| |
| |
| |
19
J. Piebenga: Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2de útwreide printinge. Laverman Drachten, 1957.
Yn 1939 kaem in boek yn 't ljocht, dat foar alle leafhabbers fan de Fryske literatuer in boarne fan rykdom en witnis, in bitroubere paedwizer wurden is: Piebenga syn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse. It wie in learboek, fuortkommen út in jierrenlange lespraktyk, mar tagelyk gâns méar as in learboek. Hwa't al den dei mei learboeken foar literatuerhistoarje omgean moat, ken it lek en brek fan fierwei de measte; in faek hwat skoalmjittige, skematise opset, in àl to objektyf karakter, net bjuster oarspronklike, faken klisjé-eftige formulearringen; net selden in tofolle oan nammen, feiten en toarre opneamingen.
Piebenga syn Koarte Skiednis wykte yn syn opset net àl to folle fan de tradisionéle literatuerskiednissen ou, mar seach dochs kâns om de measte tradisionéle tokoartkommingen derfan to ûntrinnen. It wie gjin pakhús, mar in goed oardere gehiel, breed fan visy, boeijend skreaun, tsjûgjend fan grutte bilêzenheit en skerp ynsjoch yn de kultuerskiednis, in boek mei pakkende, faek rake formulearringen, in boek dêr't lijn yn siet - de skiednis fan de Fryske geast troch de ieuwen hinne - en in siel: de langstme nei in grut, selsbiwust en driftich libjend Fryslân. It joech in meinimmend panorama, ek op dy punten dêr't de literatuer fan méar wearde is suver kultuerhistoarys as suver artistyk bisjoen. Dat is fansels it probleem dêr't ûnforskillich hokker literatuerstúdzje mei wrakselt: de skriuwer kin yn syn oardieljen en syn kar fan hwat-al-en-hwat-net gjin suver artistike mjitstêven oanlizze, omdat party kunst út it forline ús net as kunst oansprekt, net de ûntroering fan skientme jowt en faeks net ienris bidoeld is om dy to jaen. Hy moat dan it kultuerhistoarys-nijs- | |
| |
gjirrige en -wichtige as mjitstêf nimme, mar mei lykwols it artistike nea alhiel út it eachweid forlieze. Der is dus in oanienwei hinkjen op twa gedachten. Piebenga nou hat yn dit stik dien hwat minsklikerwize mooglik is. Gjin lêzer sil út syn haedstik bygelyks oer Waling Dykstra de yndruk oerhâlde dat wy mei in bysûndere en tige fynbisnare kunstner to dwaen hawwe, mei in subtile artystesiel. Mar wol sil de lêzer sjen hokker grutte bitsjutting Waling-om hawn hat as folksfiguer, as bifoarderer fan Fryske tael en seden, as folksopfieder. Jo soene moaije théoryen opstelle kinne, mar yn de praktyk kìn literatuerskiednis-skriuwen net oars wêze as it bioefenjen fan de kultuerskiednisfan-it-skreaune-wurd, mei hjir en dêr - en leafst sa faek en sa intensyf mooglik - in útstapke nei it inkeld artistike, it esthetise.
Piebenga forstiet de kunst gearstalde saken ienfâldich en helder út to drukken, forskynsels bounich gear to fetsjen, sûnder yn in binearjende mannichte fan détails to forfallen. Dêr't dat nedich is, pleatst hy op knappe wize de Fryske literatuer yn it ramt fan de Europeeske geastlike ûntjowing. Guon fan syn haedstikjes binne juwieltsjes fan kompositoarys formogen. Foar syn kunde oan feiten en forskynsels binammen út de 19de ieu past grutte biwûndering. Suver neat ûntkomt oan syn speurend each. Dizze twadde printinge bitsjut boppedat in grutte forbettering by de earste. It boek is oanfold oant de dei fan hjoed ta en it earder skreaune is bywurke neffens de nijste bifiningen, en dêr't dat nedich wie korrigearre. Sa is it haedstikje oer Hjerre Gjerrits van der Veen, oer hwa't neist in jier of hwat in dissertaesje forskynd is, foar in part opnij skreaun; oare haedstikjes binne hast sûnder foroaringen wer printe, al fornimt men by better tasjen gauris dat der hwat forbettere is oan de formulearring, byskaefd, minder skerp of minder apodiktys útdrukt.
Spitich is dêrfoaroer, dat Piebenga ien fan de swakste punten fan de âlde druk net radikael hersjoen hat, en wol de yndieling dy't er tapast op de 19de-ieuske skriuwers. Dy yndieling is alheel basearre op de eigenaerdige tsjinstelling tusken romantyk en folksskriuwerij, dy't de 19de-ieuske Fryske literatuer bihearske
| |
| |
hawwe soe. Prinsipiëel is dy yndieling neatsizzend en ûnkrekt, en de skriuwer hat soks sels ek field, as er bygelyks de opmerking makket dat Harmen Sytstra wol in romantikus wie, mar likegoed ek syn hele libben folksskriuwer wêze wold hat. Dy't dit seit, ken oan beide bigripen dochs wol in tige persoanlike bitsjutting ta - romantyk as it ‘hegere’, om sa to sizzen en folksskriuwerij as it ‘legere’, mar dêrom noch net minderweardige. Ek as suvere wurkhypothese doocht dizze grounslach net. Hy liedt dan ek ta nuvere konsekwinsjes. Hwant op groun fan dizze yndieling rekkent Piebenga Hjerre van der Veen, de meast ûnromantise natuer dy't men jin mar tinke kin, ta de romantyk, inkeld omdat er gjin tipys folksskriuwer west hawwe soe. De arguminten foar dizze pleatsing binne sadanige swak, dat se har allinne as needsprong forklearje litte. In yndieling op biologise grounslach, alhoewol faeks ek net sûnder biswier, hie, liket my ta, folle better op har plak west. Der is nammentlik net sa folle speursin nedich om to ûntdekken, dat om 1800 hinne, om 1825 en om 1860 hinne nije generaesjes berne waefden fan lju dy't allegear in 20, 25 jier letter bigounen to publisearjen. Binnen elk fan dy generaesjes hie Piebenga dan de ûnderskate geastlike rjochtingen op subtiler wize gearskikke kinnen as er nou docht. Nammers, fierderop yn syn boek, as it oer jongere skriuwers giet, bygelyks oer de ‘fiifentritigers’, brûkt de skriuwer sa'n biologise generaesje-yndieling wol wer.
Dat tapast ek foar de 19de ieu hie forhinderje kinnen dat sommige figueren tolânne komme yn in histoarise kontekst dêr't se net hearre. De yn 1847 berne Gerben Postma wurdt nou bihannele flak nei de 31 jier âldere Hjerre van der Veen en foàr de resp. 26 en 23 jier âldere Waling Dykstra en Tsjibbe van der Meulen. Postma lykwols joech pas yn 1891 syn earste aparte publikaesje, doe't van der Veen al fjouwer jier dea wie en de beide oaren al oer har hichtepunt hinne wiene. Postma syn skriuwerskip rikt oant lang nei 1900; hy is forstoarn yn 1925, doe't de Jongfryske prozaïst Marten Baersma al 7 jier wei wie en de Jongfriezen al tiden mei elkoar yn tsjokwaer leinen. Postma heart thús yn de generaesje fan Piter Jelles Troelstra; it to iere
| |
| |
plak dat Piebenga him jowt, lûkt it hele kultuerbyld fan om 1860 hinne skeef. In soartgelikens biswier haw ik tsjin de pleatsing fan Onno Hartnens Sytstra yn it haedstik ‘In nije ieu mei nije lûden’, d.w.s. skriuwers dy't opkomme om ende by it jier 1900. Sytstra heart èn neffens syn bertejier (1858, twa jier foàr Piter Jelles) èn neffens syn geastlike ynstelling net ta de nije lûden fan de nije ieu, mar hy hie bihannele wurde moatten neist syn freon Piter Jelles, mei hwa't er yn 1881 de blomlêzing ‘It nije Fryslân’ forsoarge. Unkrekt is ek it pleatsen fan de tonielskriuwers Canne en Schuitmaker yn it ramt fan de 19de ieu.
It seit himsels, dat lêzer en brûker alderearst binijd wêze sille nei hwat Piebenga to sizzen hat oer de nijere, binammen de neioarlochse literatuer. Doe't syn boek yn 1939 foar it earst forskynde, wie Piebenga syn eigen lichting noch mar amper oan it wurd (yn de 2de printinge: de ‘fiifentritigers’). Fan Tamminga en Kiestra bygelyks wie noch mar ien dichtbondel forskynd; fan Anne Jousma gjin inkelde; fan Wâtse Cuperus noch mar twa forhalen, fan Paulus Akkerman noch mar ien lytse roman. Sûnt dy tiid is der in soad bard. Net allinne hawwe ûnderskate âldere skriuwers pas neitiid har wichtichste wurk levere, mar ek kamen der fuort nei de oarloch jongeren oan it wurd dy't yn omfang en mannichte fan publikaesjes gâns âlderen yn koarte tiid foarbystribben. Ypk fan der Fear wie in alheel nije forskining. Ype Poortinga kaem mei de roman Elbrich, Liuwe Brolsma, Geart Jonkman, letter Jo Smit en Piter Terpstra ûntjoegen har as proazaskriuwers. Sjoerd Spanninga wie al foar de oarloch as dichter aktyf, mar kaem pas nei '45 oan aparte útjeften ta. Fan de jongere dichters debutearren yn of nei '45 Garmant Visser, Dam Jaarsma, Freark Dam, Marten Sikkema, Klaes Dykstra, Reimer van Tuinen, Marten Brouwer, Tsjits Peanstra, Jan Wybenga, Kees Jongsma. Guon fan dy't ik hjir neam meije it letter wer sitte litten hawwe, der is gjin twivel oan: de 12 jierren nei de bifrijing wiene fruchtber en ryk oan fariaesje, ek al soe men jin mear hichtepunten, in grutter élan en in sterker trochsneed tinke en winskje kind ha.
| |
| |
Hoe soe nou Piebenga, grif gjin útsprutsen modernist, earder in nochal tradisioneel ynsteld historikus mei moralistise ynslach, op dizze nije forskynsels en forskiningen réagearje? Earne yn syn boek forklearret er net sûnder irony, dat de literatuerskiednis neffens goed fatsoen 25 jier achter de feiten heart oan to rinnen. Dat jowt wol aerdich oan, hoe ûnwis sommige literatuerhistorisi tsjinoer har eigen dagen steane. De Tiid hat ommers syn wurking noch net dien, hat noch net foar ús oan it skiftsjen west. Hoe kin men dan definitive dingen sizze? It is in bigryplik en miskien ek forstânnich stanpunt. Mar it is de fraech oft it, binammen yn de Fryske situaesje, wol hâldber en krekt is. Fêst stiet dat mei sok in foarsichtichheit de studearjende brûker fan it boek gjin tsjinst biwiisd wurdt. Hwerom dan net leaver it risiko nommen fan in tò foarbarich oardiel, fan oer- of ûnderskatting?
(1969: Hjir hie noch oan tafoege wurde moatten, dat ek hwer't forantwurde evaluaesje fan in bisprutsen figuer mooglik tò riskant wêze soe, saeklike informaesje dochs wol deeglik syn rjochten hat).
Piebenga is foarsichtich, tò foarsichtich yn syn bioardieling fan de jongere skriuwers. Dat liket in gefolch to wêzen fan in biskate ûnwennichheit, in ûnformogen tsjinoer alles hwat net histoarys fêstleit. Withoefaek seit er fan in skriuwer, dat it ûnwis is oft en hoe't er him fierder ûntjaen sil, oft hy wol by dit of dat genre bliuwe sil, oft er net faeks in oare kant út gean sil of helendal swije. It giet lykwols yn de literatuer-skiednis net om hwat in skriuwer miskien dwaen of wurde kinne sil, mar om hwat er nòu, oant nòu ta, is. It giet om in karakteristyk fan syn wurk, net om syn takomst. Piebenga wol neat aventûrje, hy wol him net brânne, him net fêstlizze en de konsekwinsjes binne dizige algemienheden, fraechtekens en neatsizzende formulearringen. Op it terrein dat histoarje wurden is, is Piebenga in kundich liedsman, mar yn it lân fan de jongeren doalt er mar hwat ûnwennich en sykjend en taestend om.
It is him dan ek net slagge it forskil dúdlik to meitsjen tusken de dichters fan foar en dy fan nei 1935. Karakteristiken dy't dêr
| |
| |
alteast by helpe kinne soene, lykas impressionisme tsjinoer ekspressionisme, siket men yn syn wurk omdôch. De ynfloed fan de Hollânse dichters nei 1935 komt net út 'e ferve. En it is net allinne dat Piebenga him ûnwis fielt tsjinoer de jongeren, mar hy ûnderskat se ek noehal, ek as kollektyf. Sa ûntstiet in ûnevenredichheit yn 'e forhâldingen. De skriuwers dy't debutearre hawwe tusken 1900 en nou krije meielkoar 64 bledsiden, oer 57 jier. De debutanten fan 1945 en dêrnei, oer 12 jier dus, krije 4 1/2 bledside tametten. De troch nimmen mear lêzen dichter J.B. Schepers wurdt bihannele yn in aparte paragraef fan oardel bledside, om presiis to wêzen 71 rigels. Yn krekt likefolle rigels wurde de folgjende dichters mei-elkoar oudien: Spanninga, Visser, Sikkema, Klaes Dykstra, Tsjits Peanstra, Kees Jongsma, Dam, Marten Brouwer, Jan Wybenga, R. van Tuinen, Aldert Deelstra, Wybren Altena, Geart Jonkman, Jan Eisenga. Minstens trije of fjouwer fan dizze skrael bimettenen binne foar de Fryske literatuer fan folle grutter bitsjutting as de forgetten hear Schepers.
(1969: Yn it jier fan Piebenga syn publikaesje, 1957, hie fan boppeneamden al ien, neitiid hawwe noch twa fan harren de Gysbert-Japikspriis krige).
Noch in foarbyld. Marten Baersma, de oanfallige, mar naïve, swietromantise jong forstoarne skriuwer fan in mannich forhalen, kriget in aparte paragraef fan 59 rigels. Ypk fan der Fear mei û.o. twa grutte, nijsgjirrige histoarise romans, mei bliid wêze mei 11 rigeltsjes. Dêr is dochs wol alle reedlikheit tosiik.
In irritearjende eigenaerdichheit fan Piebenga is it rounjaen fan komplimintsjes en gemoedlike klopkes op it skouder. Abe Brouwer bygelyks mei sels útmeitsje oft hy de bêste tonielskriuwer fan de generaesje 1935 is of Mefrou Meester-de Vries, - soks lokket út ta ûnridderlikheit. De skriuwer Geart Jonkman kriget n.b. op rym! to hearren (bls. 262), dat er ‘mei al syn wylde flinken’ ‘literair net sunich by de pinken’ is, (bls. 275), dat it sa wis as de bank is dat er dichterlik talint hat, en jitris (bls. 277) dat er in ‘apart talint’ hat, ‘dêr't lykwols net fan to sizzen falt, oft en hoe't him dat ûntjaen sil’. Allegear moai en
| |
| |
goed. Mar net allinne dat de hear Jonkman sels hjir neat, mar dan ek neat oan hat, folle slimmer, dat ek de brûker fan it boek der gjin spoen wizer fan wurdt. Dy forwachtet, hoe koart en summier ek, in karakteristyk fan it wurk fan Jonkman, byneed dan allinne mar in objektive, saeklike opneaming fan inkelde thema's en motiven út dat wurk, sûnder wearde-oardiel, en dat siket er yn it boek fan Piebenga omdôch.
Unmachtich is Piebenga ek as it giet om de àlderjongste, foar in part eksperimentele generaesje. De moderniteit fan Marten Brouwer en Jan Wybenga, twa elkoar nochal hwat ûntrinnende figueren, wurdt flotwei biflapt yn de folgjende nuveraerdige sellofaenforpakking: ‘de osmose fan yntellekt en ynstinkt, de kultus fan de religy fan dizze aera: de sekse, it totale isolemint fan it yndividu, de fiksaesje fan it ego yn it biologysk minimum’. 31 wurden, as ik goed tel, en dêrfan 14 frjemde en de rest lidwurden en foarsetsels. En as sa'n karakteristyk dan noch krekt of jildich wie - mar it is neat as rammeljende en stammerjende ûnmacht. (1969: Immen, wie it Douwe Tamminga, sei my, dizze passaezje wie as ‘humor’ bidoeld; dat mei bêst wier wêze; oer de humor fan Jan Piebenga kom ik trouwens noch to praten; mar ik fyn, dat soks yn in hantboek foar literatuerskiednis dan net to pas komt; ik kin yn dit boek ek gjin humor fine yn de tekst oer Broer Okeles, Jan Melles van der Goat of Sjouke Hylkes Hylkema, en dêr soe dochs faeks net minder oanlieding ta wêze as by Marten Brouwer en Jan Wybenga).
Oer de dichtbondel ‘Jolm’ fan G.N. Visser hjit it: ‘It boekje koe in biwiis fan dichterlike eksploitaesje fan in forfaltiid hjitte’. Ik haw hjir lang op om stind, mar it wol my net dúdlik wurde, hwat dat is: ‘dichterlike eksploitaesje fan in forfaltiid’ en dan fan hokker forfaltiid. Miskien bidoelt de skriuwer ‘eksploraesje’ en tinkt er oan de forfaltiid fan de Fryske tael en de Fryske seden, mar dan noch sjoch ik it forbân mei G.N. Visser net. Wol Piebenga dan perfoarst net ynsjen, dat dizze fersen, mei har bitter aroma, har fykjende, wanhopige earlikheit, har suggestive (sels)irony en har oukear fan moai-skriuwerij hearre ta it bêste, it minslikste en oangripendste hwat de Fryske dicht- | |
| |
kunst tusken '45 en nou oplevere hat? En wol er dan mei alle geweld forjitte, dat dyselde Visser mei ‘Forlerne soan’, bibelskforantwurde of net, ien fan de meast klassike Fryske fersen fan alle tiden skreaun hat? Né, Piebenga hat de jongere dichters en skriuwers gjin rjocht en sadwaende de brûkers fan syn boek earnstich tokoart dien. It sil hurd nedich wêze dat immen oars de skiednis fan ús jongste letterkunde yn in aparte skôging jowt dér't hja, by alle lek en brek, rjocht op hat, kwalitatyf èn kwantitatyf.
Wy binne wol tankber foar dit boek, foar al it kostlike dat it jowt; foar de goede útfiering; de yllustraesjes, de útwreiding fan noch gjin 2 op in lytse 300 bledsiden; foar it register (fan de hân fan Freark Dam en G. Meerburg) net it minst. Mar toloarsteld hat it ús ek, om de miskenning dy't de jongste literatuer oandien is; binammen yn Fryslân, dêr't it tal gearfetsjende publikaesjes lyts bliuwe sil, kin dat net lije. En it sil ek noch heel hwat jierren duorje ear't in boek as dit oan in tredde printing takomt...
(R.O.N.O., 11 oktober 1957, forfryske en hjir en dêr hwat útwreide).
(1969. By al myn krityk haw ik miend dat Piebenga syn boek rjocht hie op in Gysbert-Japikspriis. Ik haw dat in kear tsjin him sein, en hy foun, twivelich glimkjend, fan ek. It is der net fan kommen; mooglik omdat dy kears E.B. Folkertsma de foargong hawwe moast? Ik fornim, dat myn dokumintaesje in swakke saek is; in nije printinge fan de ‘Encyclopedie van Friesland’ binne wy wol oan ta).
(Oan de winsk dy't ik útsprek oan 'e ein fan de op ien nei lêste alinea, is foldien troch it boekje fan Jo Smit, Tsjernenûmer: ‘De Fryske literatuer 1945 1967.’ It is fansels net helendal hwat men winskje soe. It is in frjemd tuskending tusken in katalogus (mar dan in slim ûnoersichtliken), in essay( mar dan ien mei to folle pakhúskarakter) en in kausery (mar dan ek wer hwat oan 'e swiertillende kant). Der stiet in soad yn dat de muoite wurdich is; snedich, skerpsinnich en nijsgjirrich. Mar it hat gjin foarm
| |
| |
fine kind; men kin der neat yn weromfine; it falt to folle yn herhellingen; it neamt to folle ûnbilangrike dingen; it is yn in soad dingen net kritys genôch; it is wolris hwat héél maklik en de jeuzelige kant neist, b.g. bls. 130-131: ‘Hwant ik herhelje, it is foar de literatuer, en dat grif foar de Fryske, fan bilang dat der in klimaet is dêr't de skriuwers yn skriuwe wolle en publisearje kinne’; dàt wisten wy noch net; oerstallich binne de anekdoaten oer Obe Postma en Rixt, hwant se hawwe neat mei it wurk fan dizze dichters to meitsjen, hearre yn in heel oar forbân thús. ‘Postma is hiel âld wurden. Alder as ea ien libbene (?AW) Europeeske dichter west hat. Dêrom (?AW) wie it in skok doe't er stoar. Dat hie net wêze moatten foar ús gejoel (aerdich understatement, mar net botte relevant; Waling Dykstra hat ek nimmen yn 'e wei libbe en Piter Salverda net en Gysbert Japiks ek net; it hie allegear net wêze moatten, AW) - dat hie ek net hoegd, nei myn gedachten. Hy libbe ommers gjin minske yn 'e wei, hy dichte mar en bistudearre de skiednis en hy die dat sa, dat der skraech anekdotes oer him geane’. De moaiste anekdote oer Postma hat Smit dan ek noch mist. Hy waerd my forteld as 't my net mist troch Tamminga, dy't him hie fan in man yn Snits dy't yn earder tiden in boek- en papierhanneltsje yn Makkum hie. Postma, noch studint, of learaer mei fakânsje thús yn Koarnwert op 'e pleats, komt it winkeltsje yn en seit: Mynhear Skeltema (si 'k mar sizze), hoefolle jilde de skoalskriften? Skeltema: Oardel sint it stik, mynhear Postma. Postma: Jow my dan mar ien, mynhear Skeltema.) (Smit syn forslach fan de Huldigingsgearkomste fan Postma by syn 85ste jierdei kloppet ek net helendal, bls. 136. Dy ‘brosjure’, dat wie wol aerdich (it boekje fan Fokke Sierksma), mar it skilderij wie gjin skilderij, mar in tekening (fan Dick Osinga) en it wurd wie dus yn Postma syn mûle folslein op syn plak.) (Hjirmei wol ik net de skyn wekke in bisprek fan Jo Smit syn ‘brosjuere’ jown to hawwen). (Dan soe der noch hwat oars loskomme). (Mar lang net allinne kwea).
|
|