| |
| |
| |
14
slet, boun en bolserter boargerij
Nu bin ick in smôrig sletke (G.J.)
Dy't in bytsje yn de Fryske kulturéle wrâld omnoasket kriget ier of let ek it ‘Boun fan Fryske Kunstners’ foar de fuotten, Hy sil it bygelyks oantref fe yn ús aller kultuernota ‘kultureel perspektyf’. Hy sil it binammen op it spoar komme as it syn simmerútsje makket nei Bartlehiem of nei Aldetrine, en as ienkear yn 't jier de Bolserter kultuerblomkes de doar út geane by de útrikking fan in G.J.- of in J.H.-priis. De leden fan dit Boun neame harsels nettsjinsteande gâns bliken fan it tsjinstelde, KUNSTNERS. En it Boun hat al jierren in steil wurd oer kultuer en binammen oer kulturéle manifestaesjes; is bern oan hûs by de Ljouwerter en Bolserter autoriteiten; draecht suver in soarte fan publykrochtlike status, hoewel't it as Boun nea hwat oars prestearre hat as tarre op 'e individuële prestaesjes fan 5 of 6 fan syn leden; by einsluten is it Boun yn it bisit fan in houten flier yn it Kunstsintrum Prinsetún dêr't Alleman oer hinnewâddet sûnder earbied en dêr't ûnderskate leden en âldleden fan it Boun in finansiëel oandiel yn hawwe, dat útlotsje sil yn of nei it jier 2087, as flier, Prinsetún en Fr. Kultuer al lang nei de barrebysjes binne.
Oan dit Boun nou haw ik oant foar koart in diel jierren lang in part, gelokkich in lyts part, fan myn geastlike hope en forwachtinge forgriemd. Ik miende nammentlik, dat dit Boun, by alle apert lek en brek (laksens, ûnwittendheit, organisasioneel ûnformogen, finânsiële boaijemleasheit) dochs noch wol goede bidoelingen hie. Bygelyks de kultuer en sok spul tsjinje. Ik miende dat it Boun, nei al dy fiasko's fan minne en strieminne toaniel- en kabaretprogramma's mei eigen krêften, dêr't B-dei syn minne reputaesje oan tanket, ek wolris hwatte goeds hawwe wolle soe, dat boppedat - foar it earst yn 'e skiednis! - op
| |
| |
tiid klear wie. Dêrom wie it, dat ik it BB myn oersetting oanbea fan Sartre syn stik ‘La putain respectueuse’; in stik mei in foar elkenien heldere en oansprekkende problematyk, boppedat goed toniel. Ik koe dat dwaen mei de meidieling, dat der in stel spilers (birops en semibirops) wie dat dit stik stomme graech spylje woe, om der, as soks der ynsiet, in lyts toernéke fan 3, 4 foarstellingen fan to meitsjen.
It bigoun der al mei, dat fan it BB de trije tonielspesialisten (spylders, regisseurs, skriuwers, dy't ik nou mar oantsjutte sil mei harren dramatyske masterstikken: ‘Sibbesykte’, ‘As it Bloed sprekt’ en ‘De Miggeherberch’) it stik fan Sartre net koene, noch yn it Hollânsk noch yn it Frânsk, noch yn it Frysk, noch fan de film noch fan de t.v. noch fan bisprek yn blêd of tydskrift. Hja moasten lykwols it stik earst lêze. Men koe nea witte, n'twier?: it koe bêst in min stik wêze, en dan foar sa'n Bolsert-feest! KOE IK EK..., ensafh. Nou, ik wegere om de ûndeskundichheit fan deskundigen sá bleat yn it ljocht to setten, en it skynt dat hja it dochs sûnder myn help liene en lêze kind hawwe.
Mar ûnderwiles barde der hwat oars. De Stifting It Fryske Boek - àl sa'n rojael selskip: doe't ik in jiermannich forlyn op harren forsiik foar 0 sinten in lêzing hâldde op B-dei, moast ik myn eigen brochjes en tagongskaert bitelje - miende al wer in 25-jierrich jubiléum foar de boech to hawwen en frege it BB om in kabaretprogramma to leverjen. Hwat soe men nou forwachtsje? Ei nou, ìk-ûnnoazele forwachte, it BB soe antwurdzje: ‘Brief ûntfongen, mar hawwe al in oare oanbieding, stop, fan eat dat AL KLEAR is, stop, wol dàt earst yn bitinken nimme, stop, kin dat net dan wolle wy mooglikheit kabaret bisjen, stop, DAT NOCH MAKKE WURDE MOAT.’ Dàt hie ik forwachte. Mar yn pleats dêrfan skille it BB yn 7 hasten allerhande 1/2- en 3/4-kunstners bylâns om harren hastige tasizzing foar in kabaretnûmerke; oer Sartre fansels net pratend. Ik nim oan, dat ûnderskate fan dy lju, wittend dat it noch lang gjin oktober wie en: komt dei, komt rie, tasein hawwe. Hwant jasizze, sloere litte en op it lêste momint heal wurk meitsje, hat
| |
| |
altyd tige de bikoaring fan dit Boun en syn representanten west.
It BB skille my ek op (hoewol witte kinnend, dat ik my noait de alluere fan in kabaretkunstner oaneigene haw) en ik wegere fansels, forwizend nei myn oanbieding. Hwat die bliken? 1. De saek moast binammen TAKTYSK SPILE WURDE, dan kaem it wol klear. 2. It BB wie net sa foàr Sartre, hwantdatwie net sa geskikt foar it publyk fan Bolsert. Jo sieten dêr yn 'e Doele nou ienkear altyd tangele mei dy (blykber kultuerleaze) Bolserter Boargerij. Ik antwurde dat 1) ik yn 'e Doele noait n't folle oare lju sjoen hie as dy fan boun, selskip, rie en akademy, d.w.s. de ‘intelligentsia’ fan de Fryske Biweging; 2) de Bolserter Boargerij my, yn har al of net appresiëarje kinnen fan goede kunst, sljocht lei en foar my allinne de artistike die bitsjutting hie; 3) yn eardere tiden mei de opnimmingskapasiteiten fan de B.B., al of net oanwêzich, ek net de measte rekken hâlden wie. En dêrby tocht ik sa oan dat frjemde tonielstik fan Jo Smit, dêr't sels ynwijden en meispilers neat fan bigriepen; oan Tamminga syn foar Bolserter Boargers grif net botte heldere H.K. Schippers-parody; oan Feike Boschma syn marionettespul oer Blaise Cendrars, dêr't in 85 pst. fan myn mei-kunstners neat fan bigriepen, om't hja nea fan Bl. C. heard hiene ...
23 febr. (1962) gearkomste fan it BB, dêr't ik sels doe ek noch 1/2 en 1/2 by hearde, al kaem ik net faek mear sûnt myn ûnderfining dat de byldzjende kunstners datselde BB allinne mar brûke om subsydzjes en opdrachten yn 'e wacht to slepen en elkoar flieën ôf to fangen.
De hearen wiene wapene. De man fan ‘Sibbesykte’ liet al demonstratyf syn earste bydrage foar it ‘kabaret’ roungean (it kabaret, dêr't n.b. noch net ienris ta bisletten wie!), in âldfrinzige tekst oer earder-en-nou, to sjongen op 'e wize ‘Us Harke mei syn kleare kop’ of yn dy trant. De man dy't it Bloed sa lûd sprekke litten hat, hie al heard hokker selskip dat Sartre-stik ûnder hwaens regy spylje soe en liet dêrby dúdlik útkomme, it wiene syn freonen net, mar syn konkurrinten. De foarsitter draefde wer op mei syn gejeuzel oer de teargefoelige BOLSERTER BOARGERIJ en soe it stik leaver spylje litte
| |
| |
wolle foar in ‘selekt publyk’ yn de Prinsetún. Op myn fraech hwa't dêrfan de kosten bitelje soe (reis, repetysjes, dekors, oankundigingen ensafh.) kaem de Bloedsprekker jitris grânzgjend fanwegen: ‘Wy diene yn earder tiden alles op B-dei foar neat, mar dy lju fan nou loere op it subsydzje fan f 1000,-’. En nou makke it fierder petear dúdlik, h wat wy allegear wol wisten, de Bloedman ek: dat fan dy f 1000,- mar in skeamel bytsje foar dekking fan de opfieringskosten oerbliuwe soe, - mar Biropsniid en Bloed hiene sprutsen en har wurking dien. It einbislút wie dan dat it BB de ST FR BOEK tasizzing foar in kabaret dwaen sil, mar dat der (útstel fan de Miggeherberch) yn twadde ynstânsje ek noch wiisd wurde sil op dy oare mooglikheit. Dat ‘dy oare mooglikheit’ mei glâns en graesje sa gau mooglik ûnder de tafel arbeide wurde soe wie my út de noartlige gesichten fan de hearen al dúdlik. Dat wie dus 23 febrewaris.
Op 9 maert hawwe inkelde BB-ers mei dy fan de ST FR BOEK in bisprek hawn. Oant de dei fan hjoed (22 july) ta hat nimmen de muoite of de tiid nommen om my de útslach fan dat petear mei to dielen. Ik nim dus oan, dat der aenst wèr in min of net alhiel min of striemin kabaret ‘It Bluisterige Boeke-Bokje’ komme sil, op 'e lêste ûre yn elkoar timmere ûnder in ûnkompetinte of alhiel gjin regisseur en de wenstige 10000 ûntskuldigingen fan ‘net op tiid klear wêze kinnen’ ensafh. ALLES TA EARE FAN DE BOLSERTER BOARGERIJ dy't ek nou net komme sil.
En ik haw wer ris de oertsjûging opdien, dat de Kunst it yn Fryslân net fan de Kunstners hawwe moat. Ik haw dan ek, nei wiken op útslútsel wachte to hawwen, nei jitris op 30 maert omdôch in fatsoenlik brief skreaun to hawwen oan it BB, yn april (ûnfatsoenlikerwize) dit to witten dien: ‘Wol my skrasse as lid fan jimme Boun. Jim kinne om my mei elkoar yn 'e stront waeije’. Ik nim oan, dat hja dat adfys opfolge ha, hwant ik haw sûnt dy tiid fan en oer net ien fan harren mear fornommen. Mar dat kin tafal wêze. It is ek mooglik dat hja harren misledige fiele troch myn ‘bûthústael’. Nou, dêr kin 'k ynkomme en ik
| |
| |
lûk, 3 moanne nei dato, myn smoarge wurden mei in skuldich en démoedich herte yn. De rest fan myn folsin bliuwt stean ‘az in Pealle’, rjocht en sljocht as dy Boargers fan Bolsert.
NEISKRIFT: Bigryp my goed, it gyng my net om ‘myn eigen saek’. Foar my siet der gjin jild en gjin eare yn, allinne in hûdfol regisseurswurk en in protte tiid. Ik hie der dan ek noch frede mei hawn, as de saek yn ‘heger’ ynstânsje fêstroun wie, b.g. by it komité-Bolsert, dat úteinlik bislúte moast. Mar hwat my razend makke is: 1. it feit dat spilers dy't harsels yn bilangeleas enthousiasme foar sa'n stik oanbiede, dizze kâns net hawwe mochten û.o. omdat in konkurrint yn it BB in poarsje macht en in greate bek hat. 2. dat in NOCH LANG NET KLEAR en dus frijhwat illusoir (mar moai wis konformistysk) KABARET prioriteit hawwe moast boppe in AL KLEAR (mar miskien net alhiel konformistysk) toanielstik. 3. dat falske arguminten as dat fan de Bolserter Boargerij dêrta tsjinje moasten.
It sletke fan Sartre hat, yn it skaed fan Sjolle-Tetke, gjin earlike kâns hawn.
(List fan ôfkoartingen: BB = Bounsbistjûr; B-dei = Bolsertdei; G.J. = Gysbert Japiks; J.H. = Joast Halbertsma; ST FR BOEK = Stifting It Fryske Boek; B.B. (soms) = Bolserter Boargerij). (De Teannewâdder, 2de jg. nr. 2, justjes bikoarte).
NEISKRIFT II (1969): Myn tsjoede forwachtingen oangeande dat kabaretprogramma binne útkommen. H(arm) S(cheffer) skriuwt yn ‘De Stiennen Man’ fan 2-11-'62: ‘... omt ik - en ik bin der wis fan, dat ik net allinnich bin - my grien en blau ergere ha oan de prestaesje fan de kabaretploech, dy't de Fryske Boekejoun to Boalsert ta in great barren meitsje moast. / Foarst doar ik to stellen, dat Fryske dei- en wykblêdden ús hwat wysmakke ha. / Dit is biwuste mislieding! Hwant it wie net bêst, it wie sels net midsmjittich. It wie planút sein pûrmin. In blamaezje en in bilediging foar it publyk. / Us rju achte kunstners slagge har publyk wol tige leech oan. / Fierders miene ús rju achte kunstners blykber, dat se mei in kear as fiif rippetearjen
| |
| |
har kunsten wol fortoane kinne. As men jins tekst dan noch net ken en de souffleur boppe alles út razen hearre kin, dat moat men mar nimme. / De foarsitter fan it kunstnersboun seit it by de iepening fan de feestjoun en leit dêrby de krityk it swijen op, mei to sizzen, dat de krityk wol wer min wêze sil, mar dat de teksten; bêst binne. Hoe't hy der nei safolle mislearringen noch altyd wer ynfljocht is my in riedsel’.
NEISKRIFT III (1969) De bistjûrsleden, binammen Folkertsma, hawwe altyd folhâlden dat se wol foar Sartre west hiene, mar dat de Stifting òf it komité Bolsert (of beide) de saek torpedearre hat. Dat mei formeel hjir of dêr sa west hawwe, ik stel dêrfoaroer:
1. dat by it BB fan it bigjin ou in bidroefden lyts bytsje enthousiasme foar myn projekt west hat;
2. dat it fiersto lau en to binaud manoeuvrearre hat en yn kommunikaesje mei my tokoartsketten is;
3. dat it bang west hat, doe yn 1962, ien jier foar ‘De Smearlappen’ - soms tink ik dat yn 1963 yn Fryslân in nije tiidrekkening bigoun is; sokssahwat as Columbus ûntdekt Amearika - foar swierrichheden op it punt fan it seksuéle taboe. In hoer libbensliif op it toniel, hwa hie dêr oait fan heard? Dat wie goed foar de Hollânse tévé en de Ljouwerter Harmonie, mar net foar ‘ús Fryske folk’;
4. dat it BB hjiryn tokoartsketten is, dat it de saek net gewoanwei op 'e spits dreaun hat en tsjin Stifting en komité sein: Sartre of niks; it doarst net to provosearjen;
5. dat it resultaet my yn 't gelyk steld hat; in min kabaret en in opfiering fan de slet troch oare ynstânsjes dêr't gjin skym fan swierrichheden mei anneks west hat;
6. dat net ien fan de bistjûrsleden my achterou dat gelyk gund hat. Yn Fryslân wurdt noait ûngelyk bikend.
NEISKRIFT IV (1969). Ik bin letter wer lid en sels bistjûrslid fan it K.B. wurden; ik bin lang sa wrokkerich net as guon lju miene. Net lang dêrnei is it Boun oer de kop gien; der wie gjin
| |
| |
rêddensein oan; it wie in ‘forâldere struktuer’. Ik ha al hope dat it yn in nije, losser en iepener, frijer foarm wer forrize soe, en ha dêr myn bêst foar dien. Dat is net slagge: improvisearjen en dingen-sûnder-doel-dwaen leit ús Friezen net. Jo Smit en dy mannen woene mei alle geweit wer in BOUN hawwe. Dat hawwe se nou dan. In SKRIUWERSBOUN. Sûnder de skilders, mar elkenien kin lid wurde, skriuwer of skilder of net. Se hawwe myn seine, mar ik tink dat ek dit Boun de wei fan alle Fryske Bounen opgean sil.
|
|