| |
| |
| |
25
wiskunde
De skimerjoun makket der yn dizze boskige krite net folle wurk fan. En hy hat der oan dat er him goed oriëntearje kin yn in kontrei dy't er allinne fan by 't simmer ken en dan ek noch fan in mannich simmers forlyn, doe't omke Heinse en dy hjir noch lûdroftich húsmannen. Mar hy bigjint nou ek sa njonkelytsen to twiveljen oan de sin fan dizze reis. Dwaze opstiging, siz mar. Just, hy hat himsels wer ris yn 'e dridze wrotten, mei forlechjes en ligerijen thús en al. Dy skoaltas mei piama, handoek, sjippe, waskhantsje, toskeboarstelspullen en twa pockets is noch to swier foar sa'n kuijer en boppedat oerstailich: it stiet wol fêst dat er dizze nacht net in bêd opdwaen sil, gjin wetterkraen om de mûlbasillen kwyt to wurden, gjin lantearne om lêsljocht to forskaffen. Dit wurdt op syn bêsten sliepe, leaver slomje en kjeldlije yn it gers, foarjiersgers, fan in skeante of tsjin spikerhurde beamwoartels. Moarnsdampen en dizen dy't jin yn 'e bonken oplûke. Earne ûnderweis hat er in hotel sjoen mei parkearde auto's om in fiver, in grutte erker mei swiere gordinen en gâns kleurde lampkes. Tsjin 'e platte gevel letters yn grutte helle neonkleuren, de rustende jager. Hwat jonge fan 17 kloppet by in hotel oan. Haw ik oait yn in hotel oernachte? Né, allinne by omkes en muoikes mei húshâldingen en plannen foar fytstochtsjes yn boskige omkriten en oer heidefjilden, fytstochtsjes mei de kaert der by en dan boarterstunen, ranja mei wespen en brike ûngemakken; forklofte ankels, searplakken en lekke bannen. Sels in jeugdherberch - moat hjir earne wêze, thús yn 'e reisgids goed neisjoen, reis prima taret - noait fan binnen sjoen.
Hy wurdt ûnwis en justjes bang, as er oan 'e takomst tinkt, de neije takomst fan dizze nuvere aventûrlike reis, treinreis, busreis, gongelreis troch bosken, oer in stik heidefjild, by stikeltried lâns en âlde forware boskwachtershúskes. Hjir earne is in trijesprong, wit er noch fan dóe -
| |
| |
- in fytstocht mei omke Heinse en de beide meagere neven, trije jier is it lyn, fjirtjin wie ik, it nichtsje Sytske mei de grutte roune tovereagen, mei de lytse kibige boarstkes ûnder grien simmerjurkje, myn earste leafde, nou ja leafde, sa'n grut wurd, mar dy Sytske wie dêr doe net by, dat wie earne-oars, yn in oare boarterstún, mei har koarte rokjes dy't ûnskuldige dingen bleatlieten op touters en ringen, in bern noch, dat wie bernespul, en neef-en-nicht ek noch. Wy sieten to brochje-iten njonken in droege ûnderwâl. Flak by in pishimmeldersnêst, dat de hiele piknik bidoar, en omke Heinse, niks yn 'e gaten, praet mar troch, der midden yn en mar skobje en klauwe oer syn rûgbihierre kûten, oant er ynienen flokkend en razend oereinsprong. Wy dronken kofje en limonade út thermosflessen en omke Heinse, doe noch in fleurige sakeman, dat is nou wol oars, praette altyd like lûd, huzen fier, en song huzen heech fleurige ferskes út 'e jeugdbiweging sei er, wij zijn jong en dat is fijn. Nou, oft it fijn is om jong to wêzen stiet noch wol yn 'e kiif, mar je kinne it sa sjen, mei in rêchpûde om 'e nekke en in mûlharp yn it bûsgroentsjebûske en grutte kuijerskuon oan en in brún burd boppe in iepen kraech en in soad krûzich boarsthier dat it deiljocht socht - sa seach omke Heinse doe noch it libben en sa sjocht er it faeks nou noch, guon minsken forlieze de moed noait -
- mar de trijesprong komt mar net en ek net dy forware poddestoel fan de a.n.w.b. dy't der dochs wêze moat neffens syn ûnthâld, en ek net dy hege beam mei roekenêst, dy't him nou grif op it goede paed helpe kinne soe. Wol in oare beam, dy't er net thúsbringe kin en fansels om it hurtsje in boerd mei forbeane tagong, mar dy binne oeral gelyk, ha je neat oan. In woudloper fan niks; de helden út myn jeugdboeken pikten dit al oars yn. Hy docht de tas yn 'e oare hân, suver neat sit der yn en swier as dat kring is by sok sjouwen. Hurd oanwinnende en lûkerige joun. Syn fuotten bigjinne sear to dwaen, dit fotteljen net wend. Blierren hat er altyd samar lêst fan; en dan mar omhutselje mei talkpoeijer en desinfektearjende nuddels. En sjouwe mar oer knoestige beamwoartels en spjirrenuddels, fan dy glêdde hulten en bulten.
| |
| |
Mar neist wurgens en mismoed stekt ek iderkear wer it skerp mes fan ûnrêst. Yn it rûzjen fan beammen kin er, forbyldet er him, makket er himsels wys, har lûd sjongen hearre; har lûd, stim dy't mar net by him wei wol. Bernachtich. ‘Sunny Side’ hjit it hûs, hy hat it him goed ynprinte fan de foto yn it album, hoe't it der útsjocht, ûnder fan stien en boppegevel fan (grien) hout, mei lytse pripperige rútsjes; foardoar mei in lufel of oudakje en in blombak, en beammen achter en oan 'e sydkanten, rounom. In houten stekje foare. ‘Sunny Side’, nuvere fynst fan dy Hiemstra's -
- mar dat binne goed bisjoen fan dy sinne-minsken, altyd brún as turken, simmersport, wintersport, sitte nou mei har habben en hâlden wer yn Súd-Frankryk, op Els nei dan, dy kin it hjir better krije, dy sil wol klage hawwe oer oergongsdrokte (forline jier sitten bleaun) en rept fan útfanhûzjen by freondinnen. Dy kin it better krije - de binaudens krûpt wer yn syn kiel op, bitter en swiet - it fordomde geheim, it fordomde stuit dat er achter dat fordomde geheim kommen is - it fordomde briefke dat út har achteloas hantearre tas rûgele doe't
ik achter har oan, yn har sok, yn 'e rook fan har parfum, har déodorant, de skoaltreppen op roun nei it muzyklokael, en dat ik by wize fan refleks opkrige en lêzen en net weromjown haw. Stommer kin it net as sokke briefkes skriuwe; trochjaen; flodderje litte; oppakke; lêze
Woede en wurgens knipe him de strôte ticht; gûlen, snotterjen is nei-oan. Trochsjouwe mar. Earne moat doch dy grutte leane wêze fan bûkebeammen mei weinspoar en fytspaed, de trijesprong en dan kin 't net misse, in pear hûndert meter noch.
Hy stiet stil, harket, skôget de loft. Earne - it westen dus - is noch in swym fan skierich ljocht achter úttinne hout. En dan dêr it suden. Lang rinne of koart, mar earne komme je op dy grutte leane, dat is syn beaken yn 'e nacht, dy moat er fine, dy leit earne foar 't gripen, foar him út, it suden yn, hat dêr altyd lein om ienkear him to ûntfangen en to lieden, hat witten dat er komme soe, hat bisocht har to forskûljen om my to ûntrinnen, to forrifeljen, om't it fansels net sa moai is hwat ik doch, hwer't
| |
| |
ik mei dwaende bin, mar ik lit my net forrifelje, ‘Sunny Side’ sil der oan gelove, sil him priisjaen mei alles der op en der oan en der yn, lufel en blombak en forbeane forflokte leafde en
hy rint wer fierder, djipper nacht tomjitte. Al to idioat om nou werom, op healwei stykjen bliuwend yn in missy. Hy set de stap der wer stevich yn. De mage bigjint ek to jokjen, in goune foar in fikse sûkeladereep. Mar in briefke dat sa, per Heger Taf al, jin foar de fuotten waeit dat skept forplichtingen, ferget op tsjinprestaesjes. Op mannemoed.
‘It geheim’ hied er nammers al earder trochhawn. Fan dat dy man de klasse ynkaem, mei syn air en syn flair en syn brutaelkreaze tût, en syn tas op 'e tafel delkletste, djûre sjike diplomatetas, him yn 'e hannen wreau, pezerige lange taesthannen, en sei: Ik hjit Doncker mei ck en hwa't dy c oait weilit komt in frije middei werom. Hy wist doe dat dy man hoe en hwannear dan ek dwers yn syn farwetter komme soe. In man dy't altyd foroverje moast, fijannen delslaen, macht bisitte oer oaren, him jilde litte, in hearsker, ien út dat gedicht fan Marsman dat juffer Bos ris foar harren op it boerd skreaun hie en forsjoen fan lang en djip kommentaer. Sa'n keardel dy't as in stoarmwyn op jin oustrûzen kaem en jin forplettere ûnder syn flymskerpe frazen en syn almacht en syn sinisme en it gewicht fan syn wittenskip, fan syn fak. Forpletterje died er jin, mar de famkes net. Dy seagen mei biwûnderjende eagen fol dweepsk bigearen nei him op, dy heinden him it mandier-wêzen fan 'e lippen, dy hoegden ek gjin wiskunde to kennen, krigen sà wol in goed sifer, hoe moaijer fan bûten, hoe folwoeksener fan foarm en stal, hoe heger it sifer. Hy spesiael wie de sigaer, mei syn wiskunde-manko en syn kompensearjende taleknobbel, mei syn ûnhandichheden en syn ‘eigenwiis’ him fêstbiten yn forkearde of fiersto gearstalde oplossingen. En wist er de oplossing, de útkomst al, lâns allerhande slingerpaedtsjes fan redenearring, dan forrekkene er him noch earne ûnderweis domwei en it resultaet bistie likegoed út reade fjouweren eni trijen en haetlike krassen en útroptekens, en soms stie der ‘sic!!!’ Foar Doncker wie sa'nien in non-valeur, in
| |
| |
kneusje, ûnbrûkber yn 'e maetskippij, in forachtlik siden literatuerhimdtsje, in skoalkrantsjeredakteur. En elkenien hâldde út dat er it mei Els hâldde, al droech er in forlovingsring of miskien in trouring, hwant guon lju binne rooms en oaren grut genôch om yn alles dwers tsjin 'e tried.
Hy hie it dus al lang trochhawn, hy hie syn eagen net yn 'e bûse. De lange smelle pezerige hân mei dy ring, né dy sûnder ring, op Els har skouder. Sa stiltsjeswei, as in lytse lekkere sûnde, en in fluensk praetsje oer wiskunde of bikini's, hy allinne hie it sjoen, dêr op 'e skoalgong, yn 'e hoeke by it sydfinster dat op 'e binnenpleats útseach. Foar it each hiet soks freonskip, miskien pedagogy, biwiisde net folle noch. Mar der wie mear dat saneamd niks biwiisde, de feestjoun fan de skoalforiening bygelyks, en al dy stikjes pasten yn elkoar, der wie mar in bytsje wiskunde nedich om de saek ‘roun’ to krijen, mei dan dat briefke as finishing touch. Hysels wie Els kwytrekke, al hied er har noait hawn, mar salang as nimmen oars har hie, hie hy har, mystike wegen lâns. Hwat je ‘hawwe’ neame, mar juffer Bos har mystyk lei him wol. Hy bigriep Els net, mar hy hie har wol leaf, hy fantasearre har jouns richte by him, dat wie dan syn geheim, gâns ûnskuldiger as dat oare. Hy hie har faek bûten skoaltiid moete, har opsetlik socht, op plakken dêr't er om en út himsels net komme soe, yn it swimbad, dêr't se fan de heechste planke oudoek, in lust foar it each sok springend famkesfleis, in snoeksprong fan moaijens, in lichem as in pylk, folslein fan technyk sjittend yn it blauwe wetter. Se knikte him dan wol ta, as se glimmend en drippend op har koele einefel de teannen mei de readlakte neils delfiguerde op 'e waerme tegels. En hy hie soarch tomear, waerd der tryst en machteloas fan. In knikje. In knikje fan fornedering. Fan: o ja, dou bist der ek noch. Gjin yllúzjes. Mar hy bleau wach, syn tiid soe komme, tocht er. Stomkop. Doncker de stoarmwyn ramaeide it de glêzen yn. Haetsje dogge je dy man mei syn oerwicht, syn skeadlik glimke, syn he-manhâlding dy't jin leechleit, jin deltrapet yn 'e spesiale ûnderwâl foar tale-mantsjes.
Hy giet oan 'e kant sitten en forfeit syn tinzen nei nou, hy
| |
| |
bisiket him foar de geest to heljen hoe't de wrâld der hjir hinne leit. Dêr it westen, dêr it suden, hy hat nou in trije kertier roun, dat is goed trije kilometer, siz mar. Hy tekent it út yn it tsjuster sân fan it paed, hy kin syn eigen tekening net sjen, mar him wol foarstelle, ek sûnder wiskunde-each en
doe haw ik dus foar it earst fornommen dat Els Hiemstra smjucht op him hie, op dy Doncker mei syn brutale maneuvels, haw ik fornommen, sjoen, taest, waernommen, field, hweroan en hwerút is net to sizzen, klearebare intuysje, radar fan de siel en de oaren praetten en keakelen oer him, in geny waerd der sein, in man dy't yn it bidriuwslibben sitten hie mar der útgien om't er mei syn superieuren, syn domme direkteuren en kommissarissen net opsjitte koe, syn energy en oermacht botsten mei de amtlike oarder yn sa'n bidriuw fan baes boppe baes boppe baes, hy hie dêr gjin romte genôch, hy koe net om him hinne slaen, en ien dy't hwat is, wol om him hinne slaen, hy kaem by it ûnderwiis, grif as springplank nei in professoraet, it soe him hjir ek net tafalle, al bisocht er romte om him hinne to slaen en profitearre er fan de learare-krapte, en hwer hat er Els mei ynpalme? Praet, lûde stim, wiskunde-akrobatyk, kryt op it boerd, stok yn 'e hân, hân op it skouder, knypkes, takomstich professoraet, fluenske kompliminten oer har moaijens, har hwawithwat? Dy dingen stiestou bûten, dou moatst it oan 'e folwoeksenheit oerlitte om sokke situaesjes to kréearjen dêr't moaije famkes by foreale wurde as warloaze plúskes op 'e wyn, mar to biwizen falt der niks, ik stean mei lege hannen. Ek net as Koos en Leo spitich gnyskje oer Doncker syn sukses by de famkeslearlingen em yn dat forbân Els neame of op Els tsjutte biwiist dat niks. Je moatte der dan sels noch mar rekken mei hâlde, dat se soks sizze of der op tsjutte út biwûndering foar sa'n foroveringsman, út in soarte fan foredele oergunst anneks sportiviteit. Je kinne je fierder dan bygelyks noch foarstelle dat Doncker by de rektor roppen wurdt en hwat dy seit en biwiist, mar in biwiis is dat net, en bard is it nei wierskyn ek net, en as it àl bard is, dan hat Doncker syn swarte loeder-eagen wagewiid en misledige opskuord en lûd en mei de fûst op 'e tafel slaend roppen dat er
| |
| |
goddomme as frij man syn eigen wizen keas om famkes wiskunde by to bringen. En je koene, in stapke fierder, je foarstelle dat er mei in glim fan oerwinner, fan toréador, of fan biledige majesteit, in slach yn 'e rêch, it fjild romme hie, de gong op, de hal yn, himsels al by foarrie promovearjend ta oansteand opfolger fan sa'n wiskundeloaze skoallieder, noch oardel jier en dan gau der út, en op 'e sneup nei farsk famkesfleis dêr't er efkes, justjes mar, oan roere of yn knipe koe, ta bifêstiging fan syn oerwinning en syn oermacht, goddarry.
En dan dy feestjoun, noch altyd gjin biwiis. Meije jo as frij man of mei in forloofde of frou fier fuort, hwa wit yn sanatoarium of sénuwgesticht, net mei jins learlingen dounsje en dêrby leaf prate en aerdige, komplimenteuze dingen sizze en laitsje en togearre oan ien taffeltsje bysiden in gleske fruchtesap drinke en efkes út 'e waermte en it gewoel en de lûde muzyk wei bûtendoar op it terras en yn it park kuijerje yn healtsjuster-en-lampion-romantyk dêr't Franky Sinatra per safolle-dimensionale lûdsprekker dochs noch sêft en swietlûdich sines ta die, mei soks net? Né, Doncker mei soks net, dy is myn fijân, dy hat nergens rjocht op as op syn wiskunde en syn ring, dy giet bûten syn boekje en net allinne bûten, syn wiskunde-boekje.
Mar goed, it biwiis is der nou, lang om let, it biwiis dat er yn 'e binnenbûse hat. Hy nimt gjin risiko, hy hat it hânskrift wol sekuer en mei help fan de loep forgelike mei de opmerkings op it lêste proefwurk en der wie gjin mis op, dyselde driftige T en deselde grimmitige s, sels yn in leafdesbrief bliuwt er dy't er is. Mar hwat is oan dat briefke foarougien? Hoe wit dy man bygelyks dat it Hiemstra's folk, op Els nei, per kapitale slide nei it suden set is foar in peaskefakânsje, en hoe sit it dat dy dochter allinne thúsbliuwt, allinne yn dat rojale, filla-achtige advokaeten-prokureurshûs, in fanke fan amper 18? Leauwe dy âlden dat fan by freondinnen útfanhûzjen en hurd foar it eksamen wurkjen? En hoe sit dat mei syn forloving of houlik, hoecht sa'n man yn 'e fakânsje net nei faem of frou ta, kinne je samar mei goedfinen of foarbygean fan alle partijen weiwurde dêr yn 'e rimboe yn in bûtenhûs dat ‘Sunny Side’ hjit? Godallemachtich.
| |
| |
De ûnrêst wynt em byt him wer yn 'e kop. ‘Sunny Side’, goddarry, it hûs
dêr't ik earder, yn omke Heinse' dagen, sa faek lânsfytst bin, wittend dat sij dêr tahold mei har famylje, mei dy meagere Mr. Hiemstra út 'e Vondelstrjitte, syn like meagere tanige frou mei sinnebril en blik fol forachting en de twa jongere bern en Els, forgetten en yn ienen grut en folwoeksen en folslein yn myn klasse bidarre, geane al dy dingen bûten fatsoen en oarder en regel om? en
de ûnrêst fitert him wer oerein, earne moat it dochs wêze, dat ‘Sunny Side’, mei syn reiden tek, of dóchs pannen?, syn (grien?) houten foargevel, syn immoréle ynhâld, dat Hûs fan de Sûnde, siz mar, dêr't Els Hiemstra faeks op dit stuit kwytrekket hwat se mooglik al lang net mear hat,
hwat kin ik der noch oan foroarje, as ik harren fyn yn alle hear en fear, lûs en plûs, yn 'e wenkeamer op in divan of op in bêd, it iennichste dat ik bidije kin is wissichheit en de einichste ein fan de yllúzje, in yllúzje dy't myn sénuwen (Bern, bern, hwat bistou bleek, dou moatst better ite) al sa lang opfretten hat en dy't sels dàn faeks noch net stjerre sil,
it is pûrlike tsjuster wurden, it waeit hwat, de beammen rabje om him hinne, âlde wiven yn dokterswachtkeamer. Syn fuotten dogge sear, mar hy avensearret wer troch, der is gjin werom, hy soe it paed werom net iens fine kinne, hy doalt helploas om yn dizze einleaze bosken mei har narjend gerûs, mei har neaken tûkwurk, har heal-maitiidske roken dêr't goddarry ek noch hwat fan hjerst trochhinne wyndert, blêdderook of ierderook, humus, yn 'e iere moarntiid kinne je hjir mooglik in piipsmokende boer moetsje dy't je yn slim nei to kommen dialekt de grutte strjitwei wiist, dy't neffens birekkening, mar hwat birekkening doocht noch, op in 6 of 7 of 8 kilometer westlik lizze moat. Dêr soene je dan letter oan 'e kant fan 'e wei by in P stean gean kinne mei je toskepoetserstas, en wachtsje op in lift, hwerhinne makket niks út,
mar hy hat nou ynienen dochs it idé dat er op bikend terrein is, hjir hat er joun al earder west, hy rountsjemealt dus mar
| |
| |
hwat, dat moat ek hast wol, hwant sa grut en einleas kinne dy bosken, op 'e kaert lytse griene plakjes, net wêze en earne moatte ommers ek doarpkes lizze en útbuorrens en boerepleatskes op 'e romte?
En dan stiet er dochs op 'e trijesprong, sûnder hege beam en roekenêst, mar mei poddestoel a.n.w.b. Dêr ha je de brede sydwei mei weinspoar, fierderop wierskynlik de bjirken. De spjirren stekke dizich ou tsjin in tichte loft, mar as geheel is de situaesje wol werom to kennen, it kloppet rûchwei. Hjir is dan in sterk en geef oriëntearringspunt. Trijehûndert meter rjochtsou en hy moat der wêze. Spanning en bitterswiete mislikens farre fannijs troch syn wurge lea, hy hat lijen himsels fan hurd draven to wjerhâlden, hy moat himsels geweld oandwaen, mar
dan is er yndied toplak. Tusken it beamte - gjin stek foarhûs, mar in tinne hage - riist de foargevel op yn 'e wenkeamer brânt ljocht troch in smelle skreef. Hy wifket en fielt de wurgens wer yn syn kûten opkrûpen. Hy soe hjir lizzen gean kinne en yn it koele gers as in marmot sliepe, holle op 'e tas. Mar it is gjin tiid foar sliepen, noch net, hy moat wach wêze, de slach fan syn libben slaen, hoe't dy slach ek biteare mei, in meiminnaer attrapearje en him, as 't goed soe, mar dat soe 't wol net, syn bút ûntkrije. Hy skoffelt foarsichtich om it hûs hinne en lûkt syn foet hastich werom as er knysterich grint taest. Hy nimt poalshichte as in folleard strúnjager, hy bout út tsjuster en hwat glimljocht in byld op. Foare in doar mei in lufel, just, gjin blombak sa to sjen, dêrneist wenkeamer mei ljochtskreef, iepenslaende doarren op in terraske, gerdinen ticht, efterkant in keuken wierskynlik, mar alles tsjuster. Gâns bihindiger al mei al as er him út syn ûnthâld wei foarsteld hat, en dan noch in hok, in skuorke foar fytsen en branje en sa, en hy taest in bank, in túnbank mei sicht op it keukensfinster.
Hy jowt him op 'e bank del en tinkt nei. Strunen bûtendoarren hat gjin sin, je sjogge niks troch dy skreven, de glêzen koene ek noch wol bislein wêze. Alarm slaen bidjert de boel
en goedbisjoen wit ik noch neat: Doncker kin syn frou of forloofde der ek by yn ha en hwat dan? Nou, dan is it paed
| |
| |
foar my frij, soene je sizze kinne mei hwat frijsmoedichheit, by Els of by de forloofde, al nei't de kaerten lizze. Dan kin ik dwaen hwat Doncker net dwaen mei. Jaja, mar dat is in harsenskym, sa goed ken ik mysels.
Hy kin ek oanklopje of skilje, freegje om nachtforbliuw, sizze dat er op 'e siik is nei omke Heinse en dy en dat er foar de romantyk de wei troch de bosken nommen hat
- dat omke Heinse en dy, maetskiplik djip yn 'e nederklits, hjir al lang net mear wenje, kin Els net witte en Doncker noch minder -
en dan sizze dat ik my forron ha en mar op ‘Sunny Side’ oanstutsen bin, myn iennichste punt fan herkenning yn dizze hele krite. In ûnwierskynlik forhael, fansels, mar altyd noch oannimliker as domwei oanklopje, fan gjin Hiemstra's en gjin Els en gjin Doncker witte, en forrassing, forheardens, forbjustering spylje -
dy rol leit him alheel net. Dan is der noch de oare wei, de brede, de keninklike: iepen kaert spylje, dêr hat er him yn 't earstoan fan syn reisplan alheel en wiidweidich yn fêstbiten: rjocht troch sé, Doncker ûntmaskerje, né, ta de (moréle) oarder roppe. Els op 'e goede wei lûke, fan 'e ûndergong rêdde, jaja, mei moai ethys praet
- dêr't ik nou al gjin spoen mear fan leauwe kin. Bispotlik, hjir de moréle held út to hingjen en sèls op 'e ordinaire strúnjacht. Of ûnnoazel-grappich dwaen, sa fan: hoe wie 't mei jimme? Dat hiene jim net tocht, hè, mar ik woe wolris sjen hoe't de saken hjir steane yn 'e rimboe, is der ek hwat to iten, ik fal om fan 'e honger, en as der noch in bêd oer is, graech -
Ynienen fornimt er dat er bynei yn 'e sliep sakket. In skok. Fordomme. En stiif yn rêch en bonken, fan it rinnen en fan it sitten yn 'e kjeld tsjin sa'n stiennen muorre oan. Hy spant syn harkjen. Yn it hûs is radio-muzyk to hearren. Faeks binne se by de pickup oan 't dounsjen of brûke se in sentimenteel sliepsankje ta formeardering fan de feeststimming. Aenst de ljochten út en jowt it spul him del yn 'e nachtrêst en hy hjir mar sitte, de tiid tusken syn triljende fingers troch glûpe litte, net ta dieden kom- | |
| |
me kinne, gjin wei fine om oan dizze mâlle strúnjeijersklucht in ein to bitinken. Hy moat nou fordarry hwat dwaen. Mar de ûnrêst saksearret ek wer, der komt in soarte fan bitterens yn him: dat er him drok makket en yn it swit en deawurch gongelt foar in faem, in frommis, dat al dy soarch en noed net wurdich is, dat al lang forlern is. Of net soms? Hwat bart aenst op dat bêd, as se nòu al net los west hawwe of miskien krekt dwaende binne? Se hawwe hjir neffens syn birekkening fêst al twa of trije ûren omhúsmanne en hwat bart dan net tusken in wiskundige stoarmwyn en in bigearich faem? Gjin yllúzjes, heite. Mar tagelyk: je witte it net, je hawwe ommers noch wol hwat bitrouwen yn de minske, it goede sil altyd winne, de sêfte krêften, neffens juffer Bos, en hwat lige en fantasearje jonges soms net by elkoar oer mei hwa't se it dien hawwe of mei hwa't je it dwaen kinne. Soad opsnijerij. Sa'n persoan as Doncker, hwat witte je der einliks fan. Mar goed neitinke: hy en, Els geane fansels net nei ‘Sunny Side’ om in potsje to sjoelen of natuerstúdzje to meitsjen... -
- ik moat in died dwaen. nou. myn hele lichem trillet en stiet yn in kâlde lôge, bygelyks: ik lit myn tas yn it gers falle en rin nei de foarkeamer, ik loer troch de skreven, ik hear nou lûder muzyk, moai wis dy forflokte sinatra dy't dus foar de twadde kear tsjinst docht as bigelieder fan myn tsjinstuit, ik forlies ynienen alle roai oer mysels, al myn ynbannichheit en myn minderweardichheitskompleks, ik ûnderhelje de fûst en slaen tsjin it rút dat it trillet, wûnder dat it net oan diggels giet, mar ik haw myn duvelskrêften noch krekt bidimje kinnen, harren dêrbinnen bistjert de leafde op 'e lippen, in skoftsje is it stil. moast ik ris by it forkearde hûs wêze, by in boskwachter of in houtfester en syn wiif, hàt dit hûs wol in lufel? of haw ik it briefke forkeard bigrepen, hwat stie der ek wer, of huzet er hjir mei de frou of forloofde. dan ynienen it bûtenljocht op en in man komt bûtendoar, in lang rizich man yn blauwe peignoir. hwat bitsjut dat? ropt dy man de nacht yn. it is doncker wol deeglik. triomf sjit yn my omheech, mar ik hâld my hwat yn 't skaed, ik jow my net bleat, stiltsjes achter in strûk. hwat is dat
| |
| |
dêr, snotnoas? ropt de man. achter doncker sjoch ik noch it stal fan in frou (jonge frou) yn it ljocht opdûken. it kin net misse, els, yn in soarte fan nachtjûpe. en nou moat der mar in slim set fan wêze. - hjir bin ik, nou, jim sjogge dat der niks stil to hâlden is, stikeme dingen dwaen mei blauwe peignoirs en nachthimden oan en út, ik spring nei foaren en stean yn it folle ljocht, ik wit nou hwat ik witte woe, ik bin in oanklacht yn persoan, myn intuysje hat de wei wiisd nei sûnde en ûngerjochtichheit, ik hoech neat mear to sizzen, mar ik siz al hwat: ik bin it. - an-dré, hear ik els hiemstra sizzen. - hwat andré, fordomme, foetert doncker op 'e achtergroun, ik kom in trêd nei foaren. - dat jonkje út fiif-alfa, seit sij wer. - dat wiskunde-geny? húnt doncker, dy hat himsels al lang wer yn 'e macht, tominsen dat mient er, yn syn paublauwe peignoir. ik sjoch nou ek goed hoe't els der hinne rint, yn in ljochtblau himdachtig gefal dêr't gâns bleat troch hinneskimert, de nachtwyn strûst oer har jûpe en tekent har foarmen der yn ou, sa stiet it yn romantsjes, fordomme. els har bleat dat ik noait bigeare wold ha en dêr't hy frij gryp oan hat. moaije boel is dat hjir, siz ik skerp, ik miende dat jo forloofd wiene, doncker mei ck docht wer in stap tobek, hy hat dat wiskunde-geny doch ûnderskat. - menhear doncker mei ck, siz ik, nou ek hunend, hwant it kin my niks mear fordomme, dan mar ienen en twaën yn pleats fan trijen en fjouweren, mei ik my foarstelle, ik bin andré werkman, jo grif wol bikend, talemantsje, ierryp en ûnevenwichtich, neffens de skoalpsycholooch, mar briefkes kin ik noch wol lêze. ik siz mar hwat my foar de mûle komt, brutael, útdaegjend, mar myn skonken trilje. els, dou yn 'e hûs, seit doncker driigjend, ik sil wol mei dizze labile knaep ouweve. - der falt niks ou to weven, siz ik, ik wit hwat ik witte woe, that's all. doncker bliuwt stil en rjochtop stean, hy tinkt djip enj wiskunstich nei. spanning hast net to dragen. fade out -
of bygelyks: ik lit myn tas yn it gers glide en slûp
Mar it is al net mear nedich dat er hwat docht. It wurdt foar him dien, hy hoecht allinne mar to sjèn, to stoareagjen, to loeren, sittend op in túnbank as op in bioskoopstuoltsje, sjen hoe't it
| |
| |
elektrys ljocht yn it keukentsje opfloept, hoe't sij út it tsjuster to foarskyn tsjoend wurdt, Els, nei it oanrjocht rint, mei de soepele biweging fan in dier yn natûrsteat. Natûr ja, hwant pûrlike neaken is se, en de lôge fan wanhoop slacht kâld en waerm en bitter en swiet en alles tagelyk troch him hinne, yn him omheech
- dit hie ik net sjen meijen, dit sjen is sûndiger as sûndich, forbeaner as forbean, dit is misbrûk meitsjen, gjin rjocht op, mear as ik forwachtsje, hoopje kind hie dochs, in foarstelling foar my allinne, útforkard, pûrlike neaken as yn Eva's dagen, hwa soe hjir yn 'e godforgetten iensumheit ek in stniner forwachtsje, yn paradys ‘Sunny Side’.
Hy trillet der fan, hy is ridderslein en mislik fan sieleneed en bigearte, hy forlustiget him, twa eagen wach, skynfetten op har stal, har folle riedselige heupen, spitse boarsten mei grutte (to grutte?) titten, rêch dêr't in lange, rjochte en linich bochtsjende gleuf troch rint, tsjusterte boppe heechoppige skonken. Hy slynt har alheel, hy fret har op, sa't se mei de rêch heal nei him tadraeid, mar soms ek fansiden, heal fan foaren, in yn godsnamme in pankoekspanne op it gasstel set, oan in knop draeit, flam makket mei in revolverke, in stik bûter yn 'e panne kwakt en godsamme trije aeijen út in rekje boppe it oanrjocht kriget, se ien foar ien tsjin de rânne fan de koekpanne stikkentikket en de sjerpige ynhâld stadich en wolbirekkene yn de sisterjende bûter streame lit, trije kear itselde rituëel. Hy heart dat sisterjen, hy heart har der sêftkes by sjongen, neigalm fan Frank Sinatra grif, hy sjocht hoe't har brede, godskes hwat in folwoeksen frou, heupen mei har hânbiwegingen meidraeije, linich, superfroulik, paradyslik, hy strúnt nou dat it in lust is, in lust wurdt, en hy skammet him om syn strunen, syn minderweardichheit, gjin fair spul, hy driuwt op ìt stuit fan syn libben, yn in machtige ekstase, mar fielt tagelyk dat bitterheit har yn syn siel fêstbyt, hy hâldt fan har, hy forklearret de eagen oan har, en hy forflokt har. en aeijen, goddomme, aeijen, om doncker mei ck ta nije prestaesjes oan to fiterjen.
Hy sjocht hoe't se in sigaret lûkt út in pakje Lucky Strike, opstekt, en hoe't se, de lofterhân mei de reekkringeljende sigaret
| |
| |
omheech, de earmtakke op 'e bocht fan har heup lynjend, mei in foarke yn 'e rjochterhân yn de knetterjende aeijen pript en der dan krassend mei in mes ûnderlâns giet. It is machtich en it is grotesk en húslik ek noch en alles tagelyk, moai en oustjittend, it is ek in klap op syn loerende en strunende kop, dizze aeibakkerij yn 't neaken, it is syn ûndergong.
Mar hy stoart net yn, hy bliuwt yn syn trânse fan forhear-liking stiif rjochtop sitten, as Els foaroerbûgend de keukensdoar iepenfiert, in sêft piipjen, en de aeisdoppen yn in jiskefetsje docht. Mar der komt dochs in refleks yn syn stiif, stoarjend lichem, hy skout in tombré achterút, djipper yn it skaed wei, ljocht falt flak foar syn fuotten, hy sjocht har kjelwurden, oereinskriljen út har bûchhâlding, intuïtyf har bleatens forskûljend achter de heal iepensteande doar, hy heart har triljend lûd: Hwa is dêr, en hy wit ynienen: manlik, earlik spul spylje yn in forlerne saek. Hy stoattelt oerein en yn it ljocht en jowt himsels priis, ûnbiskamsum, ûntmaskert himsels as de grutste sûnder fan alle trije (ik, nachtlike swabber, bosksater, loerende aep mei lustgefoelens, dy't de rook fan bakkende aeijen yn 'e noasters krij en opsnúf en hjirsa as in achterlike idioat foar in healiepen keukensdoar forskyn). André, heart er har mompeljen, André hwat
De rest giet foar syn earen forlern. Hy dûkt achterút nei syn tas dy't neist de bank yn it wiete gers leit, hy hat syn plicht dien, mei net langer ûnbiskieden wêze, se witte nou dat hy it wit, ja dat se him oproppen hawwe en ta syn oanpart yn it kwea brocht mei harren forbeane leaf de en kinne dêr de konsekwinsjes út lûke, it warskôgjend teken is jown en dat er him skammet wit er sels allinne. Sij soene noch leauwe kinne oan in spoek-forskining, in hallusinaesje. Mar dat dogge se fansels net, dit is gjin wiskunde, en se fiele har skurf yn dy rottige stank fan bakte aeijen, oanbakt moai wis ek noch yn 'e alteraesje, en dêr kin in nijie plaet fan Sinatra en in nije stoarmoanfal fan Doncker niks mear oan foroarje, se fiele har fordreaunen en de eagen binne har iepen gien en de slang hat sprutsen. Fan my meije se.
Hy is noch net iens sa rare fier fuort, as er har hastige fuot- | |
| |
stappen achter him heart. Harres, sines net, hy is der wis fan, sa stapt in frou yn need en net in man yn grime. Se ropt hwat, sêft, hy forstiet it net en bliuwt stean: André, André, bist der noch? Hy wachtet op har, oan 'e skean oprinnende kant fan it boskpaed. Spjirren rûzje en geurje lûd.
Se is tige lyts, as se hymjend foar him stiet, se is nou folle lytser as hy, of liket dat sa troch de skeante fan it paed, hy stiet foardelich, sa tsjin dy kant oan, ûnder biskerming fan de beammen. Se hat nou hwat oan, sjocht er, fansels hat se hwat oan, in lange grize mantel of sokssahwat, in badjas koe it wêze, it hier stiet har wyld op 'e holle, dat fielt er allegear mear as er it sjocht. Hy is wol rêstich nou, hy wachtet ou, nou dochs in tikje superieur. Se seit: Forriedst ús net, wol? Wo'st ús forriede? Hy lûkt oan 'e skouders, mar dat kin se net sjen, hy swijt, forriede - by hwa? tsjin hwa? en hwerom? sa fier is syn tinken noch net. Hy heart: It kostet Daniël syn baen. Daniël, de namme wurket op him as in swipe. Doncker, silst bidoele. Doncker mei ck, seit er hunend, it slacht nearne op, mar it jowt dochs bifrediging. - Hy wol dy wol helpe, seit se. - Helpe? Hwermei helpe? - Mei dyn wurk. - Mei wiskunde? - Ja. - Hoe helpe? - Nou, mei foldwaende en sa, bigrypst it wol. - Ja, ik bigryp it.
Hy heart har hymjen, hy heart ek syn eigen hurde stim neiklinken. Hy fielt him de triomfator, in grutte helderheit streamt troch him hinne. Hy seit:
Stjûrt er dy om dàt to sizzen? Hwerom seit er it sels net?
- Hy doarst net en hy tocht dat ik...
har lûd stjert wei en giet dan oer yn gûlen, né, gûlen is it net, it is skriemen, snokkerjen, fol fortriet suchtsjen, justjes út de kraech fan har grize of beige mantel né badjas wei. Hy leit syn earm om har skokkend skouder en fielt dat se ûnder dy badjas, syn badjas, niks oanhat, kin ek hast net sa gau, yn dy telmannich. Hy soe har oanhelje en streak je en tútsje kinne en treaste en aerdige dingen sizze, hwant sa ticht as nou hat se fordomme noch noait by him west, dat is dochs ek
mar hy tinkt ynienen oan dy bakte aeijen, hy rûkt dy bakte aeijlen noch oan har hier en hy tinkt oan de man dy't nou dy
| |
| |
bakte aeijen sit to slobberjen om nije krêften op to dwaen foar de folgjende ronde, doarst net dy stjonkert fan in doncker, lit it dat fanke opknappe, de leffert, wol in seis-min oanbiede as soen of hwawit in folle seis, méar dat kin net, dat rint yn 'e gaten, hy seit ynienen:
Siz mar tsjin him, dat ik diskear in goede oplossing foun ha, foar myn fraechstik. In betteren as hy. Diskear al.
Hy lit har los en keart him om, hy fornimt dat sels foar dat loslitten en him omkearen in soarte fan moed noadich is, mannemoed, jongesmoed.
Ik ha syn seis-mintsjes net noadich, seit er lilk. Hy wurdt lilk, fielt himsels lilk wurden, hy rint fuort, hy hat syn plicht dien en hy hat de striid dan wol net woun, mar dochs ek net forlern, gelyk spul, kin men sizze, remize, ien-ien,
- en mear haw ik ek net forwachtsje kind, it is al boppe forhopings gien sa't ik har dêr stean sjoen haw, earst yn dy keuken, doe ûnder de beammen, hjirsa, in ding fan ûnwitten bilang, om lang op to tarren - lilkens saksearret al wer en
de boskgroun klinkt hol en droech ûnder syn fuotten. Hy heart noch dat se hwat seit, ropt, sêft ropt. Hwat seit, ropt se? Earst letter, in hûndert meter fierder, kombinearret er spraek-lûden ta in meidieling: Meist ek in kear mei my, sokssahwat moat it west ha, kìn it út 'e mûle fan sa'nien ek wêze. Aerdige oukeapsom, om Doncker to rêdden, in jountsje ‘út’ en dan ‘it’ yn de filla oan de Vondelleane of yn ‘Sunny Side’, mei of sûnder bakte aeijen, mar hastich hastich hwant hy wachtet de wiskundeman wachtet hy hat syn miel ûnderdehân bihimmele en is wer ré foar de striid. It hoecht je mar amper to spiten, dat je gjin saken dien hawwe, hwat bigjinne je mei in roppige mage - se hie my better in miel iten oanbiede kinnen, in ommelet of in farsk karbonaedtsje of in foech prakje nassi goreng.
It wetter rint him yn 'e mûle gear. Byneed bakte aeijen. Hwant hy hat, nei dy grutte strjitwei ta, noch gâns in ein foar de boech.
(febr. 1963, aug. 1969)
| |
| |
Neiskrift 1969: Hoewol de kwaliteiten fan dit forhael omstriidber en omstriden binne, en ik gjin kontra-krityk leverje wol, moat ik even ‘omtinken’ freegje foar krityk fan D.A.T. yn De Tsjerne (maeije 1963), dy't sprekt fan in forhael ‘dêr't de erotyske frustraesje fan de adolescint wer ris it haedthema fan útmakket.’ Dat ‘wer ris’ hâldt in lytse reprimande en in lytse insinuaesje yn, sa fan: dat is nou ien kear it fêste resept by AW, ien fan de minmachtige pylken op syn bôge, - en sok in meidieling strielet altyd hwat fan út; bygelyks: dat komt omdat de skriuwer-sèls noch net earlik oan dat stadium ûntgroeid is. Nou, dat lêste lit ik dêr, hwant ik haw al fan de tsjintwurdich sa forspuide Ter Braak leard, dat de pedagogen noch altyd justjes bispotliker binne as de pubers sels; en ik haw sels de bittere, mar ûnûntkombere erfaring opdien, dat de folwoeksenheit yn mannich opsicht in twivelich foarrjocht is. Dat sadwaende.
Ta gerêststelling fan myn sielehoeders kin ik fierder noch sizze, dat net mear as 2 pst. fan dit forhael autobiografys is, en dat it in haedstik foarmt út hwat oarspronklik in roman wurde soe. Dat is fansels gjin foldwaende ekskús.
Mar ik wit al hwat Jo sizze wolle: it moat ophâlde, nedich. Heechste tiid om ouskie to nimmen. Ik haw yn dizze 200 pagina's nou genôch ûnforstânnige dingen sein; ik bidoel: domme dingen èn dingen dêr't it net forstânnich fan is se to sizzen. It sil my der nei forgean, freonen. Bid mei my foar myn kritisi, dat se der net yn bliuwe, dêr is gjin mins mei holpen; dat wiis- en myldheit harren ta rjochtline wêze meije, mei of sûnder help fan en biddend òpsjen ta de Almachtige dy't alle dingen sjocht en de measte bigrypt.
Farwol dan. Mar net sûnder Jimme to tankjen foar de bilangstelling, it hoekhâlden en it meilibjen mei de lijende, stridende en stribjende Minskheit. Takom jier, Marga en Michaël tsjinjende, wer ris in româns boekje. En oars mar in jier niks. En wolle jimme yn dy tuskentiid mei my meitinke oer it folgjende probleem dat my dwers sit? Ik bidoel: oer sin en bisteansrjocht fan de twadde-rangsskriuwer. Graech jou miening. Yn alle earnst. Der moat hwat oan dien wurde. Bygelyks:
| |
| |
abraham en syn moster
Anne Wadman: ‘mei abraham fûstkje’,
Utj. Laverman N.V. Drachten 1969.
De nijste publikaesje fan Anne Wadman falt net folle en dus ek net folle goeds oer to sizzen. Hy hat Abraham sjoen en fan dy moeting in lyts serimoniëel makke ta eigen gloarje. Dêrta hat er yn âlde laden noaske, oan 't sturtswyljen west, âld sear ophelle, âlde kij út 'e sleat opdjippe, âlde rûzjes en konflikten opikkere. In hap hjir en in snap dêr, in grau hjir en in snau dêr, sûnder oarder en regel, mar mei in lyts glimke fan selsfoldienens. Hwant it is mar sa't is: publike biskiedenheit wiist ornaris op in masochistysk-narsistyske ûndergroun, dêr't ik sokke slimme en ûnfoege wurden om siz. A.W. is minder biskieden en selskritysk as er him foardocht, dat is de earste konklúzje dy't to lûken falt: as er nammentlik ècht sa ienfâldich-biskieden wie as er graech wêze wol, dan hied er himsels en ús dizze skriuweraesje bisparje moatten.
De twadde konklúzje is, dat er him net sa by útstek tige liket to bikroadzjen om en to fordjipjen yn de greate problemen dêr't de moderne wrâld de minske, yn it bysûnder de skriuwende minske foar pleatst. Syn wrâldtsje, om de hurde wierheit mar to sizzen, is bihyplike lyts. Immen dy't dit boek mei forhalen, kritiken, fersen, polemyske en oare stikjes - it jeugdsentimint dript der bytiden ôf -, koartsein dit rommelich en rammeljend gehiel trochlêst, foarsafier't it net by hwat sneupen bliuwt, soe net licht op it idé komme, dat al dit spul skreaun is yn in tiid fan mondiale biwustwurding, yn in tiid fan kâlde en waerme oarloch, fan striid yn Vietnam en honger yn Biafra, tiid fan rassehaet en rasse-rellen, fan romtefeart en moannereizen, fan ruilforkaveling en revaluaesje, fan plattelânsûntfolking en urbanisaesje; de tiid fan provo en rebelle- | |
| |
lieder, fan nouveau roman en popart, fan Mulisch, Marx en Marcuse, van André van der Louw en John Lennon. Al dy dingen, lykje by de skriuwer fan dit spul lânsgien to wêzen. Hy libbet allinne yn syn lyts wrâldtsje fan (net mear bisteande) Teannewâdder, (net mear bisteand) Boun fan Fryske Kunstners, (net mear bisteande) Tsjerne, (amper mear bisteande) Rely-prizen, en by syn eigen lytse heltedieden as brekker fan lytse seksuële taboekes yn lytse Fryske mini-forhâldinkjes, as strider tsjin in (net bisteande) Boalserter boargerij, as traper op 'e teannen fan (net mear bisteande) lju, dy't dus neat weromdwaen kinne.
Hjirmei is dit boek foroardiele. De skriuwer, nettsjinsteande de wichtige moeting dêr't de titel fan sprekt, wit net hwer't Abraham de moster langer hellet. Boppedat komt dy moster lang nei de mieltyd.
A.W.
|
|