Oer oarmans en eigen
(1994)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdessayistysk en kritysk ferskaat (mei bibliografy 1972-1994)
[pagina 42]
| |||||||||||||
IWellek en WarrenGa naar eind1 ûnderskiede trije gesichtspunten dêr't in biografy ûnder besjoen wurde kin:
De folchoarder fan dizze trije gesichtspunten is op it earste each justjes ûnlogysk. Men soe b. as earste, mear algemien gesichtspunt sjen wolle en a. en c. as ferbysûnderingen dêrfan, respektivelik oangeande it ta stân kommen en de struktuer fan it keunstwurk, en ta de psychyske tastân dêr't dit wurk út fuortkommen is. De folchoarder sil wol gearhingje mei it doel fan Wellek en Warren harren boek. Se stelle foarop, dat de biografy in middel is om keunstwurken kennen te learen. Wol men dizze trije sjenswizen as lykweardich neist elkoar sette, dan soe der sprutsen wurde kinne fan respektivelik ergosintryske, biosintryske en psychosintryske biografy. It is dan net sûnder betsjutting, dat yn de twadde formule it morfeem ‘bio’ twa kear foarkomt. Wellek en Warren formulearje dizze sjenswize as ‘a study of the man of genius, of his moral, intellectual, and emotional development’, wêrby't it net hielendal dúdlik is of it twadde sinspart, dat mei ‘of’ begjint, in beheinende ferbysûndering ynhâldt fan it earste sinspart (‘the man of genius’), of dat der sokssawat tuskentocht wurde moat as: ‘dêrûnder èk of: foaràl te rekkenjen’. In minskelibben omfettet by einsluten mear as syn morele, yntellektuele en emosjonele eigenskippen, bygelyks de biologyske faktoaren: groei fan bern-puber-folwoeksene, hichtepunten fan funksjonearring, sykte, ferlies fan krêften, ôftakeling - net altyd, fansels: it hinget ek ôf fan it ‘libbenstype’ en soms fan eksterne faktoaren. | |||||||||||||
[pagina 43]
| |||||||||||||
Fan gewicht is hjirby wat Wellek en Warren fierderop sizze: De biografy - as diel fan de wittenskip fan de skiedskriuwing - ‘makes no methodological distinction between a statesman, a general, an architect, a lawyer, and a man who plays no public role’ - dat wol dus sizze dat oangeande de ‘libbens-beskriuwing’ as sadanich (in abstracto) it aard of it wurkterrein fan de beskreaune yrrelevant is. Mar dat ymplisearret dan mei-iens, dat fan de trije hjirboppe neamde sjenswizen a. oant en mei c. de twadde, b., it primaat hat. In amtner is in (unike) minske plus ‘eat’, in skilder (keunst- of hús-) in (unike) minske plus ‘eat’. Yn guon gefallen is dat ‘eat’ ynhâldlik mar in bytsje of suver ‘neat’ (wat fansels net sizze wol dat sa'n libben ek kwalitatyf ‘neat’ is!). Oer in beropsfuotballer, ek al is er gjin international, sil trochstrings mear te fertellen wêze as oer it libben fan in trochsneed-amtner fan it kadaster. It wêzen fan in biografy is dus it op ferantwurde wize yn in taalstruktuer (‘ferhaal’) oerbringen fan in minsklik libbensberin: syn partikulier bestean likegoed as syn publike dieden. ‘Ferantwurde’ dan te ferstean yn dûbele sin: ‘artistyk’ of leaver ‘kwalitatyf’, want by ‘artistyk’ wurdt sa maklik tocht oan de keunst fan it ‘moaie wurd’ - èn: safolle mooglik ferantwurding jaand fan de boarnen dêr't it ferhaal oan ûntliend is. In partikulier bestean hat elkenien. Publike dieden binne wat minder algemien: in âlder-wetske húsfrou fan fyftich jier lyn hie der bygelyks net folle fan. Ta de publike dieden hearre ek de keunstwurken dy't in artyst fuortbringt. | |||||||||||||
IIDat bringt ús op de ‘literary biography’, de ‘literêre biografy’, in term dy't yn de resinte diskusje oer de biografy faak oer de tafel gyng. Wat ìs dat, in literêre biografy? Wellek en Warren ljochtsje ús dêr net oer yn, en dat is te begripen sjoen harren hjirfoare oanhelle útspraak. Mar de literêre biografy kin neat oars wêze as in biografy fan immen dy't (tafallich) skriuwer is. Of men soe it wurd ‘literêr’ hjir beskôgje wolle as in kwalitative, struktureel-stilistyske oantsjutting; dan wurdt it dus sokssawat as in yn literêre (literêr ferantwurde) foarm skreaune biografy, dy't dan krekt likegoed hannelje kin oer in politikus of in admiraal. Ik lies ris yn in Frânsk tydskrift de ‘biografy’ fan in Bretonske boerinne, in frou dy't oars neat dien hie as: berne wurde, opwaaksje, | |||||||||||||
[pagina 44]
| |||||||||||||
arbeidzje, trouwe, arbeidzje, bern te wrâld bringe, arbeidzje, bern grutbringe, arbeidzje, op 'e bernsbern passe, stjerre - allesbehalve in ‘literêr’ libben dus. Mar it ferhaal sels wie fan in sà ynkringend barren-yn-wurden, dat it wurd ‘epos’ yn my opkaam; in ‘literêr’ wjerfarren dus. Wellek en Warren referearje nammers ek oan in bekende opmerking fan Coleridge, dat elk libben, hoe ûnbelangryk ek, fan belang is, mitsdat it op in oannimlike wize beskreaun is. Lit ús lykwols it begryp ‘literêre biografy’ mar oanhâlde yn de betsjutting: de beskriuwing fan it libben fan in skriuwer/ster. It feit dat der wol sprutsen wurdt fan in ‘literary biography’, mar net, alteast by myn witten net, fan in ‘pictorial biography’ of in ‘musical biography‘, jout te tinken. It soe de gedachte oproppe kinne, dat de literator, as te biografearjen minske, fan in hegere oarder is as de skilder, byldhouwer of fioelist - om ús te beheinen ta de kultureel bejeftigen en net ‘ôf te dalen’ ta de regioanen fan de steatslju, gelearden, sportsminsken ensafh. Ik wit net goed wêr't de needsaak weikomt om in libbensbeskriuwing fan Shakespeare as in ‘literêre biografy’ te karakterisearjen, wylst dy fan Pasteur net as ‘medyske biografy’ bekend stiet. Mar ik haw it fermoeden dat it hjirmei fan dwaan hat, dat in biograaf dy't skriuwt oer in ‘skriuwer’, himsels om sa te sizzen sjocht as in ferdûbeling fan syn objekt. It hat ek hjirmei te krijen, tink ik: men hoecht gjin keunstskilder te wêzen om it libben fan Van Gogh te beskriuwen, mar men moat dêrfoar wol ‘in bytsje skriuwer’ wêze, lykas men ek in ‘bytsje skriuwer’ wêze moat om oer Multatuli te skriuwen; mar om it libben fan Multatuli te beskriuwen hoecht men net needsaaklikerwize ‘méar’ skriuwer te wêzen as foar in biografy oer Van Gogh, - al is it ‘mear’, as it der is, praktysk besjoen fansels moai meinommen. Yn alle gefallen: de literêre keunstner liket as objekt fan biografy yn in justjes befoarrjochte posysje te ferkearen. It is him fan herten gund, mar lit ús ûnderhân reëel bliuwe: de ‘literêre biografy’ is mar ien fan de ûnderskate ûnderôfdielingen fan de ‘de biografy’. Ek dêrútwei sjoen hat it wol doel om wat wy hjirboppe neamden in ‘biosintryske biografy’ ta begjinpunt te nimmen. Wat is nammentlik de ynhâld fan sa'n biosintryske biografy? Wy kinne hjir oanknoopje by wat Charlotte Bühler al yn 1932 skreau yn har stúdzje ‘Der menschliche Lebenslauf als psychologisches Problem’.Ga naar eind2 Hja makket ûnderskied yn it minskelibben tusken trije komponinten (ynhâlden of bestândielen). As | |||||||||||||
[pagina 45]
| |||||||||||||
earste wurde neamd de ‘Ereignisse’, - de foarfallen-sels, almeast konkreet en oanwiisber: berne wurden, opwaaksjen, grutbrocht en ûnderwiisd wurden, maatskiplike ferbiningen lykas freonskippen, houliken en kompanjonskippen oangean (en feibrekken), lidmaatskippen, bekroaningen, finzenisstraffen, etc. Dus de libbensfeiten, de wjerfarrens as sadanich, yn har gronologysk oardere gearhing pleatst, oant en mei it lêste ‘wjerfarren’: de dea. De twadde komponint yn dat libben wurdt foarme troch de ‘Erlebnisse’,Ga naar eind3 dêr't Bühler ûnder ferstiet de wize wêrop't de beskreaune sels omgyng mei en reflektearre hat op syn ‘Ereignisse’: syn gefoelens fan libbensbestimming, fan slagjen en mislearjen, fan ûnbehagen en ûnnocht, ferwachtingen, yllúzjes en desyllúzjes, fan resignaasje ek - refleksjes dy't somstiden har wjerslach fine yn 'e ‘Ereignisse’ (immen docht teloarsteld ôfstân fan in amt of fimksje), soms yn de produkten fan it libben, mar dy't ek faak ferburgen lizze yn bygelyks net-publisearre dokuminten (brieven) en yn persoanlike mûnlinge útspraken dy't troch oaren ûnthâlden of fêstlein binne. De tredde komponint is dy fan de ‘Ergebnisse’, de resultaten, fuortbringsels, produkten. By in keunstner binne dat dus by foarbyld boeken of skilderijen of komposysjes, faak konkreet te omskriuwen. By oaren binne se allinne yn sifers te mjitten of te konstatearjen (bygelyks sportminsken), by politisy yn wat al of net berikt is (ferkiezingsútslaggen, wetten, feroarderingen, suksessen, traktaten, ensafh.). Men soe sizze kinne dat dizze Bühle-riaanske trijedieling ta in hichte yn dy fan Wellek en Warren werom te finen is: de ‘Ereignisse’ benammen yn sjenswize b., de ‘Erlebnisse’ by c. en de ‘Ergebnisse’ by a. | |||||||||||||
IIIMy tinkt dat yn in biografy dy't dat wurd fertsjinnet, kwa yntinsje en kwa resultaat, alle trije komponinten oanwêzich wêze moatte, omdat se, elk op eigen wize fazearre, yn it libben fan elke minske in soarte fan organyske ienheid foarmje. Mar in biograaf sil dochs yn earste ynstânsje - alhielendal as it giet om in ‘earste’ biografy oer in beskate persoan, by wa't de kâns reëel is dat der neitiid méar folgje sille - him rjochtsje op de ‘Ereignisse’ en soargje dat dy safolle mooglik op in rychje steane. Ek sokke strikt faktyske biografyen, minder djiptaastend en minder meinimmend as se meastal wêze sille, hawwe har reden fan bestean. Wat dêrneist | |||||||||||||
[pagina 46]
| |||||||||||||
noch meinommen wurde kin oan ‘Erlebnisse’ hinget net allinne ôf fan it yn dit stik oanwêzich matenaal, mar ek mei fan it psychologysk ynsjoch en ynterpretaasjefermogen fan de biograaf. En wat der meinommen wurdt oan ynformaasje oangeande de ‘Ergebnisse’ (foarsafier net bleat faktysk fan aard en dus thúshearrend yn de kategory fan de ‘Ereignisse’: it skriuwen, klearkommen en útjaan fan in boek, bygelyks), hinget mei ôf fan de biograaf syn ynsjoch yn de matearje dêr't dizze ‘Ergebnisse’ har oer útwreidzje. It seit himsels dat dy't de biografy fan in tennisspiler skriuwt, de spulregels fan dy sport ta in hichte behearsket of soarget dàt er dy behearsket, en dat wa't oer in literator skriuwt, weet hat fan literêre ferskynsels, problemen en wearden. Yn gâns gefallen lykwols kinne, technysk-biografysk besjoen, dy ‘Ereignisse’ mear ymplisyt behannele wurde, bygelyks - by in skriuwer - òf omdat oer it wurk fan de beskreaune al in soad en soms útputtend skreaun is, òf om't it wurk fan de beskreaune sadanige ryk, folleomfetsjend en komplisearre is, dat der gâns wat oan takomstige, mear ergosintrysk ynstelde deskundigen oerlitten wurde moat. Wa't oer it libben fan Nescio skriuwt, hat it yn dit opsicht makliker as wa't it libben fan Simenon as objekt kiest. Hjir is fuortdaliks ek mei sein, dat foarm en ynhâld fan in biografy net allinne ôfhingje fan it teoretysk útgongspunt of de bedoelingen of de fisy fan de biograaf, mar yn op syn minst yn deselde mjitte fan de libbensynhâld sels fan de biografearre persoan. Hy is - ornaris - dea, mar hy bliuwt ûnferbidlik by it stellen fan syn easken, hy leit syn mooglikheden en beheiningen op oan de biograaf, dy't mar besykje moat se yn 't lyk te bringen mei syn eigen mooglikheden en beheindheden. | |||||||||||||
IVHjirfoare brûkte ik as yn 'e rin wei efkes it wurd ‘fisy’, dêr't yn de resinte biografy-diskusje wiidweidich mei omslein is. En elkenien begrypt wol sa út 'en rûgen wat der mei bedoeld wurde kin. Mar as je besykje it begryp wat neieroan te heljen, oppenearje har dochs swierrichheden. Is it ‘de’ fisy dy't in biograaf op ‘it libben’ hat en dy't er toetst oan de libbensrin fan syn held? Dus bygelyks: in kristlike biograaf jout ‘syn’ fisy op it libben fan de ateist Multatuli? Dat sil dan dus in hiel oare biografy wurde as dy fan in humanist of in anargist oangeande presiis deselde | |||||||||||||
[pagina 47]
| |||||||||||||
persoan Multatuli. Op himsels gjin beswier, fansels, as de saken mar dúdlik steld wurde. Of wurdt bedoeld de ynterpretaasje jûn oan immen syn libbensfeiten, syn wurk of syn psyche, oan de Ereignisse, de Ergebnisse en/of de Erlebnisse, om de hantearre trijedieling noch in kear te brûken, en los fan de biograaf syn eigen tinkbylden oer dy saken? Fansels is it sa, dat de fazen fan de trije komponinten yn in minskelibben in min of mear organysk (dat net altyd sizze wol: in útbalansearre, evenwichtich ferbân mei elkoar hawwe wêrby't it suver biologysk bestean, it sykheljen tusken berte en dea om sa te sizzen, de natuerlike basis is. No is it mooglik, dat dizze gegevens úteinlik ta in ienlûdige, maklik te hantearjen en lêsbere formule werom te lieden binne. Mar der is in grutte kâns, dat it fisy-wurk òf in te simpele en dus neatsizzende formule opsmyt, dy't de beskreaune mei tûzenen oare lju dielt (bygelyks: hy wie in ‘idealist’ of in ‘fisionêr’ of in ‘mystikus’ of in ‘realist’ of in ‘opportunist’) òf in fisy dy't allinne ûnder wurden brocht wurde kin yn dizichheden of yn in komplisearre gearstal fan allerhande ymponderabile faktoaren, wêrûnder tige tsjinstridige. Fisy is in moai, in braaf wurd, mar it gefaar is libbensgrut, dat de biograaf ‘syn’ by foarrie oanwêzige of by wize fan hypoteze opstelde fisy (by foarbyld op it seedlik karakter fan syn held) opleit oan de libbensfeiten fan de biografearre, der dat stimpel op drukt en ferswijt of bagatellisearret wat der net mei yn 't lyk te breidzjen is. Soms is tefòlle fisy lestiger as temin. In (goede) lêzer fan in biografy sjocht leaver net dat er tefolle foar de fuotten rûn wurdt; hy moat de kâns krije syn eigen fisy te foarmjen. | |||||||||||||
VDat bringt my as fansels op de ûnderskieding fan biografy-soarten dy't James L. CliffordGa naar eind4 útsteld hat en wêrfan't foar ús allinne wichtich is dy tusken ‘wittenskiplik-histoaryske’ (‘scholarly-historical’) en ‘artistyk-wittenskiplike’ (‘artistic-scholarly’) biografy. It nuveraardige is net sasear dat hjir yn wêzen ‘histoarysk’ tsjinoer ‘artistyk’ stiet, as soene se elkoars tsjindiel wêze en elkoar útslute, mar mear dat yn de earste formule ‘wittenskiplik’ foaropstiet en yn de twadde efteroan. Dat ropt de suggestje op as soe de wittenskiplikheid yn it twadde sjenre net sa fan belang wêze as yn it earste (wat grif Clifford syn bedoeling net is). | |||||||||||||
[pagina 48]
| |||||||||||||
In twadde suggestje giet der op út, dat de biografy fan it earstneamde sjenre net ‘artistyk’ wêze hoecht of wêze mei, bygelyks net op artistike wize konsipearre, strukturearre en stilearre. Wam de MoorGa naar eind5 bringt it sa ûnder wurden: ‘Een wezenlijk probleem is hier het ontbreken van een visie die van de biografie een levens verhaal maakt.’ Yn dizze kontekst wurket it wurd ‘fisy’ betiizjend; it soe ommers betsjutte dat de wittenskiplik-histoaryske biografy fisyleas is. By Clifford sels komt it wurd fisy yn dizze sin lykwols net foar. Foar him leit it ferskil tusken beide soarten hjiryn, dat de ‘artistic-scholarly’ biografy beskate risiko's nimt troch it gebrûk meitsjen fan fiksjonele techniken, fan literêre trukaazje, omwille fan de lêsberheid fan it geskrift, om it, as wie it in soarte fan roman, sa smaaklik mooglik op te dissen. Wurkjend oan syn biografy oer Samuel Johnson frege er him ôf: ‘How could I use the evidence in the most imaginative way, and tell the story as smoothly as possible?’Ga naar eind6 As mooglikheden om dit doel te berikken, neamt er dan saken lykas trochbrekken fan de gronology, it ynlaskjen fan flash-backs en soksoarte. As men hjir fan ‘fisy’ sprekke wol, dan is it de fisy dy't ta útdrukking bringt, dat men mei de biografy sa folle as mooglik is de roman, alteast de ‘story’ besiket neieroan te kommen.Ga naar eind7 Hoe't der ek tocht wurde mei oer de legaliteit fan de metoade en de dêroan ferbûne risiko's, wis is dit, dat in ‘fisy’ net as útgongspunt jilde mei. Fisy - as dat dizenige wurd in hjir brûkbere ynhâld krije sil - ûntstiet, heart te ûntstean, kin pas ûntstean út it gearwêzen oer it biografysk kerwei, it omwouterjen mei it materiaal, mei al dy faak lytse en jimmer wikseljende gaos fan it minsklik bestean. It ek troch DresdenGa naar eind8 brûkte wurd ‘byld’ liket my boppedat brûksumer en better ta as ‘fisy’, om it konkrete derfan, al hat it wurd ‘byld’ wer it beswier dat it faaks tefolle nei wat statysks tendearret. En it ‘byld’ dat fan de beskreaune ta stân komt, kin ymplisyt wêze, ja, it moàt einliks ymplisyt wêze, wol de biograaf net al te dominant en regeljend en útlizzend troch syn boek stoatskave. Mar it kin op in stuit eksplisitearre wurde yn bygelyks in ôfrûnjend slothaadstik, dat besiket linen te lûken, in grûnpatroan yn it beskreaune libben bleat te lizzen en in (net al te statysk) ‘byld’ te ‘tekenjen’. De lispuzzel fan it libben om sa te sizzen op ôfstân fotografearre, dat de skiedingen tusken de aparte stikjes net mear te sjen binne, mar allinne de ‘rûge’ foarstelling, dy't de lêzer dan konfrontearje kin mei syn eigen foarstelling. Ek mei ‘in byld’ is noch net sa'n hiel soad sein: it kin in dize- | |||||||||||||
[pagina 49]
| |||||||||||||
nich portret wêze mei floeiende rânen en wite plakken, itsij meidat de feiten gjin fêstens talitte, itsij meidat de biograaf him net al te tige fêstlizze wol, oare ynterpretaasjes (‘fisys’) iepenhâlde wol. It kin in skerpsnien en konkreet portret wêze. Dat net allinne, mar it kin ek tige foarlopich òf in ûfrûne en definityf portret wêze (foarsafier't eat oait definityf is...) - en al dy dingen hingje net allinne fan de macht, de feardichheid, de artistisiteit fan de biograaf ôf, mar ek fan it aard fan it objekt. Hoe grutter en gearstalder de beskreaune figuer, as partikulier en as ‘publyk’ persoan, hoe grutter de kâns op in ûndefinityf byld. Dat is net slim. Ommers hoe grutter de figuer, hoe mear kânsen. Richard Wagner is mear as hûndert jier dea. De feiten binne bekend. Soe der ûnder de hûnderten biografyske geskriften oer him ien wêze dat in foar elkenien te akseptearjen einbyld opleveret? | |||||||||||||
VIOant safier is yn dit opstel de namme Vestdijk benefterlitten. Der moat no dochs mar in set fan wêze. As ik út it boppesteande oangeande in mooglike Vestdijk-biografy in pear linen lûke mei, dan binne it de folgjende: In biografy fan it biosintryske type, dêr't de Erlebnisse en de Ergebnisse net foaropsteane, mar sa organysk mooglik yn de Ereignisse ferweefd wurde, liket ynearsten de meast foar de hân lizzende, namste mear om't it om in ‘earste’ biografy giet.Ga naar eind9 Dat betsjut dat it artistyk foarmjouwingsaspekt troch de biograaf ûndergeskikt achte wurdt oan it te beskriuwen libben. Wittenskiplike dokumintaasje en histoaryske betrouberens hoege in beskate mjitte fan artistiteit net út te sluten, mar beide aspekten moatte derfoar soargje, dat de distânsje tusken de biografy (lykas hjirfoare sketst) en de saneamde ‘vie romancée’ yn stân bliuwt. It betsjut ek, dat yn dizze opset de ergosintryske komplikaasjes fan de bedoelde figuer net yn alle opsichten oant op 'e boaiem behannele wurde hoege. Prioriteit soe wat de Ergebnisse oanbelanget gean kinne nei aspekten as de folgjende:
| |||||||||||||
[pagina 50]
| |||||||||||||
It giet hjir dus yn haadsaak om dy aspekten fan de Ergebnisse dy't dúdlik gearhingje mei de Ereignisse. Is yn dat lêste al in beheining ynboud, bûten it biografysk wurk soe alhiel of in stikhinne alhiel falle de djipdollende struktuer-analyze fan elk wurk apart, of fan groepen fan bygelyks romans. Wat in biograaf fan Elsschot of Nescio yn dit stik noch oanbiede kinne soe, en wat by De Moor oer Van Oudshoorn al aardich problematysk wurdtGa naar eind11, soe yn it ramt fan in Vestdijk-biografy in únmooglike saak wurde. Net allinne omdat der oan dit wurk al in protte dien ìs en dien wurdt en ek net omdat der noch in soad oan dien wurde moàt, mar benammen omdat it èn de opdracht ta en de omfang fan in wurk as ditte fier te bûten gean soe. | |||||||||||||
VIIWat binne no de problemen dy't har, foar in part yn it algemien, mar yn 't bysûnder by it meitsjen fan in biografy fan S. Vestdijk foardwaan sille? Ik sinjalearje hjir de wichtichste, sûnder de pretinsje fan folsleinens:
| |||||||||||||
[pagina 51]
| |||||||||||||
| |||||||||||||
[pagina 52]
| |||||||||||||
| |||||||||||||
VIIIOan 'e ein dit noch: der binne miskien biografen dy't flotwei efterinoar: a. alles lêze; b. al it materiaal neist har delsette; c. djip suchtsje en djip neitinke; d. har in byld foar de geast skowen sjogge en e. tsien oeren deis in ein hinne skriuwe fan haadstik I oant en mei it wurd ‘Ein’. Sa simpel sil it yn 'e measte gefallen net yn syn wurken gean. It gearwêzen oer in biografy is net allinne in fjochtsjen mei in soarte fan taaie, him mei lijen priisjaande tsjinstanner, mar it is ek in fjochtsjen mei jesels en mei de gaos dy't libben hjit. In proses dat oanienwei yn beweging is, mar dêr't je ek sels by feroarje, om sa te sizzen: jesels op 'en nij strukturearje. Yn dizze sin wol ik ek graach de wurden ynterpretearje en ta mines meitsje dy't Warn de Moor yn syn Van Oudshoorn-biografy wijt oan himsels en syn mei-biografen (hy tinkt oan Dubois, Borgers, Prick, mar der soene noch in hiel soad by kinne, want de ‘literêre biografy’ is yn Nederlân wol net sa tige sy stematysk beoefene, mar dochs rommer fertsjintwurdige as men út de wenstige kretology opmeitsje soe!): ‘Eenlingen die hun eigen weg zochten in een vak dat niet geleerd werd en dat zij | |||||||||||||
[pagina 53]
| |||||||||||||
zichzelf leerden’Ga naar eind13. Oft de konsekwinsje fan ien en oar wêze moatte soe, dat der op 'e slach in learstoel Biografy oan elke universiteit oprjochte wurde moat, is wer in oare fraach. It is noflik om hurde learskoallen-mei-jinsels ûntrinne te kinnen, en dochs soe myn antwurd ‘Nee, leaver net’ wêze moatte, bywannear't universitêre learstuollen it bestean jaan soene oan in net ôflittende stream fan sjabloneëftige biografyen-oan-'e-rinnende-bân, makke mei standerdisearre ark. Wat jildt foar in roman of in novelle, jildt ek foar in biografy: dat de struktuer net de útkomst is fan it tapassen fan in rychje foarbakte regeltsjes, mar fuortkomt út it aard fan en de wrakseling mèi it objekt sels.
Ut: ‘Biografisch bijwerk’ red. Hans Visser en Anne Wadman, 1985, (oerset). |
|