poëzylêzen. Je moatte wol fan tige Fryskhûzige komôf wêze, as je wurden kenne as: jamk, nju, derten, goarrich, loddrich, prûs, tsjoed, skraach, ringen, swiid, rju. En wa, behalven in mannich Fryske-taalgekken, wit noch wat in honke, in bonge, in kroantsje, in kyps, in nane, in stalt is, en wat ferstien wurde moat ûnder luorreman en it meartal migen? En wat moat in normale lêzer anno 1982 him foarstelle as twa wrakseljende jonges ‘'t rimpene foltsen’ neamd wurde? Koart en goed: wêrom gjin wurdferklearringen ûnder oan 'e bledsiden? Dat hie boppedat de ferfeelsume opmaak in bytsje opfleurje kinnen. Want dit moat ik ek noch kwyt: ferfeelsumer, grizer, ientoaniger kin it hast net. Alles deselde letter, de titels yn in amper gruttere kapitaal, en alles efterinoar troch, sûnder ek mar de minste ‘pauzearring’. Yn ruil dêrfoar hiene se dan bêst it alfabetysk register op 'e begjinrigels weilitte kinnen: dat tsjinnet gjin inkeld nut. De lju dy't de poëzy fan Troelstra út 'e holle koene en oan 'e hân fan de begjinrigels de tekst nochris opsykje wolle soene, hearre al lang net mear ta de libbenen.
Falt der dan oer dizze monumintale Troelstra-útjefte neat gjin goeds te sizzen? Fansels wol. Alles stiet der yn. De ynliedingen, ek it essay fan Klaas Dykstra en it biografysk oersjoch fan J.J. Kalma, binne bêst brûkber. It oantekeninge-apparaat efteryn befettet gâns dat de muoite fan it witten wurdich is,
Mar dan sit it my dochs wer dwers, dat yn de ynhâld dy lju net de lytse muoite nommen hawwe om neist de oarspronklike fynplakken ek efkes oan te jaan wêr't je it betreffende stik yn de oarspronklike ‘Rispinge’ fan 1909 fine kinne. It hie gjin side méar kostje hoegd en dejingen dy't ek oer de âlde útjefte beskikke en graach ris fergelykje wolle, gâns tiid besparje kind. Wol bin ik in kearmannich tsjin de geheimsinnige ôfkoarting ‘n.e.p.’ oanrûn. Dat betsjut ‘net earder publisearre’, neffens de dichter yn syn foaropwurd op ‘Rispinge’. It nimt nochal wat sneup- en tinkwurk om der efter te kommen, dat dit gjin ‘nep’ is, mar in gearstalde manier om te sizzen, dat sa'n gedicht allinne mar yn de ‘Rispinge’ stien hat.
Koart gearfette: Goed, dat er der is, dizze nije Piter Jelles. Tankber dus, mar net foldien. It hie safolle better kinnen.
Elseviers Magazine, 27 maart 1982, (oerset).