| |
21
krityk op krityk
Hwa't de krityk fan Fedde Schurer op Piebenga syn ‘Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse’ (yn De Tsjerne fan novimber 1957) leit neist mines op itselde boek, sil by in mannich oerienkomsten dochs ek gâns forskil merkbite. Ien great biswier rint by ús beide frijwol lykop, al rêst it faeks op forskillende grounen. Schurer en ik binne beide fan bitinken, dat Piebenga de jongste literatuer to min oandacht jowt, forgelike by de literatuer dy't skiednis wurden is. De groun fan ús krityk mei forskille: Schurer lekket dy wanforhâlding om't er de eardere literatuer net bilangryk fynt, ik om't dy nijere literatuer foar de lêzer fan in boek as dit neat minder bilangryk is as dy fan earder dagen. Mar it feit: diskriminaesje fan de nijere literatuer bliuwt der itselde om, likefolle oft men mei Schurer de diskriminaesje achtet to bigjinnen mei 1915 of mei, lykas my taliket, 1945. Dit boek is net skreaun om skriuwer A dúdlik to meitsjen dat er bilangriker is as skriuwer B, mar om in ûnbikende en leafst sa grut mooglike kloft lêzers, kursisten, bilangstellende lju, pluzers en sneupers, in ynsjoch to jaen yn de forskynsels fan de skriftekundige skiednis foarsafier't dy har yn it Frysk ouspile hat. Dy mannichte bistiet nou ienris net allinne út historiomanen, mar ek binammen út lju dy't ynljochte wurde wolle oer de forskynsels, ek de hjoeddeiske, miskien binammen de hjoeddeiske. Om forskynsels draeit it yn in hantboek oer literatuerskiednis en pas yn twadde ynstânsje om de persoanlike wurdearring fan de forskynsels. En ta dy forskynsels hearre ek de artistike en
| |
| |
geastlike prinsipes dêr't de saneamde jongsten en alderjongsten út wei skriuwe, oft se nou 37 binne of 17, geseten húsfaders of wanlûdige pubers. In skiedskriuwer dy't net ynsjocht, dat it hjoed mei al syn lek en brek in stik forline is, forstiet syn ienfâldige plicht net. En yn dat part fan syn plicht is Piebenga tokoartsketten.
Mar nijsgjirrich is de krityk fan Schurer binammen hjirom: it wurdt út alles dúdlik hoe't hjir twa alheel forskillende visy's foar elkoar oer steane. De histoarise fan Piebenga, de anti-his-toarise fan Schurer, beide tròchlutsen nei de utersten, op 'e grins fan historiomany en historiofoby. Piebenga syn skôging komt hjir op del: skriuwers ûnder de 40 binne (bihalve as se al stoarn binne) noch net droech achter de earen. Schurer sines hjirop: De Fryske literatuer bigjint by Kalma. Yn myn ouwizing fan de historiomany stean ik leafst neist Schurer, yn myn fordediging fan it histoarys-wittenskiplike neist Piebenga. In folslei-ne sinthese fan dy twa visy's is miskien net mooglik, mar ik bin der wis fan dat men der gâns tichter by komme kin.
In aerdige oanwizing jowt Schurer ús yn 'e hannen as er twa fersen foar elkoar oerset: Auke Boonemmer syn ‘Breidzje’, neffens Piebenga in ‘kostlik fers’, by Schurer ‘sa stadichoan walchlik’, en fan Rinke Tolman ‘De wente’, dat Piebenga net neamt, mar ûnder in hwat skrale wurdearring foar Tolman biflapt, wylst it foar Schurer is ‘ien fan de seldsumste gedichten’ yn it Frysk skreaun, in suver en ûntroerend stikje impressionisme. Schurer syn oardiel oer ‘Breidzje’ lit sjen hwer't by him de oast sit. Ommers ien fan beiden is wier: ‘Breidzje’ hat altyd, fan it bigjin ou oan ‘walchlik’ west, mar dan is de tafoeging ‘sa stadichoan’ der by troch, of it is bûten de skuld fan de dichter om, troch de skuld fan ús of ús sjongende foarfaers, walchlik màkke. Men moat in fers net sjen troch de gruzige bril fan in âljend kritelid, allinnich troch jins eigen bril en dy ûnbislein; en it is nét forbean om dêrby in lytse poarsje histoarise ynlibbingskunst to brûken. Men moat it sjen mei eigen, ûnouhinklik, farsk oardiel. De wierheit leit hjir, spitich foar lju dy't net fan klisjé's hâlde, sa likernôch op healwei, mar dochs justjes mear nei de
| |
| |
kant fan Piebenga oer. De omskriuwing ‘kostlik fers’ giet my hwat to fier; mar likemin is ‘Breidzje’ walchlik; it is in aerdich tekene libben stikje folkspoëzij, ienfâldich, sûnder pretinsje, minslik, net sûnder humor; in stikje 19de-ieuske Kleinmalerei fan it goede soarte, Biedermeier-kunst om my, dat ek nou noch om syn simpele earlikheit rjocht hat op in biskieden wurdearring. As it, mei in bytsje aktualisearring, nòu skreaun wurde soe, soe it grif net misstean yn in kabaretprogramma.
En dan it fers fan Tolman. Yndied is it mis fan Piebenga om de lêzer sa'n bytsje yn to skunen, dat immen dy't ‘ûnder ynfloed fan de Hollânske Tachtigers’ stiet, gjin goede poëzij skriuwe kin. Dy Hollânse ynfloed nammers is by Piebenga altyd it lilke bist. As it út Ingelân oerwaeit of út Dútslân of Sweden, dan mei it hinnebruije, dan is it sels nijsgjirrich; komt it fan Yslân of de Färöer, dan ken de jubel gjin grinzen, mar komt it út Hollân wei, dan wurdt it òf forswijd (Tamminga-Nijihoff, van Tuinen-Marsman, Wybenga-van Ostayen, Sikkema-Minne) òf forspijd. Mar goed, as nou Schurer ‘De wente’ oanhellet as biwiisstik tsjin Piebenga-oer-Tolman, sit er my mei syn lof wol ryklik heech yn 'e beam. ‘De wente’ is net ien fan de seldsumste Fryske fersen, it is suver, nou ja, bihalven hwer't it net suver is, mar ‘ûntroerend’, né, dat wol net yn my del, dan rekket de simpelheit fan ‘Breidzje’ my noch earder. ‘De wente’ is èk ienfâldich, sympathyk, hwat simplistys, mar dan op in hwat ryklik ‘literaire’ wize. It hat steurende klisjé's. it ‘lege en lytse hûs’, dat nettsjinsteande syn lytsens by de spjirren ‘riist’; alliteraesjesykte: ‘foarjiers treastlik-trouwe tiid’; deade pleonasmen en tautology en: ‘stil en dimmen’, ‘hate... noch niid’, ‘inkeld bart it soms’, ‘in ruter rydt en jeit’. En it hat in pear aerdige tekenjende rigels:
Hoe fredich krinkelt tinne reek allyk in tried
Wyt nei de romme loften...
In gedicht dat as impressionistise Kleinmalerij, as sfeartekening, as idillys skilderijke, mar sûnder sterk byldzjend formogen - it mei my tominsten net slagje en sjoch dizze ‘wente’ foar my, al wurdt er mei noch safolle adjektiven omhinge - út syn tiid
| |
| |
wei en mei hwat histoarys bigryp syn wearde noch hat, en dat de trochsneed fan de Jongfriezene ferskunst wol sahwat bilykje kin. As it in ècht skilderijke wie, soene tûzen boargers it mei nocht oan it bihang spikerje. Fedde Schurer net, dêr bin ik wis fan.
Schurer sjocht leau 'k hwat to folle apen en bearen op 'e dyk, siket dingen achter Piebenga syn wurden, dy't der net achter sitte. Ik bin alheel net sljocht op dy Piebenga's-eigenaerdich-heden, bygelyks de wize hwerop er op bls. 230 de figuer fan Douwe Kalma by de lêzer oantsjinnet. Mar hwat Schurer sjocht as ‘spot en parodisme’, as it hunen fan dichters lykas boargers dat troch de ieuwen hinne dien hawwe, is yn wêzen neat as it Piebenga's-forlet omt sa nou en dan efkes yn in kwasi-epise, Yslânse-saga-styl, hwat ironisearjend op in distânsje en gemoedlikwei grutte en rojale linen troch syn relaes to lûken. Hy docht dat mear, op bls. 261-262 bygelyks, en it is irritearjend, mar minder kwea bidoeld as Schurer mient. It is gewoan in (eventuëel mispleatste) stylfiguer.
En as Piebenga de sûnder mis hwat skoalmasterige opmerking oer Rinke Tolman makket: ‘Waling Dykstra soe ek raer guod spuid hawwe, as hy lêzen hie hwat hjir foar Frysk trochgean moast’ (de skoalmaster wol sizze: Waling-om wie doe al dea en der wie op it stik fan de tael wol in grutte kleau tusken dy en de nijere skriuwers; de kleau tusken ‘boerefrysk’ en ‘boekefrysk’), dan fettet Schurer soks sûnder rjocht op as it oanheljen fan Waling as tsjûge tsjin it dichtwurk fan Tolman. Dat is ûnbillik. It giet net tsjin Tolman-as-dichter, mar tsjin syn tael. En as Piebenga dêrmei èk hwat oer of tsjin de dichter biweare wol, wel, ik mien dat er yn syn folste rjocht stiet om yn de Fryske skrifte-kennisse de taelsuverheit as eask, yn alle gefallen as in saek net fan ûndergeskikt bilang to stellen. Op bls. 345 forklearret Schurer nammers sels, dat suverens fan de tael, krêft fan styl en rykdom fan taeleigen dochs tige ticht by literatuer komme.
Op méar plakken bihindert Schurer syn emosionéle woede-op-al-hwat-skiednis-is him, to lêzen hwat Piebenga bidoelt. Foar
| |
| |
Schurer is ‘Waetze Gribberts’ in ‘útsprutsen rotstik’, akkoart; op moréle grounen dan altyd, dy't ik oars earder by Piebenga as by Schurer forwachtsje sild hie, mar... 't is ommers ek sa: Waetze is histoarje; hie Jan Wybenga it skreaun, dan lei it faeks oars. Hawar: in rotstik. Mar pleitet dat tsjin it sizzen fan Piebenga dat it ‘faek seldsum libben’ skreaun is? De hele Hollânse kluchteliteratuer, fan de ‘Buskenblaser’ oant Focquenbroch, Tengnagel, Paffenrode en Bormeester en har soarte, is der om to biwizen dat in klucht in ‘útsprutsen rotstik’ en tagelyk ‘seldsum libben’ skreaun wêze kin, libbener alteast as de houterige aleksandrinen fan Vondel.
‘Har wurk komt spontaen en net mei de bidoeling “literatuer” to jaen’, seit Piebenga fan de Halbertsma's. En wer set baerch Schurer al syn stikels oerein, sûnder to sjen dat it wurd ‘literatuer’ tusken oanhellingstekens stiet en dat Piebenjga it dus fette hawwe wol yn in bysûndere, spesialistise bitsjutting, dy't Schurer as ‘litterator’ sa goed ken, dat ik it net nedich achtsje him útliz to jaen.
Ik bin it mei Schurer iens, dat de nammen Bilderdijk, Potgieter, Beets, van Lennep, Bosboom-Toussaint, Conscience, Tollens en Da Costa kroantsjûgen genôch binne om Piebenga syn stelling to ûntkrêftsjen, dat de romantyk yn Fryslân navenant sterker en eigener har oppenearre hat as yn Hollân. Schurer wol Busken Huet der oan tafoegje, ik dan noch leaver Multatuli, en oars: Hofdijk, van der Hoop, Drost, Bakhuizen van den Brink, Haverschmidt-Paaltjens. Mar mis is Schurer wer yn syn útliz fan Piebenga's forklearring dat der yn Fryslân ‘swierder potinsje’ en ‘bigryplikerwize’ ‘swakker prestaesje’ is. Dy swierder potinsje lit ik dêr, ik wit net hoe't men potinsjes mjitte moat, al mien ik wol sahwat oan to fielen hoe't Piebenga it bidoelt. Mar ûnbillik is Schurer, as er út dizze wurden konkludearret ta in ivich en oeral opgeande paradoksale logika, dat alles hwat swierder fan potinsje is needsaeklikerwize liede moat ta swakker prestaesjes. Dat ‘bigryplikerwize’ bitsjut yn de mûle fan de histoarikus-Piebenga neat oars as: sjoen tsjin de achtergroun fan de Fryske tael- en kultuersituaesje, dy't nou ienris net gunstich
| |
| |
wie (is) foar it ûntstean fan grutte prestaesjes. Men moat a histoarys tinke, wol men sa'n feit ûntkenne; men moat oan 'e oare kant historiomaen wêze, wol men sa'n feit absolutearje; mar dat docht Piebenga hjir net.
Piebenga syn kritise wurdearring fan Kalma leit Schurer swier op 'e mage. Yndied binne hjir mooglikheden ta in persoanlik mear of minder; Kalma wie yn mannich ding in omstriden figuer. Ik bin it oer 't generael wol mei Piebenga iens, mar kin it ynskikke, dat men de aksinten hjir en dêr hwat oars lizze wol. As lykwols Schurer konstatearret, dat Piebenga oangeande it lêzen fan Kalma syn lyrise poëzij de ‘loaije lêzer’ byfalle wol en sizze: Lês it mar net, it is to slim, dan moat ik konkludearje: Schurer is spoeksjoch. ‘Forskate lêzers, net ûngefoelich foar poëzij oars, hawwe wurk dizze dichter to gripen en to bigripen’, seit Piebenga. Hwat stekt dêr oars yn as de konstatearring fan in feit? Tajown: it wurd ‘bigripen’ is yn dit forbân net gelokkich, of men moast it nimme yn de oarspronklike sin: der om hinne gripe kinne sadanich dat men hwat yn 'e hannen hat; mei ‘gripe’ allinnich hie it wol takinnen. Nou, dy earste lyrise poëzij fan Kalma is min to ‘gripen’ - dy't oars seit, lycht. Kalma syn formalistys, al to maklik verbalisme komt nou ienkear fuort út de esthetise driuw om fan it wurd hwat ûntstofliks to meitsjen. Dy't op dizze poëzij omstudearret, hâldt by einsluten net folle mear as niks oer, stiet mei lege hannen, taest yn in idele romte, kin him allinne noch mar bidrinke oan klanken en oan de dizige ûntroering, dat ‘ús ieuwenâlde sprake’ hjir dus ta yn steat is, har namme sij priizge. En dan nòch: oars as Schurer suggerearret (‘Kalma syn gedichten’), giet it sizzen fan Piebenga oer in spesiael tydrek en in spesiale tûke fan Kalma syn dichterskip, binammen oer de lyryk dy't samle is yn de bondel ‘Sangen’. Oer bygelyks ‘De lytse mienskip’, oer de drama's, oer de oersettingen praet Piebenga, en net sûnder rjocht, heel oars.
Ik haw grutte wurdearring foar Schurer syn skôging; ek as wrantelige réaksje op in al to histoarys eachweid, en syn humor biniidzje ik him om. Ik wurdearje dizze skôging ek as er de planke folslein mis is. Der binne nou ienris net folle skriuwers
| |
| |
dy't mei sa'n ûntwapenjende sjarme de planke misslane. En ek net sa folle dy't sa iepen en bleat mei har eigen ‘dinamyk’ omwouterje. ‘In kunstner, dy't net folslein los komt fan dit folk, sil gjin kunstner wêze kinne en dus by einsluten foar syn folk weardeleas wêze.’ In útspraek, tinkt my, dêr't dizze en jinge noch wolris op ombriede mei, al sil men, leau 'k, net lang hoege to sykjen om in útspraek fan dyselde Schurer dy't, yn in oar forbân en út in oare situaesje wei, krekt de oare kant út wol. Dat is nou ienris de dinamyk fan de libbene minske, en as net just Piebenga der mei anneks wie, soe ik hjir Ter Braak oanhelje. Dinamyk of net, ik sil de lêste wêze om Schurer oan to kleijien om't er hjoed oars seit as moarn. Dat is nammers ek de iennichste reden hwerom't ik mysels by myn skermesearjen mei fulpinne en skriuwmasine, nettsjinsteande alles, noch wol in bytsje lije mei.
(De Tsjerne, des. 1957, gâns bikoarte).
|
|