Schurer dêr en dêr, doe en doe bidreaun, fynt net hwat er siket. De dichter seit it lêste wurd, mar it alderlêste hâldt er foar himsels. It is, tinkt my, mear in sûndebisef yn it abstrakte. Nou is der sûndegefoel yn soarten. Hwa't de gedichten fan Revius ken, wit dat der in sûndebiwitten is, dat as lead op 'e siele weacht en yn swiere, brokkelige ritmen syn poetise foarm fynt. By Schurer lykwols ûntlaedt it sûndegefoel him faek yn in fers as in fearke sa licht, in fers fan moderne, spitse, boartlike signatuer, by foarkar yn in trijeliddige mjitte, en net yn de swiertrêdzjende jambe.
It forbân mei de Bibelse sûndefal is der wol deeglik. It earste gedicht út dizze bondel hjit heel karakteristyk Adam, mar it is in Adam dy't yn it swit fan syn antlit wurket op 'e trekker. Schurer sjongt om sa to sizzen de sûnde los fan har Bibelske oarsprong, sûnder lykwols dy oarsprong to forleagenjen.
Oan dat sûndebisef nau forboun is de problematyk fan it dichterskip. Schurer hat gauris protest oantekene tsjin de problennatyk as faktor yn it dichterskip. Mar dan moat der earne in misbigryp sitte oangeande dat wurd problematyk. Yndied, de dichter dichtet net om problemen op to lossen. Miskien net iens om in probleem to stellen of op to jaen. Hy dichtet omdat it libben in problematise saek is, op losse skroeven stiet, earne in bytsje skeef giet. De dichter hat ienris de tolk fan de ûnfeilbere wissichheit west, de genêzer en hieler, de medisynman mei de magise formules. Hy is lykwols linkendewei yn in út 'e primitiviteit loswikkele minskemienskip de tolk fan de ûnwisheit wurden, de profeet fan it minsklik fiasko, de man dy't boartet mei it minsklik tokoart.
Dizze hele ûntjowing, dy't ieuwen bislacht, fynt men yn it dichtwurk fan Schurer yn forkoarte foarm gearlutsen. Hy is de profeet dy't syn profetemantel kennen leard hat as it kamoeflaezjepak fan minsklike idelheit. Dat is yn 't koart de problematyk dy't op 'e foargroun stiet yn party fan dizze gedichten, de kwatrinen, ûnder oaren. De kwatrynfoarm is keazen út wjeraksel tsjin retoryk en wurdepronk: