| |
| |
| |
In goudmyn foar Gysbert-dollers
Ph.H. Breuker, ‘It wurk fan Gysbert Japix’. I. Tekst yn facsimile. II. Oerlevering en ûntstean. Fryske Akademy, Ljouwert 1989. Dissertaasje Vrije Universiteit te Amsterdam.
It sil tenei gjin ienfâldige saak wêze noch ien nij wurd fan wurdearring of ferklearring te spansearjen oan de Fryske renêssânse-dichter Gysbert Japix (1603-1666) sûnder earst yn 'e slach te gean mei it amperoan 1100 meastepart tichtbeprinte bledsiden tellende proefskrift fan Ph.H. Breuker, dat yn septimber 1989 ënder de saaklike titel ‘It wurk fan Gysbert Japix’ yn it ljocht kaam. Breuker is op syn terrein(en) in alles-lêzer en alles-witter, en hy hat op syn jierrenlange speurtochten troch libben en wurk fan de Boalserter skoalmaster-dichter ûnbegryplike folle nijsgjirrige en wichtige dingen nei boppen helle. As in molwrot hat er him troch de berch gongen en hoalen groeven, hûnderten fragen oproppen, hûnderten fragen beëntwurde, hûnderten fermoedens, mooglik-heden en ûnderstellingen te praat brocht. En hy sil dêrby mannich froed Gysbert-Japixlêzer de grize oer de grouwe jage hawwe mei't er sa'n stikhinne de ûnderste stien fan de dichter syn plagiaterij oan it deiljocht brocht hat. Begryp my goed - it wurd ‘plagiaat’ komt yn syn boek net foar, it wie yn Gysbert syn dagen sa goed as wis ek net yn gebrûk. It wie gjin ‘sûnde’ of ‘oertrêding’.
No wie it wol al lang bekend, dat dizze dichter ûnder syn foar it each sa eigen en nei't der lang oannommen wie sa typysk Frysk oerflak in grutte mannichte oan ûntlieningen ferburgen hold, dy't foar in part as ‘imitatio’, dus neifolging fan oare boarnen (Bibel, klassiken, tiidgenoaten), foar in part as gebrûkmeitsjen fan algemien bekende topoi te karakterisearjen wiene. Mar dat it mei ien en oar sa ‘slim’ wie, sil mannich Gysbertiaan net foar 't ferstân hân hawwe. Platwei sein: ûnder suver elke rigel dicht fan Gysbert Japix giet in rigel fan in oar skûl. Breuker omskriuwt op p. 267 fan diel II syn wurksumheden dan ek sa: ‘Yn prinsipe ha 'k krekt salang socht, oant de hiele tekst mei foarbylden oerlape wie. Dat is net altyd slagge, mar dochs wol faak genôch om it ûntbrekken fan foarbylden by beskate tekstparten earder ta te skriuwen oan tekoartsjittend ûndersyk as oan ûnôfhinklikens by de dichter.’ It bjusterbaarlike is lykwols, dat dit unyk dichtwurk,
| |
| |
yn al syn pompeuze barokkens mei hjir en dêr in dúdlike ‘folkske’ ynslach, as in uterst nijsgjirrich en fakentiden fassinearjend oeuvre rjochtoerein stean bleaun is.
Wie dizze imitaasje-sucht typearjend foar it dichtsjen fan dy tiid of is se by útstek de eigenaardichheid fan dizze dichter, dy't yn haadsaak (al moat dat ek wer net oerdreaun wurde) èn taalkundich èn sosjaal-kultureel yn in soarte fan fakuüm libbe, sa dat er wol taasten dwaan moàst nei it wurk fan foargongers en tiidgenoaten? Op dy fraach skaft Breuker, mei trochdat er nochal hege easken stelt oan it referinsjekader fan syn lêzers, net al te folle ynformaasje, al sinjalearret er op p. 311 fan diel II in mannich ûndersikingen oangeande de ‘santjinde-ieuske praktyk fan de imitatio’, ondernommen nei it wurk fan Ph. van Borsselen en P.J. Schaghen, en de op 'e Frânske literatuer betrekking hawwende stúdzje fan Erich Welslau út 1976. De omfang fan it ‘kwea’ - as men dizze ûnfreonlike term op grûn fan modernere ynsichten oangeande orizjinaliteit en auteursrjochten brûke mei - kriget de lêzer gjin algemiene yndruk oer. Ek yn syn mear teoretysk ynliedend part (diel II, p. 12-15) ferwiist de auteur, sûnder se nammers te analysearjen of te beoardieljen, nei besteande fakliteratuer, dy't sjen lit ‘hoe't yn 'e praktyk santjinde-ieuske literatuer út oare literatuer opboud is’. It falt dan ek net ta en it is troch Breuker ek net eksplisyt oan 'e oarder steld, oft en yn hoefier't Gysbert syn imitaasjesucht in algemien, in ridlik normaal of in mear ekstreem-persoanlik karakter hie.
Hoe't dit wêze mei, Breuker hat wiidweidich en oant yn 'e finesses organisearre de kultuer-imitative ûndergrûn fan Gysbert Japix syn dichtwurken bleatlein en dêrmei in muontsewurk ûndernommen dat de grutste bewûndering ôftwinge moat. Sa docht, om in foarbyld te jaan, bliken dat ûnder it kurieuze konglomeraat dat Gysbert skreau ûnder de titel ‘Friesche Herder’, en dat neist tsien psalmen noch twa lofsangen befettet, ferbûn troch kommentaar yn dichtfoarm, ‘ûnderlizzende’ teksten oan te wizen binne fan Huygens, Cats, Vondel, Camphuysen (net minder as 37 plakken dêr't ynfloed fan dy syn psalmberiming oan te nimmen is), Dathenus (28 gefallen), Marnix (22 gefallen), Heyns/Du Bartas, Ambrosius, Gysbert-sels, en dêrmei is de list noch net oan 'e ein.
Der is al earder wiisd op oerienkomst tusken Gysbert syn yn earstneamde syklus foarkommend en moai wis syn meast bekende en bewûndere gedicht ‘Nacht-rest-bejerte, aef Juwn-bede’
| |
| |
(‘Nu iz de Dey forronn' mey uwre' in stuwne’), mei de tafoeging: ‘it klinget op 't Saphische’, en it ek yn de Sapfyske foarm skreaune, út 1599 datearjende gedicht ‘Die Nacht ist kommen, drin wir ruhen sollen’ fan Petrus Herbert. En al set Breuker - net sûnder rjocht - in fraachteken by dizze ‘ûntliening’, it is dochs wol dúdlik dat wy mei in besibbe tink- en gefoelswrâld te krijen hawwe, ek yn poëtikaal opsicht.
It is it skerpsinnich-analysearjende diel II fan it wurk, ‘Tekst-kommentaar’ hjittend (p. 266-429), dat nei wierskyn it sterkst it omtinken fan de belangstellende lêzer oproppe sil, al is it - wy komme dêr noch oer te praat - mei syn soms bledsiden lange opneaming fan plakken en fierdere gegevens, gjin útnoegjende literatuer. Breuker hat in wat hy sels neamt represintative kar dien út Gysberts wurken, wêrby ûnder oaren de ‘Friesche Tjerne’, ‘Sjolle Kreamer in Tetke’, ‘Ljeafde’, ‘Reontse Ljeafde-Gâl’, ‘Herders ljeafde to Galathea’, ‘Reamer in Sape’, it al neamde ‘Friesche Herder’ en as lêste in spesimen fan Gysbert syn Nederlânsktalige poezij: de ‘Personêle vertôninge der vier getijden des Jaars’. Fan al dizze teksten wurde, oan 'e hân fan in op side 14 beskreaun, út seis oanslutende ûnderdielen besteand ûndersiiks-model net allinne de ûnderlizzende teksten (imitatio- en topos-gegevens) relevearre, mar ek de oanwêzige of ûntdutsen gegevens weijûn oangeande sjenre, datearring, histoaryske eleminten (foarsafier oanwêzich), ynterpretaasje (gauris ek tsjin oare Gysbert-ûndersikers yn) en reden fan of oanlieding ta it ûntstean. Breuker hat al dizze saken nochal formalistyk opset en dat jout soms oanlieding ta oerlaping of herhelling. Mar it wie, nei myn betinken, de iennichste wize om dizze gearstalde en wjerstribbige stoffe sa'n bytsje ûnder de kwint te hâlden. In inkelde kear liket de skriuwer de dupe fan syn eigen formalisaasjesucht. Sa treft de lêzer op p. 188 fan diel II as lêste yn de beskriuwing fan in rige fan Gysbert-hânskriften in nûmer 24 oan, folge troch in fraachteken en de ferwizing: ‘Sjoch 3.3.2.4.’ Mar it plak 3.3.2.4. (op p. 165-166) skaft sa goed as gjin ljocht oer de betsjutting fan dat fraachteken. It sil de lêzer ek net al te bot ynteressearje op s. 184 te lêzen dat de auteur op 28 augustus 1985 foar de twadde kear in beskaat gedicht ûnder eagen krige.
It eigentlike tekstkommentaar omfettet dus mar in beheinde kar út it gehiel fan Gysbert syn wurken. Men soe jin ôffreegje, oft de
| |
| |
Gysbert-stúdzje net méar baat fûn hawwe soe by in beheining tà it tekstkommentaar, mar dan mei betrekking ta àlle troch de dichter skreaune of oan him taskreaune gedichten. Dat soe fan gefolgen west hawwe, dat de auteur gâns fan al it oare troch him sammele materiaal falle litte moatten hie. It no Jûne tekstkommentaar kin beskôge wurde as eksimplarysk foar in soad wurk dat yn 'e takomst noch dien wurde moat. Wat no jûn is, berêst al op in suver bangmeitsjende belêzenens en tsjûget meastepart fan grutte skerpsinnigens.
Net alhiel kontint bin ik mei de analyze (p. 330-333) fan it faak as in soarte fan kaaigedicht ta Gysbert syn lyryske poëzij beskôge ‘Ljeafde’, dat Breuker omskriuwt as in ‘leafdesdicht, besteande út in liet en in kwatryn, dat rjochte is oan in personifiearre leafde’ (p. 330). Oft in gedicht dat rjochte is oan in abstraksje ynstee fan oan in fleislik wêzen, in ‘leafdesdicht’ hjitte mei, is de fraach. Boppedat lit de fan my sitearre rigel de mooglikheid iepen dat spesjaal dat kwatryn ornearre is foar de personifiearre leafde, en dat is út noch yn it gefal net: dêr is no krekt wòl wer in tige fleislike beminde yn it spul!
Gâns oertsjûgjender is Breukers fisy op it gedicht ‘Reontse Ljeafde-Gâl’ (p. 33 ff.), dat ûnder de skyn fan in minneklacht in politike allegory liket yn te hâlden op 'e ferhâlding tusken Fryslân en Grut-Brittanje (‘in allegoarysk liefdesliet mei potike strekking’, p. 337).
| |
II
Breuker syn boek is twa-, as men wol trijedielich. Diel I jout in fotografyske reproduksje (mei oanpaste bledside-nûmering) fan beide drukken fan Gysberts ‘Friesche Rymlerye’ (út 1668 en 1681), útwreide mei in ôfdieling ‘Fersprate fersen’, dêr't ek guods by binne dêr't Gysbert syn auteurskip net wis fan is. Dat jildt bygelyks foar it stikeldicht ‘Amsterdamse Ware Afbeeldinge’, in net al te freonlike beskriuwing fan in stêd, dy't wol Gysbertiaanske trekken fertoant, mar ek de frage opropt hoe't in sa matich bereizge man as Gysbert Japix him safolle ûnaardichs oer Amsterdam permittearje koe (as er it net fan oaren hie!).
De earste bân fan diel II (p. 1-429) is opspjalte yn fiif haadstikken: in Ynlieding, dêr't ûnder oaren yngien wurdt op eardere fisy's op 'e dichter en op doel en oanpak fan de ûnder hannen stúdzje; in haadstik 2 ‘Tekstútjefte’, wêryn besprutsen de
| |
| |
wize fan tekstútjaan en de needsaak dêrta, en dêr't ek in seistal pagina's setflaters út de oarspronklike útjeften opneamd is. Haadstik III beskriuwt de tekstoerleveringen en werútjeften, en jout ek in list fan de noch op dizze ierde omtoarkjende eksemplaren fan dy âlde printingen, soms mei fermelding fan eardere eigeners, oanfolle mei in al likemin ta de ferbylding sprekkende alfabetyske list fan ‘lêzers en brûkers’, mei biografyske gegevens (p. 124-143). Nijsgjirriger is wat de skriuwer hjiroan fêstknopet: in oersjoch fan de Gysbert-resepsje fan de 17de ieu oan ús tiden ta. Mar ek yn dizze parten komt it hjir en dêr pakhúseftich karakter fan it boek wol tige dúdlik oan it ljocht. Yllustratyf foar it somtiden ûnlêsber geartropjen fan de stoffe is in alinea op p. 167, dy't syn oanlieding fynt yn in briefke dat de bekende dr. G.A. Wumkes yn 1941 oan in menhear Alt (moai wis de net alhiel ûnbekende Boalserter muzykmaster) stjoerde oer beskate fermoedens dat Gysbert Japiks besocht hawwe soe in ‘oerwûn’ bern fan sines yn it Boalserter weeshûs ûnderdak te bringen: ‘It is in moai foarbyld fan in foar guodden grif ferrifeljend optinksel dat oanslút by de kennis fan de dichter op it stuit fan it ûntstean: it foarbern, dat as Aaltje (dy't foar 1637 berne wêze soe) har fiktive libben mei Halbertsma 1827, 296 begong, mar dat earst bûtenechtlik wurde koe doe't Kalma 1936 (ek Kalma 1938, 48) bekend makke hie dat GJ yn oktober 1636 troud wie; it opnimmen yn in weeshûs, lykas Antie Ariens, de omkesizzer, earder (FVA 1893, 132); de hollânsktalige gedichten, dêr't neffens W.Gs. Hellinga safolle fan weirekke wêze moatte (yn in net publisearre wurkstik fan ca. 1935, argyf-P. Sipma, FA); foaral ek de hege ferwachtings fan argyfûndersyk, dat ommers noch krekt it trouwen (hea ja, it lette trouwen) te Ljouwert oan it ljocht brocht hie; en fansels it gesach fan Yke Boarnstra 1939, 31, dy't “mûrrefêst” bewiisde dat de frijmoedige lietsjes út 'e Juniana (sj. ûnder 5) fan GJ wienen.’ - It sil sels trochkrûpte Gysbert- kenners nochal wat muoite kostje dizze Gordiaanske knoarre mei syn hommelse emosjonele trochbraak (‘hea ja, it lette trouwen’) te ûntknôtsjen...
Der binne mear plakken, ek yn it dêrop folgjend oersjoch fan alles wat yn GJ syn hânskrift oerlevere is (p. 167-188), dêr't de lêzer even mei de eagen knipperje moat. Bygelyks as er, nei trije kear lêzen te hawwen (p. 177, 179) oer in ‘net-ferskynde útjefte fan Brouwer, Haantjes en Sipma’, ca. 1938, op side 180 ûntdekt, dat in beskate tekst ‘foar 't earst printe’ is yn dyselde net fer- | |
| |
skynde útjefte. Wa't lykwols war docht om dit riedseltsje op te lossen, komt fia 3.1.1.2.1.3.1. (de telefoanmetoade docht wakker fertuten), telâne by noat 40 (yn bân III), dêr't ús fernijd wurdt dat fan de bedoelde tekst yndied in ôfdruk fan 60 siden by de útjouwer oanwêzich west hat, dêr't net in útjefte fan kommen is.
Op lêsberder mêd komme wy dan wer mei haadstik 4: ‘Libben en wrâld’, dat útsoarte frijwat minder te lijen hat ûnder skriuwers oanstriid ta uterst ynkrimpen en konstruktyf formalisme, mar dat by neier ynsjoch gâns méar ynformaasje jout oer de dichter syn heit (kistmakker, belesting-ynbarder en in skoftlang boargemaster fan Boalsert) as oer de bejeftige soan. Men freget jin bygelyks ôf oft it net wat ryklik folle is om in krappe acht siden lang ynformearre tewurden oar dy heit syn ‘Publike funksjes’ (p. 204-212), dy't foar it libben en it wurk fan soan Gysbert fan sa goed as gjin wearde west hawwe.
Wat dy syn eigen net sa tige spektakulêre libbensgong oanbelanget, hat Breuker net folle nijs nei boppen dold. Mar wol tige nijsgjirrich is dan wer it part (p. 230-265), dat hannelet oer Gysbert syn freonen en relaasjes, syn kulturele Umwelt dus, dy't oan 'e iene kant grinzge oan de provinsjale Fryske ‘hofkultuer’, dêr't de Ljouwerter útjouwer fan Gysbert syn earste printe wurk, de Frânsman Claude Fonteyne, ien fan de wichtichste represintanten fan wie, en oan 'e oare kant oan de religieuze rjochting fan de saneamde ‘Neiere Reformaasje’. Dat hjir lykwols neist gâns oploste problemen ek nochal wat foar neier ûndersiik oerbliuwt, docht bliken út de nuveraardige side 253, dêr't ik op net minder as santjin wierskynlikheden, mooglikheden en miskienen stjitte, allegear yn ferbân mei Gysberts omgong mei syn stedsgenoat Hero Galama...
It dêrop folgjende, hjirfoare al neamde haadstik 5, it ‘Tekst-kommentaar’, befettet dan de kearnmatearje, it wichtichste ûnder-diel fan it monumintaal wurk dat Breuker ús oanbiedt.
Bliuwt noch oer in koarte fermelding fan de ynhâld fan diel II bân II, p. 431-630. Dêr fynt men in folsleine, om sa te sizzen oant hjoed de dei ta bywurke ikonografy; en ûnder de titel ‘Beslút’ in gearfetting, sawol yn it Frysk en Nederlânsk as yn it Ingelsk; in wiidweidich noate-apparaat by bân I; in oantal bylagen fan ûnder-skaat aard; in list fan rieplachte literatuer en in persoaneregister dat, spitigernôch, gjin betrekking hat ûnder oaren op persoanen dy't oer Gysbert Japiks publisearre hawwe. Dat betsjut, om in
| |
| |
foarbyld te jaan, dat it in ûnbidigen soad tiid fergje soe om nei te slaan wat de iverige G.N. Visser yn syn talleaze, wol yn it literatuer-oersjoch neamde artikels oer neifolgingen en parallellen by de dichter, skreaun hat.
Breuker syn boek ropt grutte bewûndering op - foar de belêzenheid dêr't it bliken fan jout, de eksaktens, it fermogen om tûzenen en tûzenen details ûnder ien dak te bringen. Dêrmei, en mei it al neamde konstruktive formalisme, binne wol mei-iens ek wat swakkere kanten oantsjut. It befettet troch syn alsidige opset en resultaat fan jierrenlange yntinsive stúdzje en ûndersiik, neist in ûnbidigen soad nijs, dochs ek nochal wat materiaal dêr't de relevânsje oangeande wurk en libben fan Gysbert Japix betwivele fan wurde kin - al mei der ek sein wurde, dat Breuker troch al dit ‘meinommen’ wurk oare mooglike ûndersikers in soad wurk út 'e hannen nommen hat (sa goed sa kwea, fansels). It boek is bytiden fan in hast wurchmeitsjende ûnlêsberens, dêr't ik sa'n ûnaardich wurd om sis, en sels as neislachwurk net sa maklik te hantearjen. It is in goudmyn foar Gysbert-dollers, mar freget as útrissing méar as in stompe pikhouweel.
Spektator, 1990 (oerset).
|
|