west’, seit de dokter fan Alaska, ear't er lykas de âld boer by Schuitmaker yn syn ‘briedstoel’ sakket. De postkantoarhâlder seit: ‘Nei midnacht kaem altaest de melding, dat de lijnen yn oarder binne’ en de sheriff is forsjintwurdige mei: ‘Bêste freonen, bliuw jit efkes sitten’. It slimst is Inne de Jong oanhelle mei amerij en hommels. Op 46 bledsiden printe tekst notearre ik 15 kear amerij en 16 kear hommels, hwerfan 4 kear op bls. 42.
Hwat moatte ús leave bern Frysk-lêzende hjirfan tinke? Dat it Frysk in tael is dy't men net praet. Literair boartersguod foar âlde minsken boppe de 80. Unnatuerlikheden fan itselde alloai as hwannear't Hollânse berneboeken optilden fan bijaldien, vermits, mitsgaders, benevens en allengskens. Mei dizze âldfrinzichheden út Beppe' snypsnaredoaske giet de cc.
Ik ha yn prinsipe neat op in archaïsme tsjin. As it sa útkomt, brûk ik alteast en amerij ek jit, en jerne, sij it net al to faken. En hommels mei om my bistean bliuwe, al hoopje ik it noait wer to brûken. Archaïsmen, goed, mar dan op in bipaeld taelnivo, yn in bipaelde funksje. Yn berneboeken beare dizze literaire wurden as skuorde klokken.
Hjir leit, woe 'k habbe, in taek foar de taelwarders op it Fryske mêd, dy't de striid oanbine soene mei dit taelbidjer, dit dom automatisme dêr't de folksskriuwers (jawisse, krek en binammen dyen!) har mei hâlde oan har puristise regeltsjes, dy't by de libbene taelwurklikheit prinshearlik lânsglide. Sokke sabeare-literarismen binne by my like slim as de bikenlde hollânnismen fan it slach: Ik bin hjoed jiddy. Mar... dat is miskien mear in partikulier idéke fan
Taelnoeder
2) Omtinken foar omtinken
Okkerdeis lies Taelnoeder foar 't earst fan syn libben in haed-artikel yn ‘Frysk en Frij’ dêr't it wurd OMTINKEN nèt yn foarkaem. Jim meije it leauwe of net, mar doe briek Taelnoeder de taelklompe. Hwant alleman, Frysk en Frij foaroan, jowt, fre-