| |
22
Fan 6 maert 1946 datearret in brief dat ik net sûnder skamte opfiskje út 'e ûnfoarstelbere mannichte al of net forstjûrde brieven en ouskriften fan brieven dy't oant foar in jier of tsien myn libbenswei markearre, en mei noch mear skamte oan 'e iepenbierheit priisjow. Hoe't dit brief by my bidarre is, kin ik net forklearje: it is kenlik gjin ouskrift, hwant der stiet in hantekening ûnder, dat wierskynlik is, dat er, alteast yn dizze foarm, noait forstjûrd is. Mar skreaun is er wol en Jan Piebenga ìs nei forrin fan tiid út De Tsjerne weigien, dat der moat hwat bard wêze.
Mar lit my foar goed forstean earst de oanlieding formelde. Jan Piebenga wie fan bigjin 1946 ou èn mei-redakteur fan De Tsjerne èn allinne-redakteur fan It Heitelân, in hwat eigenaerdige posysje, dy't yn Fryslân fan Waling Dykstra syn dagen ou net seldsum is (wie), mar dêr't dochs konfliktstof yn forburgen siet. Yn de earste jiergong fan De Tsjerne stiet fan Jan Piebenga allinne op bls. 117 (april-nûmer) ien fers. Yn It Heitelân skreau er elke moanne in greate kronyk. Piebenga syn hert, dat kin
| |
| |
men achterou wol sizze, wie mear by It Heitelân, dat in lange tradysje hie, as by De Tsjerne. Yn de febrewaris-kronyk nou stie in artikel oer ‘Us blêdden’. Dêr wurdt ‘De Stiennen Man’ biskreaun as ‘praktysk ien fan de ôfreagearringsplakken fan Anne Wadman, dy't nou ienkear in typyske styl fan jongereinlibben fortsjintwurdiget’, mar dy't ek Piebenga's warskôgjende wiisfinger omheechropt. Hwant nei de opmerking dat gjin jongerein him biwege kin sûnder idéalisme en romantyk, forfettet er: ‘Klearebare idealisme bringt in jongerein op 'e doele, mar as der sinysk oer alle “wissichheden” hinne wâdde wurdt, is der gjin jongerein mear oan 'e slach, mar in keppeltsje âldmannige pubers, dy't op har 25ste jierdei alle ljochten fan de makro- en de mikrokosmos al dôve ha’. In earnstige opmerking, dat grif en in bytsje overdone ek, leau ik, hwant dat sinisme fan my foel doe fêst wol ta, as ik it by dat fan nou forgelykje. Net dit stikje op himsels brocht it ‘konflikt’, al hâldt it fansels wol stoffe foar in skeel yn en kin it ûnderdúms meispile hawwe. Mar Piebenga forfolget:
‘“It Heitelân” sil it blêd wêze en wurde foar dy Friezen en dy Fryske húshâldings, dy't “foar it Frysk fiele” of “mei it Frysk piele” en dy't niget habbe oan alles, hwat mei ús lân en folk en tael forbân hâldt. It is in sintrael en gearbinend blêd; net neutrael en it freget dus ynskiklike lêzers; wol algemien en it freget dus forstânnige skriuwers. Sil 't goed wêze, dan moat it blêd fan 't jier trijetûzen abonné's helje; it hat de helte hast to pakken. Yn Fryslân sels wint it wis syn plak; bûten Fryslân, binammen ek yn Amearika, moat der gâns mear foar krewearre wurde. Hwat in Fries foar “It Heitelân” docht, docht er rjochtstreeks foar syn heitelân’.
Dat is ek in earnstich wurd, en nimmen sil Piebenga it rjocht ûntstriden hawwe om foar syn eigen blêd op to kommen - dat ditselde Heitelân 13 jier letter ûnder it kurieuze fjouwermanskip Gerben Abma, Teije Brattinga, Winfryd Brouwer en E.S. de Jong de lange ivichheit yngien is noch foàr De Tsjerne en Frysk en Frij, moat ús noch alle dagen oandeare. Mar dêrop folge sûnder oergong dit:
| |
| |
‘Mei “De Tsjerne” sil de bûter jild jilde. Gjin konkurrint fan ús blêd, o né! Wy sykje net alderearst nei literatuer, nei wysheit en wierheit en skientme, nei alderpersoanlikste fielingen en âlderwetske ivoaren tuorren, nei hertsynlik-pynlike siele-iepen-bierringen en hyperkrityske opkomsten en delstigingen - rykdommen allegearre, dy't de tsjerne-mannen samar út 'e lege mouwe skodzje. Wy geane wiidút nei de breedte fan ús folk, de “Tsjerne” stekt syn pols yn 'e djipte fan de siel. Sa't #x201C;Eachweid” de hultrige flier is, hwer't wy de Skotse op dounsje - alle kanten út -, sa is de “Tsjerne” ús ôfsluting nei boppen, in plafond as in staelboek fan Stilen, hást sa heech en earbiedweardich en ûnbirekkenber as de Olympus. Hwat habbe wy it rom, nou't wy gjin pretinsjes mear hoege to hoedzjen, dy't wy dochs net neikomme kinne: “De Tsjerne” nimt se allegearre fan ús oer en skept der hûndert nije by. As dát net goed komt leit him dat allinne oan de Friezen, dy't der gjin tsientsje foar oer habbe, om dy mannen yn alle frijheit klearebare boerebûter tsjernje to litten.’
Dit stikje hat it west dat myn woede opwekke, skreaun as it wie nei it útkommen fan ien Tsjerne-nûmer. Hjir myn epistolaire réaksje, al of net forstjûrd:
Jan,
Nei hwat ik dy juster skreaun ha nei oanlieding fan dyn optreden yn Brandenburghs Moanneskrift, sil it dy dúdlik wêze dat ik yn dat blêd nea in poat sette sil, omt ik my net kompromittearje wol mei boulevard-journalisten fan dyn slach.
It is myn bitinken datstou allinnich yn de Tsjerne sitst om de Tsjerne nei de kelder to helpen, en dus datstou dêr net langer op dyn plak bist. Ik wit noch net oft ik hjir oer de hiele saek diplomatyk swije sil, ek astou mei stille trom fordwynst en fierder dyn siel en sillichheit forkeapest oan Brandenburgh, (dat is nammers dyn saek, ik wol my der net mei bimoeije). Yn alle gefallen, ien dy't syn eigen kollega's sà forhúnt en bispotlik makket en docht as stiet er der sels mei in hautain glimke boppe, fan: nou ja, ik sit der wol yn, mar ik lit se mar hwat grieme, sa'n ien, Jan, heart net yn de Tsjerne thús, mar yn Trouw (ik leau dat
| |
| |
dyn atavismen har net fordylgje litte). Oer dizze saek lykwols wol ik net mear skriuwe, ik ha der sa'n dizenich formoeden fan hoe't der by dy ek kwesjes fan rancune en ressentimint mei anneks binne, en dan kin men better swije.
Dou witst nou hoe't ik der ûnder stean. Mar wit dit wol, Jan, ik fiel my net persoanlik rekke. Dou meist oer my as dichter en as redakteur fan de Stiennen Man skriuwe hwatst wolste, al is 't ek yn klearebare ynsinuaesjes. Ik achtsje 't my ta in eare fan lju fan dyn slach forhúnd to wurden. It giet hjir lykwols om ús saek, in ûndernimmen dêr't wy ús allegear mei enthousiasme oan jown ha, bihalve dou, blykber, in saek ek dêr't binammen Fedde en ik alles foar oer ha, en! dy wol ik net bismodskje litte.
Koart en goed, hwat ik fan dy forwachtsje:
1. Dou giest út de Tsjerne-redaksje (dat sil dy dochs ek itselde wêze, ast der dochs neat oars foar dochst as ja en né ûnder ferskes sette).
2. Dou rehabilitearrest de Tsjerneredaksje iepenlik yn it Heitelân, sadanich dat wy der allegearre mei akkoart gean kinne.
Dou silst nou wol witte hwat dy to dwaen stiet.
Groetnis fan Anne Wadman.
In mislik briefke, dat bin ik folslein mei jo iens. Ik moat bytiden (of altyd) in autoritair rotpersoantsje west hawwe. Ik moat ek erkenne dat ik doe wizer mei De Tsjerne wie (nei ien nûmer al!) as De Tsjerne letter wurdich wie. Dat mei ús net forhinderje, der de grounslach foar in reëel konflikt yn to sjen. Yn it maertnûmer hat ‘P.’ réagearre lykas folget:
forsin of misforstân?
Der binne guods, dy habbe hwat wy yn de foarige kronyk oer ‘De Tsjerne’ skreauwen, sá opfette as wie it ús der om bigoun dit blêd mei syn redakteuren leech to lizzen, oan to fallen of to bigekjen. Der binne sels guods, dy't miene, dat it ús der om to dwaen wie ‘De Tsjerne’ sa min mooglik en ‘It Heitelân’ dêrfoaroer sa folle mooglik lêzers to bisoargjen. Gjinien fan beide bidoelingen sieten lykwols by it skriuwen fan dy tirade foar;
| |
| |
krekt oarsom, de kronykskriuwer hie, biwust en ûnbiwust, mar ien bigearte: Dat ‘De Tsjerne’ sa goed en sa great mooglik waerd en dat it yn dit blêd einliks ris der fan komme soe, om bûten de biwende Fryske spoaren to stappen. Hoe koe 't ek oars: Hy wie fan 'e miet ôf ien fan de greatste foarsprekkers fan dat blêd en dêr sels oan forboun ommers.
Mar de kronykskriuwer hat forgetten, dat er yn in earnstige tiid libbet en foar earnstige minsken skriuwt en dat de earste siden fan ‘It Heitelân’ gjin boutades bifetsje meije. Hat er dy boutade mei har positive sin net bislipe genôch skreaun; peccavi; hawwe de misforsteanders to rêd en to kweawillich lêzen, lit harren hwat luftiger, mylder en oannimliker wurde.’
It is dúdlik dat wy hjir oan myn kant in stik dom en brút agressivisme op it spoar binne - plus in lytse injeksje fan Ter Braak, it wurd ‘ressentimint’ wiist dat wol út - en oan Jan Piebenga syn kant stuitsje op syn eigenaerdich dualisme. Hy wie yn 'e groun fan 'e saek foar de ‘Fryske earnst’, dy't blykt út syn stikje oer (en foàr) ‘It Heitelân’, en hy wie tsjin in Tsjerne sa't dy doe, al of net ûnder myn ynfloed, like of drige wurde to sillen: in blêd foar de intelligentsia, in blêd dat, los fan de Biweging (Schurer syn ‘manifest’!) de ivoaren toer wer oprjochtsje soe. Achter syn ‘humjor’ fan ‘herts-ynlik-pynlike siele-iepenbierringen en hyperkrityske opkomsten en delstigingen’ siet wol deeglik in stik eigen oertsjûging. Hy tilde, soe men sizze kinne, grapkjenderwiis De Tsjerne sà heech, dat de hele Tsjerne yn in bispotlik ljocht kaem to stean; syn earnst naem de foarm fan oerdriuwing oan en koe sa op oars-net-as-humor lykje. Mar hy wie tagelyk Tsjerne-redakteur en der is gjin reden om to twiveljen oan syn opmerking dat er ek De Tsjerne graech sa goed en sa great mooglik hawwe woe. Hy stelde de antithese altyd skerp tsjinoer de these, mar hy foun altyd de wei om in sinthese mooglik to meitsjen. Syn ‘Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse’, binammen de earste printinge, is der fol fan en der soe, tinkt my, ris in ûndersiik dien wurde moatte nei Hegeliaense ynfloeden op Piebenga syn tinkstruktuer.
Men wurdt der wolris wurch fan, binammlen as der ek noch
| |
| |
Piebengaiaense humor oan to pas komt; in humor dy't soms mar min fan swier-laden earnst to ûnderskieden is. Hy hat it my bygelyks nochal kweaou-nommen dat ik, ik mien foar de RONO - ûnder útdruklik nei foaren heljenj fan syn ûnbistriidber plak yn de demokrasy en syn persoanlike striid tsjin it nazisme - my ris fornuvere haw oer de eigenaerdige wize hwerop er yn 1939 - yn de ynlieding ta ‘Hrafnkl, prester fen Freya’ - oer it aktuële Dútslân skreau:
(Neiwird, bls. 45) Dútsklân, det al safaken de lêst fan de minskheit yn drystmoedige, oerstjûre greatskens it earst op 'e skouders tild hat, sjucht det al jierren: Yslân lit ús it sielelibben fen de Germaen sjen, klearder as hokfor lân ek; kom den en lûk jimme oan dit Germaensk leauwe omheech en jim scille frij wêze en soun en sterk. De skealjens fem Dostojewski fljucht omheech, dy fen de Yslânske saga's sakket swier en djip. Ik bispeurde dêryn in germanofily dy't yn 'e kontekst fan doe allinne mar forskrikkingen oproppe koe.
Ut in persoanlik petear die bliken, dat hy dit sels as in soarte kultuerfilosofys lekskoaijen biskôge, en dy't de passaezje mei dy wittenskip jitris lêst, kin dêr ynkomme, al achtet er dizze foarm fan lekskoaijen net fuortdaliks effisiënt. In soarte fan ‘hegere’ humor as de sinthese fan twa tsjinstridige opfettingen. En hwat moast yn dat forbân de (út gebrek oan gewicht) omheech fleanende Dostojewski? Dy kin hjir nei myn bitinken oars net fungearje dan as eksponint fan ‘westerse dekadinsje’...
Dat it yn dy jierren tusken Piebenga en my net bûterje woe, soe blike kinne út it feit, dat ik de twivelige eare dy't Jan Greshoff yn syn ‘Ballade van de zielige makkers’ joech oan Querido (ho jo moetbranden) yn myn forfrysking joech oan Piebenga, ‘ho jo, moat brânne’. Ik leau lykwols, dat dizze versy net publisearre is, mar dat earne in lêzing wêze moat mei de rigel ‘Mar Brandenburgh, ho jo, moat brânne’. Oarspronklik haw ik miend, dat Greshoff it munte hie op de útjower Querido (Em.), dêrfandinne Brandeniburgh, letter is my dúdlik wurden, hwat ek mear yn 'e literaire reden lei, dat Greshoff de âlde Israël op it each hie. Mar ta in botsing is it nea kommen nei it insidint fan maert
| |
| |
1946. Piebenga stie, wo'k leauwe, tsjinoer my yn dyselde hwat ambivalente hâlding dy't er tsjinoer sa mannich forskynsel oannaem. Freonskiplik, mei gâns reserve. Hy wiisde myn ‘sinyske’ bokkesprongen en myn terBrakerichheit (dy't, lit ús earlik wêze, heel oan 'e oerflakte bleaun is) ou, mar hy seach der gjin bien yn my yn 1957 te ‘engagearjen’ as literair meiwurker oan syn blêd, as opfolger fan de nommele, erudite Witsen Elias. Hy wie yn 't algemien, gjin freon fan de Hollânse literatuer, dêr't er, yn 'e groun mear noch as Folkertsma, dekadinsje en degeneraesje yn speurde. Mar tsjinoer dizze subjektiviteit koed er dochs as kranteman yn ieren en sinen in soarte fan objektiviteit biwarje. Ik moat sizze, dat er my al de jierren lang dat ik ûnder syn redakteurskip myn kroniken skreaun haw, noait ienkear in moanning fan him hawn haw om of koarter to kriemen of dingen dy't him persoanlik net noasken to foroarjen of wei to litten. Ik haw altyd de folslein frije hân hawn. Fan hwat ik dêroer yn in In memoriam yn de Ljouwerter fan 4 desimber 1965 skreaun haw, en ek fan de rest soe ik gjin wurd weromnimme wolle:
De dea skept syn skuldgefoelens - dêr falt net oan to ûntkommen - tsjinoer foar- en tsjinstanders. Ta in hichte, en hy soe it sels glimkjend bifêstige hawwe, wie Jan Piebenga in berne tsjinstander, ek jins tsjinstander. Yn 'e bitsjutting fan: immen mei hwa't men it fan herten ûniens wêze koe. Uniens, mar dan mei bigryp en mei de humor dy't dêr winliken by heart. Ik bin der wis fan dat hy it lang net altyd lykfine koe mei de teneur fan hwat ik as literair meiwurker yn syn blêd skreau. Mar hy wie royael, ûnbigryplik royael soms, yn dy dingen. En hy, dy't as haedredakteur dochs in sterke forantwurdlikheit fiele moatten hat foar de totale ynhâld fan syn krante, dêr't hysels sa tige syn stimpel op sette, hat nea, mar dan ek nea ien kear biswieren makke noch tsjin de langte noch tsjin de feitlike ynhâld fan myn skriuwerij. Hy joech oaren de romte dy't er himsels út plichtsgefoel ûntkearde (...)
Mar dêr lizze de skuldgefoelens net. Dy lizze earder hjir: hwer om skept it libben altyd wer dy tûkelteammen, ûnnoazelichhe- | |
| |
den faek, dy't meitsje dat men der nea ta komt de dingen gewoan út to praten, wylst it dochs sa ienfâldich is? Hwerom rint men in oar altyd to achteleas foarby? Dat is it hwat jin bifangt by in tragysk en ûnforwachte stjergefal as dit: dat guon misbigripen, guon kommunikaesjesteuringen, nea opromme wurde, om't men it ommers saneamd ‘to drok’ hat, om't it ommers ‘letter altyd noch wol kin’. Mar soms kin it letter net mear, en bliuwe der ûnbitelle rekkens lizzen. As ik it hiel persoanlik sizze mei: mei Jan Piebenga wie ik net klear. Wol dit: hy wie in man fan in sterke wilskrêft. Dat allinne hat it him mooglik makke, leau ik, de spanningen yn himsels, dy tusken oanpassing oan de maetskippij en har forantwurdlikheden oan 'e iene en de dichterlik-emosionéle driuw nei it yndividuëel bilibjen fan wrâld en minsken oan 'e oare kant, to bihearskjen. Foar it uterlik faeks liken dy spanningen oerwoun, wie hy de ‘oanpaste’ figuer, de réalist, dy't ek yn it politike stribbe nei dat hwat to forwezenlikjen like en dêrmei it strikte idéael sa't dat hjit to koart die. Mar dat dy spanningen der wiene, dêr bin ik wis fan: hy libbe út dy spanningen wei. De polariteit wie syn djipste wêzen. En dêrom hawwe dyjingen dy't him forwieten dat er de réaliteit karde boppe it idéael, dat er wetter by de wyn fan syn Frysksinnichheit die, ûngelyk hawn. Hy, mei syn maetskiplike forantwurdlikheit en syn politike posysje, hi; stie der foar, mear as mannichien dy't frij prate kin om't er dy forantwurdlikheit net drage wol of hoecht. Lit ús it hiel ienfâldich sizze: hy doarst hwat de measten fan ús net doare.
|
|