20
geastlike wrakseling
(J. Tj. Piebenga: ‘Omgongen trochtocht’,
A.J. Osinga, n. v., Bolsert 1959).
Jan Piebenga syn samling opstellen ‘Omgong en trochtocht’ jowt it byld fan in geastlike wrakseling dêr't ek de lêzer fuort net mei klear is. Syn styl fan skriuwen is dêrby de helderste net, is frijhwat swierliddich, byldryk, hinne-en-werrich, fol mei pleonasmen en opsteapeling fan tsjinstellingen, en men soe him gauris hwat mear fynbislipens, hwat mear pittichheit, hwat mear esprit tawinskje. Hwat mear Du Perron, om in Hollânse skriuwersfiguer to neamen, dy't dy dingen wòl hie. En dêrmei sitte wy dan fuortdaliks midden yn 'e problemen dêr't Piebenga ús foar set.
Hy soe bygelyks gjin Du Perron wêze wolle, noch neffens dy syn idéen, noch neffens syn styl fan skriuwen. De learskoalle fan Piebenga leit net yn Hollân, net by Multatuli of Busken Huet, net by Greshoff of Ter Braak; om fan Parys mar net iens to praten. Syn geastlike widze hat earne yn it Noarden stien, soe men sizze, by de Yslânske saga's, by Skandinavise skriuwers en faeks hwat mear it Easten yn. Dútslân en in bytsje Ruslân. Dostojewski soe men mooglik noch neame kinne en miskien Tolstoj út 'e fierte. Mar de nammen fan Goethe of Heine soe ik yn dit forbân wer net oanhelje doare.
De Dútse skriuwer dêr't Piebenga yn dit boek in opstel oan wijt, is de ‘Heimat-skriuwer’ Gustav Frenssen, en dat seit al hwat. Hjir en dêr biharket men ek de toan fan E.B. Folkertsma, mar dy is (it kin ek hast net oars) him gjin fleis en bloed wurden: it is mear, ûnearbiedich sein: ‘his master's voice’.
Foar Jan Piebenga, yn alle gefallen foar de jonge Jan Piebenga, hat de súdlike wrâld, de kultuer fan Hellas en Rome, de klassike libbens- en tinkwize nea foarwerp fan biwûndering west, earder fan misnoegen. De sprekwurdlike klassike helderheit, de harmonij, it kleare, net tobrutsene, lizze him net.