology te brûken, ‘hier op 'e tosken’. De grutte bedriging komt foar him út it bertelân fan de masine en de T.V.: Amearika, dêr't er, mei op grûn fan tsjûgenissen út dat lân sels, oanskôget: oanwinnende winstsucht, efterútgong fan it fysyk fan de jongeren, ferflakking, kultuerminimalisaasje, atrofy.
No is ‘Testbeeld’ net allinne in boek oer televyzje, sels net allinne oer de minske-en-de televyzje. It rikt fierder, is méar noch, mei de teevee as kapstok, in skôging oer de stân fan saken mei De Minske, oer de ‘condition humaine’ (om in deasitearre wurd fan André Malraux te brûken), sa't Sierksma dy seach yn it tiidrek dat de kâlde oarloch justjes yn 't neigean rekke, de earste romtereizgers har rûntsjes mealden en de atoombom de earste protesten oprôp. Ik wol it wurd ‘doemdenken’ leaver net brûke, mar ‘Testbeeld’ is in test op 'e minske en sûnder mis fier fan in fleurich boek. In boek dat by alle bitende irony dêr't dizze fan komôf Fryske skriuwer oer beskikte, tige earnstich, soms hast profetysk-preekjend fan toan wie. Benammen oan 'e ein wurdt it tinken, as Sierksma de reklame (‘sluipmoord op de mensheid’!) te liif giet mei al it sarkasme fan syn pinne. Altyd mear, altyd