| |
| |
| |
24
by ús yn fryslân
By ús yn Fryslân koene (en kinne) je aerdige en grappige dingen bilibje. Foarsafier't dat út it foarige net dúdlik wurden is, hjir noch in mannich fan her en der gearswile en opfandele priuwkes. Yn febr. 1961 krige de Ljouwerter redaksje fan ‘Het Vrije Volk’, dêr't ik doe as Frysk kritikus oan meiwurke, in brief út Harns, ûndertekene J. de B., mei de folgjende ynhâld, dêr't ik de namme fan it boek en dy fan de skriuwer yn foroarje sil, omdat it my net giet om de man, mar om it forskynsel:
Kom, der is wer ris foldien oan de kweade Fryske tradysje om alles ôf to brekken dat fan eigen groun komt. Nei it skynt is Dr. Anne Wadman tige kjel wurden fan de goede resinsjes oer ‘Iel yn 'e fûke’ fan Haitse Klaver, yn Het Fries Dagblad, Frysk en Frij en binammen yn de Leeuwarder Courant. Der moast yn forsjoen wurde. Hoe soe in boek fan Haitse Klaver, dy't noch net ienris doctorandus foar syn namime stean hat, lit stean fan doctor in goed boek skriuwe kinne as men op it wurk fan doctor Anne Wadman gjin bek sette wol. Nou sil de doctor dat wol deroan wite dat it stomme lêzerspublyk de uteringen fan syn sprankeljende geast net neikomme kin. Men sjocht hoe maklik it is om aerdige dingen to sizzen en dit giet grif op foar de kritikus om't er goed wit dat kontra-krityk net akseptearre wurdt. De skôging fan Dr. Anne Wadman is in mislediging, net allinne foar de skriuwer mar ek foar de skôgers fan boppeneamde blêdden dy't hwat goed doarsten to sizzen fan sa'n striemin boek. Nou wit ik fansels wol dat de lju dy't in greate bek opsette doarre, al gau foar tige deskundich oansjoen wurde mar neffens my is dizze man gjin kritikus om't er de geastlike ynstelling derta mist. Men kin it oan de groun ta ôfbrekken fan hwat in oar as goed sjucht, al min ‘krityk’ neame. Der wurdt yn de hiele skôging net ien goed wurd oer it boek sein, mar it is al sa ik jow
| |
| |
hûndert kear mear foar de ‘bernlike geast’ fan Haitze Klaver as foar it giftich yntellekt fan Dr. Anne Wadman. ‘It spyt my mear as ik sizze kin’ om de wurden fan de resinsint to brûken, dat soks yn Het Vrije Volk stean moast. Wie it nou noch yn in literair tydskrift, hwerfan men oannimme mei dat de lêzers sa'n utering op syn intrensike wearde skatte kinne, dan hie it noch der oan ta west, al bliuwt it ‘Psychologysk bisjoen in bihyplik gefal.’
J.de B.,
(neffens bygeand brief: J. de Boer-Spoelstra).
It grappige fan ien en oar is net iens sasear hwat der yn biweard wurdt - it bikende lytsboargerwantrouwen yn de saneamde ‘intellektuëel’ (oft er it wêze wol of net); in stik sosiale rankune, de tsjinstridichheit yn 'e earste 2 sinnen, ensafh. - it grappige is, dat myn formoeden, op grounslach fan bipaelde tekstforskynsels: dat net de bikende húsfrou út Harns, sa't se har yn oare saken neamt, de skriuwster fan dit (typys manlike) moais is, krékt wie: it stik is tikke op in skriuwmasine mei itselde lettertype en deselde lytse ouwikingen as dy fan de hear Haitse Klaver sels. - De redaksje fan H.V.V. hat it stikje net opnommen, mar mefrou de B. ta in bisprek op it buro útnoege. Se is net kommen. Sàfolle hie se blykber wer net foar Haitse oer. Aerdich is ek dizze, dy't ik helle út ‘It Heitelân’, mei ûndertekening T., dat, as ik sa frij wêze mei, Teije bitsjut en dus Teije Brattinga oantsjut; mei Abma wurdt syn meiredakteur Drs. G(erben) Abma bidoeld; doe al ûnstjerlik fanwegens ‘De Utfanhûzer’: ‘Abma jowt him bleat en wurdt dêrtroch in skriuwer dy't mear yn 'e marse hat en mear to sizzen hat as de doctor en achtenearre Wadman’. Ik haw hjir lang op omstavere, binammen op dat ‘wurdt’ - it ìs (of wie, mar it is yn 1962 skreaun, miskien is it dus ûndertusken doch!) dus noch net. De kombinaesje ‘doctor en achtenearre’ is in oar swier punt út dizze útspraek; mar it meast intrigearret my dochs de frage hoe't men troch jin bleat to jaen mear yn 'e marse kriget.
Singelier fyn ik ek dizze útspraek, dy't Frysk en Frij fan 5
| |
| |
april 1963 yn 'e mûle lei fan Dr. Ype Poortinga: ‘Hwat men mei moderne dichtkunst ek net dwaen kin, dat is der koarlieten fan meitsje of tsjerklike’ lieten, bygelyks. It is wol in aerdich famyljespul foar de lange winterjounen, tinkt my: in eigenaerdichheit fan hwat moderns is, dat it net foar hwat oars brûkt wurde kin. Bygelyks: ‘Hwat men mei in moderne gersmeanmasine ek net dwaen kin, is der mei hierknippe of fuotwaskje.’ It bliuwt fansels de fraech oft it allinne foar moderne gersmasyntsjes opgiet. Ik bin noaitn't folle koar- of tsjerkelieten tsjinkommen op teksten fan Dante, Hadewych, Shakespeare, Vondel, Bredero, Bilderdijk, Potgieter, Heine, Verlaine, Willem Kloos of Herman Gorter.
Yn de ‘Encyclopedie van Friesland’ lês ik op bls. 216: BROUWER, ABE, straatmaker (Bergumerheide 18.9.1901). Oorspr. straatmaker,later journalist en kleinkunstenaar te Sneek, sinds 1957 straatmaker te Diever (Dr.)’ ensafh. Hy lit net folle oan ús fantasij oer, dy ensyklopedy fan uzes en as de Friezen nou noch net witte, dat Abe Brouwer strjitmakker, is, west hat en wer of noch is, of wurde sil, en dat er dêroan syn plak yn de Elsevier to tankjen hat, dan wit ik it net mear. Nou is it pynlike dat myn namme ek yn 'e list fan meiwurkers stiet en immen dus leauwe kinne soe, dat dit gebrabbel troch my útfoun is. Dat sadwaende.
As ik dat sa neigean is it peil fan de journalistyk sûnt ik yn 1963 mei ‘De Teannewâdder’ ophâlden bin, noch fierder sakke. En grutter wurden it forspriedingsgebiet fan gemiene streken. Yn Vrij Nederland fan 28 juny 1969 lês ik op 'e efterside it folgjende: De auteur en onderwijzer Tjitte Piebenga, die gerekend mag worden tot een selecte groep van kenners van het Friese literaire leven tot ver na middernacht (hij is Frieslands nieuwste ontdekking en debuteerde met ‘It lyk wurdt oantaest’) ziet als belangrijkste mandarijn de auteur en begenadigd dichter Douwe Tamiminga. Deze kwam vijf jaar geleden in dienst van de Fryske Akademy en wierp zich, behalve op het samenstellen van jubileumboeken, ook op het Groot Fries Woordenboek, welhaast het belangrijk- | |
| |
ste projekt van de Akademie. Hij begon bij de letter B en hoopt met dit onderdeel voor zijn 65ste klaar te zijn. Hij is nu 59. Verder gaat Tamminga gebukt onder, wat Piebenga noemt ‘een verschrikkelijke cumulatie van funkties, waarbij hij van zo'n verouderde instelling blijk geeft, dat er nauwelijks meer jonge auteurs de gelegenheid krijgen naar voren te komen. Daarbij kun je je afvragen of die jonge auteurs dat eigenlijk wel willen, of ze een publieke figuur als Tamminga willen worden’, aldus Tjitte Piebenga.’
Sjoch, ik haw it fan myn libbensdagen lang net altyd mei Douwe Tamminga iens west. Ik bidoel: hy is net ûnfeilber; hy tinkt my hwat to folle yn termen fan Fryske biweging en ‘ús lyts taelgebiet’ en sa; hy sil ek, as man dy't as ik goed rekkenje sa'n 33, 34 jier yn de Fryske firma mei pandere hat, syn konservatismen en tradisionalismen skipe hawwe; ik nim sels oan, dat er op in biskate wize ‘gebukt’ giet onder in kumulaesje fan funksjes, hwant der binne nou ienris in poarsje rotputsjes en ûntankbere kerweikes dêr't in soad lju foar opstrûpe en dy't dêrom opdraeije foar lju dy't der eins to goed foar binne mar sa goed wol wêze wolle.
Mar Tjitte Piebenga - de ‘nieuwste ontdekking’, mar hy stiet al yn 'e Ensyklopedy fan 1958 as ‘dichter’ en hy skreau as it my net mist al yn 1959 in biwûnderjend artikel oer dyselde Douwe Tamminga, dat bigjint mei de yn tankberheit bidoelde mar likegoed ûnheilwytgjende sin: ‘It wie it Needlot, dat my oan dizze man yn 'e hannen joech’; V.N. soe dochs in bytsje krekter wurde moatte yn syn informaesje - is in smearlap as er it boppesteande yn in wykblêd printsje lit en der net op weromkomt of syn ûntskuldigingen oanbiedt, en dat hat er by myn witten net dien. Tjitte Piebenga sil mei biwizen komme moatte en swart op wyt sjen litte dat Tamminga, as lid fan b.g. it Gysbert-Japikskomité, it Joast-Halbertsmakomité, it huldigingskomité Tetman de Vries, de kommissy foar in nije Bibeloersetting yn it Frysk of hokker funksje dan ek ‘jonge auteurs’ de gelegenheit binommen hat om ‘naar voren te komen’. Miskien hat Tjitte Piebenga efkes tocht oan syn âld sear mei ‘De
| |
| |
Tsjerne’ (al mei men dat hast net oannimme, hwant hij sprekt yn 'e nou-tiid (blijk geeft, de gelegenheid krijgen). Dan wol ik him dit sizze: Yn de sawn jier dat ik mei Douwe Tamminga yn de redaksje fan De Tsjerne sitten haw, hat nimmem méar as hy sitten to wachtsjen op (siz mar to smeekjen om) jongeren. Foar de 15 jier dêrnei jildt itselde, al haw ik dat fan justjes minder tichtby. Tamminga hat noait allinne redakteur fan De Tsjerne west; as der dus wurk fan jongeren ouwiisd is, wie dat in kollektive ouwizing en net syn persoanlike. En ik doar hjir myn kop foar op it blok to lizzen: as der mei troch syn stim oait wurk fan jongeren foar De Tsjerne wegere is, hat dat noait ien kear west omdat it wurk fan jongeren wie, mar omdat Tamminga al of net mei rjocht (dêr kin men oer stride, mar dat hoecht gjin reden to wêzen foar kweade trou) dat wurk net goed genôch achte. En as der nou yn 1969 noch ien man yn Fryslân is, dy't op talintfolle jongeren sit to wachtsjen, der om sit to smeken, dan is hy it.
Einliks soe ik it nou ek noch hawwe moatte oer de anonime lul dy't op bls. 11 fan ‘De Stiennen Man’ fan 12 oktober 1968 omdôch bisiket him dúdlik út to drukken oer in affaire dêr't Douwe Tamminga mei anneks west hawwe soe, en ik soe âlde nûmers fan ‘De Nieuwe Linie’ opsykje moatte om sjen to litten hoe 't Fokke Sierksma en Lolle Nauta har eigen feitlik gelyk yn ien kwestje (Folkertsma-Bauke de Jong) al insinuëarjendewei en al leugens op elkoar steapeljende en persoanlike rotsoai kréëarjende de nekke omdraeije en sadwaende har eigen intellektuëel grêf dolle, mar ik ha der gjin sin mear oan. Der binne folle fleuriger dingen to melden. Ek wol oer Douwe Tamminga.
Ien fan syn interessantste essayistologise wurkstikken is ‘Hwa wie de dichter M. Lasis?’, to finen yn De Tsjerne, jg. 1962, febrewarisnûmer. Tamminga sjocht hjir kâns om in opstel fan mear as 7 siden to frisseljen om syn fynst oer de identifikaesje fan de út de Gysbert-Japiksproblematyk bikende en tagelyk sa mûltergjend ûnbikende M. Lasis, oer hwa't safolle fantasearre is, dat it jin gewoan kâld op 'e lea falt to hearren, dat Meelcke Lasis (soan fan Laes, en net fan Lazarus) oars net wie
| |
| |
as in Bolserter boarger, keapman of kreamer - soed er faeks it foarbyld ta Sjolle west hawwe? - dy't wolris drukopdracht joech ta boeken. Tamminga giet hjir aerdich yn 'e fuotleasten fan Dr. G.A. Wumkes, dy't al 50 jier lyn kâns seach in artikel fan 18 bledsiden to skriuwen oer in Bodder yn de Fryske Striid dy't noait iens bistien hat: magister Alvinus. - Hie Tamminga hjirmei it ûnderwerp nou oant op 'e boaijem ta útdjippe, dan soe men mei in sa rojael essayistys omklaeid feitsje frede hawwe. Mar krekt as men der oan ta is nou dochs wolris hwat méar oer dy Meelcke-man witte to wollen, endossearret skriuwer de hele brot oan de Roarda's, Vleeren en Van der Meeren: de genealogen moatte it smoarge wurk mar opknappe.
En in essayistise baesman is ek Marten Sikkema, as ik ougean mei op in kritise stúdzje dy't er yn De Tsjerne fan april 1962 wijde oan it boek ‘De kniper op 'e skine’ fan A.A. van der Werf. Ik knip dêr in pear heel kurieuze passaezjes út:
‘Kin in net-kristlik kritikus it wurk fan in kristlik skepper hifkje of net? Dat is tinkt my alhiel gjin probleem: hwannear't de kritikus net lêzendewei oertsjûge rekket en de visy fan de skepper akseptearret, leit him dat inkeld oan de skepper, dy't (ik set wiid, AW) dan de goede middels net op de goede wize tapasse kinnen hat.’ Ik lês hjir út dat 1) mei de skepper net dy fan himel en ierde mei alles der op en der oan bidoeld is, mar de kréative kostgongers fan de K.F.F.B., 2) in goed kristlik boek àlle lêzers automatys ta kristenen makket, 3) as dat in boek net slagget, leit it oan de skeppers en mear yn 't bysûnder oan de forkearde wize hwerop se de goede middels brûke. Sikkema forfettet: ‘Dat lêste (dus: it forkeard tapassen fan de goede middels) sil by ús (bidoeld: de Fryske) kristlike likegoed as by ús net-kristlike auteurs gauris it gefal wêze’. (Oars sein: ús kristlike en net-kristlike auteurs binne gauris net sokke bêste auteurs) ‘en dat is neat gjin wûnder: hoe soe sa'n lyts taelgebiet ynienen forskate greate kunstners fan alderlei rjochting opleverje kinne?’ Nou, dêr haw ik net folle tsjin yn to lizzen: dat ‘lytse taelgebiet’ hat Douwe Tamminga ús al jierren mei om 'e earen slein, en it sil dus wol sa wêze. Mar dàn kwakt
| |
| |
Sikkema syn dikste troef op 'e tafel: ‘Hoe soene wy Vander Werfdan forwite daterskriuwtsa'ter skriuwt?’ Ik moat earlik tajaen, dat Marten Sikkema en de Fryske krityk min in oertsjûgjender biwiis jaen kinne fan har eigen oerstallichheit.
Hwat lês ik my dêr yn ‘De fleanende krie’ (K.F.F.B., oplage 125.000)?... ‘as it boek ienkear printe is, dan komt it meast nuodlike fan it ûndernimmen, de krityk. Mefrou Spaanderman wit der fan mei to praten. Doe't se de resinsjes fan har earste boek ûnder eagen krige wie se der by riten wolris hwat mismoedich fan. Oant Anne Wadman har gouden ûleboerd foar de RONO bispriek. As tocht (nou folget in ûnoplosbere setflater) Oant Anne Wadman har Gouden ûleboerd’, hwant Wadman hat nou ienris in reputaesje op it mêd fan literaire skôging! Mar 't pakte oars út as mefrou Spaanderman heal en heal forwachte hie. Wis, ek Wadman hie krityk, mar hy kaem dochs ta de konklúzje, dat mefrou Spaanderman in skriuwster wie mei talint. En as Wadman soks seit, dan kin der ek wolris hwat fan wier wêze.’
Sa is 't mar, foegje ik dêr yn alle gemoedsrêst en bliid mei mefrou Spaanderman har blydskip, oan ta. En oer de mooglikheit (in lytsen, mar hy ìs der), dat W. him ek wolris forsint, Wol ik op sa'n smûk plakje ûnder de wiidfiemjende flerken fan de warbere krie mei syn 325.000 lêzers, mar net fierder neitinke. Soks helpt jin der wer hwat boppe op, sa is 't mar. It wie my al sa alderheislikst slim yn 'e wei, dat it destiids yn 'e Bolserter Gemeenterie oppenearre plan, serieus hear, ik mien dat nimmen minder as E.S. de Jong de hân der yn hie, om yn 'e Gysbertstêd STRJITNAMMEN to neamen nei de winners fan de Gysbert-Japikspriis, nei 1952 (doe't ik my by it earwurdich selskip foegje mocht) stiltsjes yn 'e dôfpot dien is. It muoide my, net om mysels, mar om al dy oaren: Dr. Obe, freon Fedde, Rixt, Tamminga, van Houten, de lju dy't ik allegear sa graech, sa hertsynlikegraech in stik nijbou of in bibeamme boulevard ûnder de reek fan de âld Martini ta ha woe. Nòu, nei dy Krie, is de kâns der miskien-miskien. Hwat mysels oanbilanget: mei in dearin- | |
| |
nend gongelpaed of in foech steechje soe 'k al lang bliid wêze. Ik bigryp bêst, nou hawar, hwat jimme ek bêst bigripe. De earste stap nei de rehabilitaesje is dien.
Trouwens, einliks hoecht it ek al net mear. Se hàwwe al in strjitte nei my neamd. Yn Sweden. Yn Göteborg, as je 't krekt witte wolle:
mislearjen is ek in deugd
It liket my dêr yn Fryslân langer in deugd to wêzen om boppe jins macht to gripen en mislearre boeken to skriuwen troch ‘hwat oan to doaren’. Fan ûnderskate kanten waerd my as skriuwer fan De ‘oerwinning fan Bjinse Houtsma’ troch goedmienende en oprjochte ljuwe to hâlden jown, ik hie my och sa pynlik binnen it bistek fan myn kinnen en myn mooglikheden hâlden. Dàn Ypk fan der Fear, dy doar nochris hwat oan, dy nimt rojaelwei in mislearring fan 450 siden op har nekke.
Nou, dêr woe ik it nou net oer hawwe, hwant Ypk fan der
| |
| |
Fear, al wol se fan in oar, tominsen fan my, niks, sels gjin goede rie oannimme (b.g. om nou ris gewoan to dwaen en net altyd de hege c to blazen), is lykwols in skriuwster dy't gâns wurdearring fortsjinnet. Dy't ‘it’ hat.
Hwer't ik it al efkes oer hawwe woe, is dit: A.A. van der Werf is in man dy't him nou op it boarst slaen mei, dat it in deugd is dingen to dwaen dy't er lang net oankin. Tominsen as men J. Noordmans leauwe mei, dy't yn 'e Ljouwerter krante fan 17 oktober 1962 oan 'e ein fan in ‘folslein negative’ krityk op ‘In hânfol brieven fan Lipk Adema’ seit:
‘Hy doar hwat oan, ek it risiko fan in mislearring.’
‘Van der Werf hat in moedige taest dien.’
Soks is ien fan beiden: in leagen of in retoarise figuer, en yn dat lêste gefal dus ek in leagen. Soe ik bygelyks ek sa'n moedige taest dwaen, as ik as amateurfioelist it ‘risiko fan in mislearring’ naem troch yn de ‘Harmonie’ it fioelkonsert fan Tsjaikowky to spyljen?
skytsohoewietekwer
‘Een voor de moderne lezer moeilijk te verteren karakterfout van de Friese literatuur van na de oorlog is haar schizofreniteit. Deze ontstaat door de irreële uit de romantiek stammende splitsing van de Friese mens in een Fries, en in een bewoner van het koninkrijk der Nederlanden. Doordat deze splitsing niet met de werkelijkheid overeenstemt, wordt in vele Friese romans de handeling op de achtergrond geschoven en wordt er eindeloos luidop (? AW) in gedacht, alsof de lezer zelf niet meer kan denken, terwijl in de gedichten de mijmeringen, de abstracties en natuurschilderingen zegevieren. De Fries is behalve Fries, toch ook volwaardig Nederlander. (-) De gemiddelde Fries voelt zich meer Nederlands dan Fries. (-) Er zijn waarschijnlijk meer literair geïnteresseerde Friezen, die nog nooit een Fries werk onder ogen hebben gehad, dan die redelijk op de hoogte zijn van de Friese literatuur.’ (Steven de Jong: ‘Is het Fries een dialect?’, RONO, 17-8-1965). Nou, tsjin de ynhâld fan de lêste trije folsinnen falt tinkt my, net folle yn to bringen. Mar hwat my yn dit
| |
| |
sitaet wol intrigearret, hwer't ik nachten om wekker lein haw, is de fraech: Hwa of hwat yn Fryslân is nou einliks schizofreen?
Yn de earste sin lês ik, dat de Fryske literatuerfan neideoarloch schizofreen is. Dat blykt dan hjirút, dat yn in soad Fryske romans de hanneling op 'e achtergroun skoud wurdt, der einleas ‘luidop’ yn tocht wurdt, en dat yn de gedichten mimeringen, abstraksjes en natuerskildering foar master opslane, frij fortaeld. De forskynsels sels kin Steven de Jong wol gelyk oan ha, al is it spitich dat er - en dat is fêste oanwenst by ditsoarte frijbliuwende kreten yn 'e romte - net in pear foarbylden neamt. Mar hwer yn 'e goede frede is de schizofreni(teit) bidarre? Is tinkgejeuzel en natuerskildering in gefolch fan schizofreniteit?
Mar fierderop mien ik dochs to lêzen, dat net de Fryske literatuer, mar de Fries, dy't bihalve Fries dochs ek folweardich Nederlanner is, de marktekens fan de schizofreny op syn toskuord gesicht draecht: libje yn 2 wrâlden bliuwt je net yn 'e kâlde klean sitten. Mar it gekke is, dat dy splitsing neffens De Jong irreëel is en út de tiid fan de romantyk stamt, ja dat er sels ‘niet met de werkelijkheid overeenstemt’, en dat kloppet dan ek wol in bytsje mei it lettere sizzen dat der gjin Fryskbiwuste Friezen (mear) binne. Mar hwer is ûnder de hân dan de schizofreny bidarre? Ik kom der nét út, óf ik soe, ding dat net neamd wurdt, forûnderstelle moatte dat der gâns FRYSKE SKRIUWERS binne dy't lêst fan dit euvel hawwe. En dêr soe oer to praten falle. Mar it stiet der net.
programke
Dat de nije hearen fan ‘Trotwaer’ it net oandoarsten om mei in program to kommen, kin men mei of sûnder Tjitte Piebenga bitreurje, mar wy sille it earbiedigje moatte. Trouwens - in ding dêr't Tjitte Piebenga net oan liket to tinken - in program kin ek implisyt mei de bydragen jown wurde, en foar myn fielen, al rin ik net oer fan enthousiasme, sit dat der nei in stik of seis nûmers ek wol in bytsje yn. Tjitte Piebenga fielt mear foar in
| |
| |
eksplisyt program en omdat de Trotwareadoaren dat net diene, hat hy it, yn Trotwaer nûmer 3, sels mar dien:
‘It wie nou ommers de tiid om fêst to stellen, dat in werklik programmatysk tydskrift prinsipieel hwat oars is as ‘de tsjerne’, en dat de tiid fan de bleate skriuwerij foarby is, dat de skriuwerij hwat to meitsjen hat mei de tiid dêr't wy yn libje, dat skriuwerij tsjin Literatuer is, en dat polityk der ek hwat mei to krijen hat, dat opkommen wurde moat tsjin de trits by ús noch altiten oerskatte mar ûnbilangrike skriuwers, dy't publisearje by de graesje fan it frysk, dat skriuwerij gjin spultsje is fan moai waer en lange dagen, dat de establishment korreksje nedich hat, dat it saek is, yn 'e skriuwerij gewoan lestich to wêzen, en dat de skriuwerij it fiifde tsjil wêze moat.’
Djippe démoed past my, fansels, hwant ik haw al jierren slûchslim kânssjoen my frij to hâlden fan elke forantwurdlikheit, moreel of materiëel, foar it Fryske tydskriftwêzen. Mar ik kin it net litte en siz der hwat fan. Folle nijs bringt it program-Piebenga net. Ik haw bygelyks yn gjin jierren in man moete dy't folhâldde dat literatuer, né ho, skriuwerij in spultsje is fan moai waer en lange dagen of fan kâlde fuotten; it is ek gjin nijs, sûnt 1939 net of noch ear der, dat polityk der hwat mei to meitsjen hat of de tiid dêr't wy yn libje. Dit binne al frij lang algemiene mieningen, ek by skriuwers yn Fryslân dy't de 18 jier al achter har hawwe.
Dat skriuwerij tsjin Literatuer is - en ik persoanlik fiel in soad foar dat stânpunt; ik wurdearje de bounige formulearring - is ek net nij: dat wie al de ynset fan ‘Forum’, 37 jier lyn. Dat de establishment in korreksje nedich hat, bin ik mei Tjitte Piebenga iens, ûnder dy bitingst, dat ik leaver, as foarsichtich oanhinger fan Mao Che Bendit, dat wurd ‘korreksje’ forfange wolle soe troch: opdonder. Bliuwt ien riedselich programpunt dat miskiem nij is: ‘dat opkommen wurde moat tsjin de trits by ús noch altiten oerskatte mar ûnbilangrike skriuwers, dy't publisearje by de graesje fan it frysk’. Dat lêste is net dúdlik sein, mar ik bigryp heel goed hwer't Piebenga op út wol: hy bidoelt dy skriuwers dy't bûten Fryslân en skriuwende yn in oare tael
| |
| |
as de Fryske, gjin publisitaire poat oan 'e groun krije soene. Akkoart. Sokken binne der mear as ien en twa. Nou giet it om in trits. Ik tocht earst, oannimmende dat ‘trits’ trijetal bitsjut: hy bidoelt Paulus Akkerman, Sixma van Heemstra en Durk van der Ploeg. Mar letter, better neitinkend, tocht ik: Né, hy bidoelt Trinus Riemersma, Sixma van Heemstra en Frou Floatsma-Pitstra. En iderkear kamen nije tritsen yn my op. Ik tocht: hy bidoelt Anne Wadman, Sixma van Heemstra en Gerben Abma; letter: hy bidoelt Tjitte Piebenga en Sixma van Heemstra en A. van der Werf. Doe tocht ik: hy bidoelt Geart Jonkman, Sixma van Heemstra en S. van Halen. En wer letter tocht ik: hy sil Abe Brouwer, Sixma van Heemstra en Anne Jousma wol bidoele. Mar doe seach ik yn it wurdboek fan Waling Ypma by ‘trits’ om to sjen oft de wierheit miskien dêr iepenbiere waerd, en hwat sjoch ik? It wurd trits kin yn it Frysk (dat dus alteast yn dit opsicht by Van Dale fyftich jier foarút is) foar mannichte of kloft stean. Dêr wurdt it dan fansels aerdich makliker fan. Miskien kinne dan Hein Faber, Ypk fan der Fear, Ria Postma-Stolk en Rink van der Velde der ek noch by.
En lit ús foaral Jo Smit net forjitte.
En Auck de Boer-Smit net.
En Frou Spaanderman-Wielinga net.
En fordomme soe ik noch hast E.S. de Jong forjitte.
En Djoke Weening-Meijer.
En Piter Terpstra.
En Waling Dykstra.
En Sixma van Heemstra.
En S.M. van der Galiën.
En Simen en Jan Althuysen
raze
en yn datselde artikel fan Tjitte Piebenga lês ik noch dizze sin fan wûnder en gewelt: ... ‘op in stuit, dat de skriuwerij by uzes raesde om in koertsforoaring’ (d.w.s. by de oergong fan ‘tsjerne’ op ‘trotwaer’).
Nuver, siz ik tsjin myn oare ik, hwant wie it net Tjitte Pie- | |
| |
benga dy't, al in diel jierren lyn, sèls lieder fan in tydskrift wie, mèi de grutte revolusionair Bauke de Jong? ‘Asyl’ wie, mien ik, anti-tsjerne, noch méar as ‘Quatrebras’. Raesde de skriuwerij doe noch net om koertsforoaring? Of ek al? Grif, hwant de tsjerne wie al wit ik hoe lang de grutte stien fan oanstjit. Mar hwerom hat Tjitte Piebenga dòe de koerts net forlein? Dan soed er nou net sa raze hoege. Nou ja, einliks kinne je yn Frysk Fryslân oan 'e gong bliuwe, en dat is myn bidoeling net. Dat sadwaende.
|
|